Aldeleie
Aldeleie is in streekdelsetting dy’t yn de lette Midsieuwen al ûntstien is mar pas nei de oarloch de status fan doarp krigen hat. Dielen fan it buorskip hawwe lange tiid by de trije gritenijen heard: it westlike part by Froubuorren yn It Bilt, it noardeastlike by Hallum yn Ferwerderadiel en it súdeastlike part by Feinsum yn Ljouwerteradiel. Troch grinskorreksjes en statusferheging heart it no yn syn gehiel as doarp by Ljouwerteradiel.
De delsetting is ûntstien yn it ier ynpoldere Nieuwland by in Syl, in slûs, yn de Stienzer Hegedyk, it diel dat no de namme Leijster Hegedyk hat. Earst kaam der bebouwing by de feart lâns dy’t sawol de ferbining foarme mei de Feinsumer Feart as de Hijumer Feart. Letter, doe’t It Bildt ynpoldere wie, kaam heaks dêrop lintbebouwing oan de dyk. Healwei de 19e ieu, doe’t der leafst 450 ynwenners wienen, wie der yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa oer ‘Leije’ ûnder mear te lêzen: “Er lag vroeger eene buitensluis, langs welke Leeuwarderadeel en Ferwerderadeel hunne uitwatering in de Middelzee hadden; doch sedert het Bildt is ontstaan, was de Leije eene binnensluis geworden, welker zijlroede thans eene binnenvaart is, die zoowel met de binnenwaters van Oostergoo als met die van Westergoo gemeenschap heeft.Die sluis is reeds voorlang weggeruimd. Het is thans eene groote buurt, meest uit arbeiderