Noardwâlde is in grut streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat him al gau nei it graven fan de Noardwâlder Feart (oarspronklik Noordwolder Sloot) yn 1642 ûntwikkele ta in krúsdoarp. Dat byld jout de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1715 te sjen. De oarspronklike bebouwingsstreek set him nei it krúspunt fan dyk en feart noch fierder nei it easten ta troch, mar hjir, yn tsjinstelling ta oare streekdoarpen op dizze ûntginningsas, oan de súdkant fan de dyk. Noardwestlik fan de krúskearn leit noch de Molenbuurt.
Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt meld: “een groot Dorp .... Weleer was dit Dorp, wegens de sterke turfgraavery, zeer in bloei, waarom ‘er van jaar tot jaar nieuwe huizen werden aan gebouwd; doch thans begint het veen sterk te verminderen, en dus de bloei van ‘t Dorp af te neemen. Om de turf van hier te vervoeren, heeft men, voor deezen, met groote kosten, door hoog land, hier eene Vaart of Schipsloot gegraaven, die de Noordwolder Sloot genaamd wordt, en, met meer dan een Verlaat voorzien, in ‘t Zuiden van Nyeholtpade uitkomt in de Linde, die daar vaarbaar is, en ook gehouden wordt, door middel van een Verlaat, op de hoogte van Oldeholtpade. De kerk deezes Dorps heeft geenen toren, en staat aan den algemeenen rydweg, in ‘t geboomte. Wat Westlyker heeft men eene fraaie buurt op den wal van gemelde Sloot, over welke eene Valbrug ligt en waarby ook een Veenheerenhuis gebouwd is. Een weinig Noordelyker heeft men eenige huizen in een vermaaklyk bosschagie, insgelyks door de Eigenaars der Veenen gebouwd. Wat Westlyker ligt de Molenbuuren, en vry verre ten Noordoosten op de Heide de buurt Zandhuizen. Dit Dorp heeft een’ Korenmolen staande bewesten de voornaamste buurt ten Zuiden van den rydweg.”
Troch de bloei, te tankjen oan de turfwinning, groeide de delsetting út ta in grut doarp dat as fanselssprekkend it haadplak fan de gritenij waard. Mar it tij kearde en de kaart út de atlas fan Eekhoff lit sjen dat oan de sleat, yn de doarpskearn mei de namme Koloanjefeart, de bebouwing tichter wurden wie mar dat der foar it oare amper ûntwikkelingen wienen.
Om redenen fan filantropy waarden yn it lêst fan de 19e ieu troch dokter Mulder en dominee Reitsma inisjativen nommen om de wurkleaze fean- en lânarbeiders thús oan it wurk te krijen. Noardwâlde ûntwikkele him ek hjirtroch ta in doarp fan reidflechters, kuormakkers en stuollemakkers. Letter waard der oerskeakele op de rotanferwurking, foaral foar meubels. Yn it earmhûs kaam in oplieding om it fakmanskip te ferbetterjen en doe’t Harm Ellens yn 1908 de direksje fiere mocht, rêste hy net foar‘t der in echte skoalle stie. Dizze skoalle koe yn 1912 iepene wurde. Op de Ryks-reidflechtersskoalle waard foaral oandacht jûn oan de ambachtskeunst fan de produkten.
Yn it earstoan moasten de nei alle dielen fan it lân ferkochte stuollen en oare produkten nei de spoarhalte fan Pepergea/De Blesse brocht wurde. Mar fan 1914 ôf koenen dy mei de tram fan Noardwâlde nei Stienwyk ferfierd wurde. Troch de konkurrinsje fan Asiatyske produsinten moast dizze bedriuwstakke ynkrimpe. De skoalle is nei de oarloch sletten, mar noch altyd wurde dizze produkten yn Noardwâlde makke.
Noardwâlde is in warber plak bleaun. De reidflechtersskoalle is yn 2000 ta museum ynrjochte en mei in nij stedsk plein útwreide ta in multyfunksjoneel sintrum mei skoalle, bibleteek, in teaterseal en folle mear funksjes. Ynpakt yn opmerklike arsjitektuer mei in knypeach nei it tichtby steande eardere tramstasjon út 1913.
De tsjerke stiet fan âlds yn it easten wat bûten de kom en is in sealtsjerke út 1640 mei in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer út 1874.
Nôtmole Windlust, in achtkante houten stellingmole op in ûnderbou fan bakstien is yn 1860 as grûnsiler boud en yn 1880 ta stellingmole ferboud. De mole hat tsjintwurdich in museumfunksje. Noardwâlde is nei de lêste oarloch sterk útwreide. Dat is foaral oan de súdkant bard mei as resint resultaat it parkeftige gebiet De Stelling.