Lemmer
De Lemmer is in grut doarp, in flekke mei stedske alluere en fierwei de grutste delsetting fan de gemeente, dêr‘t it altyd it haadplak fan west hat. De delsetting in ûntstien by in flauwe baai fan de eardere Sudersee. Dat hat plak fûn yn de iere Midsieuwen by de útgong fan de Lemster Rien en de Sylroede. It ûntwikke him yn de 16e en foaral de 17e ieu ta in belangryk havenplak. De struktuer waard dêrby bepaald troch de lange, frijwol parallel by de kust lâns rinnende Sylroede – dêr‘t in binnehaven foar oanlein waard – en de heaks dêrop geande Lemster Rien.
Benammen oan de Sylroede ûntwikkele him in fariearde bebouwing fan represintative wenhuzen en bedriuwsgebouwen. Yn 1887 is der in bûtehaven mei in slûzekompleks oanlein, dêr’t ek in haveneftige ferbining makke waard mei de Lemster Rien. It ymposante slûzekompleks waard ûntwurpen troch S.J. Vermaas, haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat. It slûswachtershûs, peilskaalhúske en de tsjinstwenningen, alles yn neorenêssânsestyl, foarmje mei de slûzen in ymposant en tagelyk sierlik ensemble. Slûs en havens jouwe de Lemmer in stevige ympuls. De fiskerij waard fan belang en ek kamen der fiskferwurkjende bedriuwen. Al gau waard de Lemmer as knooppunt yn it ferkear oer it wetter nei Amsterdam belangryk en it krige in tramferbining mei it Fryske efterlân.
By de binnehaven en de Sylroede steane de measte monumintale gebouwen. Dêrfan foarmet de herfoarme tsjerke it hichtepunt. De tsjerke stiet wat skean yn in skildereftige posysje by in flauwe bocht yn de Sylroede. It is in sealtsjerke út 1716 dy’t in âldere tsjerke út de 16e ieu ferfong. Se hat in trijekantige sluting en oan de noardkant is der yn 1759 in dwersbeuk oan boud, dy’t ek trijekantich sletten is. De toer is ferwurke yn de westlike partij fan de tsjerke en hat in achtkantige houten lantearne, mei dêrop in iepen bewurke paviljoen mei koepel. Ynwindich is it houten tonferwulf fersierd mei in skildere foarstelling fan de stjerrehimel, fûgels en wolken. De barokke preekstoel is fan Gerben Nauta (1745). Der binne noch twa tsjerketuorren yn de Lemmer. Oan de eastkant riist oan de Schans de roomsk-katolike neogoatyske Willibrordustsjerke op. De tsjerke – mei troch meubels en glês-yn-lead ryk ynterieur – en toer binne yn 1897-1901 boud nei ûntwerp fan de út Snits ôfkomstige Nicolaas Molenaar. Yn it noarden stiet oan de Nieuwburen – de yntree fan De Lemmer mei frijwat represintative bebouwing – de yn 1889 nei ûntwerp fan de út De Gordyk ôfkomstige Tjeerd Kuipers boude grifformearde tsjerke. Molenaar en Kuipers wienen spesjalisten, dy’t elk foar harren tsjerke oeral yn Nederlân tsjerken ûntwurpen.
De doarpsútwreidings fûnen fan de tritiger jierren ôf benammen oan de noardkant fan de Sylroede plak. Fan de jierren sechstich ôf ek yn it easten en oan ’e oare kant fan it restant fan de Lemster Rien sels yn it súdeasten, bûten de eardere seedyk. Nei’t de Sudersee mei it oanlizzen fan de Ofslútdyk bedimme wie, naam de betsjutting fan de fiskerij ôf, sûnder hielendal te ferdwinen. Der kaam yndustry foar yn it plak mei resint in grutte skipswerf. Ek it toerisme fan wetter- en kustrekreaasje bloeide nei de oarloch op en krige de ôfrûne desennia in nije ympuls, omdat de wetterrekreaasje him útwreide nei de Iselmar ta. Westlik fan de havens is in strân oanlein dat by’t simmer gâns besikers krijt. Oan de westkant kamen net allinne wenwiken, mar ek grutte jachthavens en rekreaasjedelsettings.
Westlik fan De Lemmer stiet oer it streamkanaal hinne it D.F. Woudagemaal, it grutste stoomgemaal fan ‘e wrâld. It is op de wrâlderfguodlist fan de Unesco pleatst. It stoomgemaal is boud yn 1917-1918 nei plannen fan de haadyngenieur fan Provinsjale Wettersteat, de nammejouwer. De lange masinehal yn fersoarge, rasjonalistyske arsjitektuer stiet op de wetterkearing mei acht tunnels. Heaks hjirop stiet it tsjettelhûs, wêryn’t de koale-ynstallaasje ferfongen is troch oaljestook. Dêrby riist de skoarstienpiip op dy‘t op it lân en ek fan de Iselmar ôf in karakteristyk beaken is. It is bûtengewoan om de masinery yn wurking te sjen: wat sûzje en tikje is alles wat de gigantyske sintrifugaalpompen mei harren driuwtsjillen hearre litte.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
NLP: Beleef Friesland