|

Aldbeets


Ald Beets bestiet as doarp eins net mear. De boerestreek is yn 1958 yn twa helten knipt troch it oanlizzen fan Rykswei 43 en is as doarp út de gemeentlike administraasje trochskrast. It âlde streekdoarp wie begjin17e ieu noch in doarp fan belang. Pier Winsemius skreau yn 1622: “Van desen allen de dorpen van Opsterland is het voornaamste Beetz ghelegen int Westen, naest aen Utingeradeel, is een groot Dorp. ... gaet in vruchtbaerheyt ende goedicheyt van weyden alle d’andere te boven, waerom oock d’ínwoonders van ‘t vee ende Bouw haer alleen geneeren, hebben gantsch geen Veenen. Dit Dorp heeft in alle by-een-comsten van ghemeene saken altijdt de voorstemme, wordt ghehouden voor een seer oudt Dorp.”

Yn de Midsieuwen stie der al in Sint-Geertruidatsjerke. Se hie in hege toer mei spits, mar nei’t dy ein 16e ieu ynstoart wie, is de toer gâns ynkoart.
Nei dat eastlik it deftige streekdoarp Beetstersweach ta ûntwikkeling kaam, naam de betsjutting fan Ald Beets ôf. Yn 1788 stelt de Tegenwoordige Staat van Friesland: “Dit Dorp, in ouden tyden veel grooter ... geweest zynde, is thans van een’middelmaatigen omtrek, en bestaat uit eene verzameling van verstrooide huizen en plaatsen, gelegen in ‘t geboomte, aan den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar ‘t Westen loopt ... Dit Dorp is ‘t vruchtbaarste der geheele Grieteny, en zonder Veenlanden, waarom de inwooners zich byna alleen met den Landbouw en de Veefokkery ophouden.”

Yn 1889 wie der op inisjatyf fan aadlike famyljes, nei ûntwerp fan arsjitekt Luitje de Goed, in pracht fan in neorenêssance tsjerke boud. Nei in wjerljochtsynslach yn 1967 en tsientallen jierren yn gebrûk as byldhou-atelier, is de tsjerke yn 1984 sloopt. Der restearje noch fundeminten, sarken en grêfmonuminten fan foarname famyljes. Yn 1988 waard der in klokkestoel op it tsjerkhôf oprjochte.
Nei de oarloch wie it al gjin selsstannich doarp mear en it grutste part fan it doarpsgebiet wurdt by de jonge delsetting fan Nij Beets rekkene.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

Lês mear