Boustyl: Romaansk
Datearring: 12de ieuw
Restauraasje: tusken 1977 en 1978
Lizzing: De tsjerke leit op in terprest dy’t datearret út de Izertiid, daliks neist de buorren. Noardlik en eastlik fan de tsjerke is noch in part fan de ringwei te sjen.
Eksterieur: De noardmuorre fan dowestien út de 12de ieu seit ús dat yn Ginnum al hiel ier in tsjerke fan stien stie. It gebou lit in grut tal wizigings sjen, sawol fan binnen as oan de bûtenkant. Oan de ein fan de 13de ieu is de tsjerke grutter makke en ferboud mei reade bakstien. Bûten oan de noardkant ferriedt in tichtmitsele bôge dat dêr earder in útbou sitten hat: in sakristy dêr’t it wijde potte- en panneguod en de prysterkleden bewarre wurde. De lettere sealtektoer bestiet út reade bakstien. Yn de toer hingje twa klokken út 1344 en 1490, it oerewurk is fan 1564. De âldste, lytse klok is fan 1344, getten troch in Stephanus (Stephanus Me Fecit). De grutste is fan 1490 (jitter is ûnbekend) en is yn 1996 hielendal restaurearre.
Ynterieur: In grutte grêfstien yn de midden fan de tsjerke docht tynge fan it ferstjerren fan ‘Sybe van Roorda en is gebleven tot Boxum’. De Roarda’s wienen hjir ieuwenlang de aadlike famylje. Yn it koar binne lofts readokeren muorreskilderings te sjen: Maltezer krusen, oanbrocht by de ynwijing fan it koar en in Turkske knoop. Dy knoop lit net in begjin of ein sjen en is dêrmei in symboal foar de ûneinichheid fan God.
De nissen rjochts yn it koar roppe oare mysterieuze katolike rituelen op. Fan lofts nei rjochts is in opberchnis te sjen, dêrneist yn de súdmuorre in lytse nis foar de ampullen, fuort dêrnei ûnder it rút de piscina mei syn ôffiergatsje nei bûten ta en dan in grutte nis, dêr’t mooglik de sit fan de pryster yn stie. It doopfont út 1540 wurdt yn it 'Fries Museum' bewarre.
De tsjerke hat nea in oargel hân. De gemeente song sûnder begelieding, a capella, dêr’t by ynset waard troch de foarsjonger.
Gebrûk hjoed-de-dei: De tsjerke is mannich jier oanpast om tsjinje te kinnen as atelier fan byldzjend keunstners. Preekstoel en banken binne derút helle, sadat sels byldhouwers frij har gong gean kinne. De tsjerke hat gjin ferwaarming. It gebou wurdt ferhierd troch de Pleatslike Kommisje fan Lichtaard.