Eastmahoarne hat net de status fan in doarp; it is, krektlyk as Iesumasyl in buorskip dat heart by it doarp Eanjum. (Underwilen hat Eastmahoarne formeel de doarpsstatus al krigen-red.) Yn it kollektive ûnthâld fan de Friezen wurdt Eastmahoarne wol as in doarp erfaren. Foaral om’t it lange tiid, fan sawat 1830 ôf, it ôfreisplak wie fan de feartsjinst nei Skiermûntseach en it lisplak fan de rêdingsboat. Nei it ôfsluten fan de dyk en it dêrtroch bedimjen fan de Lauwerssee ta Lauwersmar is de streek nea fergetten wurden. In nij haadstik yn de skiednis sette doe útein as plak fan de (wetter)rekreaasje.

Yn it lêst fan de 18e ieu meldt de Tegenwoordige Staat van Friesland: “Ten Oosten van Aanjum ligt aan zee de schans Oostmahorn, by welke eene schoone reede en ankerplaats is voor maatig groote schepen; komende die uit Hamburg, Denemarken en de Oostzee hier daarom dikwyls ten anker; doch voornaamlyk de Groninger turfschepen, wanneer zy, wegens tegenwind, deeze hoek niet kunnen boven zeilen. In het jaar 1576 werd Oostmahorn door Bartold Entes vast gemaakt, en door Caspar Robles ... geweldig bestormd, doch zo wel verdedigd dat hy met groot verlies moest aftrekken.”

Eastmahoarne wie ankerplak en ferdigeningsplak. De skâns wie yn 1576 opsmiten. Yn de 18e ieu waard in seehaad oanlein. It hjoeddeiske havenljocht mei stegers datearret fan om-ende-by 1930 en hat ekspresjonistyske foarmen. Eastmahoarne bestiet út spontaan oan de tagongsdyk en efter de seedyk ûntwikkele losse lintbebouwing. Tsjin nûmer 26 oer is in yn 1810 oanleine en bûten gebrûk stelde krûdkelder foar de kustbatterij noch yn wêzen. It eardere fersterkingsstasjon fan de PTT yn tradisjonalistyske Delftse School-arsjitektuer is no yn gebrûk as ‘Oerka-museum’. De wurkhaven fan de Rykstsjinst IJsselmeerpolders foar de Lauwersseewurken is omtovere ta in rekreaasjegebiet. Oan en op de súdlike kant is in fakânsjedelsetting op trije tema’s ta stân kommen. Kapefoarmige houten reidwenningen, fan bakstien oplutsen havenwenningen en dykshuzen, dy’t eagje as binne it yn it dykslichem fuortsonken âlderwetske wenweinen.

Oerterp is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is op in sânrêch oan de Binnenwei dy’t fan it suden fan Drachten nei it easten rûn. Dizze Binnendyk waard yn de beboude buert fan Oerterp al betiid Weibuorren neamd. Der lei yn de 17e ieu noardliker noch in buert, ûngefear op it plak wêr’t no de Foareker en Falom rinne. Westliker hjitte de Binnenwei Selmien en dêr stie yn elk gefal al fan de 13e ieu ôf de doarpstsjerke dy’t oan Sint-Petrus wijd wie.

Koart nei it midden fan de 17e ieu waard fan Drachten ôf nei it easten de Drachtster Compagnonsvaart groeven dy’t fierder nei it easten yn de Bakkefeanster Feart oergie. Oan dizze feart groeide noardlik fan Oerterp in twadde streek: Oerterp oan de feart. Foaral by it Oerterper Fallaat kaam in reedlik kompakte bebouwing oan de grins mei Smellingerlân.

Fan de tsjerke ôf gie in paad, de tsjintwurdige Tsjerkeleane nei dizze mienskip fan ferfeaners. De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 gjin each foar de feart: ‘Ten zuiden van den rydweg heeft men de Kerk, voormaals ter eere van St.Peter gesticht, en toen met een’stompen toren voorzien, als ook de meeste huizen, zeer aangenaam in ’t geboomte, met twee buurtjes Selmien en de Wy-of Weguurte, beide ten Noorden van dien weg. Ten Zuiden van dit Dorp heeft men de Buitenweg van Beetsterzwaag naar Bakkaveen.’

Oan dizze Bûtewei stie yn it begjin fan de 18e ieu in roggemole. De Mounleane ferbynt de Binne-en Bûtewei. Oan de Bûtewei is in streek fan buorkerijen groeid, wêrfan de stjelpbuorkerij op nûmer 3 út 1911 en de Victoria Hoeve, ek in stjelp, op nûmer 18 út 1910 yn fernijingsstyl, de opfallendste binne. De Roggemole is al lang ferdwûn. Oan de Mounleane is oan de doarpskant, mar doe bûten de kom fan it doarp, om 1920 hinne de earste folkshúsfesting fan de wenningstichting ta stân kommen: in rige lânarbeiderswenten wêrfan inkele mei krimp en skuorre op in rom hiem. Fan de nôtmole út 1872 ôfkomstich út Zaandam en dêr ‘De Zwarte Bruinvis’ neamd, stiet de bakstiennen romp noch hieltyd oan de Mounstrjitte, hoewol’t er troch roedebreuk sûnt 1925 bûten gebrûk is.

Oerterp is mei syn flink groeide doarpskearn oan wjerskanten fan de Weibuorren, de streek oan de feart,by it fallaat lâns en de agraryske streek oan de Bûtewei, in opfallend útienrinnend gehiel.

Mar it hichte en middelpunt is de âlde doarpstsjerke dy’t westlik fan dit alles oan it Selmien stiet. In streek dy’t ek oan de oare kant fan de grutte dyk Drachten – Easterwâlde trochrint.

De let midsieuske tsjerke jout oan de sichtkant, de noardkant, net folle fan syn histoaryske geheimen bleat. Krekt de súdlike kant fertoant noch oansjenlike stikken midsieusk muorrewurk fan foaral giele bakstien fan flink formaat. De noardlike muorre en it rjocht sletten koar binne om 1800 hinne fernijd, doe’t ek de finsters oanpakt binne. De brede spitsbôgefinsters yn de súdlike wand ha hiele fine roedeferdielingen. Oan de binnekant lit dy wand twa nisseregisters boppe elkoar sjen. Fan it meubilêr is de preekstoel út de 17e ieu. De sealdaktoer datearret lykas de tsjerke út de 13e ieu. Hoewol’t de tsjerke altyd in echte toer hân hat, is der yn 1766 noch in dûbele klokkestoel njonken boud.

Dizze is al in stik as wat kearen fernijd en hy draacht twa klokken út 1948.

Troch de ôfsidige lizzing fan de tsjerke hat it doarp gjin komfoarming hân, oant der hielendal oan it ein fan de 20e ieu troch grutskalige nijbou mei winkels, senioarewenten en soarchsintrum De Lijte reliëf yn it sintrum kaam. It is in heaks op de Weibuorren pleatste kyl fan stedske alluere mei in fjouwerkante romte fan in plantsoen yn it midden. Dêrfoar hie it doarp, nei de oarloch, ynearsten oan parallelstrjitten oan wjerskanten fan de Weibuorren, letter fierder nei it suden oant sels oan de Bûtewei ta en resint nei it noarden, grutte útwreidingen krigen.

Eastermar is in útstrekt streekdoarp dat út twa kearnen bestiet: It Heechsân, dat op in hege sânrêch eastlik fan de Burgumer Mar leit en De Wâl by de Luts, súdeastlik fan dizze mar. It Heechsân is as agraryske delsetting al yn de Midsieuwen ûntstien en hie in frij losse, fersprate bebouwing. Nei alle gedachten is fan ein 16e ieu ôf it swiertepunt fan it doarp ferskood nei it suden ta, wêr ‘t by de wetterferkearsferbining goede kânsen leinen en ferfeanings fan ‘e grûn kamen. Fan de gritenijkaart yn de Schotanus-atlas út 1716 blykt dat de wetterbuert De Wâl mei wat mear nei it noarden Snakkerbuorren, al ûntwikkele wie ta in buert om in ynstekhaven hinne.

