50. It Fabryk


50. It Fabryk
©: Onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
It Fabryk
Jierrenlang waard it sylhûet fan Easterein bepaald troch trije boppe it doarp út rizende bousels. It die der net ta fan hokker kant je kamen, mar yn it midden stie altyd de toer fan de herfoarme tsjerke mei de spits sa ‘t dy der nei de brân fan 1672 opkaam, en dan oan wjerskanten it tuorke fan de grifformearde tsjerke (1902) en de skoarstien fan it fabryk (1897- 1964). As der dan ek noch grutte swarte wolken út de fabryksskoarstien kamen wie it al hielendal in majestueus gesicht.

 It fabryk

Hiene je it yn Easterein oer it fabryk dan bedoelden je it fabryk oan de Itenserdyk. Yn dit fabryk waard molke ferwurke ta bûter, mar foaral tsiis, … en sûpenbrij. Easterein wie net it iennige doarp mei sa ’n fabryk. Op it hichtepunt stiene der yn Fryslân mear as 100. Wa ‘t yn it begjin fan de 20e iuw yn Easterein de toer beklom, koe de skoarstiens fan de fabriken yn Wommels, Lollum, Winsum, Easterlittens, Wiuwert en miskien wol Weidum, Sibrandabuorren, Skearnegoutum, Snits en Boalsert rikjen sjen. Al dy fabriken wiene oprjochte om it wurk fan de boerinnen, dy ’t ferantwurdlik wiene foar de bûter- en tsiisproduksje, lichter te meitsjen en de kwaliteit fan de produkten te ferbetterjen.

 
De oprjochting

Sa ‘n fabryk stie der net fan de iene op de oare dei. Yn maart 1895 stie der in berjochtsje yn de LC dat guon der oer tochten om yn Easterein in fabryk op te rjochtsjen. Op 17 desimber 1896 waard der in gearkomste hâlden en op 30 jannewaris 1897 de ‘Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Oosterend e.o.’ oprjochte. Sa as it yn Easterein by alles gong, hiene de tsjerkfâden fan de ‘grut’tsjerke it ien en oar yn de molke te brokkeljen. Sy moasten der yn tastimme om in stik lân oan de nij oprjochte koöperaasje ôf te stean foar de bou fan in fabryk. Soks kaam klear. It stik greide lâns de Itenserdyk, dat by de pleats fan P.Y. van der Valk hearde, waard beskikber steld. De grûn waard net ferkocht, it waard erfpacht mei as betinkst dat der op sneins tusken 8.00 en 16.00 oere net wurke wurde mocht.

 
De bou

It ûntwerp en de bou waarden troch Eastereiners fersoarge. Yn ús doarp wenne in ferneamd laach (= geslacht) timmerlju: de Timmenga ‘s. Harren timmerskuorre stie oan Skoalstrjitte 1. Ien út dit laach, Selius wie as boukundige belutsen by de bouplannen fan it fabryk mei fjouwer arbeiderswenten. It wurk waard yn 1897 gund oan Ude Timmenga, in broer fan Selius, foar 29.860 gûne. It waard in hiele moaie fabryk en as je der fan de dykskant ôf nei seagen foel links de mânske direkteurswente op  dy ’t fia de tuskenromte fan it fabryk ferbûn wie mei it rjochter bedriuwsgedielte, dat it profyl fan de direkteurswente hie. Dêrefter riisde de mânske fabryksskoarstien op.

It fabryk lei net allinne oan de dyk, mar ek oan it wetter en dat sil grif fan belang west ha foar de oanfier fan de boumaterialen.

 
It personiel

Op it fabryk kamen minsken mei in oplieding oan it wurk. Yn it foarste plak in direkteur, in ‘suvel’ fan de hegere suvelskoalle út Boalsert. Hy krige de lieding. Sa ’n direkteur hie meastal assistint op in oare fabryk west. As der dan in plakje frijkaam koe er sollisitearje. Foar de tsiis- en bûterproduksje wiene faklju nedich: tsiismakkers, bûtermakkers, in sintrifugist en molke-kontroleurs. Der wie in ‘boekhâlder’ dy ‘t ‘alles’  fêstlizze moast en it molkjild en de leanen útbetelle. Dan wie der in masinist, want sûnder sa ’n man kaam de steammasjine net oan de praat. En dan hiene al dy faklju harren assistinten! Twa bysûndere faklju moatte noch neamd wurde: de kûper dy ’t de houten bûterfetsjes makke en de fabrykstimmerman dy ’t fabryk en fabrykshuzen ûnderhold. Wat elkenien mei spierballen wol dwaan koe wie it leechsmiten fan de molkbussen op de ûntfangst om dêrnei in meunster te nimmen foardat de molke nei de opslachtanks streamde. Dêrwei gong de molke nei de bûter- en tsiismakkerij. Al mei wiene der mear as 30 minsken yn fêste tsjinst fan it fabryk. 

 
Meunsternimmers en molkriders

It fabryk hie net allinne fêst personiel oan it wurk mar ek ‘losse’ arbeiders sa as meunsternimmers en molkriders dy ’t wat wy hjoed-de-dei ZZP-ers neame, oan de kost kamen.  

In meunsternimmer gong op ‘e neimiddei en moarnsier nei de pleatsen om dêr fan elke ko in flutske molke út de molkamer te leppeljen. Dat flutske kaam yn in fleske dat yn in meunsternimmersbakje opburgen waard. Elk miel molke dat oan de meunsternimmer foarby gong waard woegen. De ynhâld fan de fleskes gong nei it fabryk om dêr troch de molkekontroleur ûndersocht ûndersocht te wurden op fet en aaiwyt. Foar de priis fan de molke wie it gewicht, it fet, it aaiwyt en de skjinnens fan belang. Hoe better de sifers wiene, hoe heger de molkepriis waard.

It ferfier fan de molke nei it fabryk barde diels troch de boeren sels, mar foar it grutste part troch molkriders en molkfarders. Dy wiene dêr sân dagen yn de wike, twa kear deis mei yn it spier.
 

It fabryk en it doarp

Troch it fabryk wie der libben yn it doarp. It personiel moast op-en-delle (en gong sels nei hûs te kofjedrinken), mar ek molkweinen en –boaten soargen foar de noadige drokte. It fabryk levere wurk en ynkommen. Lean foar de arbeiders en molkjild foar de boeren; dit jild waard waard foar in grut part yn it doarp bestege …èn garre op de boerelienbank. Sûnder it fabryk hiene it grutte tal middenstanners (winkellju en ambachtslju sa as smid, timmerman en fytsmakker) yn Easterein gjin bestean. Ek it doarps- en ferieningslibben, en de skoalle en de tsjerken hiene baat by it fabryk. 

 Aardichheidsjes

Al rillegau nei de bou fan it fabryk waard der in elektrisiteitslieding nei it doarp oanlein, want op it fabryk waard elektrisiteit opwekke. De ynwenners koene harren oanslute op wat se ‘it nije ljocht’ neamden: elektrysk ljocht yn plak fan de peteroaljelampen. Mannige reed waard oanlein of ferhurde mei de sintels (=restanten) fan ferbrânde stienkoal). Foar ús as bern wie it in aardichheid om op ‘e neimiddei nei it fabryk te gean as de tsizen út de fetsjes kamen en yn de pikelbakken moasten. Dan waarden de rânen der earst ôfsnien. Dy rânen gongen nei de Frico yn Ljouwert foar it meitsjen fan kistkes tsiis. Mar der skeaten ek wol wat koarsten oer en as je dy dan efkes yn de pikelbak ûnderdompele hiene dan wie der neat lekkerders as in farske tsiiskoarste.

Guon jongelju hiene simmerdeis fakânsjewurk op it fabryk as tsiiskearder, meunsternimmer, help op it kantoar of it laboratoarium. It moaiste putsje wie om ien kear yn de wike mei de fabryksboat nei de Frico yn Ljouwert te farren om dêr de tsizen ôf te leverjen. Dy boat fear troch de Sebeare, de trekfeart Boalsert – Ljouwert en kaam by de Frico oan. De kapitein fan de fabryksboat naam meastal in knipperke en de assistint mocht stjoere. Moaier koene je it net krije. 

 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lees meer

Gerelateerde informatie


Foto’s


|