Lollum is in ‘bûtendyks’ terpdoarp, it leit nammentlik westlik fan de Slachtedyk. It doarp waard eartiids Ruigelollum neamd, ta ûnderskieding fan Lytselollum, in buorskip ûnder Frjentsjer. Lollum hat in boeiende doarpskearn om de âlde, diels ôfgroeven terp hinne. Om de súdkant fan dizze terp hinne rint in smelle feart mei ferbinings nei it westen en benammen nei it easten ta. Yn it suden en yn it noarden binne belangrike buerten oan de útfalsdiken ûntwikkele wurden. Oan de súdkant is dat foar it grutste part wenningbou út de perioaden nei de oarloch.

Om de tsjerke hinne binne gâns huzen fan giele bakstien te finen, soms ha se dan in foargevel fan readbrune bakstien. Dy wienen eartiids djoerder dan de “gieltsjes”dy’t yn de regio bakt waarden en hienen dus in mear represintative útstrieling. De meast represintative wenning stiet tsjin it koar fan de tsjerke oer, de pastorije, in steatlike middengongwenning mei in fersierde kajút-útbou en rûnbôgefinsters.

Oan de súdlike útfalsdyk stiet in grutte grifformearde tsjerke (1915) mei flinke dwersearmen. Lollum is in echt doleânsjedoarp: yn it lêst fan de 19e ieu gienen de measte ynwenners oer op de grifformearde lear. Dat is te sjen oan it tsjerkegebou: sy hat troch har hichte en optuging hast in triomfalistysk karakter. De hege frontgevel besit in register glês-yn-leadfinsters en dêrneist stiet in hege toer mei in nullespits.

De herfoarme tsjerke stiet op it nochal keale oerbliuwsel fan de terp yn ‘e midden fan it doarp. Om it tsjerkhôf hinne stiet in izeren stek. It sealtsjerkje mei in rûnsletten koar datearret út de earste helte fan de 13e ieu. Yn de 19e ieu is it gebou fan bûten bepleistere en fersierd mei in spitsbôgefries. De toer is yn 1883 ôfbrutsen en op de nije westgevel is in houten tuorke pleatst. Der hinget in klokje yn dat yn 1530 getten is troch Gert van Wou. It is ien fan swietlûdichste klokjes yn Fryslân. Ynwindich is de midsieuske sfear noch te priuwen en kinne foaral de 18e-ieuske dekoratyf útsnien wangen fan sân frouljusbanken besjen lije.

Longerhou is in âld terpdoarp súdlik fan de eardere, âlde Marneslinke. Oan it navenant flinke oantal mânske boerepleatsen fan ferskillende typen oan de doarpsstrjitte en de sydstrjitsjes en –paadsjes is de hast hielendal agraryske skiednis fan dit lytse, frijwat isolearre doarp ôf te lêzen. It doarp hat noch syn âlde ferkearsferbining, de opfeart, de haven, nei de Makkumer Feart ta wêrtroch’t it mei de rest fan Fryslân ferbûn wie.

It Longerhou fan hjoed is mei in dyk en in fiadukt oer de autosneldyk A7mei Skettens ferbûn, dêr’t de skoalle ek stiet. Yn ‘e midden fan de kearn met wat lytse wenbuertsjes dêromhinne, stiet in mânske letmidsieuske toer dy‘t oan de spoaren te sjen, al hiel wat meimakke hat. De tsjerke is yn 1757 fernijd en eaget noch wat sober. Krektlyk as yn Skettens seit dat neat want sy hat in pear daverjende ferrassings. It fraai dekorearre gebodsboerd heart hjir eins net, mar yn it buordoarp Skettens: op de efterkant stiet nammentlik in tekst dy’t slacht op de fernijing fan de tsjerke dêr yn 1785. De kânsel út 1757 is sjarmant fersierd mei rococo-ornamint, mar it moaist binne de panelen mei foarstellings út de heilsskiednis, drokbefolke en mei in oandwaanlik each foar details: de berte fan Kristus, krusiging, Himelfeart en it lêste oardiel. De skrynmakker, dy’t dizze prachtich ferfine tafrielen útsnijd hat, moat in grut keunstner west ha, mar syn namme is nea bekend wurden.

By de restauraasje hat de tsjerke in âld geheim priisjûn: der waarden uterst seldsume, oansjenlike fragminten fan in 14e-ieuske mozaykflier fûn, besteande út tegels fan ierdewurk yn ferskate foarmen en ôfmjittingen en foarsjoen fan glazueren yn ferskillende kleuren. Sommige ha sels foarstellings fan giel slib: in portretkop, earnen, harten, ridders op it hynder, rozetten, Frânske leeljes en alderhande patroanen. Alles is restaurearre en de moaiste fragminten wurde, kreas beskerme troch glês, graach oan belangstellenden toand.

Lúnbert is in streekdoarp dat diel útmakket fan de doarpenrige - fan west nei east - Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat, dy’t De Streek fan it âlde Aengwirden foarmen. Se binne mei it noardeastlike part fan It Hearrenfean yn 1936 by Skoatterlân kaam om sadwaande de gemeente Hearrenfean te foarmjen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út healwei de 19e ieu docht bliken dat hast de hiele omjouwing foar de turfwinning fergroeven is en ûnder wetter lei. Alhiel yn it noarden is de ynpoldering en it yn kultuer bringen fan de lânderijen wer begûn.

De Tegenwoordige Staat van Friesland wit yn 1788 te melden: “dit Dorpje ... heeft eene kerk met een spits torentje. Weleer werd hier het Recht onder den blooten hemel gehouden, gelyk zulks op meer andere plaatsen in Friesland geschiedde. In de Roomsche tyden had men hier een Vrouwen Klooster, Steenkerk genaamd, ‘t welk een Uithof of lusthof was der Abten van Oudeklooster. Zuidwaarts loopen de landen genoegzaam tot aan de Knype, werwaards men door verscheiden turfwyken vaaren kan: Noordwaarts loopt van hier eene Schipvaart tot digt aan Oudeboorn.”

De tsjerke is om 1745 hinne sloopt en op it tsjerkhôf is in klokkestoel pleatst, dy’t yn 1921 ferfongen is troch in eksimplaar fan wapene beton, sa as dat letter yn it buordoarp Gersleat ek barde. Súdlik fan dit begraafplak hat it kleaster Steenkerk stien. De ferfeanings lieten in wetterich en wiet ûnlân nei dêr‘t tuskenyn De Streek as in raffelige wâl lizzen bleau.

It yn kultuer bringen fan ûnlân, it bouwen fan gemalen en it oanlizzen fan wegen brocht opnij struktuer yn De Streek. Der kamen nije buorkerijen, sa as dy op de nûmers 245 en 251 dy’t út 1909 en 1908 datearje en foareinen ha mei Jugendstil-ornamint. It stichtsjen fan in koöperative molkfabryk yn 1901wie in logysk en betsjuttingsfol gefolch. Oan it fabryk waard yn 1911 sels in elektryske sintrale keppele. It molkfabryk is sletten mar der hat him in nij bedriuw yn fêstige.

It kompakte terpdoarp Lytsewierrum leit yn de eastlike hoeke fan it ‘eilân fan Easterein’. It doarp bestiet út wat frijsteande huzen, in âld streekje, in pastorije en inkele boerepleatsen, spontaan groepearre om in iepen middenromte hinne. Dizze romte is stadichoan ta in doarpsplein foarme mei oan de súdkant by de entree fan it doarp in fernijde kop-hals-romppleats en eastlik wat húskes dêr’t twa fan wyt ferve binne en ien twa grutte kastanjebeammen yn front hat.

De westkant wurdt behearske troch de giele doarpstsjerke, dy’t mei in fiifkantich sletten koar sûnder finsters nei it plein ta rjochte is. De tsjerke mei omjouwing liket mei de toer bûten de kearn te stean. Tsjerke en toer wurde oan de west- en noardkant troch in tsjerkhôfssleatsje omsletten dêr’t wat bebouwing fan lytse wenten omhinne stiet. Eastlik fan it koar fan ‘e tsjerke leit de pastorije yn de mingstyl fan de jierren-1880 yn in romme tún.

De tsjerke fertelt útwindich en ek yn it ynterieur alderhande ferhalen. Dizze letmidsieuske tsjerke, tawijd oan Sint-Gertrudis, en de sealdaktoer binne foar it grutste part boud fan giele moppen, oanfold mei lytsere giele stien. De tsjerke makket sels har boujier bekend. Yn de súdmuorre sit yn in fraaie ojyffoarmige nis in tinkstien mei: ‘Anno 1557 de XXXl marti doe is dese kercke angeleit doe is dat broet coft voor Xll st.’ De bôle wie doedestiids foar tolve stoer aardich oan ‘e priis. Yn de súdgevel sitte trije spitsbôgefinsters en fjouwer nissen yn deselde foarm. Boppe yn de toer sitte rûnbôgenissen mei galmgatten en spitsbôgenissen dy’t de ienfâldige toer in wat libbener oansjen jouwe. Binnenyn hat de Sint-Gertrudistsjerke kleurige beskilderings yn art déco-styl op it ferwulf. Der hinget noch in komplete kolleksje oaljelampen en op ‘e tsjerkeflier leit in aardige samling âlde sarken. It byld fan de tsjerke fan Lytsewierrum is troch de ieuwen hinne amper feroare.

Makkingea is oarspronklik in streekdoarp dat fan Easterwâlde út yn de 15e ieu as in agraryske ûntginningsdelsetting ûntstien is. Yn it begjin bestie it út inkele agraryske streken. Geandewei groeide der in kom om in brinkeftige romte hinne op it krúspunt fan wegen fan Easterwâlde, Aldeberkeap, Donkerbroek en Elslo út wei.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Dit Dorp is, wat de buurt aangaat, een van de voornaamsten der Grieteny; doch de Kerk is zonder toren. Tot sierraad deezer buurt dient wel inzonderheid, het huis, hier voor deezen door die van Lyklama zeer fraai opgebouwd, en nu behoorende aan den tegenwoordigen Heere Grietman. De Kerkbuurt, omtrent even als Oude Berkoop, een groen plein in het midden hebbende, ligt aan den voornoemde Boven weg.”

Súdwestlik leinen flinke buorskippen. Twijtel en Middelburen, mar fan it lêste is ûnderhân net folle mear te sjen. De letmidsieuske Lycklamastins dy’t oan de noardeastkant fan dizze krusing stie is yn 1829 ôfbrutsen. It wie de iennichste stins yn de wide omkriten en dat wiist der op dat Makkingea op in strategysk plak lei of in wisse status hie of mooglik beide. It doarp hat nei Aldeberkeap en foar Easterwâlde fan 1848 oant 1886 haadplak fan de gritenij en nei 1851 gemeente Eaststellingwerf west. Yn 1856 waard dêrta in besteand gebou ferboud ta gemeentehûs. Om dyselde tiid hinne liet grytman/boargemaster P.A. Bergsma Villa Nova as wenhûs bouwe.

Foar de ûntwikkeling wie it fan belang dat yn 1887 de Makkingeaster Feart nei de kanalisearre Tsjonger ta groeven waard en dat it yn 1914 boppedat oan de tramline fan Easterwâlde nei Stienwyk kaam te lizzen. Oan de Wemeweg is yn 1895 de suvelfabryk stichte, de Coöperatieve Melkerij ‘De Eendracht’, dy’t yn 1908 oergie op stoomkrêft. Nôtmole De Weijert waard yn 1925 oan de Lyclamaweg opnij boud, nei’t er yn De Gordyk (doe noch in houtseachmole) en Twizel earder draaid hie. Nei de oarloch hawwe der earst yn it súdeasten, dêrnei yn it súdwesten doarpsútwreidingen yn Makkingea plak fûn.

Mullum is in terpdoarp en hat ieuwenlang in foarútskode post fan Frjentsjerteradiel west. It is ûntstien op ien fan ‘e terpen, dy’t hjir, sa tichteby de see, frijwat ticht siedde wienen. Mullum wie it earste doarp oan de rydwei, de Witteweg, fan Harns nei Ljouwert. De warbere en bedriuwige Koningsbuurt hearde der ek by. Dêr stienen ûnder mear tichelwurken, kalkbrânerijen en learloaierijen. De tsjerke wie yn de Midsieuwen in dochtertsjerke fan de Augustiner abdij Ludingatsjerke dy’t tusken Harns en Achlum yn lei.

It doarp mei syn Koningsbuurt is jierren lyn oan de stêd Harns tafoege. De tsjerke stiet op in rjochthoekige, frij hege terprest dêr’t it doarp mei hjir en dêr wat âlde bebouwing fuort omhinne groepearre is. Oan de westkant steane agraryske gebouwen en oan de noardeastkant in groep restaurearre diakonijwenninkjes mei gevelankers (1702). By de âlde ryddyk lâns stiet ek noch wat 19e en ier-20e-ieuske bebouwing, en dêr tuskenyn in eardere smidderij. Fierder is it doarp, pas nei 1950 sterk útwreide mei folkswenningen en letter mei huzen yn de frije sektor. Dat is yn stroken noardlik en eastlik fan de tsjerke, mar foaral súdlik fan de Ljouwerterdyk bard.

De tsjerke op it frij romme en hege, troch in ligusterhage omseame tsjerkhôf datearret foar in grut part út it begjin fan de 13e ieu, mar se hat gâns ferbouwingen ûndergien. Benammen de toer, dy’t yn de 18e ieu in elegante bekroaning fan in lantearne hie, is nochal wat feroare. Hy is yn 1810 ferlege en foarsjoen fan in achtkante ynsnuorre spits. Dizze toer is alhiel fan giel bakstienmateriaal, foar in part moppen en foar it measte lytse trijelingstientsjes oplutsen. Oan it begjin fan de 20e ieu is de tsjerke opknapt, ommitsele, útsein de noardgevel dêr’t noch giele kleastermoppen sichtber binne. De súdmuorre is bepleistere. Om de yngong en de rûnbôgefinsters hinne stekke de deikanten fan brune mangaanstien út. Yn it trijekantich sletten koar binne noch wat bouspoaren fan âldere iepeningen te sjen, mar foaral de noardmuorre fertelt hiel wat mei alderhande spoaren fan finsters en poarte-iepeningen. By de toer stiet in wierskynlik 18e-ieuske sark mei in prachtige ôfbylding yn heech reliëf fan in mole mei skuorren en seagerijen.

It lytse doarp Murns wurdt foar it earst fermeld yn de 12e ieu en leit súdlik fan it gâns gruttere Bakhuzen dat op syn grûngebiet ûntstien is. It bestiet út twa buerten mei in frij iepen bebouwing. It noardlike part bestiet út bebouwingsstreken by de krusing fan de Breelenswei en de Murnserdyk nei it suden ta. It súdlike part is de oarspronklike kearn en leit op sa ‘n fjouwer meter hichte op it Murnser Klif by de kust. Dêr stie oant healwei de 18e ieu de tsjerke.

Tusken wat groepkes huzen en wat boerepleatsen yn leit it skildereftige tsjerkhôf mei in klokkestoel mei skylddak, dat der al foar 1723 stie. Yn hiel wat Fryske doarpen waarden in de oarlochstiid troch de besetter de klokken foardere, yn Murns waard net allinne de klok, mar ek de klokkestoel oarlochsslachtoffer. Net troch skuld fan de besetter, mar troch in ûngelok fan in delstoartende alliearde Lancester bommewerper. Letter is de klokkestoel yn in legere en swierdere foarm opnij boud. Westlik stiet in ienfâldige middengongwenning op in hiem mei skearde hagen, eastlik in grutte stjelppleats mei in trage dakhelling. Oan de Murnserdyk stiet boppedat in wenhûs mei neoklassicistyske karaktertrekken. By de Wieldyk by de kust stiet in lytse Amerikaanske wynmotor út om-ende-by1920. Resintlik is der by de gemeentegrins fan Gaastelân en Nijefurd in omfangryk bûtenhûs boud yn ’e foarm fan in midsieuske stins, mar dan dôchs wer yn in frij moderne útfiering.

Foar de kust leit westlik it natuergebiet de Mokkebank. It reservaat ûntlient syn namme oan de grutte groepen kobben, ‘mokken’, dy’t dêr briede. De Mokkebank wurdt no ek besocht troch oare fûgelsoarten. Der is in paad nei in hutte om nei fûgels te sjen. Eastlik strekt him de soms oant fiif meter ta opdreaune hege rêch fan balstienliem fan it Murnser Klif út, dat efter it Rysterbosk by’t simmer gâns besikers krijt. Dêr stiet dan ek in paviljoen. Mokkebank en klif binne yn behear by It Fryske Gea.

Moddergat is in lyts dyksdoarp dat as westlike útwreiding op it Westdongeradielster gebiet fan it Eastdongeradielster doarp Peazens ûntstien is. De doarpen wurde skieden troch it wetter de Peazens, oarspronklik in seeslinke, dy’t nei it suden ta om Easternijtsjerk hinne nei Dokkum rint. Moddergat hat, krekt as it buordoarp Peazens in ferline as fiskersdoarp. It bestiet út twa buerten. By Peazens leit De Kamp dy’t op it buordoarp oanslút. Dêr is yn 1912 de grifformearde tsjerke boud, in eklektyske sealtsjerke mei in omliste yngongspartij en in houten dakruter op de foargevel. De Oere (oever) leit fierder westlik. It is in geef bewarre fiskersdelsetting dy’t nei restauraasje diels in museumfunksje krige. De measte fiskershuzen datearje út de twadde helte fan de 18e ieu. Se binne gewoanwei yn giele bakstien ta ien laach opmitsele en foarsjoen fan in hege kape dy’t oan de kant dêr’t de bêdsteden kamen wat trochsjitte. Yn Visserspad 4 is de oarspronklike yndieling bewarre bleaun mei in skou, in bêdsteedwant en in betegele keamer.

Op de seedyk stiet in monumint as oantinken oan de stoarmramp dy’t yn de nacht fan 5 op 6 maart 1883 frijwol de hiele fiskersfloat fan 22 skippen út Moddergat fuortfage. Dêrby ferlearen 83 fiskers it libben. De fiskerij hat him nea wer herstelle kind. Lykwols, de see bleau de wichtichste boarne fan bestean. Seelju gienen oan it wurk by reders, dy’t somtiden fier fuort wennen, oant Vlaardingen en Emden ta. Tusken de wrâldoarloggen yn gie it yn de Waadsee en Lauwerssee ynienen opfallend goed mei de garnalefangst. De fiskers fan Moddergat pasten har oan. De garnalen wienen net foar minslike konsumpsje, mar waarden ferwurke ta aaiwytryk bistefoer, puf. Om se goed te droegjen waard der in koöperaasje stichte dy’t yn 1924 in garnalefabryk westlik bûten it doarp stichte. ‘It grenaatfabryk’, in ienfâldige readstiennen skuorre mei in dak fan golfplaten. It fabryk is yn 1930 noch útwreide. Yn it begjin fan de fjirtiger jierren gie, nei in rekordfangst yn 1940, de opbringst yn rap tempo werom. Yn 1943 is it fabryk opheft.

Ieuwenlang hie Molkwar de namme de Friese Doolhof; it is in arsjipeldoarp en dat is noch goed te fernimmen. Eartiids stienen de huzen op eilantsjes en nettsjinsteande dimpingen is it eardere byld noch wol op te roppen, te tankjen oan inkele tusken de huzen troch rinnende grêftsjes. Dizze kronkeljende wetterkes bepaalden de struktuer en net de strjitten mei kreas roaide bebouwing.

It doarp lei tusken wetterpartijen yn, noardlik lei de Sudersee, súdwestlik de útstrekte Staverske Mar, dy’t yn it begjin fan de 17e ieu droechmeald is. Hjir wenne farrensfolk, dat meastal foar Amsterdamske reders foaral op de Eastsee fear. Fan it maritime ferline is yn Molkwar neat mear oer. Yn tsjinstelling ta oare stedsjes en grutte doarpen oan de eardere Sudersee, hat Molkwar net in kompakte struktuer, mar is it doarp transparant mei alderhande trochsichtsjes. Noch altyd liket it oft de measte huzen kriskras trochelkoar hinne stean: se roppe in sfear op fan in bekoarlike ienfâld. It eardere rjochtshûs, Hellingstrjitte 8, út 1697 is in hichtepunt. It erfguod fan it doarp wurdt ûnder de oandacht brocht yn it bakkerswinkeltsje neist it Molkwarder koekefabryk. De winkel is nostalgysk ynrjochte. De herfoarme tsjerke is yn 1850 boud en de sealdaktoer is út 1799. De tsjerke hat in âlde koperen doopbekkenshâlder en trije koperen kroanen, wêrfan’t de âldste út ein 16e ieu datearret. De twadde út 1648 besit skyldsjes mei klaaiïng en de tredde is makke yn de 18e ieu.

De bloeiperioade fan Molkwar foel tusken midden 16e en ein 17e ieu yn. Nei’t de keapfardij op de Eastseelannen stagnearre, skeakelen de Molkwarder skippers oer op de fiskerij. De Staverske jollen koenen yn de baai foar de kust ôfmeard wurde. It Wiid, mei in kom by de slûs yn de seedyk, soarge foar in wetterferbining. Dy is amper mear te werkennen; it haventsje is yn de sechstiger jierren gruttendiels dimpt en de slûs sloopt. Allinne it slûswachtershûs en de natuerstiennen trep oer de dyk binne behâlden bleaun.

Mûnein is in streekdoarp dat oant 1948 by Oentsjerk hearde en doe de status fan selsstannich doarp krige. It doarp bestiet út buerten oan wjerskanten fan ferskate wegen en paden, dy’t by de Dr. Kijlstraweg lâns hjir en dêr fertichtings kenne en by de krusing mei de Jelte Binneswei ta in soarte fan doarpskom foarme binne.

It doarp tanket syn namme oan in mûne dy’t alhielendal yn it easten tsjin de grins fan Dantumadiel oan stie. Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanusatlas stiet de mûne oanjûn, flakby it marke De Swarte Broek dat doedestiids folle grutter wie as tsjintwurdich. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas is de mûne ferdwûn. It doarp hie doe gjin hichtepunt mear, want in tsjerke hat it nea hân.

Pas om 1900 hinne kaam der, en no oan de súdeastlike marzje fan it doarp, wer in hichtepunt: it flaaksfabryk mei in flinke skoarstienpiip,troch de filantroop Th.M.Th. van Welderen baron Rengers stichte foar de wurkgelegenheid. It kompleks, dat no net mear yn bedriuw is, is soarchfâldich fan giele stien boud. It heechste gedielte, - ûnder in dûbeld sealdak -, is dutsen mei Fryske golfpannen dy‘t om en om griis smoard en oranjeread binne. Ien en oar levert in dekoratyf byld op. Dêrefter strekt him in legere fleugel út wêrtroch’t in moaie spanning tusken fertikale en horizontale eleminten ûntstien is.

De measte bebouwing is ynbannich, al steane der yn en by it doarp ek inkele flinke pleatsen, sa as dy út 1880 oan de Kaetsjemuoiwei 28. Op nûmer 37 stiet in hûs út 1751 dat foar in part fan kleastermoppen boud is. De yn 1905 oprjochte ‘Vereeniging tot verbetering van de volkshuisvesting in de dorpen Giekerk, Oenkerk en Oudkerk’ boude yn 1907 en 1908 oan de Kaetsjemuoiwei en Dr. Kijlstraweg fjouwer dûbele arbeidershuzen, de âldste wenningwetwenningen op it Fryske plattelân. Se stean der noch altyd mar binne ta fjouwer wenningen gearfoege. Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch is oan de Dr. Kijlstraweg in fraaie rige folkswenten boud yn de tradisjonalistyske trant fan de Delftse School.

Mûntsjebuorren is in streekdoarp dat wierskynlik yn de lette Midsieuwen oan de Petsleat ûntstien is. Fan it suden, fan Spangea ôf rûn de Petsleat yn in bôge troch de westlike hoeke fan Weststellingwerf om ek de doarpen Skerpenseel, Mûntsjebuorren en in part fan Aldlemmer te ûntsluten. Njonken de sleat rûn in fuotpaad. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de bebouwing fan it streekdoarp by dizze feart oanjûn, wylst der oan de even westliker lizzende wei, de Grindweg dy’t no de foarnaamste ferkearsferbining foarmet, hast noch gjin bebouwing stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net folle te melden, wol dat der oan de Grindweg al wat mear bebouwing ûntstien is: “dit Dorpje, ten Noorden van ‘t voorige Skerpenseel, op dezelfde wyze gelegen, heeft ook eene Kerk met een klein spitsje; zynde de huizen gebouwd aan denzelfden rydweg, waar aan ook twee voorgaande Dorpen liggen, als mede aan de vaart, de Padsloot genaamd, die van Spangen, voorby Scherpenzeel, hier door loopt tot aan den Weerdyk.” It doarp hat yn 1825 in soad skea ûnderfûn fan de stoarmfloed. Huzen waarden fernield en de tsjerke stie op ynstoarten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is noch amper te sjen dat it doarp him fan de Bandseat nei de Grindweg oan it ferpleatsen wie. Dizze twa doarpsassen kamen by de tsjerke ticht by elkoar en dêr wie al wat fertichting yn de bebouwing ûntstien. Yn de 19e ieu joech neist de lânbou ek de ferfeaning in soad wurk en dat is te sjen op de kaart mei de fergroeven landerijen.

De aardich detaillearre, trijekantich sletten tsjerke út 1806 hat in houten geveltoer. It gebou is yn 1860 yngripend ferboud. Mûntsjebuorren is noch altyd in karakteristyk streekdoarp mei in frij tichte lintbebouwing. Fanwege it kronkeljende ferrin fan de Grindweg en it net konsekwint oanhâlden fan de roailinen levert dit libbendige doarpsgesichten op. De bebouwing oan de oare as fan de Petsleat is folle losser.

Mûntsjesyl is in komdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is by de yn 1476 troch de cisterciënzer monniken fan Gerkeskleaster boude slûs yn de Lauwers, dy’t it troch harren yndike lân beskermje moast. De slûs is in pear kear ferlein en fernijd. Oan ‘e ein fan de 16e ieu is der in ferdigeningsskâns oanlein. De bou fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en Mûntsjebuorster Ryd. Yn de jierren 1874-1877 is de dyk fan Nittershoeke en Zoutkamp oanlein en sadwaande waarden de diken by Mûntsjesyl slieperdiken en hie de slûs gjin (see)wetterkearende funksje mear.

Yn 1882 waard wat eastliker ta befoardering fan de ôfwettering in streamkanaal groeven en in grutte spuislûs oanlein. Dizze ymponearjende slûs bestiet út alve ôfslútbere streamgatten en oan de bûtekant in fan steunbearen foarsjoene hege kearmuorre. Oan de binnekant is in brêge oer de streamgatten hinne lein. De delsetting dy’t him westlik fan de slûs ûntwikkele is, nettsjinsteande dat der yn 1665 al in tsjerke stichte waard, lange tiid in buorskip ûnder Boerum bleaun. De tsjerke is yn 1899 fernijd yn in min of mear neorenêssânsestyl nei ûntwerp fan de yn dizze streek tige aktive arsjitekt H.A. Zondag. It is in sealtsjerke mei in sierlik tagongsportaal en in iepen bewurke houten tuorke op de foargevel dat noch datearret út in ferbouwing fan 1856.

De grifformearden lieten yn 1912-1914 in navenant flinke tsjerke bouwe nei ûntwerp fan arsjitekt Egbert Reitsma. Dit is ek in sealtsjerke mar dizze hat in út de foargevel boude toer dy’t mei flankearre romten in aardige frontpartij foarmje.

In tredde bouwurk dat it doarp silhûet ferskaft is de Mûntsjesylster Mûne dy’t ek wol ‘Rust Roest’ neamd wurdt. It is in mei reid dutsen achtkante stellingmûne op in stiennen ûnderbou út 1856. Hy is boud as pelmûne mar no as nôtmûne yn gebrûk. Oan de rânen en yn de buert fan it doarp binne gâns monumintale boerepleatsen te finen.

Nes is fan oarsprong in agrarysk terpdoarp oan de noardkant fan de Boarn en letter oan de Leppedyk, dy’t dêr oanlein is. Nei it noarden ta leit de Nesser Sylroede rjochting de boerebuorskippen Bokkum en Burstum, in wetterloop dy’t mei in pear nammewikselings ferbining hat mei de Pikmar by Grou. It is in wetterferbining dy’t by’t simmer drok befearn wurdt troch wetterrekreanten, mei in soad drokte by de twa brêgen fan Nes.

Nes bestiet út inkele wetterbuertsjes oan de Boarn, oan wjerskanten fan de brêgen, wêrfan‘t dy oan de noardwestkant út in freonlik eagjende rige brede boargerhuzen bestiet. Oan de súdkant is der frijwat mear bebouwing, mar it is net dúdlik oft dizze by it nei it easten útwreide Akkrum rekkene wurde moat of by Nes. Foar it oare bestiet it doarp út in âld tsjerkhôf en in moderne wettertoer.
It doarp hat in tsjerke hân mei in sealdaktoer, mar dy is al yn de 17e ieu sloopt en der is gjin nije foar yn it plak kaam. Earder is op dit plak yn 1228 in kleaster, in kommanderij fan de Dútske oarde fan Sint-Jan, stichte dy’t yn de omjouwing in soad tsjerklik gesach krige. Mei de herfoarming is it kleaster opheft. It sfearfolle heechlizzende tsjerkhôf bewarret de neitins oan de tsjerke. Der stiet no in klokkestoel mei in helmdak dêr’t in klok yn hinget dy’t in 1950 getten is troch de bruorren Van Bergen.

Yn 1956 krige Nes in opfallende wettertoer. It wetterliedingnet wie nei de oarloch sa útwreide dat it needsaaklik wie om hjir (en yn St. Jabik) in toer te bouwen. De troch jhr. A.P. Wesselman ûntwurpen toer is 37 meter heech en hy krige op in kannelearre slanke romp in rûne doaze fan beton mei in reservoir foar 515 kubike meter wetter. Oan ‘e noardkant fan de Boarn en westlik fan de Nesser Sylroede is resint de wetterwyk Boarnstee ûntwikkele dy’t by Nes rekkene wurdt. Sadwaande is it ynwennertal yn koarte tiid ferfjouwerfâldige.

Nes is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is. It hat in net al te hege terp en in rjochthoekige struktuer. De âlde beboude kom wurdt omfette troch in rjochthoeke fan strjitten en de tsjerke hat dêr in sintraal plak yn. Nes waard ûntsletten troch de Nesser Opfeart, dy’t yn súdwestlike rjochting nei de Peazens ta groeven is. Der is in tal paden oer de terp hinne roaid dy’t mekoar net krekt heaks kruse en oan dy paden en it fjouwerkant fan wegen is de bebouwing geandewei tichter wurden, wat in farieard byld oplevere hat. Benammen oan de Middenstraat en oan ien kant fan de Foarstrjitte steane fraaie huzen út de 18e en 19e ieu. Foarstrjitte 21 toant sels Jugendstil details.

Fan it lêste kwart fan de 19e ieu ôf is der oan de útfalswegen wat lintbebouwing groeid, yn noardwestlike rjochting foaral mei flinke pleatsen. Ek fierder fan it doarp ôf lizze op it doarpsgebiet monumintale buorkerijen dêr’t foaral túnbou bedreaun wurdt. De 20e-ieuske wenningbou hat foaral yn of oan it fjouwerkant fan wegen plak fûn, resint ek mei it neidiel fan it ferlies fan âlde wenten. Boppedat is der oan de noardkant oant en mei de Noarderwei in beskieden doarpsútwreiding kaam.

By de súdwestlike hoeke is yn 1925 oan de Wiesterwei de troch Ane Nauta yn ekspresjonistyske trant ûntwurpen grifformearde tsjerke boud. It is in krústsjerke mei in dakruter. De herfoarme doarpstsjerke wie yn de Midsieuwen tawijd oan Johannes de Evengelist. It is in fan kleastermoppen boude ienbeukige, romaanske tsjerke, dy’t datearret út it lêst fan de 12e ieu. De eastlike toersmuorre is it âldste; nei alle gedachten is it in oerbliuwsel fan in westwurk, dêr waard oan de iene kant de toer boud en oan de oare kant it tsjerkeskip. It fjouwerkantige sletten koar mei lisenen, in rûnbôgefries en in sierlist, is healwei de 13e ieu ta stân kommen. It ynterieur pronket mei in yn 1775 ferfurdige preekstoel yn rococofoarmen; wierskynlik it wurk fan Yge Rintjes.

Nijewier is in terpdoarp dat krekt lyk as oare net besûnder âlde terpdoarpen yn Dongeradiel, sa as Ingwierrum en Nes, in rjochthoekige struktuer hat, mar hjirneffens is de terp dôchs wat heger.
Nijewier is yn de iere Midsieuwen ûntstien. De Nijwierster Opfeart dy’t om it kleasterterrein fan Sion (stichte om 1100 hinne) rjochting Peazens, hinne rûn, soarge foar de ûntsluting oer it wetter. De Tegenwoordige Staat van Friesland is hjiroer koart: “Niawier heeft eene kerk met een spits kloktorentje, en bevat 20 stemdraagende plaatsen. Onder dit dorp behooren de buurten Lutkewier en Berghuizen, gelyk ook Sion, weleer een Vrouwen Klooster van de Cistertienser orde, gesproten uit het Klaarkamster Klooster, en afgebroken in den jaare 1580; ‘t zelve heeft ook eene vaart naar de Paezens, en ligt dus wel ter reed en vaart.”

It kleasterterrein is noch te werkennen: fan de doarpskom ôf rint de tsjintwurdich mei wenningen beboude Singel om de súdlike marzje fan it gebiet hinne. Lytsewier is in groep buorkerijen by Wetsens; Berchhuzen is in noch lytsere agraryske delsetting noardlik fan de Peazens. Bebouwing hat foaral plakfûn om it wegenfjouwerkant om de terp hinne en op de paden dy’t om de terp hinne roaid binne. Fierhinne yn ‘e midden bestiet noch in iepen gerskampe dy’t earder ek foar it keatsen brûkt waard. Eastlik dêrfan is de grifformearde tsjerke oplutsen, in navenant romme sealtsjerke. De nei-oarlochske wenningbou hat net allinne oan de Singel, bûten de doarpskearn plakfûn, mar yn de lêste desennia ek op en oan de râne fan de terp.

De doarpstsjerke stiet net yn ‘e midden mar oan de eastlike râne fan de terp. Se is yn 1668 boud fan kleastermoppen fan de foargongster. Boppe de yngongspoarte is in stichtingsstien oanbrocht. It is in ienbeukich tsjerkje mei in trijekantich sletten koar en in westlike gevel dy’t yn 1811 opknapt is. By dy gelegenheid is in houten mei laaien dutsen tuorke mei in ynsnuorre spitske op de gevel pleatst.

Nieuwebildtdijk is een streek die eigenlijk de status van dorp niet bezit maar grotendeels bij Oude Bildtzijl wordt gerekend. Het is de tweede dijk die in 1600 het nieuw aangeslibde land van Het Bildt ging beschermen. Met daarop in het oosten aansluitend de Koedijk voor het Nieuw Monnikebildt in Ferwerderadiel.

De dijk strekt zich uit over een breedte van zes en een halve kilometer tussen Zwarte Haan in het westen en Nieuwebildtzijl in het oosten. Recht ten noorden van Oudebildtzijl werd een uitwateringssluis gelegd, de Nieuwebildtzijl, die door opslibbing van de pollen niet meer werkte en in 1655 werd opgegeven. Deze Oudeen Nieuwe-Bildtpollen werden in 1715 en 1754 ingedijkt waardoor de Nieuwebildtdijk slaperdijk werd. Desondanks zijn er in 1717 en 1825 nog dijkdoorbraken geweest. De Nieuwebildtdijk kon zich, nadat ze in ruste was gegaan, net als de Oudebildtdijk tot woonstreek ontwikkelen. De nieuwe dijk werd veel minder dicht bebouwd. De losse bebouwing kwam met enkele concentraties tussen Nieuwebildtzijl en de Schuringaweg. Nabij deze driesprong werd het Dijks- of Contributiehuis van de pollen gebouwd en net even oostelijker werd de buurt, met een lagere school, niet zonder humor Stad Niks genoemd: een benaming die nog steeds in gebruik is. Helemaal in het westen ligt nog een buurtje bij Zwarte Haan.

Er kwam over een lengte van ruim vier kilometer bebouwing. Aan de Oudebildtdijk is dat inclusief de Westhoek elf kilometer. Dat gebeurde op dezelfde wijze als bij de oude dijk. Wat betekende dat tegen de buitendijkse zijde de arbeiderswoningen konden worden gebouwd en aan de binnendijkse zijde in het land de boerderijen. Deze vaak monumentale boerderijen lijken vanaf de dijk majestueus.

Ongeveer een halve kilometer ten westen van Nieuwebildtzijl staat een van de opmerkelijkste: een oude boerderij met een voorhuis met een gestucte voorgevel en daarop geschilderd twee imitatie vensters met zandloperluiken en een groot wapen van ’t Bildt erop met het wimpelopschrift ‘Aren út Skelpen’. De langhuisschuur steekt maar net boven het hoge voorhuis uit.

Haskerdiken (by Nijbrêge) is in streekdoarp dat ûntstien is yn de buert fan it kleaster Maria’s Rozendal of it Haskerkonvint, dat om 1235 stichte is op it plak dêr ‘t de fromme kluzener Dodo syn klûs hie. Op de gritenijkaart fan 1718 stiet by de kronkelige Hasker Diken fersprate bebouwing fan benammen buorkerijen. De measte dêrfan steane yn it noarden. Yn ‘e midden binne de kapel fan it konvint en inkele pleatsen ôfbylde. In strak oanleine dyk leit njonken de âlde kronkeldyk.

Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland dat it doarp bestie út in wrydsk grûngebiet, mar dat der net sa folle huzen stienen: “Naar dit Dorp is dat gedeelte van den rydweg genaamd, ‘t welk van Akkrum naar ‘t Heerenveen, door deeze Grieteny, loopt : deeze weg, eertyds zeer bogtig en een groot gedeelte van ‘t jaar onbruikbaar zynde, werd in 1716 door den Heere Grietman Jr. P.F. Vegilin van Claerbergen verbeterd, en verder Westwaarts gelegd, onder den naam van de Nieuwe Hasker Dyken.” De nije rjochte dyk krige behalve de funksje fan wetterkearing dy fan ferbiningswei en hy waard yn 1826 gruttendiels brûkt om der in stik fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol oerhinne te lizzen.

It doarp bestiet no út in pear buerten mei ferskillend karakter. Alhiel yn it noarden leit in streek fan grutte, soms monumintale pleatsen by de âlde Ryksstrjitwei en de Sminiawei lâns. Yn ‘e midden leit by de brêge en de fly-over fan de autodyk oer de Nije Pompsleat, de Kapellewei. De dyk fiert nei it licht ferhege tsjerkhôf mei de herfoarme tsjerke dy ‘t yn 1818 boud is op it plak fan de kleasterkapel fan it konvint. It is in sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in geveltuorke.

Nei it suden ta is in buert foarme by de slûs en in nije brêge yn de feart dy’t laat nei de Polder fan it 4e en 5e Feandistrikt. Dat foarme it buorskip Nijbrêge, dat earder by Schoterland en de gemeente It Hearrefean hearde.

Nijskoat is in âld streekdoarp dat no útstrekt by de Rotstergaasterweg lâns leit. It is altyd in frij lyts doarp bleaun. Fanwege it sterk nei it suden ta útwreide Hearrenfean is Nijskoat hast de súdlike marzje fan dit plak wurden. Boppedat is de lintbebouwing, benammen yn it eastlike part, yn de jierren nei de oarloch fertichte. Lykwols hat Nijskoat in lânlik karakter hâlden, in karakter dêr’t yn westlike rjochting op syn bêst fan geniete wurde kin. It wie “zeer vermaaklyk in de bouwlanden, en in het geboomte gelegen” skreau de Tegenwoordige Staat van Friesland yn 1788 en dat kin men der hjoeddei noch fan sizze.

Oan de westkant wurdt it doarpsgebiet begrinze troch de Engelenfeart dy’t yn 1840 groeven is om de Feanskieding – it eastlike ferlingde fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart – yn ferbining te bringen mei de Tsjonger. Foardat dizze feart groeven waard rûn de frij tin beboude streek by twa paden lâns fierder nei it westen ta troch oan wat no it eastlike gedielte fan it lang útstrekte doarp Rotstergaast is.

De tsjerke is in letgoatysk gebou mei steunbearen en in trijekantich sletten koar. It gebou is oplutsen fan reade kleastermoppen dy’t sa te sjen by in fernijing opnij brûkt binne. Der wurdt ornearre dat dit yn de 15e ieu bard is, mar mooglik ek letter. Yn de súdgevel sit in tichtset spitsbôgich lansetfinster, mar de gevels binne no iepen mei rûnbôgige finsters. De foargevel wurdt ek skoarre troch steunbearen en de geveltop is nei alle gedachten yn de 18e ieu fernijd yn lytse stien.

Op it hôf stiet in lytse houten klokkestoel mei in sealdak dy’t in 15e-ieuske liedklok herberget. Tsjerke en klokkestoel stean op in sfearfol, troch beammen omseame tsjerkhôf. Dat is yn de 20e ieu útwreide ta in grut, kreas ûnderhâlden begraafplak, dêr’t ek in krematoarium by heart. Yn it westen fan it doarp stiet in oantal monumintale boerepleatsen. Sa as tichteby de Engelenfeart in modeltype kop-hals-romppleats ‘Rikazathe’ út om-ende-by 1860 mei molkenkelder, bôgesletten finsters en rûnsletten skuorredoarren en in hearlik ynbannich hiem.

Nijeberkeap is in streekdoarp dat net sa jong is as dat de namme fermoeden docht. It is in dochterdelsetting fan Aldeberkeap, al yn de 13e ieu ûntstien. It is in lyts doarp bleaun en de ynwenners hawwe harren tsjerke net yn eare hâlde kind, sa dat dy yn 1826 ôfbrutsen is. Yn 1788 koe de Tegenwoordige Staat van Friesland mei inkele sinnen folstean: “Nieuwe- of Nijeberkoop, ten oosten van ‘t voorige Dorp Oldeberkoop, is tusschen de beide voornoemde rydwegen gelegen. Het Kerkje is hier zonder toren. De gelegenheid van dit Dorp tusschen de Kuinder en de Linde is gelyk aan die van ‘t voorige en de grond van denzelfden aard; doch men vindt er minder Weid- en Hooiland.”

Dizze beide wegen binne de súdlike Binnenweg en de noardlike Buitenweg. Se hjitte no de Bovenweg en de Oosterwoldseweg/Grindweg. De boerelannen by dizze wegen lâns strekke har út oan de âlde rivieren de Linde en de Tsjonger – dy’t yn de Stellingwerven de Kúnder neamd wurdt – yn it noarden ta. Healwei de 19e ieu bestiet der neffens it kaartbyld fan de streek yn de atlas fan Eekhoff (1849) hast noch gjin bebouwing oan de Buitenweg en ek by de Binnenweg lâns is de bebouwing net ticht. Oan in tuskenpaad, berikber oer de Lijkweg nei it begraafplak dêr’t ea de tsjerke stie, wienen ek in pear buorkerijen te finen. Oan de Bovenweg is yn 1898 in skoalle boud – in foarganger wie yn 1826 opheft – dy’t noch altyd bestiet, in twaklassige skoalle mei in skoallehûs.

Fan de Bovenweg ôf kin it begraafplak berikt wurde, dêr’t in klokkestoel mei sealdak op stiet. Yn 1934 waard de Albardalaan ferhurde, wêrtroch’t de streek nei it noarden ta, rjochting Hoarnstersweach, ûntsletten waard. Tusken de Grindweg (Oosterwoldseweg) en de Bovenweg yn foarmje wol paden, mar gjin wegen, ferbiningen. Oan de Bovenweg en op Egypte is foar de oarloch wat folkshúsfesting ta stân kommen. Nei de oarloch barde dat oan de Bovenweg en de Oosteregge.

Nyegea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 is it in agraryske streek by de Lykwei, (no de Kommisjewei) lâns, tusken de ekers yn. De tsjerke stie alhiel oan de westkant en dêr lei yn it westen de buert De Wieren tusken de greiden yn.

