It bêst bewarre geheim fan Fryslân leit wierskynlik westlik fan Wolvegea: in skitterjend gebiet dat by it grutte publyk amper bekend is en mei dêrtroch syn autentike karakter beholden hat. Grutte, wide feanpolders, sleatten, fearten, rivierkes, petgatten, sompen, âlde diken, slûzen, gemalen, mûnen: leafhawwers fan rêst, natuer en kultuerhistoarje kinne hjir harren hert ophelje. Hâlde jo fan kuierjen? Of mear fan fytsen? Farre? Hynsteride? Kanofarre? Skeelerje? It kin hjir allegear!

De Grutte Feanpolder, sa stiet it gebiet súdwestlik fan de Helomafeart bekend. Oan de oare kant fan dy feart bestiet it lânskip út in tal lytsere feanpolders, dêr`t de nammen fan yn de measte gefallen net tsjûgje fan in soad fantasije: ’Polder De Ontginning’, ’Hoekstra’s Polder’, ’Polder Oldelamer’

Yn de niisneamde polder leit, tsjin De Tsjonger oan, natuergebiet ’Het Braandemeer’, dat bestiet út in marke, stikken greidlân, sompe, petgatten en reidlannen. Klik hjir foar in wiidweidige en orizjinele beskriuwing fan dat gebiet (mei prachtige foto’s derby). In bytsje nei it suden leit noch sa`n skitterjend natuergebiet: de Rottige Meenthe. Dat gebiet beslacht de eastlike helte fan de Grutte Feanpolder dy’t, oars as it westlike part, nei it ôfgraven fan it fean net droechmeald en yn kultuer brocht is. Dat hat dêr ek in ferskaat fan petgatten, reidlannen en sompen en in tige bysûndere floara en fauna opsmiten. It gebiet kin rinnend, mei de fyts of mei de kano ferkend wurde. Wolle jo in saakkundige taljochting, dan kinne we jo de geregeld fan Steatsboskbehear organisearre ekskurzjes oanrikkemandearje.

Keunst en kultuer spilet in wichtige rol yn de ’Rottige Meenthe’. It gebiet is ûnder oaren it dekôr foar twa opera’s, dy`t alle jierren organisearre wurde: dy fan Nijetrine en dy fan Spangea. Mear ynformaasje fine jo hjir. Yn it lêste doarp is ek it (op ôfspraak te besytsjen) atelier mei galery te finen fan keramiste en plateelskilderes Alie Jager en ambachtskeunstatelier Zink en Zilver.

De Grutte Feanpolder is ek yn kultuerhistoarysk opsicht in tige nijsgjirrich gebiet. Ieuwen foar de feanûntginning waard hjir (troch muontsen?) De Skene (Stellingwerfsk: De Scheene) al groeven, dy`t it gebiet tusken de ûnderrin fan De Tsjonger (Stellingw.: De Kuunder) en De Linde (Stellingw.: De Lende) yn twaen spliste. Letter waard dy grinssleat ferbrede foar de turffeart. Tsjintwurdich is De Skene in idyllysk, sa te sjen natuerlik lânskipselemint. Wêr’t de Skene útkomt yn de Helomafeart leit de ’Scheenesluis’. Dêr deun by steane twa fan de protte wettermûnen dy`t it gebiet fan de Grutte Feanpolder droechmealden.

De al earder neamde Helomafeart ferbynt De Tsjonger en De Linde meiïelkoar en waard yn 1748 oanlein om de turf mei it skip offiere te kinnen. De feart is neamd nei de famylje Van Heloma, dy`t yn 1704 yn besit kaam fan de ’Weststellingwerfsche geoctrooieerde Veencompagnie’. Op it plak dêr`t de feart yn De Linde útkaam, waard yn 1927 de ’Driewegsluis’ boud. Dy yn Nederlân unike slûs wie nedich om de wettersteatkundige needsaak: om yn de Helomafeart, de bopperin fan de Linde én de ûnderrin trije ferskillende wetterstannen te realisearjen. It kompleks is yn 1994 yn âlde steat restaurearre.

