Leider können wir im Moment nur Teile dieser Website in deutscher Sprache zur Verfügung stellen. Für diejenigen Teile der Website, die noch nicht übersetzt wurden, empfehlen wir die Verwendung der unter dem Artikeltitel genannten Google Translate-Option.

35. De proefskoalle Frysk


35. De proefskoalle Frysk
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
De proefskoalle Frysk
Op 2 septimber is de simmerfakânsje foarby; de bern moatte wer nei skoalle. No is de situaasje foar bern fan seis jier dy ’t yn groep 3 komme hiel wat oars as foar de seisjierrigen út de nei-oarlochske perioade. Doe kamen de measten fan de beukerskoalle, mar der wiene der ek dy ’t dêr net op west hiene. Doe wie der in oergong fan it iene gebou nei it oare en wie it ûnderwiis op de beukerskoalle foaral boartsje, knippe, plakke, sjonge en nei ferhaaltsjes harkje. Alle bern dy ’t no yn groep 3 (doe klasse 1) komme ha al twa jier basisûnderwiis hân. Mar ek no noch wurdt it foar harren dochs oars. It boartsjende learen is foar in grut part foarby en se moatte skriuwen, lêzen, taal en rekkenjen leare.

 Frysk as fiertaal

De bern dy ‘t eartiids foar it earst op de ‘grutte’ skoalle kamen makken noch in twadde oergong mei. Foar de Eastereiner bern dy ‘t sa goed as allegearre Frysk praten, waard fan de iene op de oare dei it Nederlânsk de fiertaal op skoalle. No wie it net sa dat dy bern noch nea Nederlânsk heard hiene. Yn de measte húshâldingen waard trou Bibellêzen út de Nederlânsktalige troubibel. It kaam der dan wolris wat bryk út, mar hawar. Ek de útstjoeringen op de radio wiene yn it Nederlânsk, mar noch lang net elkenien hie in radio en oer in TV hoech ik net iens te praten. Dan wiene der noch wat pommeranten yn it doarp sa as de dominy en de dokter der’t je tsjin besykje moasten Nederlânsk te praten, want oars wie it wol hiel ûnfatsoenlik! Mar dochs: it Nederlânsk wie de Eastereiner bern net eigen.

 
De ‘proefskoallen

Doe ’t de nije earste klassers op 1 april 1950 (dus net nei de simmerfakânsje) foar it earst nei de ‘grutte’ skoalle gongen waard ‘alles’ oars. Ik siet doe yn de twadde klasse en hearde mei fernuvering dat juffer Wijma net ‘Hollânsk’ mar Frysk, tsjin dy bern spruts. No wie juffer Wijma in tûke ûnderwizeres en dy sil it jier dêrfoar ek grif wol wat Frysk tsjin ús sprutsen ha om ús op it gemak te stellen, mar der wiene ek skoallen en ynspekteurs dy ’t hjir neat fan ha moasten. Klasse 2, dy ’t mei klasse 1 yn itselde lokaal siet, foel noch ûnder it âlde rezjym en dan waard der tsjin klasse 1 Frysk en tsjin klasse 2 Nederlânsk sprutsen.

Dizze feroaring wie net beheind ta ‘ús’ skoalle, mar ek op de iepenbiere skoallen fan Alderboarn, De Pein, Gersleat, Menaam, Rottefalle, Seisbierrum en Wommels en de kristlike skoalle fan wat doe noch Aldegea-W wie, krigen de earste klasses yn alle fakken dus ek lêzen, rekkenjen en skriuwen yn it Frysk les. Mei nychheid hearde ik dan hoe ‘t de earste klasses út it lêsboekje de ferhalen oer Jan en Af foarliezen.

 
Wat siet hjir achter? 

Oant 1 april 1950 ta wie it Nederlânsk yn alle klassen fan de legere skoallen de fiertaal, ek foar Fryske bern. Al foar de oarloch wie it tastien dat op Fryske skoallen, mar wol nei skoaltiid, Fryske les te jaan. Fan 1907 ôf stelden de provinsjale Steaten hjir subsydzje foar beskikber. Earst yn 1937 mocht yn gebieten der ’t in streektaal yn gebrûk wie, ûnder de fakken lêzen en Nederlânske taal omtinken jûn wurde oan de streektaal, yn ús gefal it Frysk. De gedachte dy ’t hjir achter siet, wie dat it Frysk as taal net ferlern gean moast. It wie in kulturele doelstelling. De ynfiering fan it Frysk yn 1950 wie op pedagogyske gedachten basearre. Yn 1948 wie der in Frysk ûnderwiiskongres en dêr fertelden saakkundigen it ien en oar hoe ’t yn Indonesië en Wales omgongen waard mei twataligens. Dêrby die bliken dat de bêste earste opfang yn it ûnderwiis yn de bekende taal wie en dat wie ‘tafallich’ yn grutte parten fan Fryslân yn it Frysk. It úteinlike doel fan dizze opfang wie dat de bern op termyn better Nederlânsk leare soene mei minder frisismen. Dan soene bern yn it Nederlânsk net mear roppe ‘Mem de hond is uitgenaaid’ as de hûn fuort rûn wie. De moaie byfangst wie natuerlik dat je net allinnich Frysk praten learden, mar ek skriuwe. Dertroch soe it Frysk as libbene taal mear kânsen krije.

 
Master Abe Ysbrand Kornelis

Mei ‘meester’ Kornelis oan it stjoer hie de Eastereiner skoalle in skoalhaad dat in soad fielde foar it ûnderwiis oer it eigen gea en yn de eigen taal. Doe ’t ik letter by him yn de klasse siet, kaam ûnder de ierdrykskunde- en de skiednislessen altyd it gea oan de oarder. Yn dyselde tiid skreau Kornelis yn De Zakenkompas, it blêd fan de Eastereiner middenstânsferiening, ferhalen oer de Eastereiner skiednis en dan benammen oer de tsjerke en it skeel tusken Skieringers en Fetkeapers yn de lette midsiuwen. Foar it Fryske ûnderwiis waard er bekend troch syn winterweet (= wintertarwe) metoade foar it oanlearen fan it Frysk. Dizze metoade wie basearre op de groeisyklus fan winterweet. De weetkerlen (= korrels) wurde yn de hjerst siedde en komme noch foar de winter op. Yn de bouhoeke lizze ynsiedde stikken der dan as in grien lekken by. Sadree ‘t der in winterke oerhinne giet, stjert alles boppe de grûn ôf, mar de woartels bliuwe yn libben, of it moat al aldermâlst frieze. Is de winter foarby, dan sprute de woartels wer út en stekt de nije plant yn de koartste tiid de kop boppe de grûn. De groei fan de frucht (it weet = de tarwe) komt dan al ier yn it jier ta stân en dêrom wurdt de opbringst fan dizze ieren ekstra heech. (Simmerweet wurdt earst yn de maitiid siedde en hat troch dy koartere groeitiid in lytsere opbringst.)

 
Oanpak winterweetmetoade

Foar de oanpak fan it Frysk op skoalle betsjutte de ‘winterweetmetoade’ dat klasse 1 folslein Frysktalich wie en der ein klasse 2 al wat Nederlânsk praat waard. Yn de klassen 3 en 4 kaam de winter en waard it Frysk as les taal net brûkt, wol as omgongstaal, net allinne tusken de bern mar ek yn de net-les sitewaasje tusken de ûnderwizer en de bern. Yn de klassen 5 en 6 wie de winter foarby. De les taal bleau it Nederlânsk, mar it Frysk waard as fak jûn. Der wiene Fryske lêsboeken, der moast Frysk skreaun wurde en de lieten út Fryslân Sjongt' waarden songen. Ek de romrofte Fryske histoarje en de oare Friezen dy ’t in oar Frysk hiene as wy, út East Fryslân en Sealterlân (al rillegau oer de grins nei de provinsje Grins), en Noard Fryslân (Noard Dútslân tsjin Denemarken oan) kamen oan de oarder.

 

                    

Bûtenlânske belangstelling foar it twatalich ûnderwiis yn de twadde klasse yn it skoaljier 1951 – 1952. It famke mei de strik yn it hier is Wieke Abma. Wa is it earste famke mei de earms oer inoar?

It grutte doel

It grutte doel fan de twatalige skoalle wie de learlingen mei help fan it Frysk de Nederlânske taal goed by te bringen, mar tagelyk belangstelling te toanen foar eigen taal, gea en histoarje. Dat ek oaren graach witte woene hoe ’t soks op de Eastereiner skoalle yn de praktyk brocht waard die bliken út de hege besite dy’t der sa no en dan kaam om de metodyk en de praktyk te bestudearjen. Ûnder ien fan de NCRV-útstjoeringen yn de fyftiger jierren oer de provinsje Fryslân krige Kornelis de kâns syn fyzje op it twatalich-ûnderwiis foar hiel Nederlân te jaan. It wie dochs wol hiel bysûnder dat in doarps-skoalmaster soks dwaan mocht. 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lese mehr

Verwandte Informationen


Foto’s


|