Hantumhuzen
Hantumhuzen is in fan Hantum út ûntwikkele, frij jonge terpedelsetting dy’t pas yn de folle Midsieuwen stichte is. De terp is amper merkber om’t dizze yn 1891 gruttendiels ôfgroeven is en tsjintwurdich romte biedt oan in rjochthoekich patroan fan strjitten en paden. Der stie eartiids in oantal aadlike wenhuzen yn de omkriten dy’t ek allegear wer ferdwûn binne. Nei de oarloch is der wat nije bebouwing oan de noardkant fan it doarp kaam: sels wat folkshúsfesting oan de Kamphuisstrjitte. Eastlik fan it doarp stiet no op it omgrêfte terrein fan Poptastate in monumintale let-18e-ieuske kop-hals-romppleats. Tusken kop en hals yn is in âlde stinsmuorre hanthavene.
De grifformearde tsjerke stiet oan de Hantumerhoeke, in buertsje dat tusken dit doarp en Hantumerútbuorren groeid is (sjoch ek by dat doarp). Tsjerke en toer lykje bûten it doarpsweefsel te stean, eastlik fan de trochgeande dyk. De mânske tsjerketoer is it âldste. Hy sil om-ende-by it jier 1200 ferriisd wêze. De toer hat in oerwulve begeane grûn en hy draacht in liedklok út 1616. Yn de earste helte fan de 13e ieu is de ienbeukige, oan Sint-Anna wijde tsjerke boud. Se is ien fan de fraaiste eksimplaren yn romanogoatyske styl fan Fryslân. Der kin foaral geniete wurde fan en troch de robúste kraalprofilen dy’t sawol de lisenen, de muorredamen, begeliede as ek de omlisting fan de rûnbôgefinsters omfetsje. Ek de nissen kenne dizze omrâning en boppedat binne se fold mei mitsele mozayk. Om 1335 hinne binne de oarspronklike ferwulven ferfongen troch twa koepelferwulven mei licht spitsbôgige skied- en gurdlebôgen dy’t op pylders en ynwindige muorredamen rêste. Skildere ferwulfribben en sirkels fan siermitselwurk jouwe mei elkoar in besûndere sfear oan it ynterieur. In fraaie rococo preekstoel, in lyts, mar och sa’n moai fyn sânstiennen epitaaf foar Pybo van Eminga en frou yn iere renêssânsefoarmen binne fraaie eleminten. De koarpartij is yn de 18e ieu tafoege en dizze is by de restauraasje yn 1942 oanpast yn romanogoatyske styl, as hie er der altyd sitten. Doedestiids binne mear details in dizze sin ‘ferbettere’ wêrtroch’t der histoarysk net in folslein earlik byld mear jûn wurdt.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
NLP: Dorpsbelang Hantumhuizen