De Linde en De Tsjonger komme byelkoar by Slikenboarch. De oarsprong fan dit doarp as ferdigeningsskâns tsjin de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch is neat mear fan te sjen. It is wol sa dat de âlde diken hjir oan de tiid tinken dogge dat it doarp noch oan de kust fan de Sudersee lei. By it doarp rint de N351 del dy`t neamd is nei Peter Stuyvesant, de direkteur-generaal fan de eardere Nederlânske koloanje ’Nieuw-Nederland’, dêr`t Nieuw-Amsterdam (it tsjintwurdige New York) de haadstêd fan wie. By Skerpenseel, it doarp dêr`t er opgroeide, stiet oan de N351 in monumint ta eare fan dizze wichtige histoaryske figuer. In stânbyld fan him stiet oan de Tsjerk Hiddeswei yn Wolvegea. Dat doarp is in besite wurdich: ûnder oare om Museum Het Kiekhuus en de Oudheidkamer dy`t yn de mûne ’Windlust’ sit. Noch mear ynformaasje oer de lokale skiednis kinne jo krije mei it Historisch Informatie Punt dat yn de ’Openbare Bibliotheek’ sit. En as jo dêr dan dochs binne, sjoch dan ek ris efkes yn de Kijkzaal, dêr`t wikseljende keunstútstallings holden wurde.

Faak wurdt sein dat Fryslân eins ophâldt by de rivier De Tsjonger: besuden dêrfan lizze de Stellingwerven, in streek mei in hiel eigen karakter en kultuer. Dêr prate se gjin Frysk, mar ’Stellingwarfs’, in Nedersaksysk dialekt dat yn de oanbuorjende parten fan Oerisel en Drinte ek praat wurdt. Alles oer de skiednis fan dizze bysûndere streek fine jo op de webside www.stellingwerven.dds.nl.

De Tsjonger (’De Kuunder’ yn it Stellingwerfsk) en De Linde (Stellingwerfsk: ’De Lende’) binne twa rivierkes dy`t bydrage oan de ôfwettering fan it Drintsk Plato. Krekt tusken dy beide rivierkes yn, dêr`t it lân heger en dus droeger wie, is in tal doarpen ûntstien. De by de doarpen hearrende lannen (de ’doarpsgebieten’) rinne yn noardlike en súdlike rjochting oant de niisneamde rivierkes ta. Beide rivierkes foarmen yn de Tachtichjierrige Oarloch tegearre de Linde-Tsjongerlynje, dy`t in part wie fan de Fryske Wetterlynje dy`t dwers troch Súdeast Fryslân rint. Súdeastlik fan Aldeberkeap, by it ’Stuttebosch’, lei de Bekhofskâns, dêr`t de kontoeren fan sûnt 2007 wer besjoen wurde kinne.

Aldeberkeap, yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu haadplak fan Weststellingwerf, is net allinne letterlik it middelpunt fan dy streek: it moaie doarp, dat in beskate grandeur útstrielet, is ek it toeristysk sintrum. It leit midden yn it 340 hektare grutte natuergebiet Tsjongervallei fan Steatsboskbehear. It Fryske Gea hat yn de omkriten fan Aldeberkeap ek in tal natuergebieten: Meulebos, de Delleboersterheide, de Diakonievene en de Bekhofschaans. Fan it doarp út binne kuierrûten útset nei de ferskillende natuergebieten. By it VVV-folderstipepunt binne dêrneist beskriuwings te krijen fan in kuierrûte troch it doarp en in tal fytsrûten yn de fierdere omkriten.

It tige aktive doarp hat in grut tal eveneminten. Om der in pear te neamen: de "voorjaarsfair", ein juny in ’kuierwykein’, fjouwer wike lang yn de simmer in "Kunst- en Kijkroute" en op de lêste woansdei fan july in jiermerk. Fierder is der yn it doarp in ynternasjonale skoalle foar tekstyltechnyk, keunst en foarmjouwing (mei in galery; sjoch www.hawar.nl), in galery dy`t him spesjalisearre hat yn ’hûne- en hynstekeunst’ (Nimrod), in skaakmuseum, in hertekamp, in tsiisbuorkerij en in ’1000-bistebuorkerij’.

It lânskip tusken De Linde en De Tsjonger is in typysk beamwâlelânskip dat karakteristyk is foar it grutste part fan de Stellingwerven: lange perselen greide en bou mei beamwâlen deromhinne, ôfwiksele troch heide, wetter en bosk. In prachtich dekor om yn te kuierjen, te fytsen of te hynsteriden. Mar fan it wetter ôf kin it gebiet ek ferkend wurde. De Tsjonger, part fan de Turfrûte, is te befarren foar motorboaten en is oer in opfeart ferbûn mei Aldeberkeap, dêr`t in passantehaven is. De Linde is gaadlik om te kanofarren. In kano kinne jo bygelyks hiere op de kamping fan Aldeholtpea, dy`t de ’Vereniging Plaatselijk Belang’ yn eigendom hat. Troch dy ferieniging binne trije kuiertochten útset yn de omkriten fan it doarp. Foar de rûtebeskriuwings, mei ynteressante ynformaasje oer de omkriten ynbegrepen, sjoch www.oldeholtpade.com. Yn it gebiet noardwestlik fan Aldeholtpea waard om 1840 hinne begûn mei it ôfgraven fan it fean. De saneamde ’Holtwolder akkerturf’, neamd nei de doarpen Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde, wie nei ’t sein waard fan bûtengewoane kwaliteit.

Yn it noardeasten fan dizze streek leit Makkingea, dat bekend is om syn rommelmerk dy’’t fan maart oant en mei oktober alle lêste sneonen fan de moanne holden wurdt. Dy iepenloftmerk wurdt ek wel oantsjut mei ’Waterlooplein van het Noorden’. Yn it doarp is it Museum ’Oold Ark’, dêr`t alderhande ark út eardere tiden útstald is. Yn dat museum is ek in rûtebeskriuwing te krijen foar in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp. Mear ynformaasje oer de rommelmerk en it museum fine jo op it webstee fan de VVV-Makkinga.

’Hier op `e wadden, wereld fan water en slik, won hij lând út see in weer en wyn, skep foor skep, monnikewerk’.

Dizze tekst op it monumint ’De Slikwerker’, dat by Swarte Haan op de dyk stiet, is typearjend foar de skiednis fan dit bysûndere gebiet. It is noch mar rillatyf koartby dat dêr it wetter fan de Middelsee rûn. Fan de sechstjinde ieu ôf is It Bilt stikje by bytsje op de see wûn. De dêrnei nei-inoar kommende ynpolderingen binne dúdlik te sjen yn it wide lânskip: dat beskaat wurdt troch sawol âlde, minder âlde as nije diken. Dêrtuskenyn is, fan de tekentafel ôf, in hiel regelmjittich lânskip útset mei rjochte en heaks op inoar steande wegen en fearten.

By it ynpolderjen fan de Middelsee krigen de Fryske bewenners help fan grutte oantallen slykwurkers út ûnder oaren Seelân en Súd-Hollân. In soad dêrfan bleaunen yn it gebiet wenjen en mingden har mei de lokale befolking. Dêrtroch is in hiel eigen taal ûntstien: it Biltsk. De Hollânske ynfloed docht ek bliken út de earste nammen foar Sint Jabik, Sint Anne en Froubuorren: Wijngaarden, Altoenae en Kijfhoek: trije (eardere) doarpen yn de omkriten fan Rotterdam.

By de Aldebiltdyk lâns (út 1505) en de Nijebiltdyk (út 1600) is in hiel karakteristyk bebouwingspatroan ûntstien. Oan de noardkant steane, tsjin de dyk oan en op de dyk, de arbeiderswenten en oan de súdkant fan de dyk, efter de dykssleat, de gauris monumintale pleatsen fan de heareboeren dy`t it doedestiids nije lân yn besit hienen. Op guon plakken is de lintbebouwing fierder útgroeid ta in doarp. As de doarpen Westhoek en Alde Biltsyl meirekkene wurde, leit by de Aldebiltdyk lâns it langste, min of mear oanien sletten bebouwingslint fan Nederlân (11,5 kilometer).

It Bilt hat dus in rike kultuerhistoarje. Mar ek natuerleafhawwers kinne benammen efter de hjoeddeiske seedyk har hert ophelje. Dêr leit it Noarderleech. Earst soe dat gebiet ek ynpoldere wurde foar de lânbou: der wienen al lege dykjes (simmerdiken) oanlein. Op oanstean fan natuerorganisaasjes krijt no de see wer mear de romte en wurde de simmerpolders stadich wei omfoarme ta kwelders.

Rêst, romte, prachtige fiersichten, spektakulêre wolkeloften, kultuer en natuer... . It Bilt hat in soad te bieden! Nederlân syn ferneamdste skilder, Rembrandt van Rijn, hat ek net om `e nocht It Bilt besocht. Hy moete dêr Saskia van Uylenburgh, mei wa`t er yn 1634 troude yn de herfoarme tsjerke fan Sint Anne.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |