|

Noardlik fan Dokkum


Noardlik fan Dokkum
©: FrieslandWonderland

Boppe Dokkum leit in prachtich en noch foar in grut part net ûntdutsen gebiet. It lânskip falt op troch prachtige fiersichten, skildereftige terpdoarpkes, ieuwenâlde tsjerkjes, ferskillende soarten mûnen, steatlike pleatsen, meänderjende streamkes en âlde diken.

It lân by kust lâns wurdt oerhearske troch de ymposante seedyk. Dy is yn de jierren ’70 fan de foarige ieu op Deltahichte brocht (5 meter boppe NAP). Dêrmei like it of dat de striid tsjin it wetter definityf beslist wie. Mar ûnderwilens is dúdlik wurden dat de dyk yn de takomst dochs noch ferhege wurde moatte sil.

Bûtendyks lizze de kwelders, dy`t allinne by stoarm en ekstreem heechwetter noch ûnderstrûpe. Daliks efter de dyk lizze de doarpen Wierum, Peazens en Moddergat. It fiskerijferline is dêr noch dúdlik te fielen en te sjen. Op de dyk by Wierum en Moddergat steane twa monuminten dy`t yndruk meitsje en dy`t in oantinken binne oan de grutte fiskersrampen dy`t dêr ein njoggentjinde ieu plakfûnen. It ieuwenâlde tsjerkje fan Wierum stiet hast tsjin de moderne, strakke seedyk oan, dat in prachtich kontrastearjend byld jout.

Nei it westen ta lizze Ternaard en Holwert. Dêr is noardlik fan de âlde dyk in nije dyk oanlein. Oer de âlde dyk rint in dyk dy`t in moai útsicht jout oer it âlde en it nije lân. De dyk fan Holwert nei Dokkum giet oer in pear terpen mei lytse doarpkes derop. Ién dêrfan is Foudgum, dêr`t de dichter Francois HaverSchmidt, alias Piet Paaltjens, fan 1859 oant 1863 dûmny wie. De pastorije is hjoed de dei in ’Bed and Breakfast’.

It lân by de kust lâns bestiet út in âlde kwelderwâl. Troch de hegere lizzing is it dêr meast boubuorkerij. Fierder it lân yn leit it lân leger en is it greidbuorkerij. It is in prachtich, net skeind terpelânskip dêr`t men al fytsend of rinnend ta rêst komme sil. It is net frjemd dat hjir, justjes súdlik fan Hantum, in boeddhistysk meditaasjesintrum is. It gebou yn de foarm fan in Yndiaaske ’stoepa’ (timpel) hat yn dy omjouwing in ferfrjemdzjend effekt en is allinne om dy reden al in lytse besite wurdich.

Troch it gebiet slingeret fierder it rivierke de Peazens. Yn 1860 waard dêryn in ’ontzaggelijk groote visch’ ûntdutsen. Nei in ferwoeden striid dy`t twa dagen duorre, waard de 2.60 meter lange steur yn de opfeart nei Nijewier fongen. It fleis (en de kaviaar?) waard ferkocht oan in tal fermogende Kollumers. De hûd fan it bist waard opfolle mei strie en is no noch altyd te bewûnderjen yn it doarpshûs fan Nijewier.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen