Froubuorren is in streekdoarp dat yn de rin fan de 16e ieu ûntstien is nei’t yn 1505 Het Bildt ynpoldere wie. It is it eastlikste fan de Bildtdoarpen. Lykas Sint-Anne en St. Jabik is it groeid oan de Middelwei. By Froubuorren is dat net bard op in krusing fan diken of fearten, mar eastlik fan de krusing mei de Hamerenwei–Atteswei, wêrby de streekbebouwing ynearsten krekt yn eastlike rjochting groeide nei it wetter fan de Ouwe Rij. Dêr ûntstie by de al yn 1555 fermelde nôtmole oan de grins mei Ljouwerteradiel in buert: Buerstermûne. De achtkantige stellingmole op in fjouwerkante, mei hout beklaaide ûnderbou en in mei reid dekte romp en kap datearret út nei alle gedachten 1862. Der is fierder in kafee-restaurant en noardlik fan de buert stiet op it grûngebiet fan Ljouwerteradiel de goed ûnderhâlden, no as wenhûs brûkte halte 3e klasse fan it lokaalspoar út 1901. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde fan Froubuorren: “Men vindt hier eene goed Kerk met een spitsen Toren, en een goede dubbele buurt Huizen.”

Oan de Middelwei, dy’t yn it sintrum J.P. van der Bildtstrjitte hjit en eastliker Waling Dijkstrastrjitte, steane ferskillende wenningen mei 18eieuske halsgevels mei skouder en kuifstikken. Oan de eastkant stiet in opfallende buorkerij út 1903 mei in blokfoarmich foarhûs dat royaal fersierd is mei sierpleisterwurk yn neorenêssânse foarmen. Op nûmer 21 stiet in pân mei in listgevel en in pilaster listwurk. Yn de sydgevel sit in tinkstien foar de Fryske folksskriuwer Waling Dijkstra dy’t hjir in bakkerij hân hat.

De tsjerke stiet noardlik fan de Van der Bildtstrjitte wat weromlutsen, wêrtroch in doarpsplein ûntstien is. De herfoarme tsjerke hat in houten geveltuorke en fiifkantige koarsluting dy’t yn 1670 boud is om de 16eieuske te ferfangen. Sawol yn it koar as yn de westlike gevel binne yngongen oanbrocht. Dy yn it westen hat in klassicistysk listwurk en in bekroaning mei it ferhaal fan de stichting.

Goaiïngaryp is in midsieusk feartdoarp súdeastlik fan de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen. It doarp is by de Lykfeart lâns groeid en hat oer de súdkant ûntsluting oer it wetter oer de Noarderbroekster Feart nei de Jouwer en nei de Snitser Mar. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus yn 1718 stiet it doarp mei de súdlike buert Ballingbuer as in lang útstrekte delsetting yn it lân oanjûn.

Yn it lêst fan dy ieu waard yn de Tegenwoordige Staat van Friesland meld: “dit Dorpje is gelegen in ‘t Noordoosten der Grieteny, niet verre van den Slagtedyk, en voorzien met een klein kerkje zonder toren, nieuw opgeboud in 1770. De landeryen zijn in een zeer goeden staat, doch verliezen jaarlyks meer of min, door het afschuurend vermogen der nabuurige groote wateren, van welken ‘t Sneeker meer, byna geheel tot dit Dorp behoorende, het voornaamste is.”

De neamde ôfslach fan lân is op it kaartbyld yn de atlas fan Eekhoff goed te sjen, want der is in fikse strook lân ferdwûn en Goaiingaryp liket hast op in doarp oan de igge van de mar. It ferline as doarp oan de feart is te ûnderfinen oan de oriïntaasje fan de bebouwing.

Op it wat ferhege en skildereftige tsjerkhôf stiet de toerleaze tsjerke, dy’t neffens de stichtingsstien út 1770 datearret. It is in sealtsjerkje mei in trijekantige koarsluting . De yn 1527 troch Geert van Wou getten liedklok hinget yn de krekt foar de tsjerke pleatste klokkestoel mei helmdak. De klokkestoel komt yn 1543 al yn de boarnen foar, mar it hjoeddeiske eksimplaar datearret út de boutiid fan de tsjerke. Yn dy tiid binne ek de brânskildere ruten, nei in ûntwerp fan Ype Staak yn de seis finsters pleatst. Se toane de wapens fan prins Willem V, grytman Vegelin van Claerbergen en de Fryske regearingskolleezjes.

It doarp liket ynearsten allinne mar te groeien, mar yn de lêste tsientallen jierren fan de 20e ieu waard it ûntdutsen troch wettersporttoeristen en kaam der ûnder mear in wykje om in nije havenkom hinne.

Goaijingahuzen is in nochal isolearre boerestreek fan útslutend ferspraat lizzende boerebedriuwen, hielendal yn de westlike punt fan Smellingerlân. De streek stiet al op de gritenijkaart út 1718 yn de atlas fan Schotanus oanjûn; der wienen doe minder dan tsien boerehôven. Súdeastlik fan de buorkerijen stiet in turfgraverij oanjûn. De Tegenwoordige Staat van Friesland wurdearret it net as in doarp mar as in buorskip by Boarnburgum: “In ‘Westen, aan de wyde Ee, ligt Goingahuizen, en wat Oostelyker ‘t Vlierbosch, alwaar men weleer een Klooster had, waarvan ‘t Kerkhof nog te zien is.”

Op de kaart fan 1718 stean súdlik fan de fjouwer buorkerijen fan ‘t Vlierbosch by in ferheging yn it lân ‘Vernietigt Klooster’ en ’Oude Kerkhof’ oanjûn, mar op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 is dêr neat mear fan te bespeuren. Yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa, dat healwei de 19e ieu útkaam, heart Goaijingahuzen noch by Boarnburgum. De Flearbosk bestie doedestiids út mar twa pleatsen. Noardlik fan de Flearbosk leit no in natuergebiet fan op ‘e nij ferwyldere petgatten.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 is Goaijingahuzen in streek mei wat losse en agraryske bebouwing. Goaijingahuzen leit oan en tusken marren en puollen yn. Inkele pleatsen en wenningen op It Eilân tusken de Kromme Ie en de Goaijingahústersleat yn binne allinne oer it wetter te berikken. De measte pleatsen yn polder De Flearbosk datearje fan nei de oarloch; it binne wol tradisjonele stjelpen, kop-rompen of kop-hals-romppleatsen. By de yngong fan de Modderige Bol stiet in fraaie kop-hals-romp út 1883.

Goaijingahuzen is in opmerklik oarde fan mûnen. Der steane trije houten spinnekopmûnen út de 19e ieu. It binne mûnen mei piramidefoarmige en mei pannen dutsen rompen en se binne foarsjoen fan fizels. Alle trije ha se in namme: Jansmolen, De Modderige Bol en it Heechhiem. Se binne yn 1990, 1992-1993 en 1995 restaurearre en yn eigendom fan en beheard troch de Stichting De Fryske Mole.

Langwar is as agraryske streekdelsetting nei alle gedachten om 1100 hinne ûntstien op in sânrêch yn in streek fan feanmoerassen. Yn it tredde kwart fan de 13e ieu komt it foar it earst foar yn de boarnen as Languerre. De Buorren foarme de ûntginningas. It doarp lei geunstich oan de Langwarder Wiellen en dêrmei foar alle wetterferbinings. It ûntjoech him om 1600 hinne ta merk- en havenplak: foar 1600 wie der al in waach. De skipfeart wie in belangrike boarne fan ynkomsten.

It waard it fernaamste doarp fan de gritenij. De grietman sette him yn Langwar te wenjen en ek oare foaroansteande famyljes as Osinga en Douma fêstigen der harren staten. De famylje Douma hie hjir in stins oan de ferwoesting yn 1517 ta. Der ûntwikkele him by de hannels- en havendelsetting oan de Buorren en de sydstrjitten en sleatsjes in konsintraasje fan bebouwing. Mear westlik hie de buorren om de tsjerke hinne in iepen karakter. De gritenijkaart fan Schotanus út 1718 lit de langsútstrekte delsetting sjen dy‘t yn it westen ophâldt by de tsjerkebuorren. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat Langwar: “door oudheid vermaard, is het voornaamste Dorp der Grieteny. ... Ten oosten en Westen heeft men hier schoone weidlanden, benevens heerlyke plantagien, die geheel tot aan den algemeenen rydweg loopen, en schoon brandhout geeven. ... Hier woonen derhalve veele Schippers, die met dit hout naar Holland en elders vaaren, en in dit Dorp een bekwaame haven hebben, om, geduurende den winter, hunne schepen op te leggen. Langweer bestaat uit eene schoone buurt huizen, versierd met twee ryeen Lindenboomen.”

De earste tsjerke datearre wierskynlik út de 13e ieu; op itselde plak is yn 1777 in nije, romme tsjerke mei toer ferriisd. De trije toersegminten binne fersierd mei doaryske, ioanyske en korintyske pilasters. It 17e-ieuske meubilêr is hanthavene. Dêr tsjinoer stiet Osingastate. It is om-ende-by 1940 boud yn de foarmen fan de 18e-ieuske state. It op deselde ûntginningsas ûntstiene Boarnsweach wurdt tsjintwurdich ek by Langwar rekkene. It skildereftige Langwar is in favoryt wettersportdoarp.

Goaiïngea is in terpdoarp yn in leechlizzend gebiet eastlik fan de eardere Middelsee. De doarpsstrjitte, de Hegewier en de Aldfeartsdyk, rint frij rjochtút fan it súdwesten nei it noardeasten en makket in flauwe knik om de tsjerketerp hinne. De trochgeande strjitte, eagenskynlik in dyk, makket súdlik fan it doarp by de stjelppleats de Hege Wier, in heakse bocht nei it westen ta en noardlik by de buorkerij de Sinnehôf in heakse bocht nei it easten ta.

Oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte steane no ris wat frijsteande wenningen of (oantinkens oan) pleatskes, dan wer rychjes huzen. De bebouwing út de 19e en de iere 20e ieu eaget freonlik, sûnder monumintale eleminten dy‘t it neamen wurdich binne. Efter de bebouwing fan de Hegewier befine har frij âlde, lytsskalige buertsjes, as hôfkes. Yn ‘e midden leit de frij hege tsjerketerp mei it hast rjochthoekige tsjerkhôf mei in stek derom hinne. Oan de strjittekant fan it hôf knikt it perspektyf fan it doarp; it is ien fan de moaiste plakjes.

De ienfâldige sealtsjerke mei rûnbôgefinsters is yn 1758 op it plak fan de midsieuske tsjerke boud. It lytse houten tuorke mei spits datearret út 1787. Tsjin de tsjerke oer strekt oan de noardwestkant de eardere pastorije him yn de breedte út en dêromhinne befynt him konsintrearre bebouwing. In stjelppleats siet der wat tuskenyn klamt. Eastlik fan de tsjerketerp leit it keatsfjild.

Oan de noard- en súdkant fan terp binne soksoarte konsintrearre buerten krekt oan de súdeastkant fan de strjitte te finen. It súdeastlike buertsje hat kwa bebouwing in agrarysk karakter. It noardeastlike buertsje by de Kerksloot nei de Snitser Aldfeart ta, bestiet út lytse en middelgrutte wenningen en yn de bebouwing binne wat oantinkens oan eardere ambachtlike bedriuwen. Oan de kant fan de tsjerke leit it paad Pôllehout mei in groep wenningen en (ek wer oantinkens oan) bedriuwen. De brêge oer de Kerksloot foarmet mei de omlizzende wetterbuertsjes in oar boeiend plak yn it doarp. Oan de noardwestkant fan de Sickengawei leit in lytse buert dêr’t in leanbedriuw efter ûntwikkele is.

Ginnum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is ien fan de saneamde Flieterpen. Ginnum wie in radiale terp dêr‘t de spoaren, nettsjinsteande de sterke ôfgraving fan om-ende-by 1900, hjir en dêr noch nei te gean binne. Allinne it diel fan de terp fan tsjerke mei tsjerkhôf is sparre bleaun en oan ‘e east- en noardkant fan de tsjerke leit noch in stik ringdyk.

Ginnum wie mei de Ginnumer Opfeart oer it wetter ûntsletten yn súdwestlike rjochting nei de Ferwerter Feart en Alde Feart fan dit doarp nei de Ie. De ferkearsrûte oer lân fan Dokkum nei Ferwert ta rûn yn ‘t earstoan om de noardeastlike terpflank hinne, mar yn 1856 is de dyk fan Ferwert yn ‘e rjochting Jislum ferhurde, oer de terp fan Ginnum en dêr krekt by de tsjerketoer lâns lein. Alve jier letter is dat bard mei de dyk fan Dokkum oer Reitsum. Sadwaande ûntstie der in nije trijesprong rom súdlik fan de tsjerke en bleau it noardeastlike kwart fan de ringdyk yn autentike foarm bestean. Yn de parsellearing is de radiale struktuer net mear werom te sjen.

De bebouwing fan Ginnum hat altyd tin beboud west. No bestiet it doarp út inkele buertsjes dy ‘t sa as it liket, tafallich rom om ‘e tsjerke hinne groepearre binne. De ienbeukige doarpstsjerke datearret oarspronklik út de 12e ieu. Dat is benammen te sjen oan de noardmuorre, dêr‘t de sparfjilden mei rûnbôgefriezen, útfierd yn dowestien, noch oanwêzich binne. De tsjerke is yn de 13e ieu oan de westkant fergrutte en de trijekantige koarsluting is oanbrocht yn de 15e ieu. De sealdaktoer ferriisde yn de earste helte fan de 15e ieu. Dizze hat op de begeane grûn in koepelferwulf, nei alle gedachten in oerbliuwsel fan de oerwulving dy‘t de tsjerke yn de 13e ieu krige, mar yn de 17e ieu wer fuorthelle waard. It grutte, ryk bewurke doopfont út de 16e ieu is yn 1878 troch in partikulier skonken oan it Frysk Museum yn Ljouwert.

Gersleat is in streekdoarp dat diel útmakket fan de doarperigeTerbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat, dy‘t De Streek fan it âlde Aengwirden foarmet. Se binne mei it noardeastlike gedielte fan It Hearrenfean yn 1936 by Skoatterlân foege om sa de gemeente It Hearrenfean te foarmjen.

Gersleat foarmet it meast eastlike gedielte fan de oan de Aenwirderweg frijwol ûnûnderbrutsen trochrinnende bebouwing fan de fjouwer doarpen. Oan it ein fan Gersleat is de bebouwing tinner. Mei ek omdat der nei de oarloch net folle mear boud is, is hjir de sfear te priuwen fan in wenmienskip midden yn it útfeane lân dat wer yn kultuer brocht is.

Ek de streken noardeastlik by de Aldeweisterfeart en dy oan de Hegedyk, dy‘t nei it suden ta, rjochting Lúkswâld rint, hearre ûnder Gersleat.

It doarp wie yn ‘e tiid fan de 18e en de 19e ieu in sintrum fan de ferfeaning. Op de gritenijkaart fan de atlas fan Eekhoff út it midden fan de 19e ieu docht bliken dat hast de hiele omjouwing fergroeven wie en ûnder wetter lei. Allinne de ûnder Gersleat fallende Aldeweisterpolder is yn 1776 droechmeald en wer yn kultuer brocht. Itselde wie doe krekt (yn 1851-1852) bard mei de wat gruttere polder súdlik dêrfan.

Op it âlde tsjerkhôf waard de letGoatyske tsjerke yn 1736 fernijd, mar yn 1832 al wer sloopt. Der stiet in klokkestoel dy‘t yn 1939 ferfongen is troch in eksimplaar fan wapene beton, krektlyk as yn ûnder mear Lúnbert, Aldhoarne en Rottum. Dizze jout romte oan in 15e-ieuske liedklok en ien dy ‘t yn 1618 getten is troch Hans Falck.

Oan it noardlike útein fan it Streamkanaal dat fan de Aldeweisterfeart nei De Deelen rint stiet it Tripgemaal. It gebou, dat no as galery en wenhûs brûkt wurdt is yn 1876 nei in ûntwerp fan W.C. en K. de Wit stichte as fizelgemaal. It is yn 1905 ferboud en yn dy tiid is nei alle gedachten ek de yn fernijingsstyl útfierde masinistewenning ta stân kommen. Oant 1976 ta is it gemaal yn bedriuw bleaun.

Friens is in lyts terpdoarp yn in opmerklik lânskip. It bestiet út in diels ôfgroeven, hege terp mei de tsjerke, in pear beskieden streekjes oan de Beslingadyk en Van Sytzamawei en ferspraat lizzende boerepleatsen. Friens leit westlik fan it drokke doarp Grou yn de wrydske greiden tusken twa fraai troch it lânskip meänderjende útrinners fan de Boarn nei de eardere Middelsee: tusken it Swin en de Mûzel yn. It lêste wetterke, dat no yn Raerd eindicht, wie oant 1984 de grins tusken Idaarderadiel en Raerderhim. It Swin rint nei it noarden ta, rjochting Reduzum. Alhiel yn it suden streamt it brede wetter fan de Kromme Grou.

De doarpsbebouwing leit oan in âlde dyk dy’t de hearewei foarme fan Ljouwert nei Swol; de ryksstrjitwei waard yn 1826-1827 westlik fan it doarp oanlein. No rint de âlde dyk foarby it doarp dea. Noardlik fan Friens leit de agraryske buert Wilaard mei inkele buorkerijen.
Oant 1849 waard it lytse doarp dominearre troch de súdlik fan it doarp steande Beslingastate, yn 1620 as bûtenhûs ferboud en ieuwenlang bewenne troch de famylje Van Sytzama. “Eene schoone gelegenheid met graften en cingels omringd” wurdt it ein 18e ieu neamd, mar goed in heale ieu letter is de state ôfbrutsen. Op it hiem stiet no in buorkerij.

De herfoarme tsjerke is yn 1795 boud en ferfangt in midsieusk beahûs. Se is yn 1906 noch ris ferboud. It is in ienfâldich bouwurk mei in rûnbôgige yngong, mei deromhinne tinkstientsjes en in geveltop mei lytse finsters en bekroand troch in tuorke mei galmgatten, oerwurken en in ynsnuorre spits. Binnenyn de tsjerke liket it as is it it eksklusive mausoleum fan de Van Sytzama’s. Oan de wanden en oargelgalerij hingje trettsjin grutte roubuorden út de 18e en 19e ieu en in stamlist fan de famylje. Boppedat steane der yn de koarsluting seis grutte byldhoude sarken fan de famylje opsteld.

Koarnjum is in terpdoarp dat foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Middelsee. Súdlik fan de terp foarme de Koarnjumer Feart in wetterferbining mei de Dokkumer Ie. Ein19e ieu is de terp frijwat ôfgroeven, benammen oan de noardwestkant.

Oan de noardeastkant stiet al sûnt de Midsieuwen it Martenahûs. Yn 1584 waard Martenastate nei fernieling opnij boud ta in grut gebou fan fleugels. Ein 19e ieu wie it yn ferfal rekke. De lêste bewenner legatearre Martena oan it tsjerkebestjoer, dat de state yn 1899 ôfbrekke liet. Arsjitekt W.C. de Groot krige yn 1900 op opdracht om in lyts bûten te ûtwerpen en by de bou ek gebrûk te meitsjen fan aardige ûnderdielen fan de âlde state. De nije Martenastate is in miniatuerkastieltsje yn renêssânse-styl wurden. It is in L-foarmich wenhûs fan mar ien boulaach heech, mei aardich detaillearde trepgevels en in toer yn de oksel fan de fleugels, dy ‘t in sipelfoarmige spits hat. Skyldhâldende liuwen binne spoaren fan de âlde state, krekt as it alliânsjewapen mei opskrift út 1687.Om it stateterrein hinne steane beamsingels. Oan de noardkant fan it hûs leit it om in royale fiver hinne groepearre park, dat wol taskreaun wurdt oan Roodbaard. Oan de foarkant fan it park is yn1955 de yn1620 makke barokke poarte fan it Lânskipshûs yn Ljouwert, pleatst.

Yn ‘e midden fan it net ôfgroeven diel fan de terp stiet de herfoarme tsjerke, dy ‘t yn 1873 nei in ûntwerp fan F. Brouwer boud is op it plak fan de midsieuske Sint-Nicolaaskerk. De nije tsjerke hat in fiifkantige koarsluting, sydgeveltoppen, grutte finsters mei neo-goatyske trasearings fan getten izer en in geveltoer mei ynsnuorre spits. De tsjerke befettet noch iere 17e-ieuske ynterieurûnderdielen.

Súdlik fan de kearn fan it doarp waard yn de earste helte fan de 20e ieu lintbebouwing ûntwikkele oan de Martenaweg en nei de oarloch kaam der in nije wenwyk oan de westkant, de David van Goirlestrjitte en omjouwing.

It streekdoarp Ychten hat in midsieusk ferline en leit oan de âlde dyk Lemmer-It Hearrenfean. It doarp hat in tichte bebouwing op de krusing mei de Middenweg – mei in rige nei-oarlochske wenten – en even fierderop mei de Middenfeart. Oan de feart foarmje de ienfâldige huzen in aardige wetterbuert. Even fierder nei it easten ta leit it streamkanaal nei it eardere stoomgemaal oan ‘e kant fan de Tsjûkemar, dat it wetter yn de Feanpolder fan Ychten op peil hâlde moast.

Fan it begjin fan de 19e ieu ôf hat, yn it súdliker lizzende, útstrekte Ychtenerfjild nammentlik ferfeaning plakfûn, wêrnei ‘t de grûn yn kultuer brocht is. It gemaal is yn 1913, nei plannen fan de polderopsichter L. Lourens boud yn in freonlik eagjende fernijingsstyl mei heal bepleistere gevels. De skoarstienpiip is ôfbrutsen. Ychten hat nochal wat fearren litte moatten. Fan it omfangrike feangebiet súdlik fan ‘e Tsjûkemar hearde it Ychtenerfjild – en dat besloech hast de helte-, by Ychten. Op dat plak ûntwikkele him de delsetting Bantegea, dat de status fan selsstannich doarp krigen hat. Oan de eastkant hat it buorskip Ychtenbrêge it ek brocht ta selsstannich doarp en is it it memmedoarp sels boppe de holle út groeid.

By de krusing fan Hoofdweg en streamkanaal stiet de doarpstsjerke. Dizze oan de Hillige Lautentius wijde tsjerke wurdt al yn 1245 yn de boarnen neamd. It gebou datearret út de 13e ieu, mar is healwei de 17e ieu ommitsele en krige in segmint yn pilasters. Sadwaande ferlear de tsjerke har midsieuske karakter. De sealtsjerke hat in trijekantige sluting. De slanke toer hat inkele opmerklike kenmerken. Yn de westgevel fan de toer kaam in flink grut roasfinster en dêrboppe binne dekoratyf omliste galmgatten pleatst. Op de romp folget in mei laaien dutsen achtkantige bekroaning mei oerwurken, dêr‘t de spits op pleatst is. De westlike gevel en de toer binne yn 1879 ta stân kommen. Yn de toer hinget in klok, dy ‘t yn 1597 getten is troch Cornelis Ameroy.

Miedum is in terpdoarp dêr’t yn ‘e rin fan de tiid net folle fan oerbleaun is. Lykwols oan de uterste noardlike râne fan de gemeente Ljouwert hat it wol in markante skeane wachter, in toer krekt sa skean as de Aldehou. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 is te lêzen: “Dit kleine Dorpje heeft een Kerk met een toorntje, is de 16e eeuw getimmerd. Even ten Noorden van hetzelve loopt eene dwarsvaart uit de Ee naar de wateren van Tietjerksteradeel.” Fyftjin jier letter hie it doarp 64 ynwenners.

Healwei de 19e ieu wit it Aardrijkskundig Woordenboek: “Vroeger stond hier eene kerk, met een torentje, doch zonder orgel, welks omstreeks het jaar 1630 gesticht werd. Zij is voor eenige jaren afgebroken, doch de toren is alleen blijven staan.” De tsjerke is yn 1834 ôfbrutsen: de lytse mienskip koe de ûnderhâldskosten nei alle gedachten net mear opbringe. Nettsjinsteande syn ferware uterlik stiet de toer der noch proastich by. It is in karakteristike sealdaktoer mei skouders op de hoeken en in izeren krús op it dak. Oan ‘e westkant sit in ienfâldige doar yn in nis, dy’t krekt even spitsbôgich is en oan de eastkant is ûnder in spitsbôgenis te sjen. Faaks is de toer al boud yn de 14e, mar wierskynliker yn de 15e ieu. Ut de Midsieuwen is net folle mear te sjen, want de toer krige yn de 19e ieu in nije mantel, oan trije kanten fan graubrune en oan de eastkant fan giele stientsjes. Underyn sitte âldere ferrassingen: in soarte fan plint fan stiennen yn flinke ôfmjittings, moppen en roaswinkels dy’t út de lette Midsieuwen stamme. Mooglik dat dit materiaal is fan de tsjerke dy’t yn 1834 ôfbrutsen is.

