|

Nijeholtwâlde


Nijeholtwâlde
©: Peter Karstkarel

Nijeholtwâlde is in lyts, net al te âld streekdoarp dat oan de súdkant fan de âlde Weerdijk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik werjûn op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus. Kommende út it suden by Aldetrine wei slingere hy him troch it westen en noarden fan de gritenij. Fierder gie hy mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten ta troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.

Op de kaart is Nijeholtwâlde in frij ticht beboude streek mei de tsjerke yn ‘e midden. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 notearre: “onder dit Dorp, wiens kerk al voor veele jaaren is afgebroken, en waarvan nu maar alleen het kerkhof met een Klok en Klokhuis overig is, binnen den Weerdijk, verscheiden bouwlanden, hoewel van een veenigen aard. Weleer werd hier in de buitenlanden naar de Kuinder toe, een soort van turf gegraaven, de Holtwolder Akkerturf genaamd, die voor de beste der geheele Provincie gehouden werd; dan hoewel men hier nog al zeer goede turf graaft, is nochthans de Akkerturf niet meer in weezen. Door dit Dorp ... loopt de weg van Schooterbrug naar Wolvega.

It Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa melde healwei de 19e ieu noch dat it doarp fan âlds tige boskryk wie en: “Bij den watervloed van Februarij 1825 was dit dorp als in eene bouwval herschapen. Veele huizen waren ingestort of weggedreven, zoo dat men hunne standplaats niet meer herkennen kon. Een vijftal menschen en bijna al het vee kwam hierbij om.” Tsjintwurdich is it foaral in efter de autodyk en spoarwei wat isolearre rekke agraryske streek mei wat huzen by de trijesprong fan de Heirweg. Noardliker leit it tsjerkhôf mei in yn 1973 opknapte houten klokkestoel mei helmdak dêr’t in klok yn hinget dy’t yn 1788 getten is troch Christiaan en Jan Seest.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Peter Karstkarel
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s