Boustyl: Romaansk
Datearring: Iere midsieuwen
Ferbouwing: Oan de ein fan de 15de en yn de earste helte fan de 16de ieu is de tsjerke foar in grut part ferboud: de eastlike geveltop fan de toer is doe opboud en yn de noard- en súdgevel fan de toer binne de spoaren fan de ferbouwing werom te finen as in ferbroazele mitselferbân. De westlike geveltop waard alhiel op ’en nij mitsele. Dat ferklearret it grutte tal ankers oan de westkant fan de toer. De tiid fan de ferbouwing is oanjûn mei help fan ankers yn de topgevel, dy’t it jiertal 1753 foarmje.
Lizzing: Oan de dyk tusken Dokkum en Holwert leit it prachtige terpdoarp Foudgum.
Eksterieur: De tsjerke is in ienfâldich ienbeukich gebou: fjouwer rúttraveeën djip mei in trijesidige koarsluting en in sealtektoer. Yn de noard- en súdgevel fan de toer binne de tichtmakke bôgen te sjen, dy’t yn ferbining stienen mei de flankearjende oankaping fan it skip en sadwaande in ferlytse westwurk foarmen. De toer dy’t út ien stik is mei dêrboppe in sealtek tusken topgevels, is ôfdutsen mei swart glazuere ribbelpannen.
It skip is yn 1808 yn íén boukampanje op ’en nij opboud. It opgeande muorrewurk fan it skip is oan wjerskanten fan de tagongen en op de hoeken fan de koarsluting gearstald mei lisenen op in plint. De súdlike tagong is nei 1808 tichtmakke. De rûnbôgige finsters hawwe in izeren roedeferdieling. It skip fan de tsjerke wurdt ôfdutsen mei in sealtek mei in trijesidige sluting, belein mei swart glasuere platte Fryske pannen. Op de makelder boppe it koar stiet in wynwizer mei it wapen fan Foudgum.
Ynterieur: It tsjerke-ynterieur is hiel ienfâldich mei in aksiale opstelling fan de banken lykas yn in harkseal: fan efter nei foaren rinne de banken nei ûnderen. De tagong ûnder de galerij is in timmere wand mei in rûnbôgedoar mei derneist skyndoarren. De dûbele panieldoar wurdt flankearre troch Ionyske pilasters, dêr’t in kroanlist en in tosklist op lein binne. Dêr rêst de balustrade fan de oargelkreake op. Yn de toer lizze twa balstiennen dy’t ôfkomstich binne fan de fûneminten op de hoeken fan it westwurk. De gewichten dy’t der boppe hingje hearre by it slingeroerewurk út 1640 dat yn 1978 elektrifisearre waard. Op de toersouder hingje twa liedklokken. De grutte klok
is fan 1395.
Oargel: Op de noch jimmer lege kreake waard yn 1924 in saneamd kabinetoargel út it begjin fan de 19de ieu pleatst troch de fa. Bakker en Timmenga. It oargel kaam út de 'Vrij Evangelische' tsjerke yn Ljouwert. De bouwer is J.E. Hageman, Amsterdam, omtrint
1775. It ynstrumint eaget as in kabinet, mar by it iepenjen fan de kastdoarren, dy’t by de restauraasje yn 1989 op ’en nij oanbrocht waarden, kaam it oargelfront foar ’t ljocht: trije piipfjilden mei fergulde jit-lofwurk. De stilen tusken de fjilden binne ek fersierd. By de restauraasje bleau de wizige klaviatuer en registratuer bestean. It ynstrumint hat 16 registerlûkers. In oantal binne sabeare, om de symmetry.
Hjoeddeisk gebrûk: Neist de earetsjinst wurdt it tsjerkje brûkt foar begraffenis- en troutsjinsten. Eltsenien kin tsjin fergoeding fan de ûnkosten gebrûk meitsje fan it romantyske tsjerkje. Der kinne ek lytse konserten holden wurde, (op syn meast 70 minsken). Jo moatte dêrfoar kontakt opnimme mei de Pleatslike Kommisje dy’t oer it behear en de ferhier fan it tsjerkegebou giet. Sjoch foar mear ynformaasje: www.mariakerkfoudgum.nl.