Lytsewierrum
It kompakte terpdoarp Lytsewierrum leit yn de eastlike hoeke fan it ‘eilân fan Easterein’. It doarp bestiet út wat frijsteande huzen, in âld streekje, in pastorije en inkele boerepleatsen, spontaan groepearre om in iepen middenromte hinne. Dizze romte is stadichoan ta in doarpsplein foarme mei oan de súdkant by de entree fan it doarp in fernijde kop-hals-romppleats en eastlik wat húskes dêr’t twa fan wyt ferve binne en ien twa grutte kastanjebeammen yn front hat.
De westkant wurdt behearske troch de giele doarpstsjerke, dy’t mei in fiifkantich sletten koar sûnder finsters nei it plein ta rjochte is. De tsjerke mei omjouwing liket mei de toer bûten de kearn te stean. Tsjerke en toer wurde oan de west- en noardkant troch in tsjerkhôfssleatsje omsletten dêr’t wat bebouwing fan lytse wenten omhinne stiet. Eastlik fan it koar fan ‘e tsjerke leit de pastorije yn de mingstyl fan de jierren-1880 yn in romme tún.
De tsjerke fertelt útwindich en ek yn it ynterieur alderhande ferhalen. Dizze letmidsieuske tsjerke, tawijd oan Sint-Gertrudis, en de sealdaktoer binne foar it grutste part boud fan giele moppen, oanfold mei lytsere giele stien. De tsjerke makket sels har boujier bekend. Yn de súdmuorre sit yn in fraaie ojyffoarmige nis in tinkstien mei: ‘Anno 1557 de XXXl marti doe is dese kercke angeleit doe is dat broet coft voor Xll st.’ De bôle wie doedestiids foar tolve stoer aardich oan ‘e priis. Yn de súdgevel sitte trije spitsbôgefinsters en fjouwer nissen yn deselde foarm. Boppe yn de toer sitte rûnbôgenissen mei galmgatten en spitsbôgenissen dy’t de ienfâldige toer in wat libbener oansjen jouwe. Binnenyn hat de Sint-Gertrudistsjerke kleurige beskilderings yn art déco-styl op it ferwulf. Der hinget noch in komplete kolleksje oaljelampen en op ‘e tsjerkeflier leit in aardige samling âlde sarken. It byld fan de tsjerke fan Lytsewierrum is troch de ieuwen hinne amper feroare.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel