|

Aldegea (Gaasterlân Sleat)


Aldegea (Gaasterlân Sleat)
©: Jan Dijkstra

Aldegea is ien fan de fjouwer doarpen fan de streek Noardwâlde, dêr’t de oarspronklike gritenijnamme ‘Hemelumer Olderphaert en Noordwolde’ op wiisde. De hiele streek is yn 1984 oan Gaasterlân Sleat tafoege. It doarp leit midden yn in leech gebiet dêr’t nei’t it lân yn 1835 bedike wie, yn de grutte Noardwâlder Feanpolder turf wûn wurde koe. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat de ferfeanings folop oan ’e gong binne.

It streekdoarp Aldegea leit hast twa kilometer súdlik fan de Fluezen. It doarp is yn de 12e of 13e ieu ûntstien en hat fan de trije (eartiids fjouwer) doarpen yn dy polder as ienichste in om it tsjerkhôf ploaide kearn. Troch beskieden nijbou krijt Aldegea geandewei mear it karakter fan in komdoarp. Oan de noardkant hat by dit doarp in stins fan de beruchte Ige Galama stien, de houdegen út de lette Midsieuwen dy’t in grut part fan de Súdwesthoeke ûnder kontrôle hold.

De doarpstsjerke stiet sûnder dat der sprake is fan in terp dôchs op in ferheging. De tsjerke giet sûnder mis werom op in âlde stichting, mar de tsjerkegebouwen hawwe it hjir nea sa lang úthâlden. Dêr komt noch by dat by de grutte wetterfloed fan 1825 in soad gebouwen oantaaste binne. Lêst 17e ieu is der in nije tsjerke boud, yn 1850 kaam de hjoeddeiske ta stân. It tuorke op de westgevel is noch wat jonger. De fan giele bakstientsjes boude tsjerke stiet skildereftich yn it beamteguod. De tsjerke hat in ienfâldich, evenwichtich ynterieur mei meubilêr dat koartlyn prachtich ljocht ‘houten’ is. Súdlik fan de tsjerke stiet de pastorije út 1895: in karakteristyk yn de breedte boud hûs mei middengong en in yn de hichte útboude middenpartij yn neorenêssânse trant. Krekt lyk as yn Kolderwâlde binne hjir ek oan de Ige Galamawei monumintale boerepleatsen te finen, meastal stjelpen.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Jan Dijkstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s