Wynserdyk 26


Wynserdyk 26
©: Jetske Santema

Nieland De pleats op de Wynserdyk 26 is boud yn 1850 en ferfangt de âlde pleats dy 't oan de oare kant fan de Wynserdyk stie. De earste bewenner fan dy pleats wie de widdo Griet Mincks. Yn 1638, sa wurdt neamd yn it boek Easterein. As de soan fan Jan Douwes Oldehuyse van Lutkewierum trout, komt er op de pleats te wenjen. De namme fan de âlde pleats soe Nieland west hawwe. Wannear 't dizze pleats ôfbrutsen is, is ûnbekend. Op it plak dêr 't de âlde pleats stie binne by de egalisaasje fan it perseel by de ruilferkaveling noch in soad restanten foar it ljocht kommen. Spitigernôch waard de nije pleats troffen troch brân. By de werbou is de pleats in spantfak (yn golle) koarter makke.

De Oldehuyse is in foarfaar fan de lettere famylje Heeg. It wie in famylje fan oansjen. 

Jan (Jansen) * 1732, mei Lammert de Gavere, beide eigenierde boeren yn Easterein kochten op 25 febrewaris de Bongabank mei de grêfkelder fan Jonker Hobbe van Burmania. Foar 88 caroliges. Dit besit hearde by de Bongastate ûnder Easterein.

De earste bewenners binne:

1. Weduwe Griet Mincks ferstoarn yn 1638

2. Jan (Douwes) Oldehuys troude 1637 mei Geertke (Jansdr ). Fan 1638 ôf op de pleats wenne dêr syn hiele libben.

3. Jan (Jansen) (* 1640) troude op 10 maart 1672 mei Tetske (Tietske) (Lolckesdr ). Dit pear buorket ek jierren op dizze pleats. Se wurde opfolge troch wer in Jan dy 't neffens dan al ridlik op leeftiid is.

4. Jan (Jansen) troude yn 1730 mei Frouck (Sikesdr)Se krigen mar ien bern, wer in Jan

5. Jan (Jansen) (* 1732) troude op 5 juny 1757 mei Sioerdje (Eversdr ). Dizze Jan kocht de bank en grêfkelder yn de Martinitsjerke. Yn dizze perioade is de namme Heech yn de famylje kaam. Jan (Jansen) tekene op 9 augustus 1787 noch as Jan Jansen Olthuys, mar syn widdo tekene op 25 april 1798 as Wed. Jan Jansen Heech. Se krigen in soan Jan. Dizze Jan (Jansen) Heech (* 1760) troude op 19 oktober 1784 mei Tryntsje (Johannes) Bootsma. Om 't Sioerdje op de pleats wenjen bleau, gie Jan Jansen Heech nei Wyns. Se krigen 11 bern. It 7e bern gie nei Nielandstate

6. Sjoerd (Jansen) Heech (* 1797) troude op 21 juny 1821 mei Lysbeth (Gerrits) Alberda. Nei it ferstjerren fan syn heit yn 1867 folge syn soan Albert (Sjoerds) Heech him op.

7. Albert (Sjoerds) Heech (* 1834) troude op 15 maaie 1858 mei Sibbeltje Dirks Heeg (1835) Albert en Sibbeltje wiene neef en nicht. Se krigen 3 bern dy 't op jonge leeftiid ferstoarn binne. Se hiene gjin opfolging. De pleats waard ferhierd yn 1916 oan Tsjerk Hokwerda.

8. Hierder 1916 wie Tsjerk Hokwerda. De pleats waard kocht troch Jan (Ymtes) Heech en syn soannen. Om 1920 hinne binne in tal perselen fan it lân ferkocht. It lân, dêr 't de pleats Romsicht (Wynserdyk 55) op ôfkomstich is fan dizze pleats. De fererving gie oer nei syn soan Hotze (Jans) Heech (boer op it Skrok.) Op it momint dat syn soan Minne (Hotzes) Heech ôfset nei Kûbaard kaam der in oare hierder.

9. Om 1930 hinne komt Douwe Riegstra as hierder op de pleats. Hy wurdt opfolge troch syn dochter Aagje mei har man Luitzen Schaafsma.

10. Yn 1966 nimt Luitzen Schaafsma (* 1925) troud yn 1956 mei Aagje Riegstra (* 1933) it bedriuw oer. Nei it ferstjerren fan Lútzen ferhuzet Aagje nei it doarp. It lân komt troch de ruilferkaveling by oare boeren. By de pleats bliuwt noch in húskavel. De maatskip Bouma fan Easterlittens keapet de pleats. Ien fan de maten, Aise Bouma, troud mei Anneke Posthumus giet dêr wenjen.

11. Fan 1987 ôf, Sietse Bouma widner fan Eefje Bonnema, nije partner is Hotske Vellinga - Stegenga

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|