Boustyl: Letgoatysk
Datearring: omtrint 1500
Restauraasje: 2009/2010
Lizzing:
Der is de idee dat der omtrint 1100 al tsjûgenis wie fan in folweardich doarp dêr’t no Teridzert leit en dat der doe al in ienfâldich tsjerkje of in kapel wie foar 150 à 200 parochianen.
Eksterieur:
Dizze lytse tsjerke is boud om 1500 hinne, yn 1903 wat feroare en is útsein de nije westgevel alhiel bepleistere. Efter dy bepleistering sit de bakstien. Op de westgevel stiet in toer mei spits. Al earder restaurearre binne de epitafen fan de famyljes Van Idzaerda en Terwisscha. Dat binne de yn de muorre befêstige byldhoude grêfmonuminten fan sânstien dy’t de tsjerke syn bekendheid jouwe. It âldste grêfmonumint is fan 1531, de jongste fan 1603 en 1620.
Ynterieur:
Yn de tsjerke binne in tal moai byldhoude sânstiennen epitafen te sjen fan it geslacht Van Idzerda út 1531, 1603 en 1620. Alle epitafen binne foarsjoen fan alliânsjewapens.
Oargel:
De tsjerke hat in prachtich kabinetoargel.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De 'Plaatselijke Commissie' dy’t sûnt de restauraasje yn 2009-2010 it behear fan it tsjerkje op him nommen hat, hat trije haadpunten fan belied. Yn ’t foarste plak is it tsjerkje beskikber foar rou- en troutsjinsten. Dêrneist wurde der konserten organisearre. En yn it tredde plak binne der plannen om it tsjerkje yn te rjochtsjen as 'Historisch Centrum' foar de neiste omkriten. Der binne al argyfkasten en ynternetfoarsjennings.