|

Lollum


Lollum
©: FrieslandWonderland

Lollum is in ‘bûtendyks’ terpdoarp, it leit nammentlik westlik fan de Slachtedyk. It doarp waard eartiids Ruigelollum neamd, ta ûnderskieding fan Lytselollum, in buorskip ûnder Frjentsjer. Lollum hat in boeiende doarpskearn om de âlde, diels ôfgroeven terp hinne. Om de súdkant fan dizze terp hinne rint in smelle feart mei ferbinings nei it westen en benammen nei it easten ta. Yn it suden en yn it noarden binne belangrike buerten oan de útfalsdiken ûntwikkele wurden. Oan de súdkant is dat foar it grutste part wenningbou út de perioaden nei de oarloch.

Om de tsjerke hinne binne gâns huzen fan giele bakstien te finen, soms ha se dan in foargevel fan readbrune bakstien. Dy wienen eartiids djoerder dan de “gieltsjes”dy’t yn de regio bakt waarden en hienen dus in mear represintative útstrieling. De meast represintative wenning stiet tsjin it koar fan de tsjerke oer, de pastorije, in steatlike middengongwenning mei in fersierde kajút-útbou en rûnbôgefinsters.

Oan de súdlike útfalsdyk stiet in grutte grifformearde tsjerke (1915) mei flinke dwersearmen. Lollum is in echt doleânsjedoarp: yn it lêst fan de 19e ieu gienen de measte ynwenners oer op de grifformearde lear. Dat is te sjen oan it tsjerkegebou: sy hat troch har hichte en optuging hast in triomfalistysk karakter. De hege frontgevel besit in register glês-yn-leadfinsters en dêrneist stiet in hege toer mei in nullespits.

De herfoarme tsjerke stiet op it nochal keale oerbliuwsel fan de terp yn ‘e midden fan it doarp. Om it tsjerkhôf hinne stiet in izeren stek. It sealtsjerkje mei in rûnsletten koar datearret út de earste helte fan de 13e ieu. Yn de 19e ieu is it gebou fan bûten bepleistere en fersierd mei in spitsbôgefries. De toer is yn 1883 ôfbrutsen en op de nije westgevel is in houten tuorke pleatst. Der hinget in klokje yn dat yn 1530 getten is troch Gert van Wou. It is ien fan swietlûdichste klokjes yn Fryslân. Ynwindich is de midsieuske sfear noch te priuwen en kinne foaral de 18e-ieuske dekoratyf útsnien wangen fan sân frouljusbanken besjen lije.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s