De turfwinning soe oant healwei de 18e ieu ta duorje en de buert ûntwikkele him fanwege de turfhannel en –skipperij. Ek de Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786 al de grutte lingte fan it doarp en: “De kerkbuurt ligt hoog, vooral het kerkhof, van ‘t welk men een zeer vermaakelyk gezigt heeft over de laager landen en het Bergumer Meer; doch ‘t meerendeel der huizen maakt eene dubbele buurt, tusschen 3 en 400 roeden van daar ten Zuid-Zuidwesten.” Boppedat waard ek noch fermeld dat “onder dit dorp ook de herberg Schuilenburg aan ‘t Collonels diept (behoort), welke tot een bewaame pleisterplaats aan den mond van het Bergumer Meer verstrekt.”

De tsjerke is yn de âlde kearn bleaun. Se waard yn 1869 sloopt nei ‘t even súdliker in nije tsjerke yn dekorative, eklektyske styl boud wie. In pear jier letter, yn 1875, waard tsjin de tsjerke oer in fraaie pastorije boud en dêrnjonken yn 1924 in “Gebouw voor christelijke belangen”, mei in ekspressyf tuorke. De mienskip bleau syn deaden beïerdigje op it hôf by de âlde, iensume toer. De âlde sealdaktoer sûnder segminten is sûnt minskeheugenis begroeid. De klimop is al te sjen op in tekening út 1721.

De buert by de Luts is fan in folslein oar karakter mei ticht beboude strjitten mei hjir en dêr18e-ieuske pânen. By de trijesprong is in pleinfoarmige romte ûntstien.

Burgum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen mei ferskillende kearnen ûntstien is yn ‘e buert fan it yn it lêst fan de12e ieu stichte Sint Nicolaasklooster of it Barraconvent. Burgum waard besûnder goed ûntsletten oer it wetter: by de Burgumer Mar, wêrop it Kolonelsdjip nei it easten ta oanslute en de Wide Ie mei de Langemar en it Langdeel nei it westen ta.

It doarp ûntwikkele him ta in merk- en hannelssintrum fan Eastergea en ta it haadplak fan de gritenij. Op de kaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas út 1716 bestiet Burgum út in grutte, útstrekte delsetting fan mei beammen beplante wegen. Der steane ek ferskate staten oanjûn. Yn it easten leit de buert Nieuwstad en noardlik dêrfan Noordermeer, dêr ‘t het Hooghuis stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1787 dat Burgum wie: “een aanzienlyk dorp (...). De Kerk van dit dorp is een Kruiskerk, (...) naby dezelve was weleer gelegen in het ryke Bergumer Klooster, met naame Bergklooster, hetwelk, ten Noorden, met zyne aanzienlyke plantagien aan ‘t Kerkhof grensde. Niet verre van hier heeft men de buurt Nyestad, doch de voornaamste dichte buurt ligt in ‘t Westen en is met veele aanzienlyke huizen en welgevloerde straaten voorzien.”

Noardlik fan it doarp stie it Hooghuis, dat bewenne waard troch de famylje Coehoorn (fan de festingbouwer Menno baron van Coehoorn). Letter kaam it yn besit fan de steedhâlderlike famylje Oranje Nassau. “De grenzen van het dorp zijn zeer uitgestrekt, vooral aan den Noordkant, als bevattende Bergerveen, Meinsma bosch, ‘t Huis ter heide, een gedeelte van Kuikhorne en de geheele Bergumer heide.” Oan de oare kant fan it Kolonelsdjip lei doe noch de Burgumer Daam, dêr ‘t ea in houten brêge lei, dy ‘t letter ferfongen is troch in stiennen brêge. Op dat plak leit no in bedriuweterrein. It grutte, los beboude Burgum is sa stadichoan tichter beboud wurden. Yn de 20e ieu en mei namme nei de oarloch, is it doarp oan alle kanten sterk útwreide mei wenwiken.

De doarpstsjerke fan Burgum is koart nei 1100 boud en wijd oan Sint Martinus. Goed in ieu letter waard de tsjerke fan dowestien fergrutte en in ieu letter noch in kear. De skiednis fan de tsjerke is sterk ferweve mei dy fan it kleaster dat yn it begjin fan de 13e ieu, yn alle gefallen foar 1240, noardlik fan Burgum stichte waard. De besittings fan dit Barraconvent, ek wol Bergklooster neamd, grinzen oan dy fan de parochy en by de beneaming fan prysters hie it kleaster ynfloed. De dowestiennen tsjerke is noch werkenber yn ‘e toer en yn de leechste dielen fan dowestien fan de westlike gevel. Oan it begjin fan de 13e ieu is de tsjerke útwreide en yngripend feroare, nei alle gedachten ûnder ynfloed fan it kleaster. De tsjerke waard yn bakstien ferhege, der binne sidebeuken oanboud en se waard ferlinge mei in nij koar, alles yn romano-goatyske foarmen. Wer in ieu letter waard de tsjerke by in útwreiding in krústsjerke: tusken koar en skip yn kamen dwerspânen, dy ‘t allinne yn de hichte bûten de sidebeuken útstekke. Dizze sidebeuken binne yn it begjin fan de 17e ieu ôfbrutsen; se waarden opnij opboud by in yngripende restauraasje in de fyftiger jierren.

De Schoolstraat leit as haadstrjitte de ferbining fan de tsjerke oan de eastlike flank fan it doarp nei it sintrum ta. Dêr stiet, lykas oan de dwers dêrop rjochte Lageweg, in oantal opfallende gebouwen mei besûndere funksjes. Hielendal yn it easten fan de Schoolstraat stiet Glinstrastate, in pleistere lânhûs út 1855, oarspronklik fan de famylje Ferf. Dizze famylje boude yn 1866 in pleistere hearehûs oan Lageweg 20. “De Pleats”, Schoolstraat 82, it kulturele sintrum fan Burgum, is ûnderbrocht yn in monumintale buorkerij mei in oerdwers pleatst foarein yn Lodewijk-XV-styl. Oan dizze strjitte en oan de Lageweg binne flink wat brede wenningen mei middengong fan ien boulaach en in aksintuearre middenpartij yn ûnderskate stilen te finen. Oan de Lageweg riist ek it eardere postkantoar fan 1906 út de fierders beskieden bebouwing op. Tusken Schoolstraat en Lageweg yn is de Markt him de lêste tiid ta in nij sintrum oan it ûntwikkeljen mei moderne arsjitektuer.

Oentsjerk is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de sânrêch dêr’t ek de oare doarpen fan de Trynwâlden – Gytsjerk en Aldtsjerk – op lizze. Op de gritenijkaart yn de Schotanus-atlas út 1716 stiet de bebouwing ferspraat oan wat leanen eastlik fan de dyk troch de Trynwâlden. It doarp hat in ûntslutingsfeart nei it westen ta, nei de Moark.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “Dit dorp is zeer vermaaklyk, zo weegens de schoone plantagien en bouwlanden, die oostwaarts tot aan de Zwarte Broek loopen... Westwaarts aan loopen de landeryen deezes dorps over de Mork tot aan Wyns .... De state Eysinga ligt in ‘t Noorden des dorps, en was van ouds eene fraaie plaats; aan den oostkant heeft men Heemstra state .... Stania ligt een weinig ten Noorden, en is in laater tyd geheel weggebroken; doch van nieuws af opgebouwd, door wylen den Heere Hans Hendrik van Haersma, in leven Grietman over Oostdongeradeel, die hier ook eene schoone plantagie heeft aangelegd.”

Op de Eekhoff-kaart út 1847 docht bliken dat der in ridlik tichte lintbebouwing by de dyk lâns groeid is. Fan de wat fansiden steande tsjerke datearret it skip fan om-ende-by 1230. Yn de 14e ieu is hjir in toer tsjinoan boud dy’t healwei de 17e ieu oan twa kanten foarsjoen is fan in klamplaach en doe mooglik ek in sealdak krigen hat. It ynterieur befettet fraai meubilêr. De grifformearde tsjerke (1874, ferboud 1907) stiet oan in pleineftige ferbreding fan de trochgeande dyk.

Staniastate stiet yn in rom park, in kloek lânhûs út 1853 mei in skiednis dy’t folle âlder is, boud yn in ynbannich neoklassissisme mei in bordes en balkon op twa hurdstiennen pylders. De om 1738 hinne nei ûntwerp fan J.H. Knoop oanleine formele tún is yn 1821 troch Lucas Roodbaard omfoarme ta ien fan de fraaiste parken yn lânskipsstyl fan Fryslân. Krektlyk as de buordoarpen groeide Oentsjerk út ta in forinzedoarp: de útwreidings kamen allinne oan de eastkant fan de trochgeande dyk.

Easterein is sûnder mis ien fan de moaiste doarpen yn Fryslân, as men even foarby sjocht oan de bedriuweterreinen oan de noardeastkant. It doarp hat in soarte fan middelpuntsykjende kwaliteit ; it doarp is moai, de tsjerke is moaier en de kreake yn ‘e tsjerke is it moaiste. Easterein wie de fernaamste delsetting fan ien fan de earste yndike gebieten, it eilân fan Easterein. It is net dúdlik of ‘t it in âld tsjerkedoarp is of dat it in delsetting is fan nei de yndiking, wêrby ‘t de tradisjonele struktuer foar it nij ûntwikkele doarp keazen waard.

Fanâlds hie it doarp nei alle kanten goede wetterferbinings, mei dêromhinne ferskate staten en grutte boerepleatsen. Lange tiid wie Easterein it fernaamste doarp fan de gritenij; yn de 19e ieu waard it oerfleugele troch Wommels. Easterein hat in fierhinne geef doarpssintrum fan in tsjerkedoarp mei dêromhinne grêften. In stikje fan de grêft is dimpt.

Noardlik stiet de yn 1870, yn in parkeftige tún boude pastorije mei in eigen tagongsbrêge. De tsjerkebuorren om de grêft hinne toant in sletten fariearde bebouwing, wêrefter harren wer buertsjes ûntjûn ha. Fan de dyk ôf op de âlde dyk rint njonken it tradisjonele sfearfolle doarpskafee in skildereftich strjitsje nei de tsjerketerp, oan de efterkant begelaat troch in lytse grêft. Oan de dyk is yn de 19e ieu yn súdeastlike rjochting boud, lykas oan de dyk nei Wommels. By dizze wegen steane inkele fraaie, brede, notabele wenningen en wenten mei tsiissouders lâns.

De herfoarme tsjerke is it hichtepunt fan it doarp yn de sa goed as geve posysje op de omgrêfte tsjerketerp. Se is mei de toer boud yn de 14e ieu, wêr ‘t by de bou gebrûk makke is fan âldere muorren fan dowestien. Oan de noardkant stiet de 13e-ieuske sakristy. De tsjerke bewarret in skat út de eardere renêssânsetiid. Hein H., in kistemakker út de buert, makke yn 1554 in grutte, hege kreake of doxaal fan twa ferdjippings oer de folle breedte fan it skip. Tusken in spannende pylder-arkade binne oeral dekorative ferrikingen en bibelske foarstellings oanbrocht.

Offisjeel bestiet it komdoarp Koatstertille noch mar sûnt 1959. Foar dy tiid wie it in gedielte fan it doarp, of better sein de streek Koten (of Koaten), it part dat yn it suden lei by in hege, beweechbere brêge oer it Knillesdjip, in stik fan it Prinses Margrietkanaal. In tille is in brêge. Koaten is ieuwenlang in agrarysk dyksdoarp west en bleaun, mar yn ‘e 20e ieu hat Koatstertille it memmedoarp alhiel oerfleugele. Yn Koaten stienen de buorkerijen foar it meast oan de westkant fan de dyk dy‘t fan de rykswei fan Ljouwert nei Grins (1830) ôf nei it suden rjochting Rottefalle en fierder nei Drachten ta liedt.

Hjoeddei is oan beide kanten fan ‘e dyk, yn in frij losse struktuer bebouwing fan boerepleatsen en huzen te finen. Der binne kapitale pânen by, mar sels de lytsere buorkerijen en de huzen steane op rom bemjitten, beplante hiemen. By dizze trijesprong stie de Koatstermûne, in roggemûne, dêr‘t dizze hoeke krekt foar it dyksdoarp Twizel, syn namme oan tanket.

De heidestreek westlik fan Koatstermûne hearde oan de Kûkhernster Feart ta ek by Koaten. De heide wie yn it lêst fan de 18e ieu al foar in grut part feroare yn boulân. De streek kaam letter te hearren by Twizelerheide doe‘t dat losmakke waard fan Twizel. Even westliker fan de mûne leit noch in buert mei in paad, letter in wei, dy‘t nei it súdwesten ta liedt mei ek agraryske bebouwing, dy‘t as buert Opperkoaten neamd wurdt. Omdat dy streek net oan in trochgeande rûte leit, liket it der op as hat de tiid dêr stil stien.

By it Knillesdjip wie dat net it gefal. Dêr wienen healwei de 19e ieu by de brêge op beide kanten al buerten ûntstien. Op de noardlike kant en by de dyk stienen yn dy tiid de measte huzen. By de ferbettering fan it Knillesdjip ta Prinses Margrietkanaal om 1952 hinne is it kanaal by Koatstertille wat nei it suden ta ferlein, sa dat alle bebouwing oan ‘e noardkant fan it kanaal kaam te lizzen en it eastlike restant fan it âlde Knillesdjip in ynstekhaven waard. Westlik derfan besit de him nei de oarloch ûntwikkele wenwyk oan de Mounewei in breed plansoen op it trasee fan it âlde djip.

Súdlik derfan rint de Caspar di Roblesstraat, neamd nei de kolonel dy‘t it skipsfarwetter yn it lêst fan de 16e ieu ferbettere. Yn Koatstertille kaam alderhande bedriuwichheid. Al frij gau stienen der in pear yndustrymûnen en der wienen in skûtmakkerij en jeneverstokerij. Yn 1890 waard der in partikuliere suvelfabryk stichte. In pear jier nei de ferbettering fan it kanaal wie der ek skipsbou te finen en fierder fabriken fan semintstien, fan pedalen en fan skoallemeubels. Letter festigen har dêr in betonfabryk en in masinefabryk. Westlik fan de dyk waard der in yndustrygebiet ûntwikkele. De bou-yndustry krige yn de sechstiger jierren in ympuls doe’t ‘t de grutste wenwyk ea yn Fryslân ta stân kaam: Bilgaard yn Ljouwert. Dizze wyk waard foar in grut part yn elkoar setten mei yn Koatstertille produsearre flierren, wanden en oare bou-eleminten. De groei fan Koatstertille gie lyk op mei dy fan Bilgaard.

De tsjerke fan Koaten stie fan âlds tichteby de brêge, by de tille, alhiel yn it suden fan it lang útstrekt doarpsgebiet. It wie in toerleaze tsjerke; de klok hie in plak krigen yn de klokkestoel. Yn ‘e tsjerke wie ek gjin oargel. It tsjerkhôf fan de âlde tsjerke leit eastlik fan de dyk en dêr tsjinoer stiet de nije yn 1882 boude tsjerke. Mar der kaam spul, men wie it net mei elkoar iens. Doe‘t yn 1882 in nije tsjerke op it âlde plak boud wie, wêr‘t net it krekte formele paad foar bewannele wie, hellen de lju, dy ‘t it rjocht hienen ta it nimmen fan beslissings, harren gelyk troch it slopen fan dizze nije tsjerke en dêr tsjinoer daliks wer in oare te bouwen. It is in sealtsjerke mei grutte rûnbôgefinsters. De frijwat hege toer besit steunbearen op de hoeken dy’t de romp fan de toer oan it dak ta begeliede. Dêr is it mitselwurk ta geveltopkes foarme, wêrnei‘t in mei laaien dutsen, achtkantige spits it gehiel bekroant.

Drachten is in flekke, in grut plak, dat ûntstien is út in dûbel streekdoarp. Oant al in stikhinne yn ‘e 17e ieu wie der noch gjin sprake fan Drachten. Der wienen twa boerestreken: de Noarderdracht en de Suderdracht, beide neamd nei wetterstreamen fuortby yn de omjouwing. Noarderdracht is neamd nei de Kleine Dracht yn ‘e buert fan De Kletten en de Suderdracht ontlient syn namme oan de flinke wetterrin De Drait, dy ‘t noch altyd nei It Súd rint. De buorskippen hienen om 1200 hinne lytse tsjerkjes mei hôven en koenen beide in doarp neamd wurde.