Yn it lêst fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland dat it in tsjerke sûnder toer hie en: “dit is het eerste dorp, daar men, uit Tietjerksteradeel komende, doorrydt. Onder ‘t zelve behooren eenige buurtjes van naame, als de Wieren naast aan de Kerk, de Middelbuure, ten Zuiden naast aan de Hoogeweg gelegen, en nog verder zuidwaarts, over dien weg, niet verre van het Gaaster Diept, Egbert Gaasten; waaromtrent het alles veengrond is. De overige huizen die tot dit dorp behooren, liggen langs de Lyk- en Hoogeweg, aan de bouwlanden en in ‘t geboomte, ‘t welk een aangenaam gezigt geeft.” Ek it buorskip De Tike hearde yn ‘t earstoan ûnder Nyegea en is letter in selsstannich doarp wurden.

De toerleaze tsjerke hie yn alle gefallen in âlderdom dy’t oant de 14e ieu ta werom gie, want de liedklok yn de tsjintwurdige tsjerke datearret fan 1381. Yn 1877 wurdt de ‘belangrijke vertimmering van de kerk op de Nijegaaster Hoek’ advertearre. Mar oft dat ek bard is ûnder de lieding fan de Drachtster arsjitekt D.D. Duursma, is noch mar de fraach. Yn 1893-1894 is in troch deselde arsjitekt ûntwurpen nije tsjerke ta stân kommen. In aparte sealtsjerke fan neoklassisisme en neorenêssânse. It skip is útwindich stukadoare en op alle hoeken steane spitskes. It front mei ynboude toer is yn skjin mitselwurk útfierd. De toer mei ynsnuorre nullespits is ferlibbene mei rûnbôgefinsters yn pearen en galmgatten mei sierlike rânen omliste.

Tsjin de tsjerke oer hat him in soarte fan plein foarme, dêr’t inkele wenningen en it kafee op rjochte binne, even mear nei it noarden ta stiet in earder tolhûs fan om-ende-by 1890. Oan de Kommisjewei stiet in ferskaat oan wenningen en (soms monumintale) boerepleatsen.

Nijeholtpea is in streekdoarp, yn de lette Midsieuwen ûntstien oan de dyk fan Wolvegea nei Easterwâlde. De frij losse lintbebouwing oan de Binnenweg (no Hoofdweg) is op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 oanjûn. Troch de knik yn de Hoofdweg, wylst de Binnenweg trochrint en fanwege de posysje fan de tsjerke tichtby de Bovenweg (ek wol Buitenweg en tsjintwurdich Stellingweg), is in wegenkrús ûntstien en waard it doarpsgesicht fariearder as dat fan de omlizzende doarpen.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “het Oostelykste der Dorpen aan de Noordkant van de Linde, strekt zich met zyne landeryen Noordwaards uit tot aan de Kuinder, en Zuidwaarts tot aan de Linde. De kerk deezes Dorps heeft een spits torentje, waarin twee klokken hangen: dezelve staat aan het einde van den Middenweg, die by Wolvega begint, en, by deeze Kerk in den Buitenweg eindigt. ... Daaromtrent liggen de huizen zeer aangenaam in het geboomte en de bouwlanden. Nergens vindt men in deeze Grieteny meer Houtgewas, dan in dit en in ‘t naastvolgende Dorp, waarop ook jaarlyks hier veel brandhout wordt gemaakt, en alomme verzonden .... Weleer genaamd ... hebbende dat gebouw toebehoord aan den Saxischen Grietman Lykle Eblens, gesprooten uit het voortreffelyk geslagt ... welk namaals den naam van Lyklama à Nyeholt heeft aangenomen.”

Op de kaart út 1850 yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat it doarp yn dy tiid noch beskieden fan omfang wie. En dat wylst Nijeholtpea it stamplak fan it Lycklama à Nijeholt-geslacht wie; in famylje dy’t lange tiid belangrike bestjoerlike funksjes yn Weststellingwerf en oare gritenijen besette.

De letgoatyske, oan Sint-Nicolaas wijde tsjerke hat in trijekantich sletten koar en in aardich ritme oan spitsbôgefinsters tusken de steunbearen yn. De slanke toer mei nullespits hie oarspronklik oan de foet grutte spitsbôgige iepeningen, mar dy binne ticht set. Tsjin de westlike muorre is in oerhoekse steunbear pleatst. De toer draacht twa klokken, ien fan Willem Wegewaert út 1598 en de oare fan Gheraert Koster út 1611.

Nijeholtwâlde is in lyts, net al te âld streekdoarp dat oan de súdkant fan de âlde Weerdijk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik werjûn op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus. Kommende út it suden by Aldetrine wei slingere hy him troch it westen en noarden fan de gritenij. Fierder gie hy mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten ta troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.

Op de kaart is Nijeholtwâlde in frij ticht beboude streek mei de tsjerke yn ‘e midden. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 notearre: “onder dit Dorp, wiens kerk al voor veele jaaren is afgebroken, en waarvan nu maar alleen het kerkhof met een Klok en Klokhuis overig is, binnen den Weerdijk, verscheiden bouwlanden, hoewel van een veenigen aard. Weleer werd hier in de buitenlanden naar de Kuinder toe, een soort van turf gegraaven, de Holtwolder Akkerturf genaamd, die voor de beste der geheele Provincie gehouden werd; dan hoewel men hier nog al zeer goede turf graaft, is nochthans de Akkerturf niet meer in weezen. Door dit Dorp ... loopt de weg van Schooterbrug naar Wolvega.”

It Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa melde healwei de 19e ieu noch dat it doarp fan âlds tige boskryk wie en: “Bij den watervloed van Februarij 1825 was dit dorp als in eene bouwval herschapen. Veele huizen waren ingestort of weggedreven, zoo dat men hunne standplaats niet meer herkennen kon. Een vijftal menschen en bijna al het vee kwam hierbij om.” Tsjintwurdich is it foaral in efter de autodyk en spoarwei wat isolearre rekke agraryske streek mei wat huzen by de trijesprong fan de Heirweg. Noardliker leit it tsjerkhôf mei in yn 1973 opknapte houten klokkestoel mei helmdak dêr’t in klok yn hinget dy’t yn 1788 getten is troch Christiaan en Jan Seest.

Nijelemmer is in agrarysk streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen oan de súdkant fan de âlde Weerdyk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik oanjûn op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 en kronkele troch it westen en noarden fan Weststellingwerf. Hy kaam út it suden fan Aldetrine en gie mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “een Dorp van maatigen omtrek ... ten Noordoosten van ‘t voorige Oldelamer, aan denzelfden rydweg of Weerdyk gelegen. Door den zwaaren stormwind van den 12 December 1747, stortte hier een gedeelte der kerk in, die daarna voorts geheel is afgebroken. Weleer werd hier zeer veel turf gegraaven, en thans nog eenige, loopende de turf Wyken alle uit in de Kuinder. Ook loopt door dit Dorp de Schipsloot van en naar Wolvega.”

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 binne de spoaren fan de feangraverij te sjen. It gebiet noardwestlik fan de Skipsleat is ien fan de lêste yn kultuer brochte ferfeane gebieten fan Fryslân: De Ontginning, dy’t diels ek ûnder Nijeholtwâlde rekkene wurdt. Dêr ûntwurp arsjitekt Gerben Bergsma yn 1928 in gemaal oan de Skipsleat yn ekspresjonistysk-saaklike styl en hy soarge ek foar it ûntwerp fan de flinke rige buorkerijen yn fariearde typen by de rânen lâns en yn ‘e midden fan de nije feanpolder.

De âlde streek is frij los beboud; de measte grutte boerepleatsen steane net oan de dyk mar it lân yn, mei in eigen opreed. By de Hoofdweg en Schipslootweg lâns steane mar in pear huzen. Op it plak fan de ynstoarte tsjerke leit it romme tsjerkhôf, mei in flinke seame fan struken en beammen der omhinne. De klokkestoel mei helmdak is oarspronklik út 1795, mar is in pear kear fernijd. De klok is yn 1599 getten troch Willem Wegewaert.

Nijemardum is in streekdoarp dat op de râne fan deselde sânrêch as Aldemardum ûntstien is, fermoedlik om 1200 hinne. De streek leit oan de râne fan de rêch oan de âlde lânwei fan Starum en Sleat. It doarpsgebiet fan Nijemardum fertoant lânskiplik in opmerklike fariaasje. Súdwestlik stiet in rige buorkerijen oan dizze dyk dy’t harren lannerijen yn de lege Hoitebuorsterpolder hawwe. Oan de oare, eastlike kant fan it doarp lizze op de frijwat hege, súdeastlike flank fan Gaasterlân de Heaburgen.

De boerestreek rint súdlik om wat jonge boskperselen fan de Rietpollen hinne en leit fuort efter de eardere Suderseedyk. Under de opmerklike kolleksje buorkerijen fynt men ûnder mear in winkelheakeftich model. ‘De Groninger’ lit yndie sa’n typysk Grinzer, heech oplutsen foarein sjen. De pleatsen rize robúst op út it wrydske lân. Noardlik fan Nijemardum rinne de Hege Bouwen dêr’t njonken it boerebedriuw en oare aktiviteiten ûntwikkele binne. Noch noardliker leit de tsjintwurdige beboske Nijemardumerheide en it âldere Lycklamabosk.

De buert by de tsjerke hat neffens ferskate boarnen yn de 16e en de 17e ieu flink wat bebouwing kend; it skynt dat der nochal wat stinzen yn it doarp stien ha. Yn it lêst fan de 18e ieu blykt dat der in soad fan dy bebouwing ferdwûn is en op de kaart fan Gaasterlân fan 1854 is it der in keale boel. De tsjerketoer siet hielendal allinne. Fan ein 19e ieu ôf is der wer boud. Dat hat him fuortset yn de 20e ieu. No hat him dêr, ek mei de nei-oarlochske bebouwing wer in echte buorren foarme.

By in flauwe bocht stiet op it âlde, mei ticht en swier beamtegrien omseame tsjerkhôf in hege, iensume bakstiennen toer. Oarspronklik hearde dy by de yn it lêst fan de 18e ieu sloopte midsieuske doarpstsjerke. De goatyske toer datearret út om-ende-by 1370 en is om 1500 hinne noch ris ferhege. De toer hat in frij leech tintedak. De herfoarme tsjerke is no ûnderbrocht yn de ferboude, yn 1899 ta stân kommen iepenbiere skoalle.

Nijetrine is in net al te âld streekdoarp en hat in tige tinne bebouwing. It leit tusken de yn de19e ieu foar turfwinning fergroeven lannerijen yn en hat sadwaande it natuerreservaat de Rottige Meenthe oplevere. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 docht bliken dat der yn it leechlizzende lân mar in hantsjefol buorkerijen en huzen stean, allegearre mei in opfeart nei de Skean ta. Oan de súdkant fan de streek rint de (Binnen)weg fan Skoattersyl nei Wolvegea. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “het kleinste Dorp der Grieteny .... De Kerk had eertyds een spits torentje; doch in ‘t jaar 1750 is de geheele Kerk, bouwvallig zynde, weggebroken, en niets daarvan overgelaaten, dan een ringmuur, binnen welke de Lyken begraaven worden. De landeryen van dit Dorp loopen, gelyk die van het voorgaande, van de Scheen Zuidwaarts tot aan de Linde.”

Op de kaart yn de Eekhoff-atlas stiet it ferfallen tsjerkhôf en is in nije dyk, súdliker dan de Binnenweg, de lettere Pieter Stuyvesantweg fan Slikenboarch nei Wolvegea oanjûn. Dêr ferpleatste de bebouwing him hinne en ek it beskieden herfoarme tsjerkje, no Maranathatsjerke, is dêr yn 1919 boud. Yn it wetterrike doarpsgebiet binne foarsjennings te finen om de wetterstannen behearskje te kinnen. Yn it noarden stean oan de Veendijk twa poldermolens mei moolnershuzen, De Rietvink en De Reiger. Dêr leit ek de yn 1914 oanleine Skeaneslûs mei in houten draaibrêge, dêr’t in slûswachterswenning, in kafee en in skipshelling by stean.

Oan de súdlike útmûning fan de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart leit op de grins fan de Beneden- en Bovenlinde in slûs om de trije ferskillende wetternivo’s passeare te kinnen. De slûs is oarspronklik út 1775, mar is yn 1927 fernijd. Mei in wachterswenning en in earder winkelhûs wurdt in belangwekkend wettersteatkundich ensemble foarme, dat nei de oanlis fan de nije Mr. H.P. Linthorst Homanslûs yn 1973 mar krekt fan de ûndergong rêden is.

It komdoarp Nijlân is it iennichste doarp dat yn it droechfallen en ôfdamme súdwestlike diel fan de Middelsee op in krúspunt fan wegen stichte is. Mooglik is dat yn de 13e ieu bard, mar der binne ek fermoedens dat de komfoarming al fóár 1100 plak fûn hat.

De kearn fan it doarp leit noardlik fan de dyk Snits-Boalsert, dy’t fan de 19e ieu ôf bepalend west hat foar de ûntwikkelingen fan it doarp. Dêrtroch jout Nijlân tsjintwurdich de yndruk fan in dykdoarp. By it krúspunt stiet de markante doarpsherberch dy’t yn de perioade fan de ûntsluting fan it plattelân troch it spoar ek tramhalte waard. Yn 1882 ried der tusken Snits en Boalsert de earste stoomtram fan Fryslân, in spoarferbining dy’t it in heale ieu útholden hat. Noardlik fan de haadferkearsrûte troch it doarp, de Tramstraat, leit de eigentlike doarpskom om it omgrêfte tsjerkhôf mei rizige tsjerke en toer hinne. Oan de westkant stiet yn in romme tún de wyt bepleistere pastorije, dy’t ûnder it pleisterwurk in hege âlderdom ferskûle hâldt. Noardliker leit it vikarishûs dat yn it muorrewurk noch midsieusk materiaal hat. Oan de noardkant stiet de âlde pastorijepleats. Oan it eastlike part fan de tsjerkegrêft en de dêrop útkommende lytse strjitsjes en steechjes is de âldste, mar faak ek sterk fernijde bebouwing te finen. En nei it suden ta in heal iepen, fariearde bebouwingsstreek, dêr’t in steatlike kop-hals-rompbuorkerij yn opfalt. Al dizze fan aard ferskillende eleminten yn de doarpsbebouwing wurde op in prachtige wize bij elkoar hâlden troch it romme, ovale tsjerkhôfeilân.

Yn de 13e ieu is hjir in earste godshûs stichte, mar de letgoatyske doarpstsjerke datearret út it begjin fan de 16e ieu. Yn de noardmuorre binne noch stikken fan de âlde tsjerke ferwurke. Boppedat is it ôfwikseljende giele en reade moppemateriaal by de weropbou opnij brûkt. Al mei al levere dat in libbendich muorrewurk op. De regelmjittige ôfwikseling fan grutte spitsbôgefinsters en steunbearen biedt in karakteristyk letgoatysk metrum. De mânske toer mei achtkante spits is in kear ferhege. De klokken liften mei en der kaam in twadde rige galmgatten.

Noardburgum is in jong heidedoarp dat fan healwei de 18e ieu ôf, doe’t de heide ûntgûnen waard, yn in oantal streken ûntstien is.
De Burgumerheide waard ûntgûnen op inisjatyf fan dr. Nicolaas Ypeij, dy’t troch syn houlik mei Baudina Looxma net allinne yn it besit kaam fan Vijverburg by Ryptsjerk, mar ek fan de útstrekte heidefjilden eastlik dêrfan. Ypeij ûntwikkele in partikuliere wize fan wurkferskaffing, wêrmei’t it park by syn bûtenhûs oanlein waard, mar ek de heidefjilden yn kultuer brocht waarden en buorkerijen stichte. Ypeij soarge op in reginteske wize foar it geastlik wolwêzen fan de arbeiders op ‘De Heide’ troch inisjativen te nimmen foar in tsjerke, in skoalle en in earmhûs.

Westlik fan it doarp leit de Ypeij-buorkerij, ‘Veldlust’. Oan de foarkant fan de stjelppleats binne de finsters tichtmitsele, mar der sitte wol fertellende gevelstiennen yn. De iene fermeldt dat de earste stien lein is troch de soan fan dr. Ypeij, de 16-jierrige Age Looxma Ypeij op 3 april 1850. Op de oare stiet te lêzen: ‘Gedenksteen ter eere van het bezoek van Z.M. den Koning, Willem lll aan de boerderij en ontgonnene gronden, Veldlust en Klein Veldlust genaamd; op den 22sten April 1852: zijnde bij die gelegenheid de eigenaar, Dr. N: IJpeij, door Z.M. benoemd tot Ridder der orde van den Nederlandschen Leeuw.’

Oan de Ryksstrjitwei is yn 1850 in tsjerke stichte. De earste stien is hjir ek lein troch Age Looxma Ypeij. It is in rjochsletten sealtsjerke mei spitsbôgefinsters mar foar it oare mei in neoklassicistyske oanklaaiïng, foaral by de yngongspartij. Op it dak stiet in dakruter mei in koepeldakje. Op it tsjerkhôf leit it grêf fan ds. Thoden van Velsen dy’t foar Ypeij de jonge mienskip foarme en mei-inisjatyfnimmer ta de tsjerkebou wie. It kategisaasjelokaal is yn 1895 boud yn de sjaletstyl. De kloeke pastorije is yn 1849 ûntwurpen troch arsjitekt A. van Riesen. Tsjerke en pastorije lizze yn in romme tún mei âld beamteguod. Dêr tsjinoer is yn 1843 it earmhûs stichte, in gebou fan in inkele laach en fan twa lange beuken, dêr’t hjoeddei in klompemakkerij en –museum yn festige is. Dêr stiet ek de eardere ‘naai- en breischool’ fan de Ypeijstichting, dêr’t Age Looxma Ypeij yn 1873 wer de earste stien fan lein hat. Oan de Ryksstrjitwei steane de twa skoallen, beide middengongskoallen mei fjouwer klassen, boud yn 1922. De iene is in iepenbiere, de oare in kristlike skoalle.

Súdlik fan de Ryksstrjitwei waard yn de tweintiger jierren in kompleks foar de wetterwinning stichte. It gebou waard krekt foar de oarloch nei ûntwerp fan ir. J.J.M. Vegter ferboud. In nije ferbouwing en útwreiding waard yn de fyftiger jierren troch de eigen boukundige tsjinst útfierd, wêrby’t jhr. ir. A.P. Wesselman van Helmond út Nijmegen de arsjitektuer fersoarge. Yn 1958 kamen dy gebouwen mei pompehallen, in betsjinningshal, wurkpleatsen en kantoarromten klear. It gehiel is 85 meter lang en 20 meter breed en hat in fertikaal segmint fan fraaie mitsele kannelearre lisenen mei finsterstroken der tuskenyn. It dêrnjonken steande filtergebou hat op de begeane grûn in soarte fan lamellewand, mar wat heger is it sletten mei perforaasjes fan lytse finsters. Om de reaktoaren fan de wetterûnthurdingsynstallaasje hinne is yn 1984 nei ûntwerp fan J.G.C. Vegter in strang, mar likegoed libbendich ynfolle betonnen skelet oplutsen.

De buorskippen fan ‘De Heide’ groeiden stadichoan nei elkoar ta en binne yn 1930 ta it doarp Noardburgum gearfoege. Nei de oarloch is de groei trochgien, om te begjinnen yn 1949 mei libbendich pleatste, flinke rigen fan mei totaal tweintich arbeidershuzen oan de Zevenhuisterweg. Dizze wenningen fan de wenningstichting ha harren foargongers yn de huzen oan de Veldmanweg út 1939. Noardburgum is no in flink doarp dat foaral noardlik fan de Ryksstrjitwei leit. Op de krusing fan de Zevenhuisterweg mei it Marijkepaed en it Abe Brouwerpaed stiet de yn ekspresjonistyske styl boude baptistetsjerke út 1936.

Noardwâlde is in grut streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat him al gau nei it graven fan de Noardwâlder Feart (oarspronklik Noordwolder Sloot) yn 1642 ûntwikkele ta in krúsdoarp. Dat byld jout de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1715 te sjen. De oarspronklike bebouwingsstreek set him nei it krúspunt fan dyk en feart noch fierder nei it easten ta troch, mar hjir, yn tsjinstelling ta oare streekdoarpen op dizze ûntginningsas, oan de súdkant fan de dyk. Noardwestlik fan de krúskearn leit noch de Molenbuurt.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt meld: “een groot Dorp .... Weleer was dit Dorp, wegens de sterke turfgraavery, zeer in bloei, waarom ‘er van jaar tot jaar nieuwe huizen werden aan gebouwd; doch thans begint het veen sterk te verminderen, en dus de bloei van ‘t Dorp af te neemen. Om de turf van hier te vervoeren, heeft men, voor deezen, met groote kosten, door hoog land, hier eene Vaart of Schipsloot gegraaven, die de Noordwolder Sloot genaamd wordt, en, met meer dan een Verlaat voorzien, in ‘t Zuiden van Nyeholtpade uitkomt in de Linde, die daar vaarbaar is, en ook gehouden wordt, door middel van een Verlaat, op de hoogte van Oldeholtpade. De kerk deezes Dorps heeft geenen toren, en staat aan den algemeenen rydweg, in ‘t geboomte. Wat Westlyker heeft men eene fraaie buurt op den wal van gemelde Sloot, over welke eene Valbrug ligt en waarby ook een Veenheerenhuis gebouwd is. Een weinig Noordelyker heeft men eenige huizen in een vermaaklyk bosschagie, insgelyks door de Eigenaars der Veenen gebouwd. Wat Westlyker ligt de Molenbuuren, en vry verre ten Noordoosten op de Heide de buurt Zandhuizen. Dit Dorp heeft een’ Korenmolen staande bewesten de voornaamste buurt ten Zuiden van den rydweg.” Troch de bloei, te tankjen oan de turfwinning, groeide de delsetting út ta in grut doarp dat as fanselssprekkend it haadplak fan de gritenij waard. Mar it tij kearde en de kaart út de atlas fan Eekhoff lit sjen dat oan de sleat, yn de doarpskearn mei de namme Koloanjefeart, de bebouwing tichter wurden wie mar dat der foar it oare amper ûntwikkelingen wienen.

