16. Yn en om Easterein (Wilhelmina voorwaarts mars) troch Jan Hiemstra


16. Yn en om Easterein (Wilhelmina voorwaarts mars)  troch Jan Hiemstra
©: Jan Hiemstra

It korps troch de buorren sil net (faak) mear foarkomme. Jierrenlang wie soks in hichtepunt yn it doarp. Opstelle by de Ald Skoalle en dêrnei sa folle mooglik troch alle strjitten, want oeral wennen begeunstigers (‘donateurs’) en der moast gjinien eftersteld wurde. Dat Wilhelminakorps wie yn dy tiid (en no ha ik it oer de perioade tusken de wrâldoarloggen en de earste jierren nei WOII) nea in grutte ploech. As der seis rychjes fan fjouwer of acht rychjes fan trije muzikanten rûnen, mei yn beide gefallen trije man slachwurk foarop, wie dat al hiel wat. Mar as der ‘pittich’ blaasd waard, dan kaam der wol wat oan.

 

                    

Marswedstriid festival Easterein 1935 

 

Yn it bysûnder op keninginnedei, by doarpsfeesten, by jubilea marsjearde it korps in slach troch de buorren. Yn de foaroarlochske jierren waard Wilhelmina faaks útnûge om by festiviteiten yn oare plakken te marsjearjen, want marsjearje koene se. Under muzykkonkoersen, dy ’t simmerdeis geregeld hâlden waarden, wie de marswedstriid neist it konsertkonkoers in belangryk ûnderdiel. Dy konkoersen lutsen grutte kloften minsken en soene je wat belangstelling oanbelanget in bytsje fergelykje kinne mei de hjoeddeiske popfestivals. De minsken wiene der ris efkes út en ….. je koene ek noch ferkearing opdwaan! Wilhelmina wie op dy konkoersen in belangrike dielnimmer en die mei de bêsten mei. Sa helle it korps yn 1935 op it simmerkonkoers yn Minnertsgea, yn wat doe de heechste klasse wie de eare-ôfdieling, mei in korps fan 25 leden in earste priis yn de konsertwedstriid en wiene se yn de marswedstriid de heechste fan alle dielnimmers. De man dy ’t foar it grutte ‘marssukses’ ferantwurdlik wie stjit op de foto. Rjochts mei in ringbas om it skouder en in strieën hoed op: Johannes Santema, boer oan de Hidaarderdyk. Under lieding fan Santema waard by him op it lân oefene yn it marsjearjen en it tagelyk blazen, want net allinne it ‘rinnen’ moast goed wêze, der moast ek kompakte marsmuzyk komme. It korps dat yn Minnertsgea meidie moat itselde west ha as wat op de boppeste foto ôfprinte stiet. Yn it lân wie de muzikanten leard om goed yn it gelid te marsjearjen. It sjueryrapport wie loovjend oer de prestaasje: “Kranig geheel, prima leiding. Slechts bij het zwenken heel, heel kleine afwijking van richting …… en van het begin tot het einde prachtig van klank, tempo en houding absoluut onberispelijk.” It marsjearjen om hea foarken foar it meitsjen fan kantige hoeken en om goed yn it gelid te rinnen hie fertuten oplevere. De minsken dy ’t op dizze foto steane binne bekend en wurde neamd op side 37 fan Wilhelmina 1898 – 1998 (M.L. de Boer) Easterein 1998. Ien wol ik noch yn it bysûnder neame: midden op de foto stjit Tine Joustra, de yn dy tiid iennige frou op it korps.

It bysûndere fan de marswedstriid yn 1935 is dat it korps gjin unifoarm draacht en dat der ek gjin ‘batterij’ slachwurk foar it korps rint. Nei de oarloch wurdt ûnder ynfloed fan de korpsen fan de befrijers hyltiid belangriker dat der slachwurk en dan it leafst in drumband oan it korps foarôf giet. Ek by Wilhelmina wurdt hjir in begjin mei makke. Dat docht bliken út de foto fan ûngefear 1955 as it korps foar de optocht útrint. Foar it ‘normale’ slachwurk: bekkens (Freerk de Boer), grutte tromme (Hendrik van der Valk) en lytse tromme (Wiebe de Boer) rinne noch trije ‘drummers’ dy ’t yn aksje komme as it korps net spilet. Dizze drummers binne Johan Schuijff (links), Minne Tjalsma (midden) en Geertje IJpma (rjochts). 

In pear saken falle op. By it korps rint altyd in plysjeman (yn dit gefal Stoel) om yn te gripen as dat foar it ferkear nedich is en by in trijesprong is soks nedich. Boppedat drage de muzikanten in begjin fan in unifoarm: de manlju in wite pet mei in griene bân en in harpke, de froulju in kepy, in sêft grien boesgroentsje (=overhemd) mei in donkergriene strik en griene epauletten mei in harpke derop op it skouder. Dy epauletten moasten de leden fan fan te foaren knipte stikjes karton en stof, en in ‘gouden’ harpke sels meitsje. Dêrnei waarden se mei twa feilichheidsspjeldsjes op de skouders fan it boesgroentsje fêstmakke.

Fierder sjocht op dizze foto Wiebren Santema (links), de soan fan Johannes fan de boppeste foto rjocht foarút en sjoch ik mysels mei pet en al rjochts fan Johan Schuijff rinnen. Nei de moade fan dy tiid drage wy beide in ‘pofbroek’ in plus four. 

 

  

Doarpsfeest plm. 1955 Wommelserdyk

 

 


 

 

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer

Gerelateerde informatie


Foto’s


|