Boustyl: Romano-goatyk
Datearring: ca. 1100
Restauraasje: De restauraasje fan de tsjerke is yn 2003 foltôge en waard mei in offisjele iepening op tongersdei 23 oktober 2003 wer yn gebrûk nommen.
Lizzing
De Sint Margryttsjerke is boud boppe-op in terp en mei in tsjerkhôf deromhinne.
Eksterieur
De tsjerke is foar in grut part fan dowestien en waard yn 1300 grutter makke mei in útwreiding fan bakstien. Yn de noardmuorre sit in tichtmitsele koerbôgige yngong út likernôch 1500 mei listwurk fan profylstien. De toer is jonger, nammentlik fan 1843, doe’t dy wer opboud waard neidat wer ynstoart wie.
Ynterieur
De tsjerke hat in tige geve protestantske ynrjochting: û.o. in hearebank út 1661 mei bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra. Der is ek in tinkboerd út 1686 mei in opskrift oer de slach by Boksum yn 1586 yn de tiid fan de Spaanske oerhearsking.
Oargel
De âldste ûnderdielen binne fan 1661. De firma van Dam hat it oargel fernijd. Dêrby is de âlde kast út 1675 fan Jan Harmens út Berltsum beholden.
Geve sarcofaach
Om it tsjerkhôf fan Boksum steane oan beide kanten linebeammen. De toer is op ’en nij boud neidat er yn 1842 ynelkoar sakke. By de restauraasje kamen inkelde nijsgjirrige saken oan it ljocht. De grutste fynst, in sarkofaach (lykkiste) fan sânstien dy’t op it tsjerkhôf fûn waard, is yn de flier fan de foartsjerke ynboud. Mei wat muoite binne de ynbeitele motiven oan de binnenkant fan de kiste te sjen: krusen, kromstêven en in ankerkrús. Tsjin de muorre hinget in rjochthoekich stik sânstien, wierskynlik in âlde stien fan it alter.
Gebrûk hjoed-de-dei
Yn de tsjerke fine konserten plak. Yn de hjerstfakânsje is yn de tsjerke altyd in útstalling te sjen oer de skiednis fan Boksum.