23. De post


23. De post
©: Bauke de Boer

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
It postkantoar
Yn it nei-oarlochske Easterein wie der al fan ‘alles’ sa as in húsdokter, in Rabobank, in molkfabryk, in fruitkwekerij en …… in postkantoar. Dat postkantoar wie der al hiel lang en dat hold wer ferbân mei de bedriuwichheid yn it doarp. Alde aansichtkaarten mei it poststimpel Oosterend binne gjin seldsumens. 

 De plakken

Doe ’t ik lyts wie, wie Hendrik van der Eems de postkantoarhâlder. It kantoar wie in stikje fan de winkel mei de tagongsdoar nêst de beukerskoalle (Tsjerkebuorren 27). Ik sjoch ‘âlde’ Hendrik van der Eems noch mei syn markante snor, efter de ‘toanbank’ sitten. In prachtige foto fan Hendrik van der Eems, mei njonken him de postrinners Balt de Vries en Rinze Zijlstra. Hendrik stoar yn 1948 ûnferwachts en soan Cornelis dy ’t in drukwurk siet, woe it postkantoar net oanhâlde. 

It kantoar ferhuze nei de Hidaarderdyk (Wynserdyk 10) yn de hoekkeamer.  Anna, in dochter fan ‘grutte’ Rients Rienstra, waard de kantoarhâlder. Dit duorre net sa lang, want yn 1951 ferfear de hiele húshâlding Rienstra nei Kanada. It postkantoar bleau noch oant 1954 op itselde plak mei Geertje van der Heide (Tadema) efter it loket. Nei har trouwen gong se nei de Wynserdyk 43 en dêr bleau it yn it lytse keammerke links oant 1957 ta. Doe ferhuze it wer mear nei it midden fan it doarp. Jouke Houtsma hie de timmerskuorre oan de Grieneleane 1 kocht en dêryn wie net allinne romte foar syn bedriuw mar ek foar in postkantoar. Syn frou Margje de Boer (Houtsma) hat hjir mar leafst 35-jier lang (oant 1992) de toukes yn hannen hân. De foto yn it finster is fan Margje Houtsma yn it postkantoar.

 
It postferkear

Yn dy nei-oarlochske jierren wie it kantoar faak iepen en foar hiel wat minsken wie it de ferbining mei de bûtenwrâld. De postsegels (twa sinten op in aansichtkaart en in dûbeltsje op in brief) moasten dêr kocht wurde. De measte minsken hiene mei wa dan ek dy ’t fierder as Easterein wenne, kontakt per brief of brievekaart en mei de jierdagen en âld en nij waard der in aansichtkaart stjoerd. Nei famylje en kunde dy ’t emigrearre wiene gongen de flintertinne luchtpostfeltsjes.

Ek foar ‘flugge’ berjochten wie de post fan belang. Fia de teleks waarden dy ferstjoerd en kamen dan op in strypke dat dan sa gau as mooglik by de ‘geadresseerde’ as telegram brocht wurde moast. Soks wie djoer en foaral foar needgefallen ….. en by in trouwerij as ‘gelokstelegram’. Opbelje hie handiger west, mar der wie yn dy nei-oarlochske jierren sawat gjinien dy ’t telefoan hie. De inkeling dy ’t wol telefoan hie, koe oarspronklik allinne mar belje fia in trochskeakeling yn it postkantoar.

Yn it postkantoar wie ek in telefoan foar ‘publyksgebrûk’. Woene je belje dan draaide de kantoarhâlder it nûmer en koene je efkes apart stean en nei it petear de ‘tikken’ ôfrekkenje.
 
Jildsaken

It postkantoar wie in filiaal fan de 'Rijkspostspaarbank'. Stoarte en opnimme fan jild koe hjir. Mar ek it ‘gewoane’ jildferkear rûn oer it postkantoar. Woene je immen ‘fierderop’  betelje dan koe dit mei in postwiksel: der waard in formulier op it postkantoar ynfolle, it jild waard stoarten, in part fan dit formulier kaam in pear dagen letter by dejinge der ’t it bedrach foar wie en dy koe it dan op it postkantoar fan syn wenplak ophelje. Oerskriuwingen oer de bank wiene foar partikulieren totaal ûnbekend. Doe ’t yn 1947 de 'Noodwet' Drees en dernei yn 1957 de AOW ynfierd waard, waard it kompleet drok op it postkantoar, want de útkearingen waard dêr útbetelle. It postkantoar waard hieltyd mear it moetingsplak foar de doarpsgenoaten en dy sille de kantoarhâlder as ‘onbezoldigd’ maatskiplik wurkster grif wolris it ien en oar tabetroud ha.

 It postbestellen 

Foar't it kantoar foar it ‘publyk’ iepen wie, wie it der al allegearre drokte. Moarns ier kaam de postauto út Snits om ôf te leverjen wat de postrinners dêrnei ‘bestelle’ moasten. Foar't it oan it rûnbringen ta wie, moast de post earst foar it doarp en de omkriten sortearre wurde. Fia in ‘wand’ mei fakjes yn it kantoar kaam it yn folchoarder yn post- en fytstas. Dêrnei stutsen de posten der mei rein, wyn en sinneskyn op út. Winterdeis yn in grouwe swarte waarme unifoarm en simmerdeis yn in kaky kleurige, mar yn beide gefallen mei in platte pet derby. Reinde it dat wie der de cape der ’t de post droech ûnder bleau. Hiel wat doarpsminsken sieten op de post te wachtsjen sa as in brief fan de bern, de kaart fan de buorfrou of it luchtpostfeltsje út Kanada. Mar ek de NCRV-gids, de Spiegel of de Panorama waarden troch de post besoarge. Guon bedriuwen woene dit ‘bestellen’ net ôfwachtsje en hellen de post út harren postbus op it kantoar.

Middeis folge der in twadde rûntsje postrinnen. Mei de bus fan fjouwer oere kaam de middeispost en de posten makken dêrnei noch in koart rûntsje. Brievekaarten dy ‘t bûtenút besoarge wurde moasten bleaune wolris oant de oare moarn lizzen as dat lije koe! 

 De postrinners

De ‘posten’ moasten altyd paraat wêze en as der dan ris ien in frije dei hie of mei fakânsje wie, dan kaam de ‘hulppost’ yn aksje. Krekt as de postkantoarhâlder sille de posten ûnderweis in protte heard ha, mar ek sy mochten dêr net oer prate. Postrinner wie in berop dat der ta die: fêst wurk, in fertrouwensposysje en op tiid in nije fyts. Bûtenút wie de post ek noch winkelman, want de gongbere saken sa as postsegels hie er te keap. Ek de brieven dy ’t ferstjoerd wurde moasten naam er mei. It wie frij en ferantwurdlik berop.

 

 

 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Bauke de Boer
Lees meer

Gerelateerde informatie


Foto’s


|