Regio's
It Lauwersmargebiet
By de Deltawurken tinkt eltsenien daliks oan Seelân en Súd-Hollân, dêr`t yn 1953 de Wettersneedramp plakfûn. Mar de dyk dy`t de Lauwersmar skiedt fan it Waad komt ek fuort út de yn 1955 oannommen Deltawet. Dy dyk waard, nei acht jaar wurk, op 25 maaie 1969 ticht makke.
De eardere Lauwerssee, 9000 ha grut, foel foar it grutste part definityf droech. De heechste stikken waarden ynrjochte foar de lânbou en der kamen rekreative foarsjennings en in militêr oefenterrein. Mar yn it grutste part koe de natuer frij syn gong gean om him te ûntjaan. Om 1980 hinne waard útein set mei aktyf natuerbehear. De oerbliuwende 2000 ha bleau iepen wetter en foarmet sûnt in oantreklik wettersportgebiet. It hiele gebiet hat op 12 novimber 2003 de status fan 'Nationaal Park' krigen.
It Lauwersmargebiet biedt syn besikers in hiel soad mooglikheden foar in oangenaam ferbliuw. Of jo it gebiet no mei de fyts, rinnend of fan it wetter ôf ferkenne, yn alle gefallen sille jo fersteld stean fan de prachtige natuer, it ôfwikseljende lânskip, de skitterjende fiersichten en de fasjinearjende wolkeloften en sinneûndergongen. En boppe-al troch de oerweldigjende rêst, want dy hearsket hjir noch. Fansels kinne jo jo eigen fyts, kano, surfplanke of (syl)boat meinimme. Mar it hóecht net. Op meardere plakken om de mar hinne kinne jo terjochte foar it hieren fan soksoarte saken. Der binne ek mooglikheden om it gebiet te ferkennen ûnder lieding fan saakkundige gidsen.
It gebiet hat eins te folle om op te neamen. Mar in pear 'highlights' wolle we jo net ûnthâlde.
- Iezumakeech: lânoanwinningsgebiet súdlik fan Iezumasyl, dat nei it ticht meitsjen fan de Lauwerssee as lânbougebiet yn gebrûk nommen waard, mar letter ta natuergebiet omfoarme waard: in boppeslach foar de fûgelleafhawwer!
- Bûtenhaven Lauwerseach: is fansels it ôfreispunt foar in dei nei Skiermûntseach. Mar sjoch ek ris efkes yn de fiskerijhaven: sjoch hoe`t de fisk oan wâl brocht wurdt en prebearje ris íén by in kream of in ien fan de restaurants; farsker kin net!
- Esonstêd: in by De Skâns boud fakânsjepark yn de foarm fan in âld fêstingstedsje; troch de ien ferhune as ‘nep’ en ‘sabeare neimakke’, troch de oar priizge as ‘eat nijs’ en ‘orizjineel’: dat moat men dus sjoen hawwe! Dêr giet trouwens ek in boat wei nei Skiermûntseach.
- Ekskurzje met de boskwachter: wolle jo de prachtige natuer echt belibje, dan kin in ekskurzje fansels net sûnder de lieding fan in kenner; der binne ferskate: rinnend, mei de boat, moarns betiid of by ljochtmoanne; der is foar eltsenien wol wat! Foar mear ynformaasje: sjoch www.lauwersmeer.org (kies: “Wat kan ik doen”).
Tekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Tusken wêr’t de Boarn en de Tsjonger har begjin fine - twa rivierkes dy`t it wetter fan it Drintske Plato nei it westen ta ôffiere - leit in ôfwikseljend lânskip mei bosk, heide, sânferstowings, puollen en feanûntginnings. It is it grinsgebiet fan de trije noardlike provinsjes. Allardseach is it ’trije-provinsje-punt’. Dêr leit de ’Landweer’, in ferdigeningswâl út de lette midsieuwen mei greppels oan wjerskanten, dy`t oanlein waard tsjin mooglike oanfallen fan Drinten en Grinslanners. Dit is it earste natuergebiet dat de provinsjale feriening foar natuerbeskerming, It Fryske Gea, krek nei it oprjochtsjen yn 1930, yn besit krige. Hjoed de dei is it in part fan it Mandefjild-Bakkefean, in skitterjend, ôfwikseljend natuergebiet fan 261 hektare, mei fyts- en kuierpaden en in rolstoelfreonlik paad.
De neiste omkriten fan Bakkefean hawwe fanâlds in soad oanlûkingskrêft foar gewoane toeristen en deitoeristen. Attraksjes yn it gebiet binne ûnder mear in iepenloftswimbad, in doalhôfpaad en in moderne ’belvedère’ (útsichttoer). Noardeastlik fan it doarp leit De Slotplaats, in bûtenpleats dy`t oarspronklik fan 1668 is. It eardere bûtenferbliuw is no in restaurant, teehûs en gearkomsteplak, mei in klassike tún mei slotgrêft deromhinne. De bûtenpleats yn syn gehiel is ien fan de gruttere boskgebieten fan Fryslân. Hiel bysûnder is de stjerfoarmige (oefen)skâns dy`t om 1995 hinne yn de bosk ûntdutsen waard en begjin dizze ieu restaurearre is.
Fuort súdlik fan de bûtenpleats ’De Slotplaats’ leit de Duerswâldster Heide. Dat natuergebiet hat syn namme ûntliend oan it doarp Duerswâld, dat yn 1973 mei it oanbuorjende Weinterp en Weinterpstreek gearfoege waard ta Wynjewâld. It is mei in oerflakte fan 145 hektare it grutste oaniensletten heidegebiet yn Fryslân en hat oan twa kanten bosk. It gebiet is bysûnder om in tal lytsere en gruttere, rûne puollen. Foar in part giet it dêrby om saneamde ’pingoruïnes’: restanten fan iisheuvels út de lêste ’lytse’ iistiid: yn dy tiid lei Nederlân net ûnder in iiskap, mar it wie wol sa kâld dat de ûndergrûn permanint beferzen wie (permafrost). De iisheuvels ûntstienen trochdat yn ferhâlding waarm grûnwetter troch swakke plakken yn de beferzen grûn omheech sipele, krekt ûnder de oerflakte befrear en de dêr boppe lizzende grûn omheech treau. Troch de kontinue oanfier fan grûnwetter groeide de iiskearn hieltyd fierder en glied de laach grûn op in beskaat stuit nei ûnderen. doe`t de temperatuer omheech gie, teide it iis en bleau in gat fol mei wetter oer, mei in ringwâl deromhinne: de pingoruïne.
In oar bysûnder gebiet is de saneamde Blauwe Bosk, dat tusken Waskemar, De Haule en Haulerwyk leit en dat sa hjit om de blaueftige spjirren dy`t der groeiden. Tagelyk mei nuddelbosk is der ek leafbosk, greide, wetter en heide. Koartsein: in tige ferskaat gebiet. It hiele stik is frij tagonklik en lient him o sa om it rinnend, op it hynder of mei de fyts te ferkennen.
Troch it mei opsetsin neamen fan boppeneamde gebieten wurde de oare parten fan dizze streek eins tekoart dien. De bosk- en heidegebieten lizze middenmank grutte feanûntginnings, dy`t lânskiplik en kultuerhistoarysk ek tige de muoite weardich binne. En wêr’t op guon plakken boppedat ek noch ris wichtige natuerwearden oanwêzich binne, lykas yn de Haulerpolder, súdlik fan De Haule. De ûntginningsskiednis is te sjen oan it tige regelmjttige lânskip. Dy regelmaat komt fan de meast kearsrjochte ’wiken’. Dat binne sleatten dy`t mei sin groeven binne en wichtich wienen foar de ôfwettering en dy`t tsjinnen foar de ôffier fan de turf. De fierdere ôfset dêrfan fûn plak oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Dy farferbining is tsjintwurdich in part fan (de grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel.
Al mei al binne it net de losse, bysûndere gebieten dy`t dizze streek sa oantreklik meitsje, mar giet it just om de unike kombinaasje fan oan de iene kant de ferskillende soarten lânskippen en oan de oare kant de natuerlike en kultuerhistoaryske wearden.
Tekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Beestersweach waard lanlik bekend doe`t de parse der efter kaam dat bûtenpleats Lauswolt de ’geheime’ lokaasje wie foar de besprekkings dy`t úteinlik laten ta it kabinet Balkenende IV. De kar fan de politike lieders foar dy omkriten is net sa frjemd: fier fuort fan alle hektyk, yn it skaad fan it beamtegrien én mei de nedige grandeur. Net om `e nocht stiet Beetstersweach by ’ynwijden’ ek wol bekend as ’it Wassenaar fan het noarden’.
Fanâlds wienen de omkriten fan Beetstersweach al yn trek by de adel en it patrisiaat, dy`t dêr harren bûtenpleatsen mei bûtenferbliuwen bouden. Begjin njoggentjinde ieu waard troch de grutgrûnbesitters begûn mei it op grutte skaal oanplantsjen fan bosk. Sûnt dy tiid ûntjoech it doarp him ek ta in wenplak dat oant de dei fan hjoed assosjearre wurdt mei ’sjyk’ en ’deftich’. De bosken om Beetstersweach hinne binne lânskiplik sjoen in juwieltsje: om en om nuddelbosk en leafbosk mei tuskentroch stikken greide, heide en wetter. Neist de bûtenpleats Lauswolt, dêr`t ek in golfbaan oanlein is, leit hjir noch it prachtige Park Olterterp, dat yn de lânskipsstyl oanlein is. Yn it lânhûs mei deselde namme, dat yn 1907 boud waard as ferfanging fan in âlder slot, sit It Fryske Gea, de provinsjale feriening foar natuerbeskerming.
By de Boarn lâns (of Alddjip) - in ôfwetteringsrivierke fan it Drintsk Plato - leit der in brede, stripe iepen lân dy`t troch it gebiet fan east nei west rint. Súdlik dêrfan is der wer bosk en dêr leit ek de Liphústerheide, in grut stik heidefjild fan 6 hektare. Noch fierder nei it suden giet de bosk oer yn it heal iepen lânskip om De Himrik en Lippenhuzen hinne. Dêr is de skiednis fan it ferfeantsjen fan it gebied noch dúdliker te sjen troch de strakke ferkaveling yn de foarm fan lange smelle stikken lân.
Dat lêste jildt ek foar it westlike part fan de regio, tusken De Gordyk en de Wide Ie (westlik fan Drachten). Dêr sjocht men in ôfwikseljend lânskip dat bestiet út grutte feangebieten, lytse stikjes bosk en wetter. De Boarn giet hjir fierder syn wei, en fierder lizze hjir de Nije Feart en it Polderhaadkanaal, dy`t beide groeven binne foar de ôfwettering én de ôffier fan turf. It kersrjochte Polderhaadkanaal, dat by Nij Beets in heakse bocht makket yn de rjochting fan de Nije Feart, is fan 1875 en waard yn 1967 ôfsletten foar de skipfeart. Ynkoarten giet it foar de rekreaasjefeart op `en nij iepen. Dêrmei ûntstiet in ekstra skeakel tusken de Turfrûte, dêr`t de Nije Feart in part fan is, en it Fryske Marregebied. Foar in moai byld fan de skiednis en de gefolgen fan it ferfeantsjen yn it gebiet is der it museum It Damshûs yn Nij Beets.
Oan de ein mei de Weinterper Skar perfoarst net oerslein wurde: in natuergebiet eastlik fan de bosken fan Beetstersweach dat bestiet út bosk, puollen, heide en rûge greide. Troch dat gebied rint in trije kilometer lange ’poëzijrûte’: in kuier by fyftjin panielen lâns mei gedichten fan ferskillende dichters, yn it Frysk, Nederlânsk én Stellingwerfsk, de streektaal dy`t yn Súd-east Fryslân praat wurdt. De gedichten binne, foarlêzen troch de dichter sels, ek te beharkjen mei in mp3-spiler. De lûdsbestannen en de teksten steane op it webstee fan ’Staatsbosbeheer-MP3’.
It sil dúdlik wêze: de wide omkriten fan Beetstersweach binne yn alles in tige oantreklik gebied. Natuer, rêst, lânskipsskiente, kultuer en kultuerhistoarje, sportive mooglikheden: dizze regio hat in hiel soad te bieden. Der is op him sels al in ferskaat fan bosk: dy lient him ek noch by útstek foar kuierjen, hynsteriden of mountainbiken. En foar wa`t it enoarme ferskaat fan de hiéle regio ûntdekke wol, is de fyts in útsocht ferfiermiddel. By einbeslút kin ién en oar ek noch kombinearre wurde mei in fartocht troch it gebied.
Tekst: © Foto: © FrieslandWonderland
’Hert fan Fryslân’, sa wurdt Grou faak neamd. Letterlik sjoen kin men dêr eins net folle op ôftingje: it doarp leit likernôch yn de midden fan de provinsje. Yn oerdrachtlike sin is der lykwols ek in soad te sizzen foar dy beneaming: Grou stiet symboal foar Fryslân as wettersportprovinsje. It doarp is net om `e nocht it prachtige dekôr foar de iepeningswedstriid fan it jierlikse ’skûtsjesilen’ op de Pikmar en de Wide Ie. Benammen yn de moannen juny, july en augustus is Grou in tige drok besocht en brûzjend wettersportsintrum. Mar it doarp hat mear te bieden as allinne it wetter, folle mear.
Fóar de opkomst fan de wetterrekreaasje wie Grou al in bloeiend doarp. De sintrale lizzing en it wetter dat der oeral is wienen geunstich foar hannel, skipfeart, fiskerij en lyksoartige bedriuwichheid, lykas skipswerven, seilmakkerijen en touslaggerijen. Der wie net allinne in soad wetter om it doarp hinne, mar ek ýn it doarp. It measte dêrfan is tichtsmiten, mar de ’arsjipelstruktuer’ is noch dúdlik te sjen. De kombinaasje mei de meast foarname bebouwing soarget foar in sfearfolle en foar in part deftige ambiânse.
In unyk barren is it Sint Piterfeest, dat alle jierren op 21 febrewaris fierd wurdt en min of mear de Grouster wjergader is fan it Sinteklaasfeest. It feest is neamd nei de beskermhillige fan de fiskers en de skippers. Oan dy Sint Piter is ek de ymposante tolfde-ieuske tsjerke wijd. Oare bysûnderheden dy`t de muoite fan it besjen wurdich binne binne it mineralogysk museum en it yn 1942 boude riedshûs, mei yn de kelder museum De Trije Grietenijen.
Súdlik fan Grou leit Akkrum, in oar typysk wettersportdoarp. Wat minder drok as Grou, mar ek tige libben en gesellich. It doarp is de skeakel tusken de Fryske Marren en de Turfrûte, in rekreative farrûte troch súdeast Fryslân, de Kop fan Oerisel en it westen fan Drinte. Lykas Grou is Akkrum ek foar de net-wettersporter oantreklik. Troch de ôfwikseling fan meast karakteristike bebouwing mei moaie iepen romten is it sûnder mear in fraai doarp.
Hiel bysûnder is Coopersburg, yn 1901 boud as ’tehuis voor minvermogende ouderen’. It is neamd nei de begoedige stichter Folkert Harmens Kuiper, dy`t 23 jier âld út Akkrum emigrearre wie nei Amearika en him dêr Cooper neamde. Yn it derby hearrende park liet er foar him sels en syn frou in prachtich mausoleum bouwe. In oar bysûnder gebou is Welgelegen, yn 1924 boud as ’tehuis voor ongetrouwde dames en weduwen’. Keunstleafhawwers kinne terjochte by Atelier Wynske en Atelier Zuup (in Nes). En wolle jo ris hiel wat oars? Doch mei oan it Open Fries Kampioenschap Slingeraap, dat alle jierren yn Akkrum holden wurdt.
De Kromme Knilles slingeret ek, sa’t de rivier de Boarn tusken Akkrum en it Prinses Margrietkanaal hjit. Oan de oare kant fan dat kanaal leit Jirnsum, in sfearfol wettersportdoarp, krekt wer wat rêstiger as Akkrum. Hjir hat de Boarn de alles betsjuttende namme ’Rak fan Ungemak’: troch it grutte tal bochten koe men de rivier net maklik besile. De skiednis fan it doarp wurdt wiidweidich en aardich ferwurde en ferbylde op www.irnsum.nl.
Bûten de trije wettersportdoarpen fine jo wier in oäze fan rêst. Greiden sûnder ein, wetter, prachtige fiersichten, monumintale pleatsen en hjir en dêr in ferstille doarpke. In paradys foar fytsers, ruters, kuierders en skeelerders. Fytsen kinne jo hiere yn Grou of Akkrum. In moaie en goed dokumintearre rûte is ’De 8 van Grou’, te krijen by de VVV. Mar jo kinne de omkriten fansels ek hiel goed op eigen manneboet ûntdekke. In must foar natuerleafhawwers is it gebiet om Goaiïngahuzen hinne, súdlik fan de Pikmar en de Wide Ie. Hjir lizze de Botmar en it "Unlân van Jelsma en Kobbelân". Trije houtene spinnekopmoles meitsje it plaatsje folslein.
Grou mei dan ’it hert fan Fryslân’ wêze, it échte middelpunt is Eagum, ién fan de lytste doarpkes fan de provinsje. Teminsten, it wíe ea it middelpunt. Mooglik. Neffens de oerlevering stiet de opfallende, sûnt inkelde ieuwen losse, tsjerketoer sels deun neist it middelpunt fan de wrâld.
Nijsgjirrich? Gean it sjen!
Tekst: © Foto: © FrieslandWonderland
It bêst bewarre geheim fan Fryslân leit wierskynlik westlik fan Wolvegea: in skitterjend gebiet dat by it grutte publyk amper bekend is en mei dêrtroch syn autentike karakter beholden hat. Grutte, wide feanpolders, sleatten, fearten, rivierkes, petgatten, sompen, âlde diken, slûzen, gemalen, mûnen: leafhawwers fan rêst, natuer en kultuerhistoarje kinne hjir harren hert ophelje. Hâlde jo fan kuierjen? Of mear fan fytsen? Farre? Hynsteride? Kanofarre? Skeelerje? It kin hjir allegear!
De Grutte Feanpolder, sa stiet it gebiet súdwestlik fan de Helomafeart bekend. Oan de oare kant fan dy feart bestiet it lânskip út in tal lytsere feanpolders, dêr`t de nammen fan yn de measte gefallen net tsjûgje fan in soad fantasije: ’Polder De Ontginning’, ’Hoekstra’s Polder’, ’Polder Oldelamer’
Yn de niisneamde polder leit, tsjin De Tsjonger oan, natuergebiet ’Het Braandemeer’, dat bestiet út in marke, stikken greidlân, sompe, petgatten en reidlannen. Klik hjir foar in wiidweidige en orizjinele beskriuwing fan dat gebiet (mei prachtige foto’s derby). In bytsje nei it suden leit noch sa`n skitterjend natuergebiet: de Rottige Meenthe. Dat gebiet beslacht de eastlike helte fan de Grutte Feanpolder dy’t, oars as it westlike part, nei it ôfgraven fan it fean net droechmeald en yn kultuer brocht is. Dat hat dêr ek in ferskaat fan petgatten, reidlannen en sompen en in tige bysûndere floara en fauna opsmiten. It gebiet kin rinnend, mei de fyts of mei de kano ferkend wurde. Wolle jo in saakkundige taljochting, dan kinne we jo de geregeld fan Steatsboskbehear organisearre ekskurzjes oanrikkemandearje.
Keunst en kultuer spilet in wichtige rol yn de ’Rottige Meenthe’. It gebiet is ûnder oaren it dekôr foar twa opera’s, dy`t alle jierren organisearre wurde: dy fan Nijetrine en dy fan Spangea. Mear ynformaasje fine jo hjir. Yn it lêste doarp is ek it (op ôfspraak te besytsjen) atelier mei galery te finen fan keramiste en plateelskilderes Alie Jager en ambachtskeunstatelier Zink en Zilver.
De Grutte Feanpolder is ek yn kultuerhistoarysk opsicht in tige nijsgjirrich gebiet. Ieuwen foar de feanûntginning waard hjir (troch muontsen?) De Skene (Stellingwerfsk: De Scheene) al groeven, dy`t it gebiet tusken de ûnderrin fan De Tsjonger (Stellingw.: De Kuunder) en De Linde (Stellingw.: De Lende) yn twaen spliste. Letter waard dy grinssleat ferbrede foar de turffeart. Tsjintwurdich is De Skene in idyllysk, sa te sjen natuerlik lânskipselemint. Wêr’t de Skene útkomt yn de Helomafeart leit de ’Scheenesluis’. Dêr deun by steane twa fan de protte wettermûnen dy`t it gebiet fan de Grutte Feanpolder droechmealden.
De al earder neamde Helomafeart ferbynt De Tsjonger en De Linde meiïelkoar en waard yn 1748 oanlein om de turf mei it skip offiere te kinnen. De feart is neamd nei de famylje Van Heloma, dy`t yn 1704 yn besit kaam fan de ’Weststellingwerfsche geoctrooieerde Veencompagnie’. Op it plak dêr`t de feart yn De Linde útkaam, waard yn 1927 de ’Driewegsluis’ boud. Dy yn Nederlân unike slûs wie nedich om de wettersteatkundige needsaak: om yn de Helomafeart, de bopperin fan de Linde én de ûnderrin trije ferskillende wetterstannen te realisearjen. It kompleks is yn 1994 yn âlde steat restaurearre.
De Linde en De Tsjonger komme byelkoar by Slikenboarch. De oarsprong fan dit doarp as ferdigeningsskâns tsjin de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch is neat mear fan te sjen. It is wol sa dat de âlde diken hjir oan de tiid tinken dogge dat it doarp noch oan de kust fan de Sudersee lei. By it doarp rint de N351 del dy`t neamd is nei Peter Stuyvesant, de direkteur-generaal fan de eardere Nederlânske koloanje ’Nieuw-Nederland’, dêr`t Nieuw-Amsterdam (it tsjintwurdige New York) de haadstêd fan wie. By Skerpenseel, it doarp dêr`t er opgroeide, stiet oan de N351 in monumint ta eare fan dizze wichtige histoaryske figuer. In stânbyld fan him stiet oan de Tsjerk Hiddeswei yn Wolvegea. Dat doarp is in besite wurdich: ûnder oare om Museum Het Kiekhuus en de Oudheidkamer dy`t yn de mûne ’Windlust’ sit. Noch mear ynformaasje oer de lokale skiednis kinne jo krije mei it Historisch Informatie Punt dat yn de ’Openbare Bibliotheek’ sit. En as jo dêr dan dochs binne, sjoch dan ek ris efkes yn de Kijkzaal, dêr`t wikseljende keunstútstallings holden wurde.
Tekst: © Foto: © FrieslandWonderland
Om de Langwarder Wielen hinne
De streek om de Langwarder Wielen hinne is in unyk stikje Fryslân. Nearne yn de provinsje sjocht men yn sa`n lyts gebiet sokke grutte lânskiplike ferskillen: de widens en iepenens fan it feangreidegebiet mei de Wielen en De Kûfurd en dêrfoaroer de yntimiteit en beslettenens fan de bosken by Sint-Nyk. It ferline is hjir noch dúdlik te fernimmen en te sjen en de streek azemet sûnder mear de nedige 'grandeur': it skildereftige, wat sjike Langwar; de bosken mei har steatige leanen en monumintale lânhuzen; it deftige De Jouwer; mar ek it grutte tal monumintale pleatsen yn it bûtengebiet.
Syn alluere hat de streek te tankjen oan it ferline. Tanksij de geunstige lizzing oan it wetter ûntjoech Langwar him om 1600 hinne ta merk- en havenplak mei in waach, in 'regtshuys' en ferskate lúkse wenhuzen foar de begoedige boargerij, dêrûnder Osingastate. In ferliking tusken de moaie âlde foto's út it boek 'Trije Swannen yn folle Flecht' en de hjoeddeiske situaasje leart dat it doarp syn histoaryske karakter foar in grut part beholden hat. Neffens in soad minsken is De Buorren de moaiste doarpsstrjitte fan Fryslân. Om syn sjarme, yn kombinaasje mei de prachtige omjouwing en de wettersportmooglikheden, mei it doarp hjoed de dei ek noch ferskillende notabelen en bekende Nederlanners ta syn ynwenners en geregelde gasten rekkenje.
Men kin it jin tsjintwurdich hast net mear yntinke, mar De Jouwer wie yn it ferline ek in wichtich havenplak: dêrút wei waard sels op Ingelân en Skandinavië fearn. Neist de hannel ûntstie ek it nedige ambachtswurk en de nedige yndustry, lykas skipswerven, meubelmakkerijen, koperjitterijen, klokkemakkerijen en fansels de kofjebrânerij fan Douwe Egberts. It doarp ûntjoech him ta in saneamde 'vlecke', in plak dat tusken in doarp en in stêd yn sit. De stedske trekjes en it rike ferline jouwe De Jouwer in hiel eigen oansjoch.
Yn de skadige bosken by Sint Nyk steane ferskillende steatlike wenhuzen. De Vegelinbosken binne neamd nei de man dy`t se yn de achttjinde ieu oanplantsje liet, Johan Vegelin van Claerbergen. Dy man, waans neiteam de bosken noch altyd yn besit hat en beheart, wie ek de driuwende krêft efter it ynpolderjen fan de leechlizzende lannen yn de streek. Wilhelminaoord, in kuierbosk, waard healwei de njoggentjinde ieu oanlein. De bosken wienen en (binne noch altyd) in attraksje foar deitoeristen út de wide omkriten. By herberch 'Huis ter Heide' waard in kolfbaan oanlein. Beide binne ûnderwilens ferdwûn. Folle letter kaam in eintsje fierderop de hjoeddeiske 18-holes golfbaan.
De streek is fansels yn it foarste plak in walhalla foar de wettersporter. Langwar is in wettersportdoarp mei styl en tradysje. De pleatslike sylklup waard al yn 1859 oprjochte en is dêrmei ien fan de âldste fan Nederlân. De Langwarder Wielen steane yn streekrjochte ferbining mei it fierdere grutte Fryske Marregebiet. Hja binne alle jierren it dekor foar ferskillende sylwedstriden, dêrûnder it ferneamde skûtsjesilen.
As jo séls silen leare wolle dan kinne jo terjochte by sylskoalle Neptunus yn Jiskenhuzen, it berteplak fan Egbert Douwes, grûnlizzer fan Douwe Egberts. Bliuwe jo dochs mar leaver op it lân? Gjin probleem: mei de fyts, op de motor, rinnend of op skeelers lit de streek him ek hiel goed ûntdekke. Nim bygelyks ris de 'pontsjerûte' (sjoch op Route Zuidwest Friesland.nl by Langwar). Of stippelje op dy site in eigen rûte út mei help fan it útsochte systeem fan (fyts)knooppunten.
Op De Jouwer is safolle te sjen en te dwaan dat jo der maklik in hiele dei foar útlûke kinne. Kombinearje bygelyks in lyts moarnsskoft winkeljen mei in besite oan Museum Joure, dat yn in prachtich yndustrieel kompleks sit út de ein fan de njoggentjinde ieu. It yn 2008 iepene, unike Puzelmuseum is ek in lytse besite mear as wurdich. Of doch it Jouster Kuierke, in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp, ûnder lieding fan in gids. Keunstleafhawwers hawwe de kar út meardere galeryen.
In pear kear it jier, by in tal grutte, spektakulêre eveneminten, is it yn it doarp ekstra gesellich: de Boerebrulloft, de Ballonfeesten(beide ein july) en de Jouster Merke (ein septimber). Benammen yn de simmermoannen wurde ek noch tal fan oare, lytsere aktiviteiten organisearre. Wolle jo séls in hiel bysûndere aktiviteit dwaan, dan rekommandearje wy in kursus fierljeppen by de pleatslike fierljeppersferiening fan herten oan.
Tekst: © Foto: © FrieslandWonderland
De namme fan dizze streek is ûntliend oan de eardere gemeente mei deselde namme, dêr`t it gebiet dêr`t hjir om giet rûchwei de eastlike helte fan is. Skoatterlân wie yn de njoggentjinde ieu ek de namme fan íén fan de kiesdistrikten yn Fryslân. Dat distrikt keas yn 1888 Ferdinand Domela Nieuwenhuis as earste sosjalist ea yn de Twadde Keamer. Dy dominy, frijtinker, sosjalist en anty-militarist hie him tige ynset om de jammerdearlike libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen. De ûntginning fan it fean hat in wichtige stimpel set op de (sosjale) skiednis fan it gebiet. En yn it hjoeddeistige lânskip is it ôfprintsel fan dat stimpel noch altyd hiel dúdlik te sjen.
Foar de ôffier fan de turf wienen se yn de midden fan de sechstjinde ieu by It Hearrenfean begûn mei it graven fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Dy feart waard yn de rin fan de ieuwen stikje by bytsje yn eastlike rjochting trochlutsen. Omdat it dêr stadich omheech rûn, wienen slûzen nedich. De earste slûs kaam by it hjoeddeiske Bontebok, de twadde noardlik fan Aldhoarne en de tredde by it hjoeddeiske Jobbegea, dat oant fier yn de tweintichste ieu oantsjut waard as Tredde Slûs. Oan wjerskanten fan de haadûntsluting ûntstie in regelmjittich stelsel fan lytsere fearten en sleatten en, yn de heger lizzende gebieten, dykjes. By it jaan fan nammen oan al dy saneamde ’wiken’ wie de fernimstichheid net oeral like grut: yn de Hoarnstersweachsterkompenije, it gebiet eastlik fan Jobbegea, kamen se net fierder as ’1e Wyk’, ’2e Wyk’ ensafuorthinne, oant en mei ’19e Wyk’.
Nei it ôfgraven fan it fean wie it lân op de measte plakken net daliks gaadlik om te brûken: yn de leger lizzende gebieten wie it te wiet of stie it sels ûnder wetter, en de heger lizzende sângrûnen wienen net o sa fruchtber. It lânskip lei der nochal ferlitten by en in soad bewenners hienen in lijerich bestean. Stikje by bytsje waard it lân yn kultuer brocht, meast troch de bewenners sels. Trochdat it allegear lytsskalich wie en it stadichwei gie, krige tagelyk de natoer gelegenheid om wer foarút te gean.
De ûntsteansskiednis hat meibrocht dat der in prachtich, ôfwikseljend lânskip ûntstie dêr`t oan de iene kant de ynfloed fan de minske hiel dúdlik te sjen is en oan de oare kant de natoer op `en nij in dúdlik plak ferovere hat. In rjochtlinige ynfrastruktuer en systematyske ferkaveling, iepen greidelânskip, lytsskalige stikken lân mei beamwâlen deromhinne, bosk, heideIt lânskip hat hjir in soad smaken, dy`t him op mear as ien manier priuwe lit: op `e fyts, rinnend, op it hynder, mei de boat of yn de kano.
It gebiet hat twa ’offisjele’ natoergebieten. Westlik fan Nijhoarne leit de Ketliker Skar, in tige ôfwikseljend, goed 400 bunder grut natoergebiet dat bestiet út heide, greide, wetter en kultuerbosk. Utsein inkelde kuierrûten hat behearder It Fryske Gea hjir ek in rolstoelfreonlik paad oanlein fan likernôch 2,5 kilometer, dat as rûntsje ôflein wurde kin. Súdeastlik fan Aldhoarne lizze de ’Kikenberch’ en it ’Tolheksbosk’, dy`t beide in part binne fan it natoergebiet Tjongervallei
.De doarpen Nij- en Aldhoarne organisearje alle jierren, op de lêste saterdei (sneon) fan septimber it saneamde Flaeijelfeest (Flaeijel = in swingel om te terskjen, Nedl.: ’dorsvlegel’). Op dit tradisjonele rispinge- en terskfeest wurde alle kanten fan it eardere libben op it plattelân foar it fuotljocht brocht. It barren lûkt alle jierren tsientûzenen besikers.
Dizze unike streek mei har sosjaal rûzige skiednis, har troch minskehannen makke struktuer, har kultuerhistoarje dy`t je fiele- en sjen kinne én har lânskiplike en natoerlike kwaliteiten hie eins ek yn íén wurd gearfette wurde kind: yntrigearjend! Want wa kin syn nijsgjirrigens en fantasije noch ynhâlde by it lêzen fan nammen as Bontebok, Spekpôlledraai, Belgyske Wyk, Lúksemboarch, Prikkedaam en Sing Sang (in dykje tusken Bontebok en Jonkerslân).