Oan it Wynserbinnenpaed 22 stiet in boerepleats dy’t nei in brân yn 1962 yn tradisjonele foarmen opnij opboud is. De nije kop-hals-rompbuorkerij, yn eigendom by it Sint-Anthony-gasthûs yn Ljouwert is troch P. Kingma Lzn. ûntwurpen en faaks wol de lêst boude yn syn soarte.

Waaksens is in frij lang terpdoarp dat yn de twadde helte fan de 8e ieu as Wacheringe foar it earst yn boarnen foarkomt. De hast fiif en in heale meter hege terp kin inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien wêze en hat troch de ieuwen hinne in lytse bebouwing hân. Noch yn de bebouwing, noch yn de ferparte stikken grûn is wat systematyk te ûntdekken, al liket it der wol op dat de mar in bytsje ôfgroeven terp in min of mear rjochthoekige omfang hân hat.

It doarp hat gjin wetterferbining mei de omjouwing, ûngefear 800 meter noardlik rint de Opfeart nei de westliker lizzende Holwerter Feart. De Opfeart rûn nei de eardere state Tsjessens dy’t yn in moai park – roaid yn de twadde wrâldoarloch – lein wie. De dyk fan Holwert nei it suden meändere ynearsten noardlik om de terpfoet fan Waaksens hinne. De trochgeande dyk dy’t om 1860 hinne tusken Holwert en Dokkum oanlein is, kaam oan de súdkant oer de terpflank te rinnen.

Westlik fan de dyk stiet de stinspoarte fan Sjucksmastate. De poarte stiet op in skean ferskode rjochthoekige plattegrûn en de bôgen ha foarmen fan ferskode ellipsen wêrtroch de skeante optysk korrizjearre wurdt. Oan de fjildkant in maskaron op de slútstien en in stien út 1668 mei de wapens fan Harinxma en Botnia. Oan de kant fan it hôf is de geveltop trochsingele mei dowegatten. Njonken de tsjerke stiet de pastorije mei in foargevel dy’t foarsjoen is fan neorenêssânse sierwurk, sa as rustikablokken, djipreliëf, diamantkoppen, in panelefries, boogtrommels mei mitselmozayk en putti.

De goatyske tsjerke hat in koar mei trijekantige sluting en in slanke yn it tsjerkelichem opnommen sealdaktoer. De tsjerke is yn de earste helte fan de 15e ieu fernijd mei gebrûk fan it âlde boumateriaal. De westgevel is modern: it tsjerkje is yn 1962 restaurearre. It ynterieur hat sfearfol 17eieusk meubilêr en der is in ferrassende epitaaf fan sânstien foar Douwe van Aylva, dy’t yn 1592 foar Dimter foel.

Warfstermûne is in streekdoarp dat ûntstien is oan de oanleine âlde seedyk om 1315 hinne.

Nei alle gedachten nei’t yn 1529 de nije dyk om it Nijkrúslân oanlein wie. It elemint “warf”yn de namme tsjut in hûs op de dyk oan wêr’t de dykgearkomsten hâlden waarden en de “mûne” yn de namme komt al yn 1574 foar yn de boarnen.

Warfstermûne is lang in buorskip by Boerum west mar wurdt no as selsstannich oanmerke, hoewol it noch troch in tsjerke, noch troch in skoalle of oare gebouwen mei bysûndere foarsjennings aksintuearre wurdt. Eastlik fan it doarp, yn de buert Halfweg, op’ e hoeke fan de Leegsterwei en de Eeuwe Enneswei, stiet in ûnderwilens bûten gebrûk stelde skoalle. Yn Warfstermûne stiet wol in doarpshûs.

It doarp bestiet út in nochal sletten lintbebouwing oan benammen de súdkant fan de âlde dyk en in beskieden doarpsútwreiding fan nei de oarloch oan de súdkant, de Warf en omjouwing, wêr’t de trochgeande dyk lein is. Ek oan de Gruytswei is nei de oarloch noch folkshúsfesting kommen wêrtroch de delsetting oan de dyk in goede gearhing fertoant. De lêste jierren is de noardlike berm fan dizze dyk simmers in blommewielde. De measte wenningen, ôfwiksele mei dwers – en lânskappen en út ferskillende bouperioaden, stamme fierder meastal út it ein fan de 19e en de earste helte fan de 20e ieu. It nochal heech oplutsen stjelpbuorkerijke op nûmer 68 kin út de earste helte fan de 19e ieu datearje. De dwers pleatste middengongwenning op nûmer 66 datearret ek út dy perioade, mar sjoen it grutte bakstienmateriaal kin it ek noch wol earder west wêze.

Yn it lân om it doarp hinne steane pleatsen, wêrûnder mânske eksimplaren. Oan de Eeuwe Enneswei by Halfweg stiet in grutte kop-hals-romp. By de Kolk yn it noarden oan de Olde Borchweg in buorkerij mei in foarhûs út 1927 yn ‘Amsterdamse Schoolstijl’. Op ‘e hoeke fan de Gruytswei en Leegsterwei in kop-hals-romppleats út de earste helte fan de 19e ieu mei in túnhûs op it foarhiem.

Warstiens is in lyts terpdoarp dat folslein op it agraryske bedriuw rjochte is. De kom, foar safier der oer praat wurde kin, wurdt dan ek foar it wichtichste part bepaald troch mânske pleatsen en de tsjerke. Warstiens kin allinne út Wergea berikt wurde oer in smelle dyk.

It doarp is fan âlds goed ûntsletten troch twa koarte opfearten nei it Langdeel, it belangrykste farwetter fan Ljouwert nei Warten. Hoewol’t it lytse Warstiens maatskiplik folslein op Wergea rjochte is, wie der in tsjerklike bân mei Warten. Kontakten fûnen oant fier yn de 19e ieu oer it wetter plak. Warstiens hie wol in eigen tsjerke, in gebou mei in sealdaktoer. De tsjerke is yn 1844 noch ris opknapt, mar wie yn 1882 kenlik sa boufallich dat dy doe ferfongen is troch in nij eksimplaar. De gewoanlik objektive encyclopedie van Friesland út 1958 oardielde: “Hervormde kerk zonder architectonische waarde.” Dêr wurdt in lytse heale ieu letter oars oer tocht. De tsjerke is fan in ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Hendrik H.Kramer dy’t him doedestiids ta de meast foaroansteande boumaster fan Fryslân ûntwikkele. En oan de Warstienser tsjerke is dat te sjen: dy is wier riker útdost dan in protte tsjerken út deselde tiid. It is in sealtsjerke mei grutte rûnbôgefinsters tusken slanke steunbearen en dekorative friezen en oar siermitselwurk. Tsjin it front oan stiet in slanke toer mei listwurk mei in ynsnuorre spits. Oan de efterkant is in fersmelle en ferlege koarpartij dy’t it gehiel opfleuret.

Oant 1784 lei de Himpenser Mar westlik fan Warstiens. Yn 1779 wie de oktroai oanfraach om de mar droech te meallen en yn 1784 wienen se yndie mei it wurk oan’ e gong. It barde yn opdracht en foar risiko fan fjouwer Makkumer ûndernimmers: Eibert Dirks, de bruorren Jan en Marten Kingma en Yme Tichelaar. Der kaam in dyk en in ringfeart om de hiele droechmakkerij en der waard in mole pleatst dy’t de 90 hektare droech mealde.

Warten is in âld wetterdoarp yn it noardeasten fan de gemeente oan it belangrike farwetter it Langdeel en nei it súdeasten de Rochsleat. Dêrtroch hat Warten goede ferbiningen mei sawol Ljouwert as it efterlân. It Langdeel ferbredet him flak foar Warten oan it Wartenster Wiid ta, wêr’t al yn de 17e ieu in buert, de Midsbuorren, ûntwikkele wie dy’t fan it ein fan de 19e ieu ôf stadichoan in warber karakter - mei skipfeart en suvelfabryk krige.

De kearn fan it doarp lei eastliker, by de tsjerke en brêge, wêr’t it ferkear oer de dyk foar de oanlis fan de krap om de súdlike râne fan it doarp rinnende Rûnwei, oerhinne moast. De tsjerke is yn 1780 fernijd ta in sealtsjerke mei grutte korfbôgefinsters wêrfan leafst seis fan brânskildere glês foarsjoen binne, yn it boujier makke troch Ype en Jurjen Staak. Foar de tsjerke stiet in foarse toer dy’t it doarpsgesicht foaral fan it westen út behearsket. Oan dy kant fan de Haadstrjitte stiet in tal deftige doarpswenten, wêr’t in mei dekoratyf pleister ferrike notabele wenning tusken stiet. Oan it wetter is foaral noardwestlik fan de brêge in freonlike wetterwyk foarme. Yn Warten stiet de lêste langhúsbuorkerij fan Fryslân, it oertype wêrby it dak fan foarhûs en skuorre trochrint en dy’t as museum ynrjochte is.

De earste folkshúsfesting fûn yn 1920 oan de Easterbuorren plak, in rige fan tsien huzen. Nei de oarloch koe al yn 1948 in achttal tradisjonalistyske wenten oan de Haadstrjitte boud wurde en yn de fyftiger jierren folge de wenningbou yn de strjitten tusken de âlde doarpskearn en de Rûnwei.

Fan de sechstiger jierren ôf kaam der in nijbouwyk noardlik fan sawol it wetter as fan it Nijpaad en de Haadstrjitte. Beskriuwingen út eardere ieuwen ha it oer in aardich bloeiend stedsje Warten dat troch in fûle stoarm tusken 1220 en 1240 fernield wêze soe en wêrfan soms noch spoaren fûn binne. Ynmiddels is fêst komme te stean, dat it ferhaal op in misferstân berêst.

Waskemar is in karakteristyk en jong feankoloanjedoarp, in streekdoarp by de Kompanjonsfeart en de Haulerwykster Feart lâns. De feart waard yn 1756 troch de Drachtster Compagnie groeven op it doarpsgebiet fan De Haule, twa en in heale kilometer noardlik fan dit doarp. De delsetting waard fan it ein fan de 18e ieu ôf Beneden Haulerwyk neamd en krige pas nei de Twadde Wrâldoarloch de status fan selsstannich doarp. It waard der ek de Cruijmte of de Krompten neamd, nei de kromming yn de feart. In strjitte by de bocht fan de Haulerwiekster Vaort nei de Mandefeart bewarret dizze namme. De lêste feart fiert mei wat bochten nei Bakkefean.

Doe’t it yn 1953 de status fan doarp krige, is it neamd nei in poel yn de Duerswâlder Heide, dy’t westlik fan it doarp op it grûngebiet fan Opsterlân leit. Yn 1849 blykt op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff dat der oan beide kanten fan de feart al kilometers lange, frij regelmjittige bebouwing groeid is. De westlike hoeke fan Beneden Haulerwyk is dan noch net ticht beboud.

Ungefear in heale ieu letter kaam der op dizze hoeke in koöperative súvelfabryk ta stân. Wer in lytse ieu letter is de fabryk, dy’t troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillein wie, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.

Súdwestlik fan it doarp binne om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Pieter Wilhelm Janssen ûntginningsplakken ta stân kommen. Janssen hie fortún makke yn Ynje en luts him de minne wengelegenheid yn Fryslân oan. Wenningferbettering keppele er yn súdeast Fryslân, ûnder mear yn Beets, Jobbegea-Skuorregea, Terwispel en Waskemar, oan de ûntginning fan de útfeane grûn. By de pleatskes hearde ûngefear tsien hektare yn kultuer te bringen grûn. By Waskemar bestiet de noch reedlik geve Janssenstichting út njoggen fan dizze pleatsen. De boerebuorskip leit súdlik fan de Leidyk by de Duerswâlder Heide lâns. Oan wjerskanten fan dizze Leidyk is tsjin it doarp oan yn de ôfrûne tsien jier in bedriuweterrein oanlein.

Wergea is as in agraryske delsetting op in lytse terp tusken inkele marren ûntstien. Dizze marren, de Grutte Wergeaster Mar, de Jorniahúster Mar en de Himpenser Mar, binne allegearre droechmeald.

It doarp hat syn ûntwikkeling foaral te tankjen oan de geunstige lizzing foar it ferkear. It leit oan de Wergeaster Feart, in eardere drokke rûte dy’t Ljouwert mei it suden ferbûn.

De lêste desennia is it wer drok op’ e feart, mar dan troch de wetterrekreaasje. By beide kanten fan de feart lâns is sûnt de 16e ieu seambebouwing ûntwikkele: oan de Grutte Buorren, de Lytse Buorren en letter oan de Nije Hoeke. It begjin fan de Grutte Buorren rint as brede kade foar it front fan de doarpstsjerke lâns. Efter de tsjerke stiet heech de eardere pastorije yn in romme tún.

