Boustyl: Iergoatysk, mei Romaanske oerbliuwsels
Datearring: omtrint 1300
Restauraasje: 1982
Lizzing:
Op in âlde ouwerwâl leit in bytsje noardeastlik fan Frjentsjer it terpdoarp Peins
Eksterieur:
De oerbliuwsels fan dowestien yn de tsjerkemuorren wize derop dat de earste stiennen tsjerke der al foar 1200 stien hat. De tsjerke fan no is fan omtrint 1300. De tsjerke is doe nammentlik aardich ferboud en fergrutte mei bakstien. Der binne noch spoaren oanwêzich fan iergoatyske finsters.
De âlde sealtektoer is te sjen op in gravuere fan it doarp Peins út 1791. Yn de Frânske tiid is de toer, sa’t hast oeral yn dy tiid barde, troch de gemeente konfiskearre om as wachttoer te tsjinjen. Yn 1902 is om syn boufalligens de toer der by wei brutsen en is der fan de âlde stien in westgevel opmitsele mei dêrop in spitstuorke dêr’t in klok yn hinget út 1654. Dy klok is getten troch Jurjen Balthasar.
Ynterieur:
De tsjerke hat in lyts njoggentjinde-ieusk Van Damoargel, dat eins al fan 1700 is en doe troch Jan Harmens út Berltsum boud is.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke fan Peins wurdt ekstinsyf brûkt. De protestantske gemeente hiert it gebou noch geregeld werom. It gebou is beskikber foar rou- en troutsjinsten.