Akkrum is yn de betide Midsieuwen as terpdoarp ûntstien. Omdat it geunstich lei oan de súdlike wâl fan de âlde, meänderjende wetterloop de Boarn koe it doarp him foarspoedich ûntwikkelje.
Doe ‘t der yn de 19e ieu goede wegen- en spoarferbinings kamen, koe Akkrum de haadplakfunksje fan de gemeente Utingeradiel oernimme fan it minder geunstich lizzende Aldeboarn. De Oeriselskestrjitwei kaam as rykswei yn 1827-1828 klear en yn 1868 waard it spoar oanlein. It wie al earder in passaazjeplak foar it ferkear: “Akkrum is een vermaaklyk Dorp, dewyl alles, wat te paarde of met rydtuig van Leeuwarden naar ‘t Heerenveen en verder wil, hier door zynen weg moet neemen”, waard oan it ein fan de 18e ieu skreaun. Wilens hie it doarp him fan de terphichte ôf by it wetter en de Slachtedyk lâns ûntjûn as streekdoarp. It streekdoarp bûcht him mei de wetterloop fan de Boarn ta in elegante haadstruktuer. Fan west nei east litte de Ljouwerterdyk, it Heechein, de Buorren, de Kanadeeskestrjitte en fierderop de Boarnsterdyk ek in oangename ôfwikseling sjen fan sletten bebouwing en iepen romten. Yn de 19e ieu rekke de streek oan beide kanten alhiel beboud. Om 1900 hinne wie Akkrum yn it easten fêstgroeid oan it buordoarpke Nes. De earste doarpsútwreidings yn de 20e ieu fûnen dêr plak. Bgl. sa as it folksbuertsje mei tún-stedsk karakter fan De Túntsjes en De Stripe út 1919.
Nei de oarloch krige it wenwykje yn it súdeasten, efter it stasjon, stâl en doe waard begûn mei de wenningbou yn de súdlike strook. De yn 1949 yn tradisjonalistyske Delftse Schooltrant ûntwikkele Sinnebuorren krige de karakteristyk fan de optimistyske weropbou. Dêrnei binne yn de sechstiger jierren efter de Boarnsterdyk tusken Akkrum en it âlde Nes wenstrjitten oanlein. Dit diel fan it doarp is troch Rijksweg N32, letter ferdûbele ta autosneldyk A32, min ofte mear fan Akkrum ôfsnien. Fan it begjin fan de santiger jierren ôf hat de wyk noardlik fan de Boarn him ûntjûn en oan it ein fan de 20e ieu is de omfangrike wetterwyk Boarnstee noardlik fan Akkrum yn it lânskip oanlein. De herfoarme tsjerke stiet yn ‘e midden fan it doarp op in earder rom en heech lizzend hôf. De ynbannige sealtsjerke is yn 1759 boud ta ferfanging fan it midsieuske godshûs. De toer, ferdield yn trije fjilden en in ynsnuorre spits is yn 1882 oplutsen. De tsjerke hat meubilêr út de 17e en 18e ieu en yn fjouwer grutte rûnbôgefinsters sitte brânskildere finsters mei wapens út 1760-1762, dy ‘t yn 1940 rekonstruearre binne. Hjir skean tsjinoer stiet de meniste tsjerke, wol wat bûten de roailine, mar dat wurdt kompensearre mei in opfallend neoklassisistysk front mei in doryske yngongspartij en in sjarmante koepeltoer. It is ien fan de earste tsjerken yn dizze styl yn Fryslân en boud troch oannimmer Jacob Romein, dy ‘t frij wis syn soan Thomas Romein it ûntwerp meitsje liet.
Westlik fan de herfoarme tsjerke stiet efter in romme tún it tehûs foar frijgeselle dames en widdowen “Welgelegen”. S. Hoekstra makke yn 1924 it ûntwerp yn ekspresjonistyske styl wêrby ‘t foaral de middenpartij tusken de wat knierjende fleugels mei de rizige kape opfalt. It tehûs stiet op it terrein dêr ‘t fanâlds in bûten mei in besûndere tún stie. It prachtige achtkantige túnhûs mei koepeldak út de 18e ieu oan it Heechein is dêrfan bewarre bleaun. In besûndere tún is no te finen oan de Ljouwerterdyk; it is in lânskiplike tún fan Gabe Westra om it yn 1901 troch gemeente-arsjitekt F.H. Hoekstra yn in tige dekorative styl ûntwurpen Coopersburg hinne. Coopersburg is in tehûs fan 22 keamerswenningen, dy ‘t stik foar stik in tutegeveltsje krigen. De wenninkjes wienen bedoeld foar de minder fermogende Akkrumer âlderein. De út dit doarp ôfkomstige Folkert Kuipers (Cooper) stichte it tehûs nei ‘t hy yn Amearika in fortún makke hie. Kuipers hat foar himsels en syn frou in mausoleum oprjochtsje litten, yn 1906 útfierd nei in ûntwerp fan J.H. Schröder yn de Sezession-fariant fan de Jugendstil. Njonken de yngongspartij stean pleuranten en dêrboppe de portretmedaillons fan Cooper en syn frou.