Boustyl: Romaansk-Goatysk
Datearring: 1557, toer en westmuorre 1752
Restauraasje: 1978
Lizzing: Jouswier hat earder in pear stinzen hân, mar dy binne foar 1800 al ôfbrutsen. It leit noardeastlik fan Dokkum en súdeastlik fan Mitselwier. Om de tsjerke steane in soad beammen: simmers is de tsjerke fan de dyk ôf hast net te sjen.
Eksterieur: It tsjerkje is boud mei âlde friezen (kleastermoppen) op in âlde fundearring en bestiet út in net al te djip skip, dat oan de eastkant op in ûngewoane wize fjouwersidich tichtmakke is. It skip wie oant 1978 bepleistere. Yn 1876 waarden neffens de tsjerkeriedsnotulen de tsjerke en toer wyt bepleistere mei oan de foet in râne fan blauswart. By de restauraasje is tsjerke wer ontdien fan it pleisterwurk. Yn 1832 krige de tsjerke 'alhiel nije glêzen'.
Ynterieur: It ynterieur is ienfâldich mar stylfol. Yn 1772 waard in nij ferwulft oanbrocht. De trije kolossale swarte roubuorden fan ûnder oare Willem Bergsma (1706-1774) en syn frou falle it meast op. Hy wie in wichtige bestjoerder yn East-Dongeradiel en it gewest Fryslân. Op syn wapen binne bargen te sjen: dy hawwe de tsjerke de bynamme ‘bargetsjerke’, besoarge.
Oargel: It oargel is in 19de-ieusk oargel fan de Bruorren Adema. Men kin it oargel beharkje mei de website fan Organum Frisicum.
Gebrûk hjoed-de-dei: De yn 2003 oernommen tsjerke fan Jouswier hat in rom gebrûk. Men kin de tsjerke wol gewoan besytsje: dejingen dy’t dat graach wolle kinne de kaai ôfhelje op it kaaie-adres. De tsjerke kin brûkt wurde foar rou- en troutsjinsten, en wurdt beheard troch de 'Plaatselijke Commissie van Oostrum-Jouswier'. Ut en troch fine der konserten plak fan muzykskoalle Opus 3 út Dokkum, ûnder sfearfol kearseljocht, om’t de tsjerke net oansletten is op it elektrisiteitsnet.