Dêrnei bûget de Grutte Buorren tusken de bebouwing troch, wêrfan de wenten en eardere winkels oan de westkant deun by it wetter stean. Der steane nochal wat brede wenningen fan it notabele type, op’ e hoeke fan de Giele Eker in pân út 1668, bekend as de âlde bakkerij. De tutegevel hat foar dy tiid karakteristike beitelingen. Under is de yndieling feroare, mar op de ferdjipping sitte de rûne ûntlestingsbôgen mei negblokken boppe de finsters. Kordonbannen fan natuerstien jouwe de boulagen oan en de gevel wurdt bekroand troch in op in konsole mei kopke rêstende útmitsele pinakel. Fierder súdlik leit in lytse izeren flapbrêge oer it smelle dwersfeartsje en dan folget de Hillebuorren by it wetter fan de Wergeaster Feart lâns.

De foar in grut part sletten bebouwing by de smelle kade fan de Lytse Buorren lâns is út de desennia om 1900 hinne. De measte huzen binne in inkele laach mei in kap heech, mar soms is der ien heger. Yn de gevelwand falt it brede Popmagasthûs op, it yn 1664 stichte widdohofke dat yn 1864 fernijd is. Boppe de doar fan de foar it dak útboude middenpartij is de grutte wapenstien fan stichtster Vrouk van Popma en har man wer pleatst. Oan de noardkant fan de brêge is de gong by it wetter lâns, de Nije Hoeke, noch smeller. Dêr stiet wol de grutste en mei sierpleister eleminten oerdadich fersierde notabele wenning. De wenning is boud troch in hiele ûndernimmende man yn de desennia om 1900 hinne: Abraham Keimpes Hoekstra. Hy wie bouûndernimmer fan huzen, pleatsen en molens. Fierder wie er jildsjitter en technysk adviseur fan de boeren dy’t yn 1886 de Vereniging Coöperatieve Zuivelfabriek “Warga”oprjochte ha, de earste fabryk fan it lân dy’t sa organisearre wie. Boppedat waard er in ferneamde redensfabrikant. Dêrmei hold er syn feinten yn de sloppe wintertiid oan it wurk. Oan it begjin fan de 20e ieu produsearre er om deselde reden semintstiennen, wêrtroch der yn Wergea en omjouwing in protte gebouwen opfallend fan dit materiaal boud binne. Heaks op it wetter kamen ynearsten allinne beheinde buertsjes by paden en wegen lâns, wêrfan de Giele Eker de belangrykste is. Dêr steane inkele huzen út it ein fan de 18e ieu en notabele wenningen.

De roomske Martinustsjerke mei hege toer is yn 1862 ferriisd nei ûntwerp fan H.J.Wennekers yn in betide neogotyske styl en hat in komplete ynventaris yn dy styl. De herfoarme tsjerke, ek mei toer, ferriisde yn 1872 en is tsjintwurdich yn gebrûk as doarpshûs De Bidler.

Yn de twadde helte fan de 19e ieu waard de weiferbining fan Ljouwert út troch de doarpen lein. Hjirtroch kaam der ek mear bebouwing by de Tsjerkebuorren, Ljouwerterwei en de Wartensterdyk lâns, wêr’t ek wer notabele en lytse boargerhuzen boud waarden. Oan de westlike râne fan de doarpsbebouwing stiet it saneamde “Ald Slot”. It bûtenferbliuw is yn 1787 boud as foarhûs fan in pleats, mar hat in skiednis dy’t wêrom giet oant 1423 ta mei in lytse sealstins dy’t as Ald Roarda bekend is. Yn dat slotsje is organist en komponist Reynoldus Popma van Oevering om 1700 hinne opgroeid. It hjoeddeistige slot kaam mooglik mei gebrûk fan fûneminten en âld materiaal ta stân.

Westergeast is in streekdoarp dat yn de betide Midsieuwen ûntstien is op in sânplaat noardwestlik fan de hege grûn fan de Wâlden en dy’t dêrfan skieden is troch in leech gebiet, de Warren. It doarp wie op wat ôfstân yn noardlike rjochting oer wetter ûntsletten troch de Swemmer en letter troch it ferbettere kanaal fan de Nije Swemmer. Oan de súdkant is yn 1654/56 de Strobosser Trekfeart groeven.

It doarp hat him ûntwikkele by twa parallelle wegen lâns: de tsjintwurdige Eelke Meinertswei en de Bumawei. Oan de wegen en wat sydpaden is de bebouwing stap foar stap fertichte, wêrtusken relatyf in protte pleatsen en wenbuorkerijkes.

Nei de oarloch is yn it westen de doarpsútwreiding ta stân kommen. Noardwestlik heart de buorskip Keatlingwier, dy’t rjochting Dantumadiel rint, by Westergeast. Súdlik hat De Trieme by dit doarp heard, mar dat doarp is no selsstannich. Fan it suden út wurdt it doarp ynlieden troch “De Greidpôlle”, in jonge stjelpbuorkerij, yn 1935 boud nei ûntwerp fan arsjitekt S. Van der Molen yn in ekspressive styl. Foaral de hoekerkers oan it front falle op.

Oan de oare kant fan de Eelke Meinertswei stiet de mânske doarpstsjerke op in heech tsjerkhou yn in tichte beammerâne. It romaanske gebou is yn ferskillende fazen om 1200 hinne yn bakstien oplutsen om in foargonger fan dowestien te ferfangen. De toer is foar in part yn de westgevel opnommen en hat in koarte ynsnuorre spits. It skip fertoant rûne grute bôgen en in rûnbôgefries en ek de wat ynspringende healrûne koarpartij hat gevelflakken mei rûnbôgefriezen. Ek yn it ynterieur is de midsieuske sfear noch hielendal te priuwen. Earst falt de fan in heal koepelferwulf fersjoene absis op mei in moai blokte triomfbôge. Der binne mei wat muoite noch fragminten fan yn registers komponearre muorreskilderingen te besjen.

Fierder yn it doarp binne foaral oan de Eelke Meinertswei in stik as wat geve buorkerijen en op nûmer 15 in skuorre mei foarhûs út sawat 1905 dat as kafee tsjinst die.

Westernijtsjerk is in streekdoarp dat mooglik yn de folle Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl en tsjin in dykkompleks oan, de Hege Hearewei, as in nije (it “nij”yn de namme) delsetting by it folle âldere Marrum, wêr ta it faak as buert rekkene wurdt. De Romaanske tsjerke wiist op in nochal hege âlderdom. De tsjerkestichting wurdt wol yn ferbân brocht mei state Jepma of Jeppema, dy’t wilens ferdwûn is dy’t noardeastlik fan de tsjerke op in romme omgrêft en as tún ynrjochte terrein lei. De nije parochy soe troch de Jeppema’s befoardere wêze en de tsjerke op harren grûn boud, wêrtroch in sekere beskerming bestien hat.

De doarpsbebouwing leit súdwestlik fan de tsjerke. De tsjintwurdige, foaral agraryske bebouwing leit ferspraat by de Hege Hearewei lâns; by de bajonetbocht is der sprake fan wat fertichting, in streek dy’t yn it ferline wol Lutkeburen neamd waard. Yn de 17e ieu moatte der om de tsjerke hinne ek huzen stien ha. Jepmastate is nei alle gedachten oan it ein fan de 18e ieu ôfbrutsen. De Ljouwerterdyk dy’t om de bebouwing fan Marrum lutsen is snijt de terreinen fan de eardere state troch. Foar de tsjerke leit in grut parkearterrein.

De tsjerke mei trijekantige koarsluting is wijd oan Sint-Oswaldus. De tsjerke hat in sealdaktoer út de 15e ieu mei twa âldere klokken (1385 en 1405). It let Romaanske skip is yn de earste helte fan de 13e ieu mitsele fan âlde friezen. It koar is tagelyk oplutsen en fertoant op de hoeken mitsele kolonetten mei ringfoarmige kapitelen. De tsjerkekap is om 1500 hinne fernijd: it houten tonferwulf mei trekbalken is doe oanbrocht. It skip krige om 1800 hinne steunbearen en de finsters binne doe fan nije dagkanten foarsjoen. Tusken it evenwichtige meubilêr falle de 17eieuske hearebank, de barokke preekstoel en foaral de heech goatyske bankwangen op. Se binne snien mei moai detaillearre en útienrinnende briefpanelen en bekroaningen en binne út de earste helte fan de 16e ieu.

Westhim is in lyts kompakt terpdoarp fan midsieuske oarsprong mei in buert tichtby de Himdyk. Dizze dykstreek wurdt de Kat neamd en de terp Feytebuorren. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp tekene mei in fjouwertal buorkerijen om de tsjerke hinne mei de Westhimster Opfeart nei de Wimerts . In opfeart dy’t yn it suden by de Kat in slûs, in syl, yn de Himdyk hat, wêr’t ek noch twa huzen steane. De Himdyk leit noardlik fan de yn 1633 droechmealde Atsebuorster mar. De polder hat in merkber leech nivo.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ‘Westhem, een klein dorp … in ’t Westen tegen den Hemdyk gelegen, gelyk Oosthem in ’t Oosten: hier onder behoort het droog gemaalen Atsebuurster meer, liggende samen met Sensmeer, tot Wonzeradeel behoorende, in den zelfden Dyk, als ook het buertsje de Graauwe Kat, alwaar men een Sluisje in de Hemdyk heeft, waar door men te scheep uit de Buitendykster landen, door dit Dorp, in de Bolswerder vaart kan komen. Ook ziet men hier twee Wieren, overblyfzels van oude Staten.’ It buertsje heart koartsein de Kat neamd te wurden, Grauwe Kat leit ûnder Arum.

De dykbuert mei yn de rêch de opfeart is ûnderwilens mânsker as it oarspronklike terpdoarp útgroeid. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff yn 1851 is dy ûntwikkeling te sjen, al is de groei minder sterk dan dy fan Blauhûs, even westliker, eartiids in buorskip dat ûnder Westhim hearde. It buertsje by de slûs wurdt De Kat neamd en de syl Katsyl. It kafee midden yn de dykbuert fan Westhim hjit De Kot, wêrby de stavering de útspraak folget. Noardlik fan de tsjerke, bûten de terp steane in pear huzen en buorkerijen.

De tsjerke is in trijekantige sletten sealtsjerke dy’t yn 1708 boud is om in midsieuske foargonger te ferfangen. De sealdaktoer is 13eieusk. Der hingje klokken yn wêrfan de iene út 1353 is en de oare yn 1639 troch Jacob Noteman getten is.

De Westhoeke is in streek dy’t noch mar krekt de status fan doarp krigen hat. It is it westlikste diel fan de earste Bildtdyk, dy’t yn 1505 opsmiten is fan Dykshoek ôf, wêr’t er oansleat op de Griene Dyk fan it eardere Barradiel, oant de Noarderdyk fan Ferwerderadiel. Dêrmei waard it Oud Bildt ynpoldere. Het Bildt krige doe fan de Saksische Heer van Friesland de status fan gritenij, de jongste fan Fryslân. Nei’t yn 1600 de Nijebiltdyk ta stân kommen wie, waard de âlde dyk slieperdyk en begûn de ûntwikkeling ta in opmerklike wenbuert.

De namme De Westhoeke waard jûn oan dit stik fan de alve kilometer lange bebouwing oan de Aldebildtdyk ter ûnderskieding fan de Oasthoek, de buert op de krusing fan de dyk mei de Kouwe Faart dy’t yn de Waadsee útwettert by Swarte Haan. Tusken De Westhoeke en De Oasthoek lei rjocht noardlik fan St.Jabik ek noch de buert dy’t Spitsroeden neamd wurdt. Hjir stiet in belangrike masinefabryk mei in museale ôfdieling fol stoommasines. Krekt as by oare streken by de dyk lâns bestiet de bebouwing oan de noardkant tsjin de dyk foaral út arbeiderswenten, mar der binne ek in stik as wat pleatsen te finen.

Súdlik fan de dyk en de dykfeart lizze de pleatsen yn it lân. It binne meastal monumintale buorkerijen, wêrûnder inkele fan it winkelheakmodel. Der stiet boppedat in yn 1899 stichte iepenbiere legere skoalle yn de foar doe karakteristike sierstyl. Yn de op de dyk rjochte koarte gevel sitte boppe yn gevelplaten mei Openbaar Lager Onderwijs en leger platen mei Anno en 1899 oan wjerskanten fan in grutte yn in nis pleatste plaat mei in gemeentewapen. Op it dak lizze de moaie Lucas IJsbrandpannen. Hielendal yn it westen fan De Westhoeke stiet in Yndonesysk restaurant. Noch westliker giet de Biltdyk oer yn de Armen- of Statendijk dy’t op de âlde Griene Dyk oanslút. De âlde herberch dy’t hjir stie is ferdwûn.

Wetsens is in radiaal terpdoarp wêrfan de ovale ringwei noch foar mear as de helte bestiet. De rest fan de omfang fan de oarspronklike terp is oan in stik ringsleat en de perseelsgrinzen te werkennen. Oan de ringwei leit de bebouwing, foar in grut part pleatsen, dy’t oan de noardlike en oan de súdwestlike kant wat fertichting te kennen jout. De terp is grut west, mar is yn 1892 en 1896/97 foar in grut part ôfgroeven. Hjirtroch is de tsjerke fjouwer meter heech op in skerp ôfgroeven restant kommen te lizzen en is de Opgong frij steil. De pleats dy’t oan de súdwestlike kant binnen de ringwei stiet, leit op in net ôfgroeven part fan de terpsoal.

Eastlik hat it doarp mei it Jellegat in goede ûntsluting oer wetter: yn noardlike rjochting nei de Peazens en yn súdlike rjochting nei de Suderie. It Jellegat is lang de wichtichste wetterlossing foar West Dongeradiel west en faak oarsaak fan konflikten tusken de Dongeradielen. De wetteroerlêst koe der fan West nei East Dongeradiel ferpleatst wurde. By ekstreme waarsomstannichheden wie it Jellegat as in wetterfal.

Wetsens is sa geef bleaun troch de ôfsidige lizzing fan de ferbiningswei fan Dokkum nei Mitselwier en Easternijtsjerk. De oan Sint-Vitus wijde lytse tsjerke is út dowestien boud en is út de 12e ieu. De koarpartij, ynwindich heal rûn, útwindich fiifsidich, is út de earste ieuhelte. De hoeken binne aksintuearre troch pilastereftige kralen fan Bremer sânstien. It skip is yn de twadde ieuhelte boud. Beide sydgevels binne oer de hiele djipte fersierd mei in sparfjild dat oan de boppekant bekroand is troch in rûnbôgefries. Der binne spoaren fan oanbouwen mei kapellen, oan de súdkant bine dizze it dúdlikst. De tsjerke is yn it begjin fan de 16e ieu mei bakstien ferhege. Doe binne de ferwulven fuorthelle, spitsbôgefinsters oanbrocht en kaam oan de noardkant in let-goatyske yngongspartij. Yn 1842 is de sealdaktoer ynstoart en de westlike partij ferfongen troch in trijesidige sluting mei in lytse hingjende klokkestoel.

Wier is in terpdoarp dat mooglik oan it begjin fan de jiertelling ûntstien is by de mûning fan de Middelsee. It doarp komt yn de boarnen fan de 13e oant it begjin fan de 16e ieu foar as “Weer”. It doarp is nea grut west en ek it doarpsgebiet yn de úterste noardpunt fan Menameradiel, tusken Aldmear en de âlde seedyk, de Hegedyk, wie beheind.

De fiskers hienen troch de Wier- en de Balksyl tagong ta de Middelsee. De Tegenwoordige Staat van Friesland meldde in 1786: ‘Weleer lag dit dorp ook aan zee, en werd toen, waarschynlyk, bewoond door Visschers, die door de Wierzyl gemaklyk in zee konden komen, en van daar naar hun visch, door de Ried, naar Franeker en elders brengen. By onzen tyd lag hier nog de fraaie State Lauta, bestaande in een schoon Heerenhuis en zwaaren toren, omringd met diepe graften en ene ruime hovinge.’

De state is mei it pachtersoproer yn 1748 yn de brân stutsen. Lautastate hearde ta de moaiste staten van Fryslân. It terrein fan Lauta is noch te werkennen.

It doarp hie mei it Moddergat in wetterferbining mei Berltsum. Nei it tichtslykjen fan de Middelsee is Wier in folslein agrarysk doarp wurden. Dat is oan de mingde bebouwing fan pleatsen en wenten te sjen mei in konsintraasje oan de Hegedyk. Oan it Tsjerkepaed stiet de neoklassistyske pastorije út it midden fan de 19e ieu. In twadde middengongwenning stiet oan de Hegedyk, mar dan yn mingde styl. It is de skoalmasterswenning dy’t yn 1874 tagelyk mei de middengongskoalle, dy’t út twa klassen bestiet, boud is.

De bakstiennen tsjerke is út it midden fan de 12e ieu. Om 1800 hinne is de súdgevel beklamme en fan steunbearen foarsjoen. Yn 1881 is nei ûntwerp fan F.Brouwer in toer fan trije segminten en in ynsnuorre nullespits oplutsen en dêryn is in astronomysk oerwurk pleatst. Yn it koar waard yn de 19e ieu in bysûnder orizjinele rûne nachtmielsromte makke.

Wierum is in terpdoarp dat op in kwelderwâl flak by de see yn de betide Midsieuwen ûntstien is.
Dizze gefaarlike lizzing is net sûnder gefolch west. It noardeastlike part fan de rjochthoekige terp is yn see ferdwûn en oan dy kant sil ek in stik fan it doarp troch de weagen opslokt wêze. De tsjerke liket tsjin de hege seedyk oan te leunen.

Fan âlds is Wierum troch dizze lizzing in fiskersdoarp west. Oan it begjin fan de 19e ieu joegen tsien skippen oan fyftich fiskers wurk en yn 1882 telde de float fyftjin aken dy’t fan in bun foarsjoen wienen, wêrtroch de skol yn farsk wetter nei de wâl ferfierd wurde koe. Yn in fleanende stoarm op 1 desimber 1893 fergienen trettjin fan de santjin skippen: 22 fiskers ferdronken. Op de dyk docht in monumint tinken oan it doarpsdrama. De fiskerij hat dit nea wer ferhelpe kinnen. Der binne in protte karakteristike fiskershuzen ferdwûn. Oan it plein tsjinoer de tsjerke is it fiskershûs út 1823, no wetterskipshûs, wol in oantinken oan de maritime skiednis. It is in wat plechtich gebou fan fiif finsterflakken breed en twa boulagen heech mei in omliste tagong en in foar it dak útboude kajút.

De doarpstsjerke stiet no oan de noardlike marzje fan it út ticht beboude strjitten besteande doarp. De oan Maria wijde tsjerke is út de 12e ieu. It tsjerkeskip mei koar út 1912 is troch in nij gebou ferfongen, wêrtroch in opmerklik stik skiednis weifage is. De dowestiennen toer út de 12e ieu is wol bestean bleaun. Hy foarmet mei de oangrinzjende sydromten dy’t ûnder en op de ferdjipping mei de toerromte ferbûn binne, in westwurk. Oan de bûtenkant is de toer fersierd mei sparfjilden en rûnbôgefriezen en boppe op it sealdak stiet in aak as wynfaan te pronk.

Noch foar de Doleânsje stichten de Ofskiedenen yn 1875 in eigen tsjerkegebou, efter de roailine yn de Haadstrjitte. It beskieden bouwurk makket syn tsjerklike funksje allinne mar kenber mei de tsjerkefinsters.

Baaium is in terpdoarp. It hat net in kompakte bebouwing; it liket wol as binne buertsjes en buorkerijen om de lytse kearn mei de tsjerke hinne, hjir en dêr it lânskip ynstruid. Oan de trochgeande dyk tusken Winsum en Dronryp stiet wat losse bebouwing. Noardlik fan de tsjerke is in buertsje ûntstien, mar de meast gearhingjende hoeke fynt men oan in paad oan de westkant foar in grutte boerepleats oer. De huzen dêr ha de Baaiumer Opfeart nei de Frjentsjerter Feart yn ‘e rêch.

By de krusing fan de dyk en de dwerspaden stiet de opmerklike doarpstsjerke. By de bou hat men net sunichoan dien en it is dêrtroch in goed foarbyld wurden fan de oerdiedige mingstyl De toer is yn 1865 nei tekeningen fan B.J. Sitenga boud en de tsjerke is realisearre yn 1876 nei in ûntwerp fan S. van der Veen. Toer en tsjerke fertoane romaanske trekken, mei namme de rûnbôgefrieskes wize dêrop. By de yngong sjogge we let-klassicisistyske motiven. It stúkwurk fan it ynterieur troch D.J. Fast, biedt in feest fan stilen; alles mei elkoar makket lykwols in ymponearjende ienheid. It folgjende fers is yn de 17e ieu úthakke yn ien fan de siden fan it doopfont: Dit is Baiommer vondt / Die vergeeten lagh in de grondt / is 1668 / Wederom op gerecht / om dat daer veel van wert gesegt / Godt wil ons land en dorp bevrien / Voor bij Geloof en Afgoderien.

It grutte fjouwerkante font is fan rôze Bremer sânstien. De oare kanten ha goatyske trasearings nei 15e-ieusk model. It ferhaal giet dat se út de 12e of 13e ieu wêze soenen. Fanwege de omfang ûntstie de siswize ”Sa grut as de Baaiumer fonte.”

Even bûten it doarp, krekt net yn de eardere gritenij Baarderadiel, stie eartiids in frouljuskleaster, yn 1186 fan Kleaster Lidlum út stichte. It waard Sint Michaëlsberch neamd, mar faker kaam men it tsjin as Monnike-Baijum. Nei de Herfoarming is it yn 1580 opheft. Op it plak fan it kleaster stiet no, noardlik fan Winsum, de buorkerij Mountsjebaayum.

Boelensloane is in jong heidedoarp by de kjersrjochte Boelenswei lâns, yn it ferline Heidelaan neamd. Oant healwei de 19e ieu bestie de delsetting út ferspraat op de ôffeane heide steande spitketen, heidehutten en sels hoalen dêr ‘t in oansjenlik oantal earme bewenners yn húsmanne. It doarp hearde by Surhústerfean en waard de Feansterheide neamd. De namme Boelensloane is ûntliend oan de wei, oant 1900 ta bleau it in sânpaad, dy ‘t de heide ûntslute en neamd waard nei de famylje Boelens. Leden fan dizze famylje binne yn de 17e ieu siktaris en grytman fan Achtkarspelen west en hienen nei alle gedachten belangen yn de ferfeanings.

Nei it stichtsjen fan in tsjerke healwei de 19e ieu krige it doarp sa stadichoan in komfoarm; dizze ûntwikkeling sette yn de 20e ieu sterk troch. Mar likegoed is it heideferline fan Boelensloane noch dúdlik te erfaren. Yn de hiele súdlike punt fan Achtkarspelen is by de wegen lâns, de eardere sânpaden, en yn de ferfeaningswiken noch fersprate bebouwing fan wenten en pleatskes, soms yn streekjes, te finen. Allinne it eastlike part fan dit gebiet, Wyldfjild en omkriten, wurdt administratyf by Surhústerfean rekkene, it oare is Boelensloane. Men soe it dêrtroch in doarps-archipel neame kinne fan in flinke kom en in grut tal bebouwings- eilantsjes, dy ‘t sels yn de 20e ieu noch ympulzen krigen troch fersprate folkshúsfesting út it lêst fan de tritiger jierren oan de Spekloane, De Trije Roeden, De Fjouwer Roeden en de Bethlehemsreed. It lêste delsettinkje fan fjouwer wenten tsjin de grinzen fan it doarp Houtigehage yn de gemeente Smellingerlân oan, soe útwreide wurde, mar dat is der troch it útbrekken fan de oarloch net fan kommen.

Yn 1851/1852 is de tsjerke boud en al gau dêrnei waard der ek ûnderwiis jûn. Der kamen sels twa skoallen. De tsjerke dy ‘t oan de súdlike râne fan de doarpskom op in rom hôf stiet, is in freonlik sealtsjerkje mei in dakruter op de foargevel. It gebou is net mear as tsjerke yn gebrûk, mar as aula. Tsjin de tsjerke oer stiet it karakteristike “Volksgebouw” út de tritiger jierren.

It lytse terpdoarp Koarnwert dat de status fan beskerme doarpsgesicht krigen hat leit fuort efter de eardere Suderseedyk by de Houster Hoeke, rêstich yn it iepen lânskip, op foldwaande ôfstân fan de hektyske ferkearslussen van de Kop fan de Ôfslútdyk. It bestiet inkeld mar út in freonlike buorren mei in plein-foarmige ferbreding, dy ‘t laat nei de terp, mei toer en tsjerke op in keal hôf mei dêromhinne in izeren stek.

