Surhústerfean
Surhústerfean is in feankoloanjedoarp dat om 1600 hinne ûntstien is op it lange doarpsgebiet fan Surhuzum, wêr’t ek it noch súdliker feangebiet oan en mei de grinzen fan Smellingerlân ta hearde. By dizze ferfeaningen en dus by de doarpsfoarming ha menisten in promininte rol spile. Der hat yn it begjin fan de 18e ieu tydlik in koloanje fan menisten út Würtemberg wenne.
It plak hat noch altyd in promininte minniste gemeente mei in tsjerke út 1801. Oan it ein fan de 18e ieu, doe’t Surhústerfean al in plak fan betsjutting wie, mar noch hieltyd by Surhuzum hearde, waard skreaun: ‘Onder ’t zelve behoort de buurt Zuurhuisterveen, welke uit eene groote menigte van huizen bestaat, die alle langs de Veenster vaart, in een vermaakelyke en lommerryke plaats, midden in de hooge veenen zijn gestigt, en alwaar, in ’t laatst der voorige eeuw, ook eene nieuwe Kerk is gebouwd, die door haar eigen predikant bediend wordt. Niet verre van Zuurhuisterveen liggen de buurten Kortwolde, Ophuis en eenige andere op de kaart gemeld. Voorts behoort onder Zuurhuizum een gedeelte van de buurt de Rottevalle, ruim twee uren gaans van de kerk gelegen.’
De Feanster Feart stie as in dwersfeart heaks op de Nije of Kompanjonsfeart dy’t fan it Knillisdjip ôf en even westlik fan Stynsgea hast rjocht nei it suden groeven wie. Oan wjerskanten fan de dwersfeart festigen har net allinne ferfeaners, mar ek ambachtslju en nearingdwaanden. Der groeiden foaral oan de eastlike earm sletten bebouwingswanden by de Feanster Feart lâns . Yn it midden fan de 19e ieu rûn de feart noch by de tsjerke lâns. Dêr wie doe al in stik fan de feart dimpt. Inkele hûnderten meters rûn de bebouwing by de dyk lâns troch om dan wer de Lauwers tsjin te kommen. De Lauwers rûn nei twa bochten ûngefear parallel oan de âlde wetterloop fan de Lauwers nei it noarden.
Oan de U-bocht tusken de Lauwers en de Nije Feart is Surhústerfean groeid. De westlike earm fan de Feanster Feart dy’t hast oant it begjin fan Boelensloane rikte, bleau oant hjoed de dei los beboud.
Yn 1934/35 ferlear Surhústerfean syn karakter as feankoloanjedoarp doe’t de feart yn fazen dimpt waard. Skean op de dimpte feart waard nei it súdeasten de brede Grinswei- dy’t oan it begjin Jan Binnesleane hjit, oanlein. It pleineftige krúspunt waard in belangrike knoop yn de fierdere ûntwikkelingen. Dêr fregen ûnder mear in fraaie notabele wenning mei útboude middenpartij en in deftige, grutte rjochthoekige wenning fan twa boulagen fan 1900 de oandacht. It wie ek it belangrykste plak fan de start fan it doarp, want dêr waard oan de noardkant yn 1685 de tsjerke stichte, wêrmei Surhústerfean him feitlik losmakke fan it memmedoarp Surhuzum. De tsjerke is in uterst beskieden gebou, it plak is har boppe de holle groeid. De sealtsjerke bestiet, efter de foartsjerke mei in ienfâldige rûnbôgige tagong, út trije traveeën dy’t mei licht spitsbôgige finsters iepene binne. Krekt efter de westgevel stiet in houten dakruter.
Skean tsjinoer de tsjerke en by de yngong fan de winkelstrjitte De Kolk hat Pleatslik Belang yn 1934 in doarpstoer oprjochte, in opgeande toer fan reade bakstien mei oan alle kanten oerwurken, in piramidedak en ekspressyf mitsele treppen en blombakken oan de foet. Oan de Grinswei stiet in opmerklike rige ticht opinoar pakte mar wol frijsteande boargerhuzen út it midden fan de tritiger jierren. Foar de arbeiders wie ek al betiid mei soarch boud. Oan wjerskanten fan de Van Kammenstrjitte boude Wenningstichting Achtkarspelen yn 1920 in oantreklik lyts kompleks. It plak wreide ynearsten yn súdeastlike rjochting út, tusken de dimpte feart en de Grinswei . Surhústerfean groeide út ta it winkelsintrum foar de wide omjouwing. Ek de groei fan de yndustriële bedriuwichheid joech alle reden om de wenningbou nei de oarloch te ferfetsjen. Súdlik fan de Grinswei en noardlik fan de Dellen en Nije Jirden binne flinke útwreidingswiken ûntwikkele.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel