|

Sint Anne


Sint Anne
©: FrieslandWonderland

St. Anne is in streekdoarp dat nei de ynpoldering fan It Bilt fan it begjin fan de 16e ieu ôf fan streek ta doarp útgroeid is op de krusing fan de Middelwei en de Noorder en Súdderfaart. Doe’t de Kaaifaart oanlein is, is de Súdderfaart om 1860 hinne oandamme.

It is it sintrale doarp en it haadplak fan It Bilt. Ynearsten waard it Altoenae neamd. De ûntwikkeling koe begjinne nei’t yn 1505 de earste seedyk fan It Bilt opsmiten wie. It lân waard rasjoneel yn rjochthoekich krusende wegen en fearten opdield, in renêssânse lânskip. It Bilt krige fan de Saksyske Hear fan Fryslân de status fan gritenij, de jongste fan Fryslân. De bebouwing rûn de Noorderfaart en foaral de Middelwei – dy’t yn it sintrum tsjintwurdich Statenwei en Van Harenstrjitte hjit– lâns út. Ynearsten stie it rjochthûs súdeastlik fan de krusing, njonken it hûs fan de grytman. It nije gemeentehûs is yn 1927 nei ûntwerp fan Doeke Meintema fierder eastlik oan de Van Harenstrjitte boud. It is in freonlik, leech fleugelgebou mei opfallend hege, brutsen kappen en in represintative, heger oplutsen middenpartij mei gemeentewapen. Even fierderop stiet de grifformearde tsjerke. In troch Ane Nauta yn 1927 ûntwurpen flinke ekspresjonistyske krústsjerke mei in dakruter op de krusing. De bebouwing oan de Van Harenstraat is wikseljend: oan de súdlike kant sletten mei inkele fraaie huzen út de perioade 1880-1920, wêrtusken nûmer 24 út it midden fan de 19e ieu âlder is.

Hielendal oan de Middelwei-East steane opmerklike rigen arbeiderswenningen dy’t tusken 1919 en 1931 boud binne. Ek oan it earste diel fan de Warmoesstrjitte nei it suden stiet in fariearde, sletten bebouwing, mei inkele histoaryske gebouwen. Yn de westlike wand binne ek moderne winkelhuzen kommen. Oan de Statenwei is de bebouwing losser; der binne nochal wat boargerhuzen en represintative wenningen foar de doarpselite te finen, sa as de eardere dokterswenning yn chaletstyl út 1874. De ienfâldige neoclassicistische sealtsjerke foar de menisten is der mei pastorije yn 1871 boud. It tsjerkje krige yn de fyftiger jierren in nije foargevel. Dêr stiet ek it eardere rêsthûs De Vlaswiek. Dit fleugelgebou op in E foarmige plattegrûn hat útspringende midden en hoekpartijen en it gehiel is yn neorenêssânsefoarmen fersierd. Der efter is yn de njoggentiger jierren op in elegant stêdeboukundich patroan in nije buert oanlein.

Oan de Steedhâlderswei mei in like wikseljende, jongere bebouwing falt de rige goed fersoarge arbeiderswenningen op dy’t yn 1921 oan de westlike kant fan de Noorderfaart boud binne. Opfallend is it moaie plak dy’t oars meastal foar represintative bebouwing reservearre waard. Fierder nei it noarden, wêr’t eartiids ek in hiele rige yndustrymolens stienen, steane oan de Steedhâlderswei grutte pleatsen, wêrfan ien út 1757 mei in 18eieusk foarhûs mei klokgevel. In oare pleats mei in skuorre út 1771 hat ûnder in leger diel fan it dak in feranda op pylders.

St. Anne is de kearn fan It Bilt, en binnen it doarp foarmet de herfoarme tsjerke wer it sintrum. Dizze saneamde Van Harenstsjerke is yn 1682 op inisjatyf en ûnder beskerming fan de ynfloedrike grytman Willem van Haren boud. It is in romme, achtkantige tsjerke, neffens it ideaaltype foar de protestantske earetsjinst. Foar de Van Harenfamylje is al gau (1686) ek in achtkantige begraafkapel tsjin de noardkant fan de tsjerke boud. Hjirtroch waard it gehiel in soart mausoleum foar dit geslacht. De frij swiere klokkekoepel wurdt ynwindich droegen troch fjouwer pylders. De fersierde yngongen binne letter ta portalen útboud. It ynterieur hat prachtich meubilêr út de boutiid fan banken mei blakers. Fierder in ein 17eieuske preekstoel mei eksellint fersiersel en ornamintaal snijwurk en in grut oargel mei tribune út 1727, wêrfan it ynstrumint ûntmantele is. De bysûndere famyljebank fan Van Haren stiet as in troan tsjinoer de preekstoel. Dêrnjonken is de tagong nei de Van Harenkapel mei in doar mei swiere koperen spilen: in geskink fan de kening fan Sweden oan de ambassadeur Van Haren.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
NLP: Beleef Friesland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s