De tsjerke datearret oarspronklik út de 12e ieu, mar krige yn 1916 in nije ommitseling. De ferbouwing is troch arsjitekt F. Raadsma ûntwurpen en útfierd troch de Koarnwerter oannimmer J. Roosjen. De tsjerke hat aardich glês-yn-leadwurk yn de rûnbôgefinsters en griis smoarde Lucas IJsbranddakpannen. De relatyf heech opriizjende toer datearret út 1898. L. Reitsma út Wytmarsum wie de ûntwerper fan de ryklik mei listwurk en blokken fan keunststien fersierde toer en Roosjen wie wer de oannimmer. De bekroaning bestiet út in tûfe siermitselwurk mei ôfhingjende blommen. Koarnwert is it bertedoarp fan Obe Postma (1868 – 1963), de fynfielige dichter fan it Fryske lânskip. Hy leit te hôf yn Koarnwert. Yn it gedicht Hous-ter Herne (Houster Hoeke) beskriuwt Postma syn lokkige jierren út syn jeugd:

“ O boartersplak yn blide bernedagen,
Do herne oan ‘e igge fan ‘e see
Wat lok wâlt op yn ‘t swiet te-binnen-bringen
Fan ‘t noflik boartsjen op dyn fredich stee. “

Súdlik fan Koarnwert leit it buorskip Sotterum efter de Dyksleat. De bebouwing bestiet út in pear huzen en pleatsen. Hjir is in opmerklike argeologyske fynst dien: in brûnzen hynderke út de 1e ieu nei Kristus, dat no ien fan de topstikken fan de klassike kolleksje fan it Frysk Museum is.

Damwâld, it haadplak fan de eardere gemeente Dantumadiel, is yn 1971 ûntstien troch it gearfoegjen fan de fan west nei east op mekoar folgjende streekdoarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Damwâld, dy ‘t op dat stuit al hielendal oan mekoar groeid wienen. De trije kearnen fan Damwâld ûnstienen by in east-west rinnende midsieuske bewennings-as lâns, de Voorweg. Fan dêrút waard it gebiet ûntgind. Mooglik ha wat noardliker noch âldere ûntginningsgebieten lein, de Achterweg fan Ikkerwâld wiist der wol wat op. It binne dan ek karakteristike streek- of dyksdoarpen, mei-elkoar mei in lingte fan sa ‘n fjouwer kilometer.

De bebouwing fan de trije doarpen is fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf nochal wat tichter beboud wurden en is fierder bylâns de Voorweg grutter en langer wurden. It gefolch wie dat de doarpen tsjin elkoar oan kamen te lizzen. Boppedat kaam fan dy tiid ôf yn Moarrewâld by de Murmerlaan (Hoofdweg) lâns ek bebouwing ta stân. Dizze belangrike rûte nei Dokkum krige yn 1880 selskip fan de earste trambaan yn Fryslân: in hynstetram. Oan dit krúspunt waard yn 1881 dan ek in gemeentehûs boud. Foar wat bedriuwichheid waard it dêr in geskikt festigingsplak. It ynearsten tinst befolke doarp fan de trije koe sadwaande útgroeie ta in flink krúsdoarp. Hoewol ‘t it gemeentehûs nei de ferskillende kearen ferboude, mar wol deftige Rinsmastate yn Driezum ferhuze, sette de ûntwikkeling nei de twadde wrâldoarloch sterk troch. Krekt op it tiidstip fan de millenniumwende kaam it gemeentehûs by it krúspunt werom, efter it âlde gemeentehûs en de midsieuske tsjerke. Ikkerwâld en Damwâld ha minder dynamyske ûntwikkelings ûndergien en fertoane noch altyd de karakteristiken fan streekdoarpen.

It âldste gebou fan it eardere Damwâld is de Beenedictustsjerke. Sy datearret út de 12e ieu en dy hege âlderdom is te sjen oan de sterk bûgde, dowestiennen súdmuorre mei grutte sparfjilden en oan de boppekant in keperfries. Ek de sealdaktoer befettet in soad dowestien, mar lykwols is de toer net mear romaansk. It ynterieur besit in rokoko preekstoel (1777) mei in fraaie koperen lessener. It oargel is yn 1777 troch Albertus Anthoni Hinsz boud. Ferwûnderlik binne de muorreskilderings út it lêste jier fan de 16e ieu: bibelteksten yn de folkstaal, fette yn grutte rolwurk-cartouches. Even mear nei it westen stiet oan de oare kant fan de Voorweg Plantenhove. Yn 1906 boud yn in elegante fernijingsstyl foar in notaris. Yn 1912 lei de ferneamde Leonard Springer dêr in nije tún oan yn strakke geometryske styl. Plantenhove is no in konferinsjesoard. Wer wat westliker stiet yn it beamteguod de sobere Fermanje út 1767. By de Voorweg lâns stiet royaal situearre frijsteande bebouwing, sa as 19e-ieuske buorkerijen, wâldhúskes en wat jongere rinteniers- en boargerswenningen. Oan de krúsende wegen fan it eardere Moarrewâld stean plezierich eagjende, frijsteande huzen, mei namme út de earste tritich jier fan de 20e ieu. Op en yn de buert fan de krusing rize de belangrykste gebouwen op. Op de hoeke kaam yn 1881 it troch gemeente-arsjitekt J.W. Duijff ûntwurpen nije, kloeke gemeentehûs mei in middenpartij mei trepstoepe-portyk en balkon en omlistings yn sierpleister. De seisrútsfinsters ha noch skobbe blinen persiennes. Dêrnjonken is yn itselde jier herberch “De Kruisweg” boud, dy ‘t ek as tramhalte fan de âlde tramlyn tsjinne. Hjir waarden de hynders fan de tram stâle. Letter binne glês-yn-lead en strielde rúten yn art nouveau-styl oanbrocht en oan de súdkant kaam in tradisjoneel oerdutsen feranda.

It âldste bouwurk fan dizze doarpskearn is de wat westliker steande Bonifatiustsjerke út begjin 13e ieu. It is ien fan de âldste bakstiennen tsjerken fan Fryslân. De muorreyndieling fan sparfjilden mei rûnbôchjes en lytse finsters is romaansk. Tsjin de noardkant oan is yn 1914 in dwersbeuk pleatst. Boppe-yn de sealdaktoer binne klimmende friezen te sjen. De herfoarme tsjerke fan it eardere Ikkerwâld is yn 1850 fernijd yn de trant fan de neoklassicistyske rûnbôgestyl. It tuorke hie yn ‘t earstoan in spits, de iepenwurke lantearne datearret út de tweintiger jierren. Oan de Achterweg falle de bedriuwsgebouwen fan de fan 1899 oant 1969 aktive suvelfabryk “De Dokkumer Wâlden en omkriten” op.

Doanjum is in terpdoarp op in kwelderrêch, wêr ‘t de wat fierder nei it easten lizzende doarpen Boer en Ried ek op leinen en dy’t nei it westen ta trochrint mei it buorskip Foarryp en it doarp Winaem. Frijwat eastliker fan it doarp is it troch de Doanjumer Feart ferbûn mei de âlde slinke fan de Ryd. Doanjum leit noch gjin twa kilometer fan de Slachtedyk ôf, mar it is abslút net op de dyk oriïntearre. Tusken de Slachte en Doanjum yn lei tusken de Beintsemiedleane en de Hovensreed krekt in leechlizzende streek, dy ‘t sels de Doanjumer Mar neamd waard. De yn 1776 ynpoldere leechte is in oerbliuwsel fan in âlde seeslinke, de Ryd.

Om Doanjum hinne lizze ikkers en greiden. It doarp bestiet út inkele streekjes oan de Frjentsjerterdyk en de dêrop krusende Doanjumerdyk. Efter de bebouwingsstreken is nei de oarloch in oansjenlike wenwyk kommen.

Súdlik fan de Doanjumerdyk stiet wat ôfsidich de Herfoarme tsjerke. Dizze ienfâldige tsjerke is yn 1777 boud ta ferfanging fan in âld godshûs. It hat readbrún muorrewurk mei sparfjilden tusken lisenen en mei rûnbôgefinsters, in trijekantich sletten koar en in fjouwerkante toer mei spits. Yn de tsjerke freget in monumint yn it koar de oandacht: de moarmeren grêftombe mei portretbúste, yn 1737 makke troch Jean Baptist Xaverij foar Sicco van Gosliga, “grytman fan Franekeradeel en gedeputeerde te velde” en Johanna Isabella, baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

De Goslinga ‘s dy ‘t it yn ‘e rin fan de 17e ieu yn Frjentsjeradiel te sizzen krigen, wennen yn earsten op Sikkemastate yn Hjelbeam. Om-ende-by 1670 bouden se by Doanjum Goslingastate, dy ‘t yn 1803 wer ôfbrutsen is. De meast nijsgjirrige bewenner, Sicco van Goslinga (1664-1731), ûntwikkele him nei syn stúdzjes yn binne- en bûtelân, ta deputearre yn ‘e tiid fan de Spaanske Successie-oarloch. Letter wie hy ambassadeur fan de Republyk by de ûnderhandelingen foar de “Vrede van Utrecht” yn 1712 – 1713 en oan it hôf fan Loadewyk XIV yn Versailles yn 1714.

Dronryp is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It wie yn it begjin in agraryske delsetting wêr ‘t de bebouwing him konsintrearre om de Tsjerkebuorren hinne. Begjin 16e ieu krige Dronryp in goede ûntsluting oer it wetter: de feart tusken Ljouwert en Harns, dy ‘t yn de 17e ieu ta trekfeart ferbettere waard.

De krusing fan de feart mei de dyk, de hjoeddeiske Hearewei, Skilpaad en Dûbele Streek wie in oantreklik festigingsplak foar hannnels- en ambachtslju en fersoargjende funksjes, bgl. loazjeminten. Sa foarme him súdlik fan ‘e Tsjerkebuorren in twadde kearn, de Brêgebuorren. By en yn de omjouwing fan Dronryp stie in flink oantal staten en bûtens. Oer lân waard Dronryp yn 1842 troch it oanlizzen fan de strjitwei fan Ljouwert nei Harns, goed ûntsletten en yn 1863 kaam der súdlik fan it doarp it spoar tusken deselde stêden ta stân mei in stopplak by Dronryp, yn 1868 kaam der in stasjon.

De twa delsettingen groeiden yn ‘e rin fan ‘e tiid oan elkoar. De groei fan Dronryp wie it gefolch fan de bloeiende bedriuwichheid: wat lytse fabriken en mûnen en fan 1891 ôf ek in suvelfabryk. Der kaam wenningbou ta stân oan de Alddyk, it Skilpaad, de Hobbemasingel en de Puoldyk. Oan de Hearewei, de tagongsdyk fan de strjitwei ôf, kaam de represintative bebouwing fan de notabele wenningen mei oan de westkant grutte middengonghuzen yn parkeftige tunen. Yn 1876 waard it haventsje fan Tsjerkebuorren, dat syn funksje ferlern hie, dimpt, mar de Buwefeart dêrhinne, bleau bestean.

Yn 1940 is de trekfeart gruttendiels dimpt. Allinne oan it brede profyl is oan ‘e Brêgebuorren noch te fernimmen dat op dit plan de foar de ûntjouwing fan it doarp ienris sa wichtige trekfeart rûn. Ek de bebouwing strielt dat út. It foar in part al earder groeven en yn 1951 iepene Van Harinxmakanaal kaam bylâns de súdkant fan it yn rap tempo groeiende Dronryp te rinnen. Yn de krisis- en oarlochstiid, mar ek yn de earste desennia nei de oarloch stagnearre de groei. Fan it ein fan de sechstiger jierren ôf, doe Dronryp as forinzedoarp ûntdutsen waard, kaam de groei der wer yn. De earste nijbou wie oan de eastkant fan de Hearewei, letter ek westlik fan de Buwefeart en koartlyn op ‘e nij wer oan de eastkant. Tusken de âlde trekfeart en it nije kanaal yn binne bedriuweterreinen te finen. Sûnt de lêste desennia fan de 20e ieu komme der, yn in lange streek by de âlde rykswei lâns, nije bedriuwen ta stân.

It yn in parkeftige tún lizzende bûtenhûs Schatzenburg is fanwege it oanlizzen fan de autodyk A31mei in fiadukt, frijwat brút fan Dronryp ôfsnien. It bûten is stichte yn 1689. In ferbouwing fan 1724-1725, begelaat troch Wybe Saagmans út Ljouwert, hat de opset yntakt litten. It dekoraasjeskema waard wol feroare mei byldhouwurk fan Jacob Sydses Bruinsma. Op in frij heech sûterrain is it bûtenhûs Schatzenburg ien laach heech en foarsjoen fan in hege kape. Foar de yngong mei in omlisting fan blokfoarmen, leit in royale trepopgong . Dêrboppe is in geveltop útmitsele, foarsjoen fan in barokke bekroaning mei de alliânsjewapens Huber-de Hertoghe. Agnes Alida Huber, bewenster fan Schatzenburg, wie yn 1745 stichtster fan it frouljusgasthûs Vredenhof. De oarspronklike rige ienkeamerwenten waard in ieu nei de stichting ferdûbele. Boppedat liet it gasthûs yn 1872-1876 in rige wenningen oan It Heech bouwe.

Fan de oarspronklik romaanske tsjerke resteare noch inkele fragminten. De tsjerke waard yn 1504 ta de hjoeddeiske tsjerke fernijd yn karakteristike letgoatyske foarmen. De toer waard boud yn 1544. De ûnderbou hat twa segminten wêrfan de ûnderste mei in brede, hege yngongspartij en de boppeste mei nissen yn Goatysk trasearwurk. Hjir stiet in achtkantige stiennen lantearne op, dy ‘t op de hoeken mei pilasters fersierd is en wêr ‘t de galmgatten fan boppe-oan ek foarsjoen binne fan Goatysk trasearwurk. Oan de Dûbelestreek stiet de roomsk-katolike tsjerke út 1839, dy ‘t in ieu letter by in fergrutting fan it skip in tradisjoneel front mei toer krige.

Eagum, yn it Nederlânsk fout speld as Aegum, is ien fan de lytste doarpen fan Fryslân. It is in terpdoarp súdlik fan de yn 1833 droechmealde Grutte Wergeaster Mar. It is mei in koarte opfeart ferbûn mei it Eagumer Djip, in breed farwetter fan Ljouwert nei Grou. Neffens ferskate beskriuwings út de foarige ieuwen soenen dêr inkele staten stien ha, Idsinga en Hottingawier, de lêste frij fier súdwestlik fan de terp ôf. Op de gritenijkaart fan healwei de 19e ieu steane om de tsjerketerp hinne sa’n fjouwer grutte pleatsen: Groot en Klein Haringa, Brandinga en Rollema.

Eagum hie fanwege de lizzing oan in drok farwetter potinsjes, mar it bleau in lytse agraryske delsetting. Der kin einliks amper praat wurde fan in delsetting omdat Eagum gjin doarpskom hat. As kearn docht it hege, mei âlde elzebeammen omseame tsjerkhôf mei in opfallende, iensume toer syn bêst. De tsjerke foar de pear bewenners fan Eagum hat it noch oant 1838 ta úthâlden. Noch gjin ieu earder yn 1777, wie se fernijd en ferfong se de oan de Hillige Nicolaas wijde midsieuske tsjerke. De kleurige tinkstien fertelt dat de sân jier âlde Cornelis Arent van Scheltinga yn dat jier de earste stien lein hat. It wie it soantsje fan de grietman fan Idaarderadiel. De lytse mienskip hat it ûnderhâld fan de tsjerke net opbringe kind. Dy waard dêrom, kompleet mei kânsel, kreake en banken, yn 1838 ferkocht en ôfbrutsen. De toer is hânhavene en bleau yn Eagum. Ek it tsjerkhôf bleau, mar de oare gedielten fan de terp binne ôfgroeven en de fruchtbere ierde waard ûnder de Eagumer boeren ferdield. Mooglik datearret de toer út om-ende-by 1300, mar dat is mei de yn 1888 oanbrochte pleisterlaach – mei skynfoegen dy’t blokken suggerearje – oan de bûtekant net te kontrolearen. Oan de eastkant dêr’t de tsjerke stie, sit in fraaie doar yn in swiere omlisting fan pleisterwurk yn hol-bol profyl. It ferhaal giet dat de toer by it middelpunt fan de wrâld leit.

Jiskenhuzen is in komdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op sângrûnen dy’t wat heger leinen dan de omjouwing. Yn de 17e ieu stie yn dit doarp in rjochtshûs fan de gritenij. Op de kaart fan Doniawerstal yn de atlas fan Schotanus (1718) wie it as in ridlik konsintrearre groep huzen yntekene. Lykwols waard it yn it lêst fan de 18e ieu yn de Tegenwoordige Staat van Friesland meld as: “dit Dorpje is niet groot van omtrek, doch heeft by de Kerk eene maatige Binnenbuurt: er zyn maar zeven Boerenplaatsen, en veel land is tot bosch aangelegd.”

Doe waard der ek meld dat der in dyk rjochting Wâldsein lei, dy’t yn 1782 oanlein wie en dwers troch de Grutte Jiskenhúster Mar rûn. Alhiel yn it suden fan dy mar rieden al karren troch it wetter, mar de spoaren slieten sa út dat it needsaaklik wie om de rydwei oan te lizzen. Dat gedielte fan ‘e mar is yn ‘e tuskentiid ynpoldere. Ien en oar barde ek mei de Lytse Jiskenhúsrer Mar, dy’t noardwestlik fan it doarp lei. Sadwaande waard it doarp dêrnei troch de doarpsopfeart ferbûn mei de grutte mar.

De haadstrjitte, de Bramerstraat hat in sletten en tige fariearde bebouwing, dy’t gruttendiels út it lêst fan de 19e en de betide 20e ieu stammet. Oan de eastkant dêr‘t de Bramerstraat en de Troelstraweg – de dyk nei Teroele – by elkoar komme en dêr in gersplantsoen foarmje, stiet de ienfâldige grifformearde tsjerke. De sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en in houten geveltoer mei ynsnuorre spits datearret út it lêst fan de 19e ieu. Mar de foarkant is yn de tweintiger jierren feroare. Njonken de tsjerke stiet de pastorije, in aardige filla dy ‘t diels bepleistere is, yn de fernijingsstyl fan even nei 1900.

Oan de westkant fan it doarp stiet de eardere herfoarme tsjerke, in sealtsjerke dy‘t boud is yn 1935, dy‘t in âldere, út ûngefear 1800 datearjende foargongster ferfong. De tsjerke wurdt brûkt as sylskoalle. Súdwestlik fan it doarp leit in kreas yn it grien ynpakte delsetting foar wetterrekreaasje.

Itens oan de noardeastlike flank fan de eilânpolder fan Easterein liket op in streekdoarp, mar it is in âld terpdoarp mei in letter foarme streek. De beide kanten fan de âlde dyk, de hoep, binne ridlik ticht beboud. Oan de binnendykse kant leit it restant tsjerketerp mei wat bebouwing dêr om hinne. Oan de dyk stiet in grut tal flinke pleatsen en rinteniershuzen fan ûnderskate snjit, dêr‘t ien eksimplaar fan in romme foartún mei in fiver hat. Yn ûngefear de midden oan de noardkant fan de dyk stiet it kafee ‘De lytse fjouwere’.

Dit is allegearre oardere yn streekjes fan iepen en in mear tichte bebouwing, bgl. oan de Rienster kant dêr’t by in groepke bedriuwsgebouwen, ûnder mear in eardere smidderij, wat mear bûtenromte oanhâlden is. De oarspronklike kearn is de sterk ôfgroeven terp súdwestlik fan de dyk en is wol goed te erfaren. Dêr stiet de tsjerke betreklik heech as dekôr efter it romme keatsfjild dat troch de graverij fan de terp as griene kearn ûntstean koe.

De herfoarme tsjerke stiet op it hege hôf. It gebou is fan 1804-1806 en sil sûnder mis in âlder godshús ferfongen ha. It draacht de stylkenmerken fan empire en neoklassisisme. It mitselwurk is fan brune mangaanstien, de finsters binne ‘korf’bôgefoarmich sletten. It dak is dutsen mei laaien. Op de foartsjerke stiet de kleurige, neoklassicistyske toer út 1842: in houten romp yn blokkige stien-imitaasje, in kroanlist mei kloskes en in achtkantige iepen koepel mei ajour-panelen. Binnenyn stean in 17e-ieuske preekstoel, oerkape tsjerkfâdebanken en in oargel fan Hardorff út 1876.

Fan 1863 ôf wie der in meniste fermanje yn Itens, oerbrocht fan Kromwâl, in wetterbuert by Britswert. It hjoeddeiske lytse fermanjetsjerkje mei konsistoarje en kosterswenning oan wjerskanten is fan om-ende-by 1910. Tusken dizze twa gebouwen yn is ek de fermanje, neffens de tradysje fan skûltsjerken, efter de roailine boud. Alles is yn it lyts, ek de fersierinkjes fan rûnbôgefrieskes en foaral it klokleaze koepeltsje op de westgevel. It koe wol ris it lytste tjserkekoepeltsje fan Fryslân wêze. Yn de konsistoarje hinget in portrettengalerij fan foargongers en in marteldersspegel fan 1685.

It terpdoarp Kimswert hat in skildereftige kearn mei karakteristike wetterbuerten by de Harnzer Feart lâns. De noardeastlikste wetterbuert hat in binnepleintsje mei bebouwing fan húskes fan giele stientsjes. De Duivengracht oan de feart bestiet út in rige fan skean en bryk steande huzen fan dat type. De oare kant is te berikken oer in hege houten fuotgongersbrêge, in heechhout.

Tsjin de tsjerke oer lizze it eardere skoaltsje en in yn it beamtegrien ferskûle karakteristike pastorijewenning. Tusken de tsjerke en de brêge yn stiet kafee Greate Pier mei in oerstekkende ferdjipping op pylderkes. It kafee is neamd nei de ferneamdste Kimswerter. De houdegen Grutte Pier is berne yn Kimswert, de terge boer dy‘t yn de 16e ieu Bourgondiërs, Saksers en Hollanders bestride. Op de hoeke by de tsjerke stiet syn stoere stânbyld, makke troch Anne Woudwijk.

De nei-oarlochske doarpsútwreiding is oan de súdwestlike kant fan de trochgeande dyk oanlein en de sportfjilden lizze oan ‘e oare kant. Oan de eastkant leit Heemstra State, no in kop-hals-romppleats.

Kimswert is grutsk op de romaanske tsjerke mei toer út om-ende-by 1100. De noardgevel fan dowestien is fersierd mei in rûnbôgefries en rûnbôgenissen mei tichtsetten lytse rûnbôgefinsters. De noardlike yngong wurdt bekroand troch in 12e-ieusk mysterieus reliëf: in masker mei ranken. It bakstiennen koar mei lichte steunbearen datearret út de 13e ieu en de súdmuorre is beklampe mei giele stientsjes. De toer fan dowestien eaget libbendich mei sparfjilden mei rûnbôgefriezen. De tsjerke hat in ryk 17e-ieusk ynterieur. Ut dy tiid datearje de lambrisearring, de koarsluting, banken mei útsnijde wangstikken en fansels de dooptún mei de preekstoel yn ‘e midden. Fierders binne belangrike spoaren te finen fan de aadlike famylje Heemstra: in famyljebank mei oerkapping, foarsjoen fan wapens, twa memoarjebuorden, ien fan de Heemstra’s-froulju is sels mei in portret yn ‘e tsjerke oanwêzich. Ien fan de grêfsarken fan de Heemstra’s, yn 1614 troch de Harnzer boumaster en stienhouwer Jacob Lous makke, hat op in sintraal punt in eksellint perspektivysk útsicht op in paleistún.

Mantgum is in terpdoarp dat yn 1329 as Mantinga-heem yn de boarnen foarkomt, mar folle âlder is. It lei tichtby de westkant fan de Middelsee en no leit it oan it spoar Ljouwert-Snits. De leane dy’t de spoarhalte mei de tsjerketerp ferbynt, de Seerp van Galemawei, hat de alluere fan in stasjonswei, mar dan op doarpsmjitte. Oan it begjin fan de leane stiet it eardere gemeentehûs, in karakteristyk bouwurk út 1939.

Mantgum is fan 1908 oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta it haadplak fan de gemeente Baarderadiel west. De belangrykste strjitte is neamd nei Seerp van Galema, in haadling út de 16e ieu dy’t wenne op de Hoxwier, noardeastlik fan it doarp. De state is healwei de 18e ieu sloopt. De prachtige grêfsark fan Seerp stiet yn ‘e tsjerke: hy stiet yn fol ornaat ôfbylde. Oan wjerskanten fan de Seerp fan Galemawei steane grutte notabele wenningen ferskûle yn djippe tunen mei meastal âlde beammen. It moaiste ensemble fan dit type huzen yn Fryslân.

By de Frijbuorren leit in leech en iepen stik lân, in útgroeven flank fan de terp. Oan de râne stiet in oantal karakteristike wenningen, sa as de pastorije en de âlde Bewaarskoalle. Yn de noardeasthoeke stiet kafee Bonnema, in 18e- of ier 19e-ieusk rjochthoekich blok fan giele bakstien. De doarpskearn fan Mantgum is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Net sa’n ferwûnderlike status, it geve en skildereftige karakter fan it gehiel oerskôgjend. De nei-oarlochske útwreidings binne oan de westkant fan it doarp kommen, by de NS-halte. Dêr is koartlyn in flinke útwreiding neist lein, weryn’t it grutte nije doarpshûs opfalt.

De âlde kearn wurdt dominearre troch de ljocht bepleistere tsjerke, dy‘t út de 16e ieu datearje moat. Om it romme tsjerkhôf stiet in smei-izeren stek yn neoklassisisme. Benammen it dûbele swaaistek is fan in ekselinte kwaliteit. It ynterieur is yn de jierren 1779-1781 ferfraaid mei nije betimmeringen en meubilêr, wêrby’t de rûne preekstoel mei bibelske foarstellings troch H. Berkebijl opfalt.

Nijehaske is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. It wie it eastlikste doarp fan it Hasker Fiifgea en sil sa om 1200 hinne oan de ferbiningswei tusken Westermar/Joure en It Hearrenfean yn ûntstien wêze. Op it meast iere betroubere kaartbyld, dat yn de atlas fan Schotanus út 1718, leit in frijwat losse rige fan inkele buorkerijen súdlik fan de dyk mei sa ûngefear yn ‘e midden de tsjerke. Alhiel yn it easten leit in ticht beboude buert oan de Hearesleat en de dêr krusende Overspitting, no mei de namme Haskerfeart. De buert waard ek wol de Bandsterschans neamd, nei de fersterking dy’t hjir yn de 17e ieu lein hat.

By It Hearrenfean fûnen ferfeaningen plak en folgen alderhande ekonomyske aktiviteiten. Sadwaande krige Nijehaske in dûbeld karakter. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland stiet: “een Dorp in ‘t Oostelykste deel der Grieteny, waaronder een gedeelte van ‘t Heerenveen behoort, met de meeste huizen der Bandster Schans. De Kerk deezes Dorps staat aan de Heere Sloot; alwaar thans ook de wooning van den Predikant gevonden wordt, daar die, voor deezen en nog by onzen tyd, in ‘t eenzaame Hasker Dyken, by het Kerkje, gevonden wierd. De meeste landen, ter wederzyden van dit Dorp, zyn mied- en klynlanden, die zich verre in ‘t Noordwesten uitstrekken.” It noardwestlike part fan It Hearrenfean hearde oan de gemeentlike weryndieling fan 1934 ta by Nijehaske, ek it spoarstasjon. De tichtbefolke streek fan de Hearewâl en omjouwing kaam doe by it grutte plak It Hearrenfean. Ek it âlde tsjerkhôf njonken de Alberthoeve oan de Jousterweg waard opslokt. Yn 1984 is de grins tusken It Hearrenfean en Skarsterlân opnij yn westlike rjochting ferskood wêrtroch‘t dizze yn it Nije Hearrenfeanster Kanaal kaam te lizzen.

Fan Nijehaske restearret in buertsje fan inkele tsientallen wenningen tichteby de trijesprong fan de Jousterweg en de Nije Fjildwei en inkele boerepleatsen. Noardlik fan it doarp binne de bedriuweterreinen fan Kanaal-West en Businesspark Friesland-West ûntwikkele wêrtroch’t yn it doarpsgebiet gâns arbeidsplakken kommen binne. Fan in doarp kin amper mear praat wurde.

Aldeholtwâlde is in lyts streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen op de krusing fan de âlde Weerdijk en de Slingerweg ûntstien is. De Weerdijk is dúdlik werjûn op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 en slingere him troch it westen en noarden fan de gritenij hinne. Hy kaam út it suden fan Aldetrine, en rûn dan troch Aldlemmer en Nijelemmer en noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde om by Easterwâlde in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta. Op de kaart is te sjen dat it noardlike part fan it útstrekte doarpsgebiet oan de Tsjonger of Kúnder ta bestie út feanen en lege haailannen.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1788 waard it doarp beskreaun: “dit Dorpje ligt wederom ten Noordoosten der twee voorige. ‘t Zelve had ook eertyds eene Kerk aan den Noordkant van gemelden Weerdyk, doch die al in de voorige eeuw is afgebroken; zynde nog het kerkhof overig. Een klein gedeelte van de landen deezes Dorps ligt binnen dien Weerdyk; doch ‘t meeste, naar de Kuinder liggende, is laag weid- en hooiland met kostelyke klyngronden; en echter wordt ‘er tot nog toe geen turf van eenig belang gegraaven, omdat de uitvaart zeer bezwaarlyk is, wegens de ondiepten die aldaar in de rivier de Kuinder zyn.” Der waard ek noch meld dat de rydwei fan Skoatterbrêge nei Wolvegea troch dit doarp hinne rint. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1850 is te sjen dat de feanen folop yn eksploitaasje binne en dat de yn 1828 oanleine ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol dwers troch it doarp kommen is.

Yn 1875 waard der by de krusing wol wer in tsjerke boud, ûntwurpen troch F. Brouwer út Koarnjum. Se is in frij grutte sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar en in heal ûngeboude ranke toer fan trije segminten en in ynsnuorre spits. De aardich yn mingstyl detaillearre tsjerke hat neogoatyske spitsbôchfinsters krigen. Troch de resinte autosneldyk is it doarp yn twa parten snien.

It komdoarp Reduzum leit eastlik fan de Middelsee. It is it ienichste doarp fan de gritenij Idaarderadiel dêr’t ynpoldere lân fan de Middelsee by heart: de Roordahuizumer Nieuwlandspolder. Reduzum is in libben doarp dêr’t de âlde dyk trochhinne meändert. Oan dizze dyk is de (wat âldere) bebouwing konsintrearre wêrtroch’t it wat fan in streekdoarp hat.

Reduzum is in komdoarp mei útwreidings by twa streken lâns. Nei de middelseedyk ta rint de ûntsluting streekrjocht en is omseame mei frijsteande huzen út alderhande bouperioaden fan de 20e ieu. Oan de strjitwei stiet in deftich notarishûs út de 19e ieu. Nei it easten ta is de dyk oer in flinke lingte noch beboud mei wenhuzen en pleatsen. Dêr binne oan it wetter ek oantinkens oan it suvelfabryk en arbeidershuzen te finen. Súdlik fan it doarp rint in âlde wetterloop, It Swin, in sydtakke fan de âlde Boarn, slingerjend troch it lânskip. De haven is yn de doarpskom diels dimpt, mar resint is oan dat gebiet op in bysûndere wize – mei benammen beplanting – foarm jûn. De bebouwing dêr is benammentlik 19e-ieusk mei in wytferve eardere herberch yn ‘e midden. Yn de kom fan Reduzum is de bebouwing kompakt en sletten en bestiet foar in grut part út yn de breedte boude wenningen fan in inkele folsleine boulaach en in kape mei in inkel heger hûs of pakhús en in inkele kop-hals-rompbuorkerij.

De tsjerke stiet oan de eastkant fan de doarpskearn. Se eaget frij nij mar it gebou is diels noch 15e-ieusk. Se is in mei laaien dutsen sealtsjerke besteande út in foartsjerke, trije troch betreklik lytse koerbôgefinsters ferljochte traveeën en in mearsidige sluting. De tsjerke hat oan de súdkant as yngongspartij in fraai barok poartsje fan sânstien. De toer is yn de twadde helte fan de 19e ieu fernijd. It is in flinke toer dy’t earst sûnder fersiering opgiet en troch ferskate kearen fersnien hoekebearen omfette wurdt. Yn de heechste segminten sitte nissen, rûnbôgefriezen en sierlike galmgatten. De achtkantige spits wurdt begelaat troch hoekepinakels mei in iepen bewurke balustrade.

Oant 1954 wie Rien in buorskip fan Lytsewierrum op it plak wêr’t de Frjentsjerter Feart de âlde dyk, de hoep, fan it poldereilân fan Easterein trochsnijt. Yn 1954 krige Rien de doarpsstatus. De dyk datearret fan foar it jier 1000, mar de delsetting is jonger.

It is net bekend wannear de skipfeartferbining tusken Snits en Frjentsjer krekt foarme is. Feit is dat hjir in slûs yn de ringdyk fan it poldereilân seit. Yn stikken út it midden fan de 16e ieu wurdt it meld. Der kin doe in skutslûs foar de skipfeart lein ha. Doe’t it wetterpeil better op inoar ôfstimd wie, koe de slûs ferfalle. Wol is der sprake fan de Rienstersyl as de Rienstertille. Doe hienen har al minsken festige op dit oantreklike plak yn de ynfrastruktuer fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel foar wat oerslach en hannel. Rien wie ieuwenlang bekend om syn jierlikse hynstemerk.

Hjir is net in tsjerke it brânpunt fan de mienskip, mar in brêge. De noardlike kant fan de Frjentsjerter Feart bestiet út in romme kade. Der leit in brede buert mei in frij sletten en fariearre bebouwing, ûnder mear fan âlde pakhuzen. Dizze romtlike bebouwing oan de kade is skildereftich. Efter dizze streek is losse bebouwing ta stân kommen. Dy is fia stegen te berikken. Oan de oare kant stiet allinne by de brêge wat bebouwing. By dy brêge is de struktuer op syn tichtst mei oan de westkant in strjitsje en diagonaal dêr tsjinoer, hast tsjin de brêge oan, de eardere wetterherberch, in stukadoare bouwurk fan omtrint 1900. De earder oanwêzige ornaminten binne ôfsliten mar op de ferdjipping sitte noch wol twa grutte wapenstiennen. De brêge, in izeren flapbrêge, is as beweechber elemint fan dizze ferkearsknoop eins in monumint. Oan de dyk, de Molmawei, stiet sletten bebouwing fan meast lytse huzen. Oan de oare kant fan it doarp stiet iepen bebouwing fan wat pleatsen, wêrûnder in monumintale, en boargerhuzen by de dyk lâns, foaral oan de eastkant.

Riis is in streekdoarp op in hege sânrêch, dat fan it midden fan de 19e ieu ôf stadichoan syn hjoeddeistige foarm krige fan in frij losse kearn mei fierder fersprate losse bebouwing.

Riis wie fanâlds in buorskip by Murns en hat nea in tsjerke hân. Oan it begjin fan de 16e ieu kaam der in úthôf fan de Sint-Odulphusabdij fan Himmelum en yn de twadde helte fan de 17e ieu waard it bûten mei Huis Rijs stichte troch De Ruyter de Wildt, âld sekretaris fan de admiraliteit fan Amsterdam, dy’t de heidefjilden ûntginne liet en der nôt en tabak plante. In oar part rjochting hege kust beplante er mei bosk yn in formele oanlis dy’t noch altyd as stjerrebosk te werkennen is. Letter wie it bûten yn hannen fan de famylje Van Swinderen, dy’t it bosk midden 19e ieu yn lânskiplike styl útwreidzje liet.

Yn dit Riister bosk, sûnt 1941 yn besit en behear fan It Fryske Gea, stiet in seiskantich empire timpeltsje út 1814 om de befrijing te betinken fan de Frânske oerhearsking. It bosk is in trekpleister dat mei de kustrekreaasje yn dizze streek al foar de oarloch toerisme op gong brocht, wêrfoar ek inkele hotels en ferdivedaasje stichte waard. It is ien fan de drokst besochte parkeftige bosken fan Fryslân.

Filla “Mooi Gaasterland” waard yn 1912 boud yn opdracht fan de yn Den Haach festige “Maatschappij Gaasterland”. It wie wenhûs mei kantoar foar de administrateur. Dizze maatskippij hie in protte bosk en oare besittingen yn Gaasterlân kocht fan de famylje Van Swinderen. De filla is ûntwurpen troch de Haachse arsjitekt M.J. van der Schilden yn de fernijingsstyl. In protte bosk waard roaid om it hout te ferkeapjen en de landerijen te ferpachtsjen. De maatskippij waard yn 1924 likwidearre. De Utrechtse Diocesane bond der Katholieke Arbeiders Beweging festige yn de filla in koloanjehûs foar ûnder mear bleeknoaskes út de stêd. Yn dy tiid waard efter de filla in kapel boud. Yn de santiger jierren doe’t it in algemien medysk bernetehûs wie, waard it útwreide mei in koloanjedoarp.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |