Eanjum komme we yn de boarnen foar it earst tsjin healwei de 10e ieu. It is in âld terpdoarp yn de noardeastlike hoeke fan Fryslân. De terp is al in pear ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien op in kwelderwâl en útgroeid fan in rûne radiale terp oan ‘t in flink doarp, wat te ûnderfinen is oan de ticht beboude strjitten Tsjerkepaed en Foarstrjitte en sydstrjitten.

Eanjum wie in foarnaam plak en oant de splitsing fan de Dongeradielen ta it haadplak fan de gritenij. De measte grietmannen wennen op de yn 1831 sloopte Holdingastate, in kastieleftich bouwurk. No stiet der oan de Singel buorkerij Ny Holdinga mei in wyt bepleistere foarein út healwei de 19e ieu. Eanjum wie fan 1912 oant 1936 ta it ein fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg. In oantinken hjiroan is it ta wenhûs ferboude stasjon bûten de noardwestlike râne, Boppe it doarp riist de doarpstsjerke út. It gebou is wijd oan de Hillige Michaël en fertoant noch belangrike spoaren út de 12e ieu, mar is nei de tiid noch al ris ferboud. It is in mânske ienbeukige tsjerke mei in westwurk mei ynboude toer. De toer hat krekt boppe de oankaping fan it skipdak in fraaie rûnbôgeFries, dy ‘t weromkomt boppe yn de kleurige romp fan de bakstiennen toer.

Yn de 13e ieu is de tsjerke oan de eastkant ferlinge, twa ieuwen letter breder makke en fersjoen fan in nij koar. It opfallendste elemint fan it fraaie ynterieur is it 16e-ieuske sakramintshúske yn flamboyante gotyk. Mûne “De Eendracht” is in nôt- en pelmole út 1889. De achtkante boppekruier fan hout mei in mei reid dutsen romp en kape, hat in hege mitsele ûnderbou. De flecht fan de wjukken is goed 22 meter.

Eanjum hat him nei de oarloch mei namme oan de eastlike en súdlike kant útwreide. Yn de santiger jierren hat op de westlike flank fan de op dat plak foar in grut part ôfgroeven terp, in opmerklike doarpsfernijing syn beslach krigen, dêr ‘t karakteristike nije wenningen oan in tizeboel fan strjitten en paden delset binne.

Wânswert is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It moat in terp fan it radiale type west wêze, mar dêr is no net folle mear fan te bespeuren. Allinne oan de noardkant binne noch twa radiale paden te sjen en in stikje fan de ringwei. Dat makket no diel út fan de yn de twadde helte fan de 19e ieu rjocht lutsen trochgeande dyk fan Burdaard nei Ferwert. Dêrfoar gie dizze dyk súdlik om Wânswert hinne. It doarp wie al earder ûntsletten troch in opfeart nei de Hearreweister Feart. De hege terp is oan it ein fan de 19e ieu foaral oan de súdkant ôfgroeven. Fan it suden út is de hichte fan de tsjerketerp goed te sjen.

Wânswert is in oersichtlik doarp mei in flinke tsjerke en in relatyf hege toer. Noardlik fan de tsjerke leit in kompakt buertsje dat mei de bebouwing der om hinne oan de radiaalpaden nei de trochgeande dyk in karree foarmet. By de noardlike diken lâns lizze wat streekjes mei hjir en dêr notabele wenningen. It agrarysk ferline lit him noch sjen: der binne trije grutte houten skuorren yn de kearn te finen.

De ienbeukige doarpstsjerke is oarspronklik wijd oan Sint-Petrus. It skip is yn de 16e ieu boud tsjin it yn 1335 wijde, smellere en fiifsidich sletten koar dat yn de 18e en 19e ieu ommitsele rekke. De foarse sealdaktoer fan fjouwer segminten ferriisde wer letter as it skip. It tsjerkhôf is oan de doarpskant omfette troch in izeren stek en oan de oare kant is in kearmuorre mitsele.

Noardwestlik stiet it tsjerkelokaal út 1928 en oan de trochgeande dyk de legere skoalle dy’t twa klassen hat (1887) mei in middenportaal. De noardlike bebouwing fan Burdaard oan de Ie hearde as “Wânswert oan de Streek” by it doarp Wânswert. Yn 1973 is de namme fan it gehiel Burdaard wurden en by de gemeentlike weryndieling yn 1984 is dit Burdaard by Ferwerderadiel foege.

Wyns (by Bartlehiem) is in terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is by de kant fan de Dokkumer Ie lâns. Yn dizze Midsieuwen wie Wyns in sintrum foar de wide omkriten en is it it haadplak west fan it distrikt Wininge, neamd nei it doarp. It kaartbyld yn de atlas van Schotanus út 1716, toant in lytse kearn en fersprate bebouwing oan ‘e kant fan de Ie, dy ‘t doe al ta in trekfeart ferbettere wie. Yn it noarden einicht it doarpsgebiet mei de buertsjes Tergrêft oan de Ie en mear it lân yn Wrâns.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786 dat “Wyns, gelegen aan de Ee of Dokkumer trekvaart, 1600 Koningsroeden van Leeuwarden, is niet groot van omtrek. (...) De landerijen, onder dit dorp behoorende, zyn weid- en hooilanden en loopen in het Oosten tot aan de Mork. In ‘t Noorden der kerk ligt eene uitwatering, de Uilemeer genoemd. Door dit dorp loopt ook, over de mieden, een rydweg van Leeuwarden naar Oudkerk en Oenkerk, die alleen geduurende den Zomertyd bruikbaar is. Eindelyk ligt, niet verre van de Oudkerkster miedweg, een zeer vischryk meertje, Antje Jetses meer genoemd.”

De doarpstsjerke is oarspronklik wijd oan Sint-Vitus en sil sa om 1200 hinne boud wêze. It is in ienbeukige, romaanske tsjerke mei in smeller en heger koar, dat fiifdielich sletten is mei kraalprofyl op de hoeken. Binnenyn is it koar healrûn. De toer fan twa segminten is út de 13e ieu. Dat is oan ien kant te sjen omdat de oare kanten folle letter beklampe binne.

Oan de Ie is de wetterherberch – mei in pontsje – wer folop yn gebrûk, faak ek troch fytsers út Ljouwert.

Yn, by en bûten it doarp stiet in tal nijsgjirrige pleatsen: Wyns 5 út koart nei 1900, is in buorkerij mei in dwers pleatst foarein. Op Wyns 28 stiet in kloeke kop-hals-rompbuorkerij. De terp fan it eardere kleaster Bethlehem is al sûnt jierren in flinke agraryske delsetting fan pleatsen mei skuorren. Oan de Ie stiet ek it eardere suvelfabryk út 1893. Yn 1997 is it gebou ferboud ta in skipstimmerbedriuw . Dêrnjonken stiet noch in rige arbeidershuzen.

Driezum is in streekdoarp yn it easten fan Dantumadiel en it meast eastlike doarp op de sânrêch fan de Dokkumer Wâlden. It is in doarp mei in manifeste ûntwikkelingsas, wêr ‘t letter in oantal dwersstrjitten op oanlein binne. De Voorweg en de Achterweg komme hjir bijelkoar en op dy moeting is in doarpskom ûntstien. Eastlik fan it doarp, rjochting Strobosser Trekfeart lei de agraryske buert Eastwâld mei flinke, soms monumintale pleatsen út de 19e ieu. De buorkerijen oan de Achterweg binne ienfâldiger, mar ek âlder. Oan de râne fan de doarpskearn, de H.G. van der Veenstraat, stiet in ûnferwacht jong eksimplaar mei in foarein yn art nouveau-styl, dêr ‘t mei namme de elegante daklistfersiering by opfalt.

De Herfoarme tsjerke is yn 1713 boud as ferfanging fan it ferfallen tsjerkegebou. Boppe de noardlike yngong sit de yn it Latyn stelde earste stien en boppe de súdlike yngong in sinnewizer. De toer is yn 1876 ferriisd. Oan de binnekant binne yn de damen tusken de finsters byldhoude wapen-cartouches pleatst; in pear dêrfan datearje út de 16e ieu (1581). It meubilêr mei in nachtmielstafel en in hearebank fan de famylje Van Sytzama datearret foar in grut part út de 18e ieu. Oare hearebanken binne út de boutiid fan ‘e tsjerke en ien fan ein 18e ieu. Efter de tsjerke stiet it skoalhûs dat nei in brân yn 1787 opnij boud is. It is in dwershûs mei sealdak mei in ta halsgevel oplutsen middenpartij.

Eastlik fan de doarpskom leit Rinsmastate, wêr ‘t de namme fan de Sytzama ‘s oan ferbûn is. De state is faak feroare en yn 1843 ferfongen troch in neoklassicistysk gebou mei fleugels. It middengebou waard yn 1944 troch bommen troffen, mar de fleugels koene behâlden bliuwe. It haadgebou is yn 1947-1948 yn bakstien ferboud en waard fan 1972 oant 1999 brûkt as gemeentehûs. Sawol foar as efter binne lânskiplike romantyske tunen út de 19e ieu mei wetterpartijen, âlde beammen en stinzefloara oanlein. Oan de Van Sytzamaweg stiet ek de út om-ende-by 1883 datearjende túnmanswenning fan Rinsmastate.

Wâlterswâld is in feanûntginningsdoarp dat by twa ûntginningsassen lâns, de Foarwei en Koaileane/Achterwei, ta ûntwikkeling kommen is. It is it iennichste doarp fan de Dokkumer wâlden wêr’t de kearn rûnom de tsjerke oan de Achterwei kommen is. Oan dy wei en de Koaileane binne de spoaren fan de âlde agraryske bebouwing te finen. Oan de Achterwei in midden 19eieusk wâldpleatske, oan de Koaileane itselde type en in foarse kop-hals-romppleats út it lêste kwart fan de 18e ieu. Oan de Foarwei steane in tsiental ferskillende en frij geve buorkerijen út it lêste kwart fan de 18e en út de 19e ieu.

De herfoarme tsjerke stiet oan de Achterwei op de krusing mei de Tsjerkeleane, earder de Woutersleane. De ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar en yn ferhâlding lytse rûnbôgefinsters ferfong yn 1805 in oare tsjerke. De preekstoel is ek út dy boutiid. De toer is in yn de 17e ieu oplutsen fan âlder, wer brûkt boumateriaal en wurdt dekt troch in wat ynsnuorre piramidale spits. Oan de Achterwei stiet de karakterisearre pastorije yn de lette 19eieuske mingde styl. Tsjinoer de tsjerke stiet it ferieningsgebou Maranatha út 1926. It falt op troch it foarútspringende middenpart mei in tradisjonele trepgevel.

Oan de Foarwei oan de Driesumer kant stiet de yn 1922 nei ûntwerp fan Ane Naut (1882-1946) boude grifformearde tsjerke. Sy ferfong in ienfâldige foargongster út de 19e ieu, hat in T foarmige plattegrûn en klimmende finsterrige yn de geveltoppen. Westlik fan de leech útboude yngongsportyk riist de yn segminten ferdielde toer op mei in list op de oergong fan romp nei fjouwersidige spits.

De eardere sûkereifabryk oan de Foarwei hat de foarm fan in grutte buorkerij: it is ien fan de iennichste spoaren fan de yn de 19e en betide 20e ieu bloeiende teelt en ferwurking fan dit gewaaks yn Dantumadiel. It ensemble mei direkteurswente is fan ûngefear 1920. Tsjintwurdich is it in grûnferset en houtferwurkingsbedriuw.

Jellum is in streekdoarp mei in terp-ferline. It doarp is goed in kilometer lang en it fertoant op in pear plakken wat konsintraasje, mar fierders hat it in losse struktuer. Jellum hat him ûntwikkele by de Hegedyk lâns, de dyk fan de eardere Middelsee. Yn it noarden, op de gemeentegrins mei Menameradiel, krúst it spoar Ljouwert-Snits de Hegedyk en op dat plak wie destiids it stopplak Jellum-Boksum. Súdliker stiet by de krusing mei de Smidshoeke rjochting Hilaard flink wat bebouwing. Der binne kreaze middengongwenningen en arbeidershuzen by en oan de nijlânskant, yn de Jellumer- en Bearsterpolder, boppedat flinke boerepleatsen.

Even fierderop, dêr‘t fierder gjin bebouwing is, stiet westlik fan de dyk de fraaiste notabele wenning fan it doarp. It brede middengongpân is omseame troch in parkeftige tún dêr‘t noch in hege wier yn oanwêzich is. De wenning is yn in dekorative mingstyl boud mei profilearre listen mei kúfstikken fan pleisterwurk as wynbrauwen boppe de finsters en mei orizjinele blinen. De doar fan de wenning én dy fan it moai detailleare koetshûs ha beide roasters fan getten izer. De Lytse Dyk fiert nei in grutte kop-hals-rompbuorkerij yn it âldlân mei in opmerklik hege molkenkelder.

Noch wat mear nei it suden ta leit de tsjerkebuorren, wêr by‘t de tsjerke op in wat ferhege hôf oan de kant fan it âldlân stiet. De rige huzen oan de oare kant is yn it nijlân telâne kommen. Ek hjir wer inkele middengongwenningen, mar ek lytsere soarten huzen. It tsjerkhôf is omseame troch in hage fan bûke-, line- en liedlinebeammen.

Jellum hat in kreaze, mar net sa‘n spannende 19e-ieuske sealtsjerke, dy’t âldere tsjerken ferfangt. De foarige toer moat benammen in flink hege spits hân ha, mar dy is yn it jier 1832 troch ûnwaar ferwoeste; der moast it nije toer boud wurde. De toer hat foar de 19e ieu kenmerkjende fersierings, sa as rûnbôgefriezen. It skip fan de tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters mei izeren trasearringen. Op it dak lizze blau glazuere Fryske dakpannen.

De Jouwer is in delsetting mei in lytsstedsk karakter, in flekke. De flekke is as buorskip fan Westermar yn de 15e ieu ûntstien op in sânrêch. Westermar wie yn de Midsieuwen ien fan de doarpen fan it Hasker Fiifgea, de rige fan fiif tsjerkedoarpen op in heger lizzende sânrêch yn Haskerlân. Fan Westermar resteart allinne noch de 13e-ieuske toer: de tsjerke is, doe’t se yn ferfal rekke, yn de 18e ieu ôfbrutsen. De toer is fan kleastermoppen en lytsere roaswinkels boud en is foarsjoen fan sparfjilden mei rûnbôgefriezen. De toer is no de wachter op it grutte tsjerkhôf.

Even bûten Westermar lei it buorskip De Jouwer. Foar de ûntwikkeling fan hannel en bedriuwichheid lei it geunstich oan de rydwei nei Gaasterlân en oan in goed farwetter, de Sylroede en de feart mei de namme Aldewei. Oan it ein fan ‘e Sylroede waard yn 1614 in haven groeven, de Kolk en de Overspitting koenen no oan de efterkant de streek ûntslute. Joure oerfleugele yn de 17e ieu it memmedoarp Westermar yn in rap tempo. Nei de herfoarming is it net mear de muoite wurdich om de tsjerke fan Westermar foar de nije earetsjinst yn te rjochtsjen: yn De Jouwer bart dat nei 1580 wol.

De flekke hie neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland al yn 1788 alluere: “Joure is allengs van een klein beginzel opgekomen: ‘t zelve was reeds in de zestiende eeuw vry aanzienlyk, doch is na dien tyd nog vergroot. Thans telt men daar ruim 330 huizen, alle voorzien met meer of minder groote tuinen, doorgaans van 130 tot 140 voeten lengte .... Het aanzienlykste deel deezes Vleks is eene dubbele en byne rechte streek huizen ..., evenredich gebouwd ter lengte vanongeveer 900 treden .... Ook zyn de straaten zeer net gevloerd met Keisteenen, in den jaare 1615, gelyk in ‘t midden des Dorps in eene straat met witte Keisteenen is afgebeeld. Langs de huizen zyn de straaten gevloerd met klinkerd steenen, zo net als in eenige Stad plaats heeft: ook worden ze niet minder zindelyk onderhouden.”

Dat De Jouwer yn dy tiid al in warber doarp wie waard ek opmurken: “Het ontbreekt de Joure aan geene Konstenaars en Ambachtslieden: men vindt ‘er vier Smeden, verscheiden Timmerlieden, Kast-, Kist- en Uurwerk maakers, welke laatste hunne huisklokken alom verzenden.Ook vindt men hier eene Lynbaan en twee vermaarde Scheepstimmerwerven .... Hier zyn insgelyks twee Pottenbakkeryen, welke eene inzonderheid een’ grooten naam heeft .... Insgelyks zyn er twee Brouweryen ... en daarenboven verscheiden bloeiende Winkels in allerhande waaren, die hunne goederen onmiddelyk van Amsterdam krygen, met den Beurtman, die alle weeken ... derwaarts vaart.”

De Jouwer is in plak fan ambacht en yndustry bleaun. Yn de Midstrjitte foarmet de yn 1628 boude mânske doarpstoer it hichtepunt. Hy wurdt bekroand troch in brede balustrade en in lantearnekoepel. Op de ferdjipping is de keamer fan de fjouwerskaar ûnderbrocht.

De twa-beukige tsjerke is yn 1644 efter de toer oplutsen yn giele stien. Grytman Hobbe Baerdt wie de inisjatyfnimmer, sa as it poartsje oan de Midstrjitte fertelt. Tusken de grutte, troch reade stien omliste finsters yn stean steunbearen yn de foarm fan pilasters. De twa ûngelikense, ynwindich troch fiif kolommen en skiedingsbôgen yndielde beuken wurde mei elkoar troch ien mearsidich koar sletten. De menisten bouden yn 1824 bûten de roailine, in sealtsjerke yn in ynbannich neoklassisisme.

Mear nei it easten ta kaam de roomskkatolike tsjerke krekt yn 1952-1953 ta stân efter in toer út 1866-1867. Se is in trijebeukige basilyk mei kenmerken dy‘t ferwize nei de ier-kristlike tsjerkebou. It haadgebou fan it âldereinhûs De Vlekke, ea wenning en letter ek riedshûs, is in deftich neoklassicistysk pân mei in balkon en in fronton op pylders. De Midstrjitte wurdt oan de iene kant flankearre troch de Merk en it parkje fan Ter Huivra mei meastal resinte bebouwing, oan de oare kant troch it park fan it ferskate kearen fernijde Heremastate, no it gemeentehûs. De flekke is yn it earstoan benammen oan de súdwestlike kant útwreide, letter ek oan de noardeastkant.

Even eastlik fan Easterbierrum hat Kleaster Lidlum of Mariëndal stien. It wie tige ier, yn 1182, stichte troch de norbertijnen fan út it memmekleaster Mariëngaarde by Hallum. Yn it earstoan stie it tichteby de kust, mar fanwege de risiko‘s fan heech seewetter is it kleaster yn 1234 mear it lân yn ferpleatst.

Yn de hichten by de Kleasterwei en Westerbuorren is it plak fan it grutte kleaster noch te werkennen. It hat in grutte bloei kind; in ieu nei de stichting hat it sa wat 600 bewenners. Mariëndal stichte ferskate úthôven, in nonnekleaster yn Baaium en op it hichtepunt wienen der achttsjin parochy’s ûnderhearrich oan dit kleaster. It hie in refugy-hûs yn Frjentsjer. Mar lykwols, de bloeiperioade hie ek misstannen fan gefolgen, wat yn 1322 sels útrûn op de moard op abt Eelco Liauckama dy‘t ôfkomstich wie út in aadlike famylje út it oanbuorjende Seisbierrum. Yn 1572 is it kleaster troch de geuzen gruttendiels ferwoeste. Nei de herfoarming yn 1580 is it opheft.

It kleaster hat mooglik in feart rjochting Waadsee hân, rjochting de buert Koehoal, dêr‘t ek noch in slûs lein hat. Yn it ferline binne dêr spoaren fan opmurken, mar no is der neat mear fan te finen.

It doarp Kleaster Lidlum, besteande út in oantal ferspraat steande buorkerijen oan de Mûntsewei, bewarret de namme. It begjin fan de Mûntsewei wurdt markearre troch in grut bedriuw dat jirpels ferwurket, in belangryk agrarysk produkt út dizze omkriten. Fuort dêrnei folget in buorkerij mei de namme Kloosterhoeve. De lannerijen wurde foar de lânbou, mar ek foar de feehâlderij brûkt. Hoewol‘t it kleaster earder by it doarp Tsjummearum hearde, is it administratyf in selsstannich doarp en binne de hjoeddeiske bewenners maatskiplik mear rjochte op Easterbierrum.

Easterbierrum leit op de noardlikste fan de kwelderrêgen dy’t diagonaal troch it noardwesten fan Fryslân rinne. Fan de doarpenrige fan de Bouhoeke, de boulânhoeke, leit Easterbierrum it tichtste by de Waadsee. By’t simmer bloeit en groeit it gewaaks yn de omjouwing dat it in aard hat en winterdeis liket Easterbierrum omjûn troch in grize see fan omploege ikkers, dêr’t kloeke boerepleatsen út oprize sa as it âlde Haerdastate en de jongere Doniastate en Doumastate. Noardlik fan it doarp is in oantal glêstúnboubedriuwen te finen. Westlik rint de âlde binnedyk, de Slachtedyk, út op de seedyk.

Easterbierrum hat in ûnregelmjittich pleatste en skildereftige bebouwing wêrtroch’t by de Haerdawei har midden troch it doarp skeane, pleineftige romten foarme hawwe. Dêrefter, benammen oan de noardeastkant, hat Easterbierrum syn beskieden nei-oarlochske útwreidings krigen. Oer ien fan dy pleintsjes hinne fiert in twatal smelle strjitsjes nei de Buorren en de wenbuert noardliker, dêr’t ek it grutte doarpshûs, It Mienskar, stiet.

Sint-Joris hâldt dat allegearre by elkoar. Dizze yn it noarden seldsume hillige bekroant as wynwizer, in ridder op it hynder, de machtige tsjerketoer. Efter de toer stiet in stevige tsjerke fan romaanske oarsprong. By de resinte restauraasje is in seldsume, kleurige mozaykflier út de 13e ieu foar it ljocht kommen. De eastlike partij, it koar mei in sluting dy’t fiif kanten fan in tsienhoeke sjen lit, datearret mooglik út 1335. De tsjerke is yn de 15e of 16e ieu ferhege wêrby’t doe nije, grutte finsters yn de muorren oanbrocht binne. Oan de súdkant is yn 1709 njonken it koar in konsistoarje tsjin de tsjerke oanboud. Oan de noardkant sit de yngong yn in nijsgjirrige neogoatyske poarte. Binnenyn hat de tsjerke bysûnder ryk en geef meubilêr fan preekstoel (1713), doopstek, lessener, doopbekken en tekstbuorden, famyljebanken en ek in oargelgalerij út it begjin fan de 18e ieu. Sels de tsjerkebanken krigen útsnijde wangen en knoppen. Tsjerke en toer eagje sa tichte by see steech en dreech; binnenyn is de Gregoriustsjerke ûnferwachts deftich.

It doarp Skiermuontseach, ek wol Oosterburen neamd, is in streekdoarp op it eilân dat neamd is nei de Cisterciënzer muontsen yn harren grize pijen, dy’t fan it kleaster Klaarkamp út in úthôf op it eilân stichte hienen. Nei de ferwoasting fan in âlder doarp is Oosterburen yn it midden fan de 18e ieu stichte. Yn 1638 krige de famylje Stachauer de hege hearlikheid fan it eilân yn besit. Nei wikseling fan eigenaren konfiskearre de Nederlânske Staat it eilân daliks nei de oarloch.

Yn 1726 waard it rjocht, rieds en posthûs stichte, dat ta sintrum fan it nije doarp útgroeie soe. De kearn fan Hotel van der Werff hat noch dielen fan dit gebou. Yn de taapkeamer is de gevelstien mei it wapen Stachauer. De rjocht sletten tsjerke is yn 1866 boud op it plak fan in foargongster út 1762. Yn 1908 kaam de opbou fan de toer mei nullespits ta stân.

It doarp krige in regelmjittige struktuer fan trije, ûnderling wat ferskode lange strjitten fan west nei east: de Middenstreek en Langestreek, dy’t mei in bajonetbeweging en in brinkeftige romte fan inoar skieden binne, en de Noorderstreek. Tusken de lêste twa rint it paad Langestreek om’ e Noord troch. Oan dizze streken steane noch in protte karakteristike, fan giele stien en mei tutegevels mei beitelingen boude eilanner wenhuzen út de 18e ieu. De Langestreek rint fier nei it easten troch rjochting Huis Rijsbergen. Dit mânske gebou dat tsjintwurdich as jeugdherberch yn gebrûk is, is yn 1757 stichte troch de Stachauwers en it waard om 1860 hinne ta syn tsjintwurdige uterlik ferboud. Oan de Nieuwestreek is yn 1857 it riedshûs boud.

Yn de noardwestlike dunen is yn 1854 de rûne, koanyske fjoertoer boud. De fan bakstien oplutsen en pleistere toer hat in hurdstiennen foet. De wachterswenten der tsjinoer kamen om 1880 hinne ta stân. Noardlik fan it doarp kaam yn itselde jier in soartgelike fjoertoer, dy’t yn 1911 bûten gebrûk steld is en fan 1950 oant 1992 tsjinst die as wettertoer.

It terpdoarp Winaam leit by de hieltyd útwreidzjende havengebieten fan Harns. It hat in romroft ferline: der binne bysûndere argeologyske fynsten dien. Yn de ôfrûne jierren wie de terperige op de pôlen eastlik fan Winaam spearpunt yn dat ûndersyk. Op de westkant fan dizze argeologysk spannende rêch stie in tal staten, nei alle gedachten hearebuorkerijen. Der sie sprake fan Oudehuis, Nyehuis, Swingma en Tjitsma; oan it ein fan de 18e ieu wienen it al buorkerijen.

It doarp hat in kearn mei strjitsjes wêr’t de bebouwing him oan gjin roailine hâlden hat. It binne huzen fan in inkele boulaach dy’t benammen boud binne fan giele bakstien. In hûs fan twa boulagen is fan stien yn appelbloeiselkleur. Oan de noardeastkant fan de bebouwing leit in moai keatsfjild. De let goatyske tsjerke oan de súdkant fan de kearn is oarspronklik wijd oan Sint Andreas. It tsjerkeskip wie ea pleistere, mar lit nei restauraasje wer syn wiere aard sjen dy’t pronket mei in moai finsterritme. De wrakke toer stoarte yn 1684 folslein yn en waard dêrnei wer boud. Dy waard yn 1904 ferfongen troch in toer fan it ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Jurjen Bruns. Yn it moaie ynterieur mei meubilêr út it twadde kwart fan de 18e ieu is de preekstoel út 1728 it keunstsinnige middelpunt. It snijwurk fan de kûp mei wrongen en omranke korintyske hoekpylderkes is yn 1728 útfierd troch Arjen Lous. Op de panelen binne bibelske tafrelen snien. Mei lambrisearring, doophek mei doar, froulju en mânljusbanken is it in bûtengewoan ryk ynterieur. Súdlik fan de tsjerke stiet de 18eieuske konsistoarje en eastlik “t Slotsje”, in grutte pastorije yn in aardige mingde styl.

Winaam is oan de eastkant ûntsletten troch in dyk dy’t by it buorskip Foarryp nei Getswerdersyl lâns rint. By Foarryp leit yn it midden fan de hege ikkers in lyts natuerreservaat fan jong kultuerbosk, leech gerslân en in dobbe mei slykwallen. De fegetaasje hat in sâltich karakter.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |