Leider können wir im Moment nur Teile dieser Website in deutscher Sprache zur Verfügung stellen. Für diejenigen Teile der Website, die noch nicht übersetzt wurden, empfehlen wir die Verwendung der unter dem Artikeltitel genannten Google Translate-Option.
11. Yn en om Easterein (fanút de de loft) troch Jan Hiemstra
De tsjerke as middelpunt fan it doarp yn 1960
Hjoed-de-dei sjogge je de aldermoaiste printsjes dy ’t fanút de loft troch in drone makke wurde. Eartiids koe soks allinne mar fanút in fleantúch. Woene je dan dochs in foto fan ‘boppen’ meitsje dan klommen je yn de toer.
Ien fan de moaiste ‘luchtfoto ‘s’ dy ik fan Easterein kin is plm. 1960 makke.
It is te hoopjen dat de details skerp genôch ôfprinte binne om echt fan dizze foto te genietsje te kinnen. Miskien soe dizze, mei noch folle mear, op in site fan Doarpsbelang komme kinne! Oer de foto falt hiel wat op te merken. De grêft dy ’t ea groeven is om op in ferheging in tsjerke te bouwen (en wierskynlik ek om beskerming te bieden tsjin oanfallen) is dúdlik sichtber en ek it part dat letter wer dimpe is. Dit part begjint tsjinoer it hûs oan Tsjerkebuorren 33 en einiget tusken Tsjerkebuorren 17 en 5. Fierders falt op dat de houten ‘elektrisiteitspeallen’ foar liedingen en ferljochting der noch steane, de muzyktinte links fan Bergsma noch net ôfbrutsen is en it brânwachthokje foar de skuordoar fan Bergsma der noch stiet. It is dúdlik midden yn ‘e simmer. De beammen steane folop yn it blêd, de linebeammen om it tsjerkhôf steane der dan sa ’n tsien jier en Van der Eems hat it sinneskerm nei ûnderen dien om it guod yn syn etalaazje tsjin it fûle sinneljocht te beskermjen.De beukerskoalle is noch skoalle en it hûs der ‘t ‘post’ Zijlstra mei syn tabakshannel yn wennet is noch net by Tsjerkebuorren 19 lutsen.
Fanôf de toer
En no twa foto ’s fanôf de toer. Mocht der gjin winter of snie komme, dan krije jimme dochs in wintergefoel. Ik tink dat ik dizze foto ’s yn jannewaris 1963 makke ha fanút de lûken deun ûnder de spits fan de toer. Us heit wie kloklieder, in putsje dat ik ek geregeld die en sa hie ik frije tagong ta de toer. Ik ha doe doarp en omkriten mei in ienfâldich Agfa kamera fêstlein.
Rjochting gersdrûgerij, suvelfabryk en Skrok
It sil dúdlik wêze dat it in heldere dei wie. Hiel yn de fierte binne Hinnaard en Easterlittens te sjen. Suvelfabryk en gersdrûgerij steane noch yn folle gloarje op de foto. Al rillegau nei 1963 sille beide net mear brûkt wurde der ’t se foar setten wiene. De pleatsen fan Van der Valk (rjochts) Engelsma (rjochts fan de skoarstien) en Hofstee (links fan de skoarstien) binne dúdlik te ûnderskieden. En de pastorij leit der skitterjend by.
En dan geane wy nei de eastkant fan it doarp.
De Skippersbuorrenfeart
De baan is der troch en der wurdt riden. It wie it begjin fan de tochten dy ’t wy rieden. As it heal koe gong it earste loopke nei de Frjentsjerterfeart en dan oer Reahûs en Turns nei Snits en werom. As soks foar Sinterklaas al koe dan wiene je ‘wis’ fan in strange winter! Sels ha dit hiel sporadysk meimakke mar dan lei it iis ek oant maart/april yn de sleatten. Waard de winter wat minder fûleindich dan hiene je altyd noch de útwyk nei de Kleasterfeart rjochting Hidaard, want die wie minder djip, der foeren gjin (molk)boaten en dêrom earder sterk om te riden.
Colofon
Jan Hiemstra