Yn Noarderdracht stienen yn de Midsieuwen by de Oudeweg en it Noord lâns sa ‘n tweintich boerepleatsen en yn Suderdracht goed tritich. Oant yn de 17e ieu ta feroare der net safolle yn dizze agraryske delsettingen. Yn 1743 kaam der tusken de twa streken yn in folweardige tsjerke ta stân, in let gefolch fan de ommekear fan in ieu letter. De buerttsjerken binne al sûnt lang ferdwûn mar beide tsjerkhôven bestean noch.

De ommekear en oergong kaam yn 1641 doe ‘t de Drachtster Kompanjons in kontrakt sletten om it heechfean eastlik fan de beide streken ôf te graven en ta turf te ferwurkjen. Fuortendaliks waard útein set mei it graven fan de feart en stadichoan ek mei de wiken, de sleatten yn it fean. Somtiden wurken der wol sa ‘n 800 man. Doe ‘t de ynfrastruktuer der lei, gie men yn it fean oan it wurk. Al gau wienen der mear feanarbeiders as de oarspronklike boerebefolking. De twa buerten groeiden nei elkoar ta. Oan de nij groeven Drachtster feart setten har winkellju en keaplju te wenjen; se kamen ôf op de befolkingsympuls. Tal fan nearingdwaanden, ambachtlike en(iere)yndustriële bedriuwen seagen harren kâns en fêstigen har graach oan of yn ‘e buert fan de feart.

Drachten waard sadwaande in flekke fan middenstanners en arbeiders. Nei ‘t de betsjutting fan de turfwinning yn ‘e rin fan de 19e ieu minder waard, bleau Drachten him ûntwikkeljen mei in ferskaat oan bedriuwichheid. Drachten stuts oare doarpen nei de kroan, sa as it âlde en deftige Aldegea, dêr ‘t eartiids it gritenijbestjoer setele. It nije gritenijhûs waard yn 1830 yn Drachten boud. By kalkbrânerijen en skipswerven fûnen in soad minsken wurk. In learloaierij hie tsientallen minsken yn tsjinst en dat oantal groeide noch doe ‘t mei de fabrikaazje fan skuon útein set waard. De oaljemûne krige in nij libben mei de Balata yndústry. Beide fabriken waarden letter ûnderdiel fan it Dunlop-konsern. Fierders kamen der ûnder oaren in sûkerijfabryk, tabaksfabriken en in blikfabryk . Begjin 20e ieu waarden oan it Moleneind in suvelfabryk en in betonfabryk boud.

Sommige bedriuwen lieten wenningen foar har personiel bouwe en bou-ûndernimmers spilen yn op dizze fraach nei wenten. Der kamen typyske arbeidersbuerten, mar ek deftiger strjitten wêr ‘t de elite en yndustriëlen har te wenjen setten. De Noarder- en Suderbuert ûntwikkelen har ta in streek fan winkels. Nei de oarloch kaam der op partikulier inisjatyf in “Industriecommissie” en súdlik fan de Lange West (de eardere Meeuwweg) lei de gemeente in earste yndustryterrein oan. It slagge de Industriecommissie om oan de Oliemolenstraat in yndustryhal te realisearjen, in saneamde “aanloophal”. Yn septimber 1950 koe men yn Drachten Philips wolkom hjitte; it betsjutte in sterke ympuls foar it iverige en warbere Drachten. Yn in foarlopich ûnderkommen koenen tritich famkes begjinne mei de montaazje fan skearapparaten. De gemeente wie behelpsum by it stichtsjen fan in montaazjehal oan de Oliemolenstraat. It iene jier nei it oare kamen der mear fabrykshallen by. Tusken de Oliemolenstraat en de Noorderhogeweg groeide in grutte Philips-delsetting, wêr ‘t yn de santiger jierren sa ‘n 2500 minsken wurken. Al dizze wurknimmers en dy fan de taleverings- en oare bedriuwen dy ‘t op it dynamyske Drachten ôfkamen, moasten húsfeste wurde. Want reizgen de measte famkes en manlju út de omjouwing yn ‘t earstoan mei de bus hinne en wer, oan de winsk om by it wurk te wenjen, moast ek foldien wurde. De gemeente makke útwreidingsplan nei útwreidingsplan. It earste yn it noardeasten en mei namme de wenningboukorporaasjes folden de wiken op mei wenningen. Ek sy dielden mei yn de dynamyk fan de “boomtown” Drachten. Foar kultuer en ûntspanning waard De Lawei foar Drachten en wide omkriten in ferneamd sintrum.

Aldegea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch tusken feanen en in rige marren en puollen yn ûntstien is. Oant it droechlizzen yn 1922 lei it doarp oan de Aldegeaster Zanding. Yn 1788 is de Tegenwoordige Staat van Friesland fol lof: “een zeer vermakelyk dorp, ongemeen wel aan ‘t water en in ‘t geboomte gelegen; hier onder behooren veele buurten .... Nader aan ‘t dorp, niet verre van de Oudegaaster Zanding, licht de treffelyke hofstede Groot Haersma genoemd, die zeer fraay beplant, en met eene schoone huizing voorzien is, zynde reeds voor lange jaaren door de Grietslieden van deezen Deele bewoond. De maatig uitgebreide Kerkbuurt bevat verscheiden goede huizen, benevens een windkorenmolen, en eene Kerk die een spitsen toren heeft.”

Oant begjin 19e ieu wie Aldegea it haadplak fan de gritenij. De famylje Haersma dy’t it lange tiid Smellingerlân ‘regearre’ wenne hjir op Groot Haersma, yn de jierren om 1660 hinne boud en yn 1841 sloopt.
De robúste romaanske, fan dowestien boude doarpstsjerke datearret út begin 12e ieu. Om 1250 hinne ferriisde de romaanske toer mei in beklaaiïng fan dowestien en in lege, bakstiennen spits. By de restauraasje yn 1921 is by de noardgevel de romaanske yndieling hersteld: oan ‘e ûnderkant sparfjilden fan keppele rûnbôgen en oan ‘e boppekant lytse rûnbôgefinsters. De bline westgevel hat dizze yndieling ek. De rjochte koarsluting, oanbrocht yn 1599 is goatysk. Yn de súdmuorre stean grutte rûnbôgefinsters, mei brânskildere glêzen troch Ype en Jurjen Staak (1717). It fraaie ynterieur hat iken meubilêr en in tonferwulf út 1921mei ornamintyk yn art déco-styl. Der hingje alve ryk fersierde en diels yn moarmer mei goud beskildere roubuorden fan de famylje Haersma. De pastorije datearret út 1743, mar is yn 1910 yn Jugendstil-trant ferboud.

Yn de skildereftige Buorren falt benammen it eardere ‘Rechthuis’ (1738) mei in hege middenpartij en in gevelstien mei Vrouwe Justitia op. Fierderop stiet de grifformearde tsjerke (1910) yn in dekorative styl. Doarpsútwreidings hawwe oan de súd- en noardwestkant plakfûn.

Deinum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch westlik fan de Middelsee ûntstien is. De radiale struktuer fan de terp is goed bewarre bleaun en te ûnderfinen fan de noch oanwêzige ringwei ôf, de Sint-Janswei, foar de Herfoarming de Processieweg op Sint-Jansdei.

Oan dizze ringwei is in ferskiedenheid oan bebouwing te finen. Hoewol ‘t yn ieuwenâlde beskriuwingen iderkear meld wurdt dat Deinum in doarp is fan skieppe- en bargeslachters, stiet oan de Sint-Janswei ek in pân dat wiist op in oare hannel, in neoklassicistysk gebou mids19e ieu mei in tsiissouder mei healrûne finsters. Oan de ringwei steane in grut pân fan in eardere kûperij mei direkteurswenning en in boerepleats mei in foarein yn fernijingsstyl. Deinum wie sûnt de 17e ieu al goed ûntsletten; it kaam doe frijwol op de wâlskant fan de Harnzer Trekfeart te lizzen. Dêr kaam dan ek in, wiles ferdwûn bûten Welgelegen, ta stân. Ein 19e ieu is de terp diels ôfgroeven, foaral oan de westkant, dêr ‘t no ûnder mear noch in iepen kampe lân leit.

It oansjenlike oerbliuwsel fan de terp is it hege poadium fan de tsjerke. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: Dit dorp pronkt met een schoone groote kerk en kloktoren van een byzonder maaksel, rondsom voorzien met huizen.” It “byzondere maaksel” is de “sipel op ‘e toer”, de bekroaning op ‘e toer yn de foarm fan in sipel, wêr ‘t sels ferskes oer songen wurde. De tsjerke is wijd oan Sint-Jan de Doper. It is oarspronklik in letromaansk bouwurk út de 13e ieu, dat noch al ris fergrutte en feroare is: oan de eastkant kaam in fiifkantich sletten koar. De toer datearret fan 1550-1567. De sipelfoarmige spits mei hoekepinakels kaam, nei de Herfoarming, yn 1589 ta stân. De tsjerke herberget in kolleksje grêfsarken fan eksellinte kwaliteit.

Noardeastlik fan Deinum leit oan wjerskanten fan it Sylsterrak – in stik fan de Harnzer Trekfeart – it buorskip Ritsumasyl, dat diels by Marsum heart.

Jannum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is altyd in lyts doarp west, besteande út in tsjerkebuorren fan inkele wenningen en wat ferspraat lizzende boerepleatsen. Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp foar in grut part ôfgroeven.

Jannum hearde by de gritenij Dantumadiel en wie it ienichste doarp fan dizze gritenij dat boppe de Ie lei. Mooglik is dat kommen trochdat Jannum yn de hege Midsieuwen in úthôf wie fan it súdlik fan de Ie lizzende grutte kleaster Klaarkamp, mar bewizen binne hjir net foar. Wol hie Klaarkamp hjir nochal wat grûn yn besit, wat mooglik meispile hat yn de grinsbepaling.

Sûnt de gemeentlike weryndieling heart Jannum by Ferwerderadiel. Al hoe lyts it ek wie, it doarp hie wol in eigen feart dy‘t it ûntslute nei de tichteby rinnende Ie. De sterk ôfgroeven hege terp draacht in mei beammen omseame tsjerkhôf mei in romaanske tsjerke. Fierder steane yn Jannum in pear karakteristike boere-arbeidershuzen en in fraaie 19e-ieuske kop-hals-rompbuorkerij. De lytse, toerleaze tsjerke is mei har romanogotyske kenmerken nei alle gedachten om 1300 hinne ta stân kommen. Efter it ienbeukige skip folget it koar mei in justjes ynspringende absis dy ‘t likernôch in ieu âlder wêze sil. Foar dizze koarsluting is in orizjinele oplossing fûn. Binnenyn is dizze heal rûn, mar oan ‘e bûtekant mearsidich, wêrby’t de ûndúdlike hoeken aksintuearre binne troch bakstienen kolonetten ûnder de daksfoet. De finsters, yngongen en de hagioskoop binne yn de deikanten fersierd mei mearfâldige kraalprofilen. Doe’t yn ‘e twadde helte fan de 16e ieu de kape fernijd waard, binne nei alle gedachten en de koepelferwulven fuort helle. Yn it muorrewurk binne dêr noch spoaren fan sichtber.

By de restauraasje yn 1944-1947 die by in opgraving bliken dat de beheinde romte eartiids troch skiedingswanden yn twa fakken ferdield west hat: de earste foar leken, de oare foar geastliken. Nei ferfal is de tsjerke as úthôf fan it Fryske Museum adoptearre en ynrjochte as museum foar midsieuske tsjerklike keunst.

Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard.

It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre.

De Westerein is in streekdoarp op it westlik ein fan de sweach fan Kollum, in keiliemrêch op ’e grins fan in nochal hege streek en legere feangebieden oan de noardwestkant.

Dantumadiel rûn ynearsten troch yn eastlike rjochting, mar doe’t Kollumerlân oan it ein fan de 14e ieu foarme waard, kaam de grins eastlik fan de Westerein te lizzen. De grins mei Achtkarspelen leit oan de súdkant. De lânskiplike ferkaveling mei wegen en paden en de bebouwingsstruktuer rinne troch by de doarpen De Westerein, Sweagerbosk en Twizelerheide. De even westliker lizzende Nije Feart is noardliker as Petsleat en Nije Swemmer mei it Dokkumer Grutdjip ferbûn. Nei it suden foarmet er as Kûkhernster Feart de ferbining nei de Burgumer Mar en is al ieuwen in goede ûntsluting fan it doarpsgebiet fan De Westerein. Eartiids hearde ek in stik fan it noardlike part fan de grinsbuert Kúkherne by De Westerein. Oan de ûntginningswei yn it noarden, de Foarstrjitte, wie al betiid agraryske bebouwing te finen.

Yn de 18e ieu setten ferearme lju, losse arbeiders, feanarbeiders en sutelers harren nei wenjen op de ôfplagge heide yn it suden en foarmen dêr in archipel fan spitketen en heidehutten. Al gau oertroffen de spitketen de al besteande wenten en wâldspultsjes oan de Foarstrjitte yn oantal. Nei 1910 kaam der stadichoan ferbettering yn de wensituaasje troch de aktiviteiten fan ûnder mear de wenningbouferieningen. De ynearsten noch lytse hûzen ferfongen de keten. Fan de earste wenningwetwenten (1912) besteane allinne noch in twatal oan de Tolwei, súdlik fan de spoardyk. De lêste spitkeet koe yn 1939 sloopt wurde.

De herfoarme tsjerke út 1836 wie in ienfâldich gebou op in T foarmige plattegrûn mei in lytse geveltoer. Yn 1966 waard de tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in grutte, moderne tsjerke oan de Skoallestrjitte, wêrfan de tsjerkeseal mei in sealdak dekt is en it front markearre wurdt troch in hege, iepen klokketoer. De minnistetsjerke oan de Foarstrjitte, in lytse tradisjonele sealtsjerke mei dekorative rûnbôgefinsters, hat in front mei in licht útboude tagongspartij, dy’t boppe it dak trochrint ta in toerfoarmige muorreskiif mei in hege pinakel as bekroaning.

Oan it ein fan de 18e ieu sette de út Hessen ôfkomstige Joadske keapman Salomon Levy him ta wenjen yn De Westerein. Hy lei dêr de basis foar lytshannel yn ûnder mear tekstyl en dêrmei foar it suteljen mei in ferskaat oan produkten, foaral foar de kleanyndustry. It hat it karakter fan de befolking en de delsetting foarme.

Oan de Foarstrjitte binne ferskate oantinkens oan de tekstylyndustry te finen. ‘Texo Baarsma’, in tekstylgruthannel, is in foars gebou dat foar in part pleistere is en fan in fersoarge winkelpei foarsjoen is yn foarmen fan de fernijingsstyl. De eardere konfeksjefabryk ‘N.V. Handelsvereeniging v/h Baarsma’ is in konfeksje-atelier út 1927 mei in foarhûs út 1926. It ûntwerp is fan A.Pijkstra yn de foar dy tiid tekene ekspresjonistyske foarmen. Dat jildt ek foar de eardere tekstylgruthannel fan de ‘Firma H.Elzinga’ út ein jierren tweintich wêrby it ekspresjonisme yn it blokfoarmige bedriuwsgebou mei moai mitselwurk saaklik strak ferwurke is. Yn dit gebou is ek in wenning.

De âlde ûntginningsas, de Foarstrjitte, fertelt as gehiel in protte oer de skiednis fan De Westerein, mar net alles. De spitketen binne allegearre ferdwûn, mar der stiet noch wol in wâldhúske mei reiden dak út ûngefear 1880. Fierder steane yn de Foarstrjitte de wat deftiger boargerhuzen, bygelyks in moai eksimplaar út it ein fan de 19e ieu yn neorenêssânse styl en it wenhûs Jeremi út 1911 yn fernijingsstyl. Yn 1902 krige it spoar fan Ljouwert nei Grins, dy’t al yn 1866 súdlik fan it doarp oanlein wie, in halte yn De Westerein. Oan de eastkant fan de Ferlingde Stasjonsstrjitte stiet noch in rige lytse boargerhuzen út de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu dy’t fan de gefolgen fan dizze ûntwikkeling tsjûget. Dêrnei is it doarp yn súdlike rjochting útwreide, in proses dat nei de oarloch sterk trochsette, wêrby de bou fan sosjale wenten sterk oerhearsket.

Aldemardum is in skadich komdoarp dat famylje liket te wêzen fan in iest- of brinkdoarp. It doarp is krektlyk as safolle doarpen yn Gaasterlân om 1200 hinne ûntstien op in sânrêch dêr’t de âlde lânwei fan Starum nei Sleat oerhinne rûn. De rjochthoekige brink is omseame troch fariearde bebouwing fan meast beskieden pânen, oplutsen fan giele stien. Dêrby ek it besikerssintrum Mar en Klif mei benammen natuerhistoaryske ynformaasje oer de streek. Yn it perspektyf fan dit plein stiet de herfoarme tsjerke, in twabeukich gebou mei in toer mei ynsnuorre spits op de westgevel. It skip yn klassisistyske foarmen is fan 1790; yn 1926 is tsjin de noardkant oan in flinke beuk boud. De tsjerke hat in aardich ynterieur dat by de resinte restauraasje in kleurich opkikkerke krige. It oargel datearret út 1900 en de kânsel út healwei de 17e ieu. Fierders is der in brânskildere finster fan Ype Staak út 1790.

It doarp is yn de 20e ieu oan wjerskanten fan de Buorren en de Kerkstraat flink groeid: foar de oarloch foaral oan de Lege Leane, dêrnei yn it easten. Westlik fan it doarp leit it Jolderenbosk. Dêr stiet op it heechste punt fan Gaasterlân (12,7 meter) de lêste loftwachttoer fan Fryslân. It is in yn 1953 boud oerbliuwsel út de Kâlde Oarloch, neffens it troch M. Zwaagstra ûntwurpen Raat-systeem fan prefabrisearre betoneleminten.

Yn it súdeasten leit tsjin in boskseamke oan it bûtenhûs Riniastate. It is boud yn 1843 nei ûntwerp fan de neoklassicistyske arsjitekt Thomas Romein.
Riniastate is in wyt bepleistere en fan klassicistysk sierwurk foarsjoen bûten mei in hege middenpartij en legere fleugels. Yn ‘e midden is in brede erker útboud mei dêrboppe in balkon mei balustrade. De midden wurdt bekroand troch in fronton mei fyn listwurk en in healrûn souderfinster. Al gau fûnen rekreanten en deitoeristen - fanwege de bosken en de see tichteby – it doarp Aldemardum. Der binne rekreaasjewenningen boud, yn it Fonteinbosk kampearplakken oanlein.

Wommels is yn 1984 it haadplak wurden fan de gemeente Littenseradiel, foarme út Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It is fan âlds in suveldoarp. Oan de noardkant waard oan de Boalserter Feart yn 1892 de suvelfabryk fan de Nederlandsche Maatschappij van Kaas-en Roomboterfabrieken stichte (dy’t yn 1934 al wer ticht gie) en in jier letter, yn it suden oan deselde feart, de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Wommels dy’t it folle langer folhâlde soe.

Wommels waard foaral in tsiisdoarp. Hjir en dêr binne nochal wat tsiispakhuzen te sjen, daliks te werkennen huzen fan tsiishandelers; se ha ferhege souders mei heal rûne finsters boppe de gewoane wenferdjipping, de tsiissouders.

Midden yn it doarp leit in plektrumfoarmich skean gersfjild, in prachtige mei beammen omseame romte mei it portretbyld fan freule C.J. de Vos van Steenwijk. Troch har legaat kin alle jierren de ‘Freulepartij’ foar jonge keatsers hâlden wurde.

Oan de eastkant hat ea Sminiastate stien, in ienfâldige aadlike wenning mei in prachtich park. Yn 1898 hat boargemaster Hopperus Buma, fan memmekant ôfstammeling fan de famylje dy’t der wenne, der in gigantyske filla in neorenêssânse styl bouwe litten. Doe’t er al gau yn konflikt kaam mei de mienskip oer de organisaasje fan de earmesoarch naam er ûntslach en ferhúze nei Haarlim. Hy liet de filla stien foar stien ôfbrekke en oan it Spaarne wer opbouwe. Op it plak fan de tún fan Sminia binne huzen boud, ûnder mear de yn opfallende karreefoarm realisearre arbeiderswenten yn 1925. Yn de hege hoeke fan it gersplein, rjochting de tsjerke, stiet de Wilhelminabeam út 1898 mei in moai smei-izeren stek wêryn fiif fan izer getten portretmedaillons fan hare majesteit ferwurke binne.

Súdwestlik fan de tsjerke stiet it gemeentehûs, yn 1840 al stichte, faak ferboud en yn 1987 sterk útwreide. Efter it gemeentehûs leit it romme keatsfjild.

Wenningbou fûn plak om it sintrale gersplein, flak by de tsjerketerp, wat eastliker, oan beide kanten fan de trekfeart en foaral yn de lette 19e en yn de 20e ieu by de útfalswegen lâns. De ûntwikkeling fan húzebou en bedriuwen nei de oarloch hat ynearsten syn beslach krigen yn de smelle strook tusken de trekfeart en de strjitte nei de Súdhoeke en de Slachtedyk wêr’t in freonlik, tradisjonalistysk buertsje ûntstien is. Dêrnei binne earst foaral westlik fan de trekfeart en ek al gau eastlik fan de trochgeande noard súd rûte, wenwiken ûntwikkele.

Tichtby de brêge oer de trekfeart is by in raffelich plein it ‘Tsiispakhûs’ te finen, in museum mei ûnder mear ynformaasje oer de terpen en terpfynsten út de wide omjouwing, mar foaral mei in heldere presintaasje fan de striid tsjin it wetter mei as hichtepunt de monumintale Slachtedyk.

De herfoarme tsjerke stiet op in rom en betreklik heech tsjerkhôf, begrinze troch in stek mei boekehage. Oan de noard en súdkant steane wat eskdoarnen en op de súdeasthoeke in flinke treurwylch. De tsjerke is oarspronklik wijd oan Jacobus en is yn de 13e ieu boud fan mingde giele friezen. Se hat grutte spitsbôgefinsters mei profilearre trasearringen fan bakstien. Yn de súdgevel levert it mei de steunbearen in regelmjittich gevelritme op. Yn de noardgevel steane minder finsters en is it metrysk effekt minder. Yn it koar mei in sluting fan fiif siden fan in regelmjittige tsienhoek binne de finsters tichtset, mar der sit wol in tagongspartij yn in moaie tudornis. De tsjerke is yn de 16e ieu ferboud. De foarse toer datearret út de 19e ieu. Hy hat trije segminten mei rûnbôgenissen, in blokte kroanlist en in ynsnuorre achtkantige spits. It stimmige ynterieur hat net ferve balken op moaie kaaistikken en in protte iken meubilêr fan kânsel, doopstek en banken. Der stiet in hearebank út 1625, it oare meubilêr is jonger. It oargel is neutraal griis skildere en yn it koar der tsjinoer hingje roubuorden fan de bewenners, út de famyljes Sminia en Eysinga, fan Sminiastate.

Balk is fan oarsprong in streekdoarp oan it wetter dat him ta in komdoarp mei in wat stedsk karakter ûntwikkele hat, in soarte flekke. It is frij sekuer om 1300 hinne begûn by de brêge oer de Luts yn it belangrike lânpaad fan Wikel nei Harich.

Fanwege de suvel groeide Balk. Fan de 15e oant de 18e ieu wienen Balk en Sleat de sintrums fan de bûterhannel foar de hiele Súdwesthoeke. De krusing waard it brânpunt; dêr wei krige de bebouwing oan beide kanten fan de Luts stâl. Mei namme nei it súdwesten ta wreide de bebouwing him behoarlik út. De sintrale posysje krige yn 1615 op it skarnier fan de delsetting, by de brêge oansluting mei in fraai riedhûs yn renêssânsestyl. It histoaryske sintrum fan Balk is oanwiisd ta beskerme doarpsgesicht.

Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf wreide it doarp him út by de wegen nei Wikel en Harich lâns, wêrtroch ‘t Balk de foarm krige fan in bajonet. Nei de oarloch binne flinke wenwiken oanlein oan de noard-, mar foaral oan de súdkant. It riedhûs op de hoeke fan de Dubbelstraat hat in hichte fan twa folsleine ferdjippings. It krige in elegante dakruter mei liedklok en oerwurken en oan de Dubbelstraatkant in heech tagongsbordes mei liuwen mei skylden. It meast opfallende oan dit represintative gebou binne de ankers mei safolle krollige fersierings, dat de stichtingsdatum yn 1615 amper mear te lêzen is. Op de oare hoeke fan de Dubbelstraat, tsjin it riedhûs oer, stiet it yn 1878 boude postkantoar yn eklektyske foarmen en in ôfrûne hoeke, einliks in Ljouwerter spesjaliteit. Arsjitekt wie dan ek Jacob Douma út Ljouwert. It gebou is yn 1989 restaurearre en fiif jier neitiid makke it diel út fan it gemeentehûs. Foar it riedhûs stiet oan de Luts in byldsje fan de dichter Herman Gorter, dy ‘t him oan ’e ein fan de 19e ieu by it skriuwen fan syn ferneamde gedicht “Mei” ynspirearje liet troch Balk.

Oan de Luts bleau alles wat lytsskalich omdat dêr net safolle huzen en bedriuwsgebouwen kommen binne mei mear as ien folsleine ferdjipping. Útsûnderings binne bgl. twa deftige wenhuzen mei ynswinkte halsgevels, skean tsjin mekoar oer oan de Luts. Beide wurde se treflik beheard troch de feriening Hendrick de Keyser. Oan wjerskanten fan it wetter is in keur oan fersoarge pânen út alderhande stylperioaden te finen.

De herfoarme tsjerke út 1728 past moai yn it strjittebyld fan de sletten bebouwing, mar falt op troch syn grutte omfang en mei it tuorke op de foargevel. Neffens it brânskildere rút is de bou fan de tsjerke begelaat troch master timmerman Roelof Saegman. Oan de oare kant stiet it yn 1852 boude meniste tsjerkje en fierder nei it westen ta de roomsk katolike Sint Ludgerustsjerke, in neo-goatyske, trijebeukige basilikale tsjerke mei in hege toer, boud yn 1883 nei in ûntwerp fan Alfred Tepe. Yn ‘e tsjerke binne skilderings fan Johannes Ydema en it grutte alter komt út de sloopte Michaëlskerk yn Swol.

Om 1925 hinne is yn it midden fan Balk in smelle izeren flapbrêge foar fuotgongers oer de Luts lein, dy ‘t yn 1994 fernijd is. Yn it westen leit in like âlde izeren flapbrêge mei fakwurk, dy’t de Erasmusstraat en de Wilhelminastraat mei elkoar ferbynt.

Der stiet op ‘e hoeke fan de Van Swinderenstraat in hotelkafee mei in pei fan om-ende-by 1900, dêr ‘t yn de bôgetrommels boppe de ruten mei tegeltablo’s yn de sjarmante Jugendstil de namme: Garage-, Stalhouderij-Hotel Teernstra te lêzen is.

Oan de oare kant fan it âlde Balk is oan it begjin fan de Dubbelstraat ek noch in aardich etablissemint fan likernôch 1890. Oan de Lytse Side yn it noarden riist in stoere eardere “coöperatieve veevoederfabriek De Volharding” op. De Volharding datearret út ein19e ieu en dêrnjonken stiet in direkteurswenning yn eklektyske styl. De suvelfabryk yn it westen is koartlyn tichtgien. Nije bedriuwichheid fynt men oan de westkant fan Balk.

Stiens is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûnstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Boarnstream. Fan de grutte rige terpen noardlik fan Ljouwert groeide Stiens út ta it wichtichste doarp. It wie in radiaal terpdoarp en it om it tsjerkhou lizzende paad is nettsjinsteande de skaalfergrutting fan Smelbrêge en de Piter Jellessingel noch te werkennen. It is ien fan de belangrykste romtlike karakteristiken yn de doarpskearn, mei omdat it tsjerkhou omseame is troch in trijefâldige seame fan linebeammen. Foaral it eastlike segmint om dizze kearn hinne rekke mei radiaal en efterstrjitten en paden beboud.

Stiens wie ûntsletten oer de Stienzer Feart dy’t fan de terp ôf earst hast 700 meter nei it suden rûn om dêrnei yn eastlike rjochting nei de Dokkumer Ie ôf te bûgen. Tichtby dizze feart folgen ûntwikkelingen fan wenningbou en bedriuwichheid.

De âlde dyk fan de Middelsee westlik fan it doarp is yn 1847 oant Stiens ta as strjitwei ferbettere en yn 1901 krige Stiens ek noch spoarferbiningen. Yn 1901 iepene de Noord Friesche Lokaal Spoorweg it spoar nei Dokkum en al gau dêrnei it spoar oer it Bilt nei Barradiel. Beide dienen Stiens oan en it doarp krige in stasjon 1e klasse en in knap remizegebou. It persoaneferfier is yn 1936 staakt, mar it frachtferfier foar benammen in ierdappeleksportbedriuw fan Ljouwert-Stiens vv is oant de njoggentiger jierren bestean bleaun. Stasjon en remize steane noch oan de Lutskedyk. Doe’t de reizgjende kranteman Jacob Hepkema Stiens oan die, notearre er ûnder mear: ‘Dat Stiens een kapitaal- dorp is, behoeft de bezoeker niet te vragen, als hij den aanbouw van deftige renteniershuizen in oogenschouw neemt, welke hier de laatste jaren zijn verrezen langs de vaart en aan den hoofdweg, in grooter getale dan ergens elders ten platten lande gezien wordt, met kapitale herbergen advenant.’ Dizze boarger-en hearehuzen, wêr ûnder ferskate middengongwenningen, binne foaral te finen oan de Lege Hearewei, Smelbrêge, Langebuorren en Uniawei.

De ynfrastrukturele fernijingen joegen ympulzen oan it doarp en Stiens groeide ek yn de breedte, nei de strjitwei en nei it spoar ta. Nei de anneksaasje fan it sudertrimdiel yn 1943, bleau fan Ljouwerteradiel allinne it noardertrimdiel oer en fan dizze lytse gemeente waard Stiens it haadplak. It duorre lykwols noch inkele tsientallen jierren foar’t it gemeentehûs ek nei Stiens ferhúze.

Nei de oarloch, foaral sûnt it midden fan de sechstiger jierren, is Stiens as forinzeplak fan Ljouwert sterk groeid en as gehiel is it dan ek in jong plak mei in âlde kearn. Tsjin de eastlike marzje fan de midsieuske doarpskearn is oan it ein fan de 20 ieu in soarte lytsstedsk plein, it Sint-Vitusplein mei winkels ûntwikkele. De Sint-Vitus tsjerke is in mânske tsjerke mei in foarse sealdaktoer. It romaanske skip fan dowestien waard oan it ein fan de 11e of it begjin fan de 12e ieu boud. De muorren litte grutte sparfjilden sjen mei dêr yn (tichtsette) lytse rûnbôgefinsters. It koar is wat smeller as it skip en is yn de 13e ieu fan bakstien boud. Dit koar hat in fiifkantige sluting, dy’t yn de 19e ieu noch ris fernijd is. Mei de ferheging en gâns reparaasjes fan it skip lit it muorrewurk fan de tsjerke in boeiend histoarysk tapyt sjen. De toer datearret út de 15e ieu en is opboud út fjouwer fjilden. Der hingje trije klokken yn, ien út 1381, in twadde dy’t Arent van Wou yn 1509 geat en in tredde út 1607 fan de hân fan Gregorius van Hall, it ynterieur bestiet út inkele 17eieuske hearebanken en in 18eieuske kânsel. Under de grêfsarken falt in hiele grutte portretsark foar Philips van Boshuysen en syn frou Anna van Eysinga út it midden fan de 17e ieu op.

Tsjinoer de súdkant fan de tsjerke stiet it mânske, plastere Sint-Vitushûs dat yn it midden fan de 19e ieu as herberch Het Lands Welvaren boud is. Skean der tsjinoer stiet De Smalle Brug dy’t noch altyd as herberch funksjonearret.

Bûtenpost is in âld agrarysk dyksdoarp, it leit frij heech en wie goed te berikken oer lân. It doarp lei healwei Ljouwert-Grins en oan dy dyk, de Voorstraat, konsintrearre him de bebouwing. Dêr wienen ek de útspannings foar reizgers. Yn 1866 krige it ek noch in spoarferbining tusken de twa provinsjehaadstêden. Boppedat hie Bûtenpost, mooglik al sûnt de 16e ieu, mei de Bûtenpostmer Feart in ferbining mei it foar it ferkear sa belangrike Knillesdjip. Hoewol ‘t it gritenijbestjoer yn it begjin wol yn Stynsgea gearkaam en Bûtenpost bepaald net sintraal lei, waard it lykwols it haadplak fan de gritenij en letter gemeente. Yn 1827 waard oan de Voorstraat in nij gritenijhûs boud, dat yn 1892 as gemeentehûs mei in ferdjipping ferhege waard. Adel en patrisiërs hienen dêr harren deftige huzen, staten sels. Op de krusing fan de wegen Grins-Ljouwert en Kollum-Stynsgea ha fername wenningen stien. Net allinne de staten fan Herbranda en Jeltinga stienen by de krusing, mar skean dêrtsjinoer hienen de Scheltinga ‘s ek in kastieltsje, ek noch mei in grêft dêromhinne. Boelensstate lei westlik fan Bûtenpost, de Boelens-famylje levere yn de 17e ieu grytmannen foar Achtkarspelen. Op it plak dêr ‘t harren state stien hat is yn de jierren fuort nei de oarloch in doarpspark oanlein. In koartlyn boud appartemintenkompleks mei it útsicht op it park, hat de namme fan de eardere state oernommen. Doe ‘t dizze en ek de oare staten al lang wer ferdwûn wienen, waard yn 1877 as lêste Jeltingastate boud. Dizze state waard yn 1999 by in útwreiding fan it yn 1977 boude nije gemeentehûs as represintatyf elemint opnommen.

Begoedige boargers bouden fan ein 19e ieu ôf yn it kertier yn ‘e buert fan it stasjon en benammen yn de Stationsstraat harren notabele wenningen. Oan de noardeastkant boude de wenningstichting begjin 20e ieu in earste, flinke rige arbeidershuzen oan de Herbrandastraat, dy ‘t allegear ek al wer ferfongen binne troch nije, foaral bedoeld foar senioaren. Dêr yn it noarden waard it de earste doarpsútwreiding, want foar dy tiid wie de bebouwing oan alle kanten fan it wegenkrúspunt oanhâldend tichter en grutter wurden. En wat fierder fan it krúspunt ôf, wat agrarysker fan karakter, wat mear buorkerijen. Oan de westkant kaam yn 1927 in kazerne fan de maresjesee. Dy oardershâlders wienen dêr detasjearre om de betiden ûnrêstige en yn alle gefallen eigensinnige heidedoarpen yn it suden en westen fan de gemeente yn ‘e gaten te hâlden.

Fan de Voorstraat ôf rint, parallel oan de Kuipersweg, de útfalsdyk rjochting Stynsgea en Surhústerfean, de Kerkstraat nei de kloeke let-goatyske tsjerke, dy ‘t yn 1446 boud is. Sa as op in gevelstien te lêzen is, is dit godshûs yn 1613 nei in brân yn 1594 opnij boud. De toer is nochal wat âlder, dy moat om 1200 hinne ferriisd wêze en is yn de 16e ieu nochris ferhege. De tsjerke rekke ynboud yn de folle jongere doarpsbebouwing fan nei de oarloch, wêrtroch ‘t se op ôfstân it silhûet fan Bûtenpost bepaalt. Yn it doarp is de toer allinne fan betsjutting yn de neiste omjouwing. It gebou wie earder oan de bûtekant bepleistere, mar toant no wer har bakstienen hûd. De muorren binne iepene mei opfallend hege en brede finsters, wêrtroch ‘t de fraaie ynrjochting yn hear en fear útkomt. Der stiet in aardige rige hearebanken út de 17e ieu fan de famyljes dy ‘t de withoefolle staten en bûtens yn en om Bûtenpost bewennen. Ek de seis grutte roukassen en de rútfoarmige wapenbuorden binne harres. De preekstoel mei koperen lessener en hâlder foar de doopskaal datearret út 1769.

Yn 1945 krige Bûtenpost der in doarp by, der stienen yn dit Lytsepost destiids noch mar in pear huzen en buorkerijen, mar ea is it ien fan de acht karspelen west wêr ‘t de gemeente de namme oan te tankjen hat. De tsjerke en sels it klokhús binne der al lang net mear. Wol is hjir yn 1891 de suvelfabryk kommen, dy ‘t foar de oarloch al wer ticht gie. Yn 1947 waard der yn de gebouwen mei in timmerfabryk útein set.

De Rottefalle is in doarp wêrfan de namme foar it earst foarkomt yn 1622 en dat yn it midden fan de 17e ieu oan de Lyts stal krige. Der stie in herberch, in bierbrouwerij en in mole. De ferfeaningen fan de omjouwing op’ e grins fan de gritenijen Smellingerlân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel siet gong yn. Oan wjerskanten fan de Lyts en it Benedenverlaat kaam bebouwing ta stân. Dizze slûs lei yn de wetterferbining oer de Lyts nei de Burgumer Mar.

Oan it ein fan de 18e ieu murk de Tegenwoordige Staat van Friesland de Rottefalle amper op:’Daarenboven zyn hier, in ‘t Oosten, op de wal van de vaart de Lits, veele huizen gebouwd’; de zuidelijke bebouwing aan de Lits was nog een buurschap bij Opeinde. In het Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa uit het midden van de 19e eeuw: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd.... Ten Oosten van het Zwartveen zijn, op den wal van het riviertje de Lits, ook vele huizen gebouwd, die hoewel burgerlijk onder Opeinde, mbehooren tot het kerkdorp Rottevalle.’ Foar kollektive saken fan bygelyks skoalle en tsjerke, mar ek foar it hâlden fan in jiermerk wie de lizzing yn trije gemeenten ûnhâldber. Nei’t de ynwenners yn 1821 al besocht hienen om dit te ferienigjen, duorre it noch rom in ieu. Yn 1943 is de hiele Rottefalle troch grinsferoaringen by de gemeente Smellingerlân kommen.

Yn 1724 is in ienfâldige sealtsjerke mei geveltoer boud en dêr tsjinoer kaam yn 1890 de twa boulagen hege pastorije ta stân. De menisten bouden yn 1838 in ienfâldige sealtsjerke en de grifformearden yn 1937 in ekspresjonistyske tsjerke. Beide ferfongen âldere eksimplaren. De Herberg van Smallingerland oan it yn 1958 oandamme stik fan de Lyts is in mânsk gebou út 1791 mei bysûndere ynterieurs. De doarpsútwreidingen nei de oarloch ha foaral oan de noardkant plak fûn.

Hijum is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl by de mûning fan de Boarn. Fan de 11e ieu ôf is de terp yn de meast iere bediking – de Lege Hearewei en Hijumerweg – opnaam, wêrtroch‘t de terp alhiel binnendyks kaam te lizzen. Hijum wie mei de Hijumer Feart ûntsluten. Dizze komt yn de buert fan it eardere kleaster Genezareth út yn ‘e Feinsumer Feart om dêrnei ferbining mei de Dokkumer Ie te krijen.

De terp hat oarspronklik in radiale struktuer, mar dêr is net folle mear fan te sjen omdat op it rjochthoekige, hege tsjerkhôf nei, de terp om 1900 hinne sterk ôfgroeven is. It hôf mei in beammeseame leit as in eilân yn de iepen doarpskearn. It hichteferskil falt foaral op oan de westlike kant: dêr kaam dan ek de iisbaan te lizzen. Oan de noardkant leit it buertsje de Alde Ringwei en de ringwei is fierder mei wat muoite te werkennen by Efter de Wâl, de sportfjilden, by de Oerd en de Lege Hearewei lâns. De Ljouwerterdyk is letter eastlik fan it doarp ferlein en yn 1900 krige Hijum in stopplak 3e klasse fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg, dy‘t yn 1936 opheft is. It stasjonsgebou is bewarre bleaun, in beskieden gebou mei in útspringende partij. It trasee fan it spoar is noch yn it lânskip te sjen.

By it ynkommen rint de Lege Hearewei skean it doarp yn en dêr easket de grifformearde tsjerke, de Betheltsjerke, de oandacht op. It gebou is yn 1877 oplutsen op in T-foarmige plattegrûn en hat in aardich geveltuorke dat bekroand wurdt troch in iepen bewurke houten spitske. De âlde doarpstsjerke, wijd oan Sint-Nicolaas, is yn it twadde kwart fan de 12e ieu fan dowestien boud. Se hat in fiifkantich sletten koar (15e ieu) en in ynboude sealdaktoer. Dy foarmet mei de sydromten in westwurk, dêr‘t de noardlike sydromte fan op de ferdjipping ek noch in tonferwulf hat. It muorrewurk fan it skip fertoant sparfjilden, lisenen en rûnbôgefriezen.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |