Loaijingea
It terpdoarp Loaijingea heart by it ‘Snitser Fiifgea’ omdat it mei Offenwier, Skearnegoutum, Goaiïngea en Gau de groep Wymbritseradielster doarpen foarmet dy’t noardlik fan Snits leinen. De lêste trije binne dat noch altyd, mar yn 1984 binne Loaijingea en Offenwier oan Snits tafoege.
De ûntsluting wie fanâlds in eigen opfeart nei de Snitser Aldfeart. It doarpsgebiet wie frij lang en útstrekt, mar no is de fraaie hearebuorkerij Haubois sels ynboud rekke oan de râne fan de nije stedswyk Pasveer fan Snits, neamd nei it Loaijingeaster buorskip, dêr‘t útsein de gersdroegerij amper mear wat fan restearret. Der steane ferspraat yn it lân boerepleatsen dêr‘t de measte Loaijingeasters wenje. De âlde kearn bestiet út inkele huzen oan ‘e kant fan it hege tsjerkhôf, it oerbliuwsel fan de terp. It is in oaze fan rêst sa tichteby de drokke stêd Snits. It hôf hat in dûbele hage en in seame fan beammen. De tsjerke, dy’t wijd wie oan Sint-Nicolaas en yn elts gefal datearre út de iere 14e ieu, is healwei de 18e ieu ôfbrutsen. De lytse mienskip hat in klokkestoel oprjochte om de tsjerkeklok yn op te hingjen, dy op fêste tiden te lieden en de deaden nei it grêf te begelieden. It is in hege klokkestoel mei in sealdak, dutsen mei laaien en fersierd mei aardige details yn de topgeveltsjes: makelaars en dakrânen. De klok út 1670 is troch de besetter meinaam. Yn 1950 koe der in nije klok let wurde, wat hjoeddei twa kear deis bart.
De tekst op de klok liedt dan ek:
Myn wente stiet yn Loaijingea.
Myn lûd heart Snits oan Goaiîngea.
Ik loovje hjir mei myn gebrom
It Fryske lân fol ear en rom.
Ik rop ta wurk, ik rop ta rêst,
En hâld it leauwen oan God fêst.
Op it hôf leit ûnder oaren dûmny Sipke Huismans begroeven, de mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip en in pleitbesoarger fan de Fryske taal yn ‘e tsjerke.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân