12. Ungetiid


12. Ungetiid
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

De ûngetiid
July wie jierrenlang de heamoanne: de moanne wêryn it hea yn de skuorre kaam. Dat ûngetiidzjen wie foar de greidboer it hichtepunt fan it jier; it fretten foar de winter waard wûn. Mar foardat it sa fier wie, moast der hiel wat barre.

 
Wa ’t net donget, wa ’t net ponget

Wa ’t yn de maitiid in flinke sneed gers fan it lân helje woe, hie yn neisimmer, hjerst en winter donge (kowestront oer it lân struit), greppele (de greppels tusken de ikkers op djipte brocht foar it ôfwetterjen, hekkele, efter mûzen en mollen oansitten. It gers koe dan de grûn útbrûze. Net alle nij gers waard lykwols brûkt foar hea. Yn in part dêrfan kamen de kij, want de gollen (= hooivakken in de schuur) wiene fierhinne leech. Gers dat hea wurde moast, moast oan ‘t knibbelhichte ta stean ear ’t in meand wurde koe. Ûndertusken diene de hynste- , de pinkster -, de bûterblommen en de soerstâlen (= veldzuring) harren bêst om in plakje tusken it gers te feroverjen. Sa ‘n greide wie ien grutte kleurepracht, der ‘t ljip, skries en tjirk de kâns hiene harren aaien te lizzen en piken grut te bringen. 

 Meane

Yn juny waard der meand. Dat barde mei de meanmasine mei twa hynders der foar. Ien fan de boer sels en ien liend yn de bouhoeke. De kops -, greppels – en wâlkanten waarden mei de seine meand. Der mocht neat ferlern gean. De geur dy ‘t troch it meande gers ferspraat waard wie sa oerweldigjend dat ik dy efter myn kompjûter noch rûk!

Dêrnei wie it te hoopjen dat der fêst sinnich en winich waar kaam. De Mededelingen voor land- en tuinbouw op de radio waarden yn mannich boerehúshâlding mei reade earkes beharke, want as it gers der ien kear ôf wie, wie der gjin wei werom. It moast droech. 

 
Yn it hea

It meande gers waard keard en skodde. Siet it mei dan wie it gau hea. Mar it gong faaks net fan in leien dakje. It al foar in part drûge gers reinde wiet, der waarden lytse bultsjes (operkes) fan makke en dy moasten, sadra it droech wie, op ‘e nij útstruid en skodde wurde. De simmer koe net sa min wêze of it hea kaam yn ‘e skuorre. Dat barde dan op dy iene drûge en sinnige dei. It hea waard yn wurdzen (lange stroken) swile en mei de time (balke of hikke dy ’t oer it gers glied en troch in hynder lutsen waard) kaam it yn de reak (in grutte bult hea). Sa ’n reak stie dan klear om nei de skuorre brocht te wurden. 

 
De minsken

It wurk waard dien mei ‘help’ fan hynders, masinen en sels al trekkers. It grutste part wie it noch hânwurk. ‘Elkenien’ waard optromme. De boer en de fêste arbeiders wiene wit hoe ier oan it melken om mar yn it hea te kinnen. De bern moasten nei skoaltiid op de swylmasine en it hea nei de pleats ride. Mei in nuet hynder foar de masine en wein wie soks fertroud. Dan wiene der noch de losse arbeiders dy ’t harren yn de ûngetiid ferhierden. Guon kamen der spesjaal foar út Grinslân. De boerinne moat foaral net fergetten wurde. Se hie dy it net allinne drok mei it setten fan kofje en tee, it smarren fan broadsjes en it sieden fan iten, mar se die ek in hantaast op it lân. It wurk yn de foarein bliuwde lizzen. Sadra de kij derút wiene waard it bûthús himmele. Mannige boerehúshâlding wenne yn dizze tiid fan it jier yn in part dêrfan.

Foar de minsken wie it pypskoft (= de pauze) op it lân, lizzend en sittend yn it waarme en geurjende hea fan de reak, mei in stoerske kop kofje yn de iene en in broadsje yn de oare hân in belibbing. 

            

 

Noflik yn it hea yn 1952 sitte Rinke, Yke, heit Sipke, Pieter en Simon Hiemstra. Mei de hoed is Piet van Hout en foar de swylmasine stiet Antje Joustra.

 

Yn ‘e skuorre

Stie it drûge hea ien kear yn de reak dan moast it nei de skuorre. Wie it noch net al te droech dan bliuwden de reakken wolris efkes op it lân stean om wyn en sinne harren wurk dwaan te litten. Foar it ynheljen brûkten de measte boeren de houten haaiweinen. Guon hiene al platte sleepkes of luchtbanneweinen. Om de haaiweinen wat breder te meitsjen waard der in rak op lein. Dan begûn it laden. Dêrfoar wiene twa minsken nedich: de ien stiek it hea omheech, de oar siet op de wein (de weidloeger) en lei dy  stikken te plak. As de weide sa heech wie dat de opstekker it hea net mear heech genôch krije koe dan moast de fracht fêstsetten wurde. Dêrfoar wie in peal, de pûntsjespeal, en in tou meinommen. De peal kaam yn de lingte boppe oer it hea en waard oan de foar- en de efterkant mei it tou oan de sydberje fêstsetten. Dan it hynder derfoar en de weide hea waard nei de skuorre lutsen.

Moderne boeren sleepten de reak yn ien kear op in plat heasleepke. Op de boaiem dêrfan wie it net fêstmakke en mei in stik tou om de reak en in hynder derfoar waard de ‘bult’ yn syn gehiel op it sleepke lutsen. 

 

De golle

It hea waard yn de golle opslein. It wie de iepen romte ûnder de bynten en de hoannebalken. Grutte pleatsen hiene twa gollen. It hea moast kreas opslein wurde. Benammen oan de foarkant moast it goed ‘setten’ wurde, want oars koe it letter nei foaren komme op de opreed. By guon boeren waard de weide hea leechstutsen, mar de boeren dy ’t sleepten hiene in takel en dan koe de reak yn ien kear yn de golle ploffe. 

 

Heabroei

Lei it hea yn de golle dan wie it wurk noch net foarby. Wat der dêrnei barde hong in bytsje fan de soarte simmer ôf en it risiko dat in boer doarst te nimmen. Yn in moaie drûge simmer kaam it hea droech yn ‘e skuorre. It bytsje focht dat der dan noch ynsiet dampte der wol út. It waard  minder mei in wiete simmer, want dan moast it hea úteinlik de skuorre ek yn as it net al te droech wie. Dan waard it hea yn de golle net in bytsje waarm, mar begong it te broeien. En heabroei wie de skrik fan elke boerehúshâlding. Fan de brânfersekering wiene de boeren ferplicht de folle golle roedzje te litten. Mei in izeren pinnen en in termometer derop waard de temperatuer fan it hea fêststeld. De temperatuer koe sa heech wurde dat de brot yn brân fleach. Om soks foar te wêzen waard der dold. Fan boppe ôf waard der mei splitlodden in gat yn it hea yn de golle makke en waard it soms al swarte hea der úthelle. Switte! Der binne hiel wat pleatsen yn Fryslân opbrând troch de heabroei.

As alles goed gongen wie, wie der wer genôch fretten foar de bisten yn it winterskoft.  

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer

Gerelateerde informatie


Foto’s


|