Om redenen fan filantropy waarden yn it lêst fan de 19e ieu troch dokter Mulder en dominee Reitsma inisjativen nommen om de wurkleaze fean- en lânarbeiders thús oan it wurk te krijen. Noardwâlde ûntwikkele him ek hjirtroch ta in doarp fan reidflechters, kuormakkers en stuollemakkers. Letter waard der oerskeakele op de rotanferwurking, foaral foar meubels. Yn it earmhûs kaam in oplieding om it fakmanskip te ferbetterjen en doe’t Harm Ellens yn 1908 de direksje fiere mocht, rêste hy net foar‘t der in echte skoalle stie. Dizze skoalle koe yn 1912 iepene wurde. Op de Ryks-reidflechtersskoalle waard foaral oandacht jûn oan de ambachtskeunst fan de produkten.

Yn it earstoan moasten de nei alle dielen fan it lân ferkochte stuollen en oare produkten nei de spoarhalte fan Pepergea/De Blesse brocht wurde. Mar fan 1914 ôf koenen dy mei de tram fan Noardwâlde nei Stienwyk ferfierd wurde. Troch de konkurrinsje fan Asiatyske produsinten moast dizze bedriuwstakke ynkrimpe. De skoalle is nei de oarloch sletten, mar noch altyd wurde dizze produkten yn Noardwâlde makke. Noardwâlde is in warber plak bleaun. De reidflechtersskoalle is yn 2000 ta museum ynrjochte en mei in nij stedsk plein útwreide ta in multyfunksjoneel sintrum mei skoalle, bibleteek, in teaterseal en folle mear funksjes. Ynpakt yn opmerklike arsjitektuer mei in knypeach nei it tichtby steande eardere tramstasjon út 1913.

De tsjerke stiet fan âlds yn it easten wat bûten de kom en is in sealtsjerke út 1640 mei in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer út 1874.
Nôtmole Windlust, in achtkante houten stellingmole op in ûnderbou fan bakstien is yn 1860 as grûnsiler boud en yn 1880 ta stellingmole ferboud. De mole hat tsjintwurdich in museumfunksje. Noardwâlde is nei de lêste oarloch sterk útwreide. Dat is foaral oan de súdkant bard mei as resint resultaat it parkeftige gebiet De Stelling.

It terpdoarp Offenwier heart by it ‘Snitser Fiifgea’ om’t it mei Loaiïngea Skearnegoutum, Goaiïngea en Gau, de streek Wymbritseradielster doarpen noardlik fan Snits foarmet. De twa earstneamde doarpen binne yn 1984 by de stêd Snits foege. De trochgeande dyk út de twadde helte fan de 19e ieu hjit dan ek Fiifgeawei. Foar dy tiid wie men dêr mei in kronkeljende reed mei elkoar ferbûn. Troch it lân koe de om it doarp rinnende Grienedyk berikt wurde. De belangrykste ûntsluting wie de opfeart nei de Snitser Aldfeart.

Yn it lêst fan de 18e ieu wurde der yn de Tegenwoordige Staat van Friesland net sa folle wurden oan Offenwier bestege en dy pear wurden wurde besletten mei: “doch behelst niet byzonders.” De buert tsjin de tsjerke oer hat nettsjinsteande de betiizjende pleatsing likegoed wol in gearhing, mar de oare, lytsere buerten ha dat net. It noardliker lizzende wetterbuertsje by de Sylroede hat op dat útsochte plak gjin gearhing krigen. Fierder nei it noarden is it yn haadsaak in boerestreek mei flinke pleatsen. Foaral súdlik strekke de lânerijen fan it doarp har oan ‘e Snitser Mar ta út. By de poel De Potten hat him in rekreaasjedoarp ûntwikkele. Simmerdeis is it yn Offenwier drok mei wetterrekreanten dy’t tusken Snits en de Snitser Mar hinne en wer reizgje.

Yn it jier dat Offenwier by Snits kaam waard ûntdutsen dat de op it earste gesicht 19e-ieuske tsjerke âlde eleminten hie. De tsjerke fersakke en by ûndersyk die bliken dat der yn de binnemuorren noch materiaal foar it ljocht kaam fan de âlde tsjerke dy’t yn 1335 oan Sint-Nicolaas wijd waard. Ek oan dizze âlderdom is it te tankjen dat de tsjerke de status krige fan gemeentlik monumint. It kaam it gebou ek ta om’t it yn 1882 yn in freonlik eagjende mingstyl, de eklektyske styl, ferboud is. Der wurdt fan út gien dat dat plak fûn hat nei ûntwerp fan de fantasijerike Snitser arsjitekt Albert Breunissen Troost. It sealtsjerkje mei fersieringen fan ûnder mear friezen yn mitselwurk en finsteromlistingen fan pleisterwurk, besit in rank houten tuorke op de westgevel mei in klok út 1948.

Aldeberkeap liket op in ies- of brinkdoarp omdat it yn ‘e midden fan de ‘Boeren’ in grien plein besit, sa as it yn it lêst fan de 18e ieu yn de Tegenwoordige Staat van Friesland neamd waard. It súdlike diel fan dizze griene romte bestiet gruttendiels út it ommuorre tsjerkhôf: it oare is in troch gebouwen en beammen omseame romte.

Lykwols is it doarp ûntstien út in yn de Stellingwerven gebrûklik streekdoarp, dêr’t twa paralelle wegen, de Binnenweg en de Buitenweg, mei dwerspaden de struktuer bepaalden. In oarder dy’t allinne ûnderbrutsen wurdt troch in diagonaal ferrinnend paad, it Schuinpad. Foar de fierdere foarming fan it doarp wie de noard-súd ferbining mei in oergong oer de Kúnder (of Tsjonger) fan grut belang. Tichtby de noardldike west-east ferrinnende wei dy’t njonken it tsjerkhôf lâns rint, de Binnenweg (tsjintwurdich de Wolvegasterweg-Oosterwoldseweg), lizze fanâlds de belangrykste gebouwen, sa as de eardere herberch De Zwaan dy’t út it begjin fan de 18e ieu datearret en wêryn’t oan 1836 ta it gritenijbestjoer fergadere.

Om 1900 hinne krige it doarp ekonomyske ympulzen fan de famylje Willinge Prins, in gegoede famylje dy’t him begûn te hâlden en dragen as in aadlik geslacht. Se namen it inisjatyf ta in suvelfabryk, in bank en de agraryske oankeapsintrale. De famylje drukte in persoanlik stimpel op it doarp troch oan de westflank de filla Lunia te bouwen en oan de Boeren it hûs Vredewoud, huzen dy’t dekoarum útstriele. Foaral it lêste makket front nei de lykwichtige boargerbebouwing en strielt rykdom út. De inisjativen brochten wolfeart want yn de earste desennia fan de 20e ieu kamen der gâns goed fersoarge boargerhuzen yn Aldeberkeap ta stân. Se steane sels tusken de arbeiderswenningbou oan de Molenhoek, oarspronklik de noardlike útfalswei. De nei-oarlochske doarpsútwreidings hawwe plakfûn súdlik en súdeastlik fan de kearn. It brânpunt is de út de 12e ieu datearjende romaanske tsjerke dy’t letter útwreide is en mei in goatysk koar sletten. Foar de tsjerke fan dowestien yn dekorative sparfjilden stiet in sealdaktoer út it begjin fan de 17e ieu dy’t yn wêzen in yn stien omklampe klokkestoel is.

Aldeholtpea is in lang streekdoarp, yn de Midsieuwen ûntstien oan de dyk fan Wolvegea nei Easterwâlde. It doarp komt al yn 1204 yn de boarnen foar. De frij losse lintbebouwing by de Binnenweg (no Hoofdweg) lâns is op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 werjûn.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard oer it doarp meld: “ten Westen van het voorgaande Dorp Nijeholtpade gelegen, komt daar mede ten aanzien van grond, landeryen, geboomte en bosschagie overeen, en heeft eene Kerk met een spitsen toren, doch hooger en zwaarder dan die van Nijeholtpade, en voorzien met twee klokken, een slagwerk en de noodige wyzerplaaten. Ook heeft deeze toren, op de hoogte van ‘t muurwerk, daar het spits, dat even als de Kerk met Leyen gedekt is, een aanvang neemt, een ’fraaien omgang, van welken men zo aangenaam een gezigt over de velden, bosschen, bouwlanden enz. heeft, als waarschynlyk ergens een in Friesland is. In ‘t Noorden loopen de landeryen tot aan de Scheen, of scheiding van Ter Idzerd, zynde aldaar alle bouwlanden: daarentegen strekken zich dezelve Zuidwaarts uit tot aan de Linde, en zyn tot aan den Buitenweg bouw- en vervolgens meest weid- en hooilanden. ... De Kerkbuurt en boere wooningen staan alle aan den Binnenweg, uit welken verscheiden laanen naar den Buitenweg loopen, en van daar eene naar den Molen.”

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is de bebouwing tanommen en fertichte. De tsjerke hat ien fan de kloekste tuorren fan de wide omjouwing. Hy ferriisde yn 1608. De let-goatyske tsjerke, wijd oan Sint-Stephanus, kaam yn 1545 ta stân op in plak dêr’t in foargongster yn 1204 ta parochytsjerke ferheft wie. Westlik fan de tsjerke stiet it kafee en dan folget in konsintrearre lintbebouwing mei meast frijsteande, fariearde wenningen út begjin 20e ieu.
Pas yn de twadde helte fan de 20e ieu is Aldeholtpea ta in flink doarp útgroeid mei nei de oarloch in útwreiding oan de súdkant fan de Hoofdweg en westlik fan de tsjerke.

Aldlemmer is in lang agrarysk streekdoarp dat yn 1165 foar it earst yn de boarnen foarkomt en dat oan de súdkand fan de âlde Weerdijk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik oanjûn op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 en slingere him troch it westen en noarden fan Weststellingwerf hinne, kommende út it suden by Aldetrine. Hy gie mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer hinne en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten ta troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “dit Dorp heeft zo wel als het voorige Scherpenzeel eene kerk. En plag weleer beroemd te zyn wegens de menigte van turf, die ‘er jaarlyks gegraaven werd; doch thans is deeze voorraad genoegzaam ten einde; ook zyn de drie Schipslooten, die uit deeze veenen naar de Kuinder loopen, reeds vervallen. Weleer plagten hier ook bouwlanden te zyn binnen den Weerdyk; doch thans ziet men hier niet anders dan weid- en hooilanden.” Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 binne de spoaren fan de ferfeanings te sjen. It doarp leit dan noardeastlik fan de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart. De streek is in fuortsetting fan de lintbebouwing fan Skerpenseel-Munnikebuorren.

Binne dy doarpen frij konsintrearre beboud, Aldlemmer hat in folle lossere struktuer oan de Hoofdweg, de Kerkeweg en, wat noardliker by de trochgeande rûte, de Hogeweg lâns. De bebouwing hat in mear agrarysk karakter mei nochal aardich wat soms grutte boerepleatsen. Tichtby de trijesprong is de bebouwing kompakter en stean der mear wenningen.

Krekt noardlik fan de trijesprong stiet de doarpstsjerke, oriïntearre en op in fersoarge tsjerkhôf. Se is in trijekantich sletten sealtsjerke út 1794 mei in foargevel mei rôlewurk-voluten. Yn 1869 is de geveltoer ferriisd en dizze draacht in yn 1629 getten liedklok. Yn de tsjerke stiet in preekstoel fan om-ende-by 1700. De pastorije is yn 1880 yn in dekorative mingstyl boud.

Aldetrine is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg dy’t yn de westlike hoeke fan de gritenij fan Skoattersyl nei Wolvegea rûn. Wylst Nijetrine him letter nei in súdliker oanleine dyk ferpleatste, is Aldetrine op de oarspronklike ûntginningsas lizzen bleaun. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus is Aldetrine al in frijwat ticht beboude streek oan de noardkant fan de dyk mei oan de westkant de tsjerke. Oan in súdliker rinnende dyk stiet de koarnmûne fan it doarp.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit Dorp ligt ten Westen van ‘t voorige Sonnega, doch minder vermaaklyk, zonder bouw of geboomte in de weid- en veenlanden. ... Ondertusschen heeft de Heer Nicolaas van Heloma, in den jaare 1748, volgens verkreegen Oktrooi, eene vaart in ‘t Westen van dit Dorp doen graaven ..., en dezelve voorzien met een Vallaat even binnen den Lindedyk, en twee Valbruggen over den rydweg van Oudetryne en Oude Lemmer. De onder dit Dorp behoorende veen- en weidlanden zyn zeer uitgebreid .... De harde Baggelaar en Sponturf, die hier en in de nabuurige Dorpen gegraaven wordt, is onder de beste en zwaarste der geheele Provincie te tellen. In ‘t Dorp van Oude Tryne, sluit aan de Zuidelyksten rydweg, de Oude Waterkeering, de Weerdijk genaamd, die met verscheiden hoeken door Oude Lemmer en Nye Holtwolde loopt, en in de hooge bouwlanden, in ‘t Noordoosten van Wolvega eindigt.”

De tsjintwurdige tsjerke is in trijekantich sletten sealtsjerke mei geveltoer en is boud yn 1870. De rôlewurk-voluten op de foargevel sille mooglik fan in 18e-ieuske foargongster wêze. It gebou wurdt brûkt as doarpshûs. Frijwat westliker leit oan de Kerkhofslaan it healwei de 19e ieu oanleide tsjerkhôf, foarsjoen fan in baarhokje. Oan dizze leane en ek oan de Sonnegaweg en de Pieter Stuyvesantweg stiet in tal grutte boerepleatsen, wêrûnder’t Hoeve Clara, in stjelp mei útboud foarein út ûngefear 1905, opfalt.

Olterterp is in doarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is. De omfang fan it doarp is beskieden bleaun. Yn de 19e ieu ûndergie it lân skip in stalferwikseling. Healwei dy ieu meldt it Aardrijkskundig Woordenboek: “De aankweking van den groven den is ...voor het eerst in dezen streken te Olterterp met het beste gevolg beproefd, waardoor aldaar aanzienlijke dennenbosschen ontstaan zijn, wier groei niets te wenschen overlaat. Deze bosschen sluiten zich met die van Beetsterzwaag aaneen. Het is het werk van Mr. Ambrosius Ayso van Boelens, die voor omtrent vijftig jaren begon de woeste gronden, welke vroeger dit dorp, dat destijds uit slechts tien huizen bestond, omringden, te ontginnen en te beplanten. Hij was eigenaar van den geheelen grond van het dorpje Olterterp, en van de daaronder behoorende uitgestrekte landerijen, evenzeer als van de woningen, de kerk en verdere gebouwen, die, niet in eene buurt vereenigd, maar, hier en daar verstrooid, bevallige groepen vormen.”

De oan Sint-Hippolytus wijde tsjerke is in bouwurk út de 15e ieu, dat yn 1913 op in frijmoedige wize restaurearre is. Sa krige de rjochte koarsluting doe in trapgevel. Op de tsjerkeflier lizze 17e- en 18e-ieuske sarken en oan de wanden hingje roubuorden út de 18e ieu foar leden fan pleatslike famyljes dy’t yn de omjouwing bûtenhuzen yn besit hienen: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer mei in ynsnuorre spits pleatst, de liedklok is wierskynlik fan 1444. De preekstoel mei evangelisten en in earn datearret út 1780. De famylje Boelens hat yn 1830 op it Aldhof in famyljebegraafplak oanlein.

Yn 1793 waard Boelensstate stichte. Dizze is yn 1907 ferfongen troch Huize Olterterp, in bepleistere filla mei in skylddak yn in frij saaklike fernijingsstyl. It is no yn gebrûk by it Fryske Gea. Der stiet in koetshús by en oan de Van Harinxmaweg stean twa tsjinstwenningen . Wat tichter by Beetstersweach stiet it hearehûs De Horst, yn 1907 boud nei ûntwerp fan de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed yn fernijingsstyl.

Foar it noardeasten fan Fryslân is Easternijtsjerk in flink doarp en dat falt benammen op omdat de delsetting frij jong is: it bestândiel ‘nij’ yn de namme wiist al yn dy rjochting. It is net in terpdoarp en dus in útsûndering yn de streek. Easternijtsjerk is in komdoarp dat nei alle gedachten pas ûntstien is nei de bediking fan it gebiet fan de 11e ieu ôf. It doarp komt yn de twadde helte fan de 12e ieu yn in oerlevering foar en yn de boarnen foar it earst yn de 13e ieu.

Oan de frij romme Buorren begûn it yn it earstoan mei lintbebouwing. De delsetting moat him geunstich ûntwikkele ha, want yn de 13e ieu kin der al in flinke tsjerketoer boud wurde. It doarp krijt mei de Nijtsjerker Opfeart in ûntsluting yn noardlike rjochting nei de Paezens ta. Sûnt de 18e ieu is it doarp boppedat oer lân ferbûn mei Dokkum. De Buorren fertoant in pear bochten en by de tsjerke in ferbreding wêrtroch’t de profilen farieard en libbendich binne. Yn de 19e ieu is der foaral boud oan de besteande paden en wegen. Yn de 20e ieu is it doarp útwreide nei de noardwestkant tusken it Lyts Ein en de Griene Wei yn en oan de noardkant om De Terp en De Fiver hinne. Resint ek oan de súdkant.

De doarpstsjerke stiet op de hoeke mei Lyts Ein op in hiërargysk plak dat net ûnderdocht foar de doarpstsjerken op in terprestant. De letgoatyske tsjerke hat in út de 13e ieu datearjende swiere, bakstiennen, sletten toer, ferdield yn twa segminten dêr’t de ûnderste romte fan oerwulve is. De westlike geveltop fan it sealdak is fersierd mei nissen. It trijekantich sletten koar is yn de lette 15e ieu boud; pas dêrnei kaam it skip ta stân mei flau spitsbôgige finsters en steunbearen. It ynterieur besit ûnder mear meubilêr yn rococo-styl. Oan de Langgrousterwei stiet de ienfâldige grifformearde tsjerke út 1890. Westlik fan Easternijtsjerk leit it agraryske buorskip Bollingawier mei inkele monumintale buorkerijen.

Easterwâlde is in âld agrarysk streekdoarp mei de (Drintse) karaktertrekken fan in brinkdoarp. It wurdt al yn 1207 foar it earst meld. De ferbining fan de Brink en de tinner beboude Oosterbrink, ‘t Oost, is de âldste buert. Noardeastlik fan de brinkfoarmige romte stiet de tsjerke op in plak dêr’t yn de 14e ieu al in tsjerke stien moatten hat as kearn fan de delsetting.
Yn de omjouwing leit in grut oantal buorskippen dy’t by Easterwâlde hearre, dêr’t sommigen fan weromgean op stichtingen fan belangrike famyljes. In oantal is al yn it sterk groeide Easterwâlde opnommen, oare besteane tsjintwurdich noch út in groep buorkerijen: Feanekoaten, Boekhorst, Buttinga, Heech en Leech Duerswâld, Medhuzen, Klazinga, Weper, Jardinga, Prandiga, Steginga en Nanninga. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt yn 1788 meld: “t grootste en rykste Dorp der Grieteny, waar onder 57 stemmen behooren, ligt, byna als een eiland, tusschen de Kuinder en het Groot en Klein Diept beslooten. ... By de Kerk vindt men eene dubbele buurt, en daarenbooven in den omtrek veele huizen van naam, ten blyke, dat hier aleer veele vermogende en aanzienlyke familien hebben gewoond .... Ook heeft men hier van ouds her twee Windkorenmolens gehad, bekend by den naam van Ooster- en Veene Molen: en behalven de bosschagien en bouwlanden, omtrent de huizingen en wegen, zyn hier veele schoone weilanden, inzonderheid langs en omtrent de gemelde diepten en stroomen, als de Noorder- en boven al de Oosterwolder Kampen, en andere meer.”

De Kúnder of de Tsjonger ûntspringt even foarby Weper. It Grut Djip is yn in noardlike bôge om Easterwâlde hinne ek noch goed yn it lânskip te werkennen, mar it Lyts Djip is amper mear wat fan te sjen. Krekt 30 jier letter waard de Opsterlânske Kompanjonsfeart súdlik fan it doarp groeven en westlik fan de âlde kearn it Fyfde of Nanninga Ferlaat lein.
Easterwâlde krijt sûnt it begjin fan de 19e ieu geandewei ek de kenmerken fan in feartdoarp. Dêrfoar hat it doarp, sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf, in mearsidige struktuer krigen. De feart soarge foar prikkels om te ûntwikkeljen súdlik fan de âlde kearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1849 docht bliken dat der by de Easterwâldster brêge oan wjerskanten fan de feart in buertsje fan goed tsien huzen stie en fierder nei it easten ta oan de noardlike wâl fersprate bebouwing.

Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf naam de feartbuert en de heaks dêrop steande Brinkstraat en Stationsstraat sterk yn betsjutting ta. Yn 1881 waard de wyk nei de Brink ta diels dimpt en fierder útdjippe: de Brinkstraat. Dêr kaam yn 1887 it gemeentehûs dat yn 1929-1930 ferboud waard. Frijwat fierder westlik fan it bebouwingskrús waard yn 1887 in suvelfabryk stichte dy’t nei kombinaasje mei oaren ta in belangrike yndustry foar Frico-tsiis útgroeide. Yn 1911 kaam der súdlik fan de feart in trambaan en krige it doarp in stasjon.
Yn ‘e rin fan de 20e ieu fûn earst fertichting en útwreiding plak oan de krusing fan feart en wei. Betide folkshúsfesting kaam der tichtby de âlde kearn, de Weemeweg en Kuipenstreek (dêr’t yn 1841 al earmekeamers boud wienen. Fuort nei de oarloch oan de Groote Singel, Prinsenstraat, Schapekamp, Hoge en Lage Esch en Martenskamp noardlik fan de feart en yn in buert efter it stasjon: Stationsplein, Brugkampweg, Moskampweg en wat letter oan de Oerkampweg. Dêrnei setten navenant grutskalige útwreidings oan de súd- en noardkant útein. Oan de súdeastkant groeide in grut bedriuweterrein.

De herfoarme tsjerke stiet op in grut en net al te rom tsjerkhôf. Noardlik is yn 1888 oan de Kuipenstreek dan ek in rom hôf oanlein. De tsjerke is ta ferfanging fan in midsieusk gebou yn 1735 ta stân kommen, in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in houten geveltoer. De tsjerke besit in achtkantich doopfont fan sânstien út de 14e ieu en in hearebank út begjin 17e ieu. Yn it koar stiet in grut oargel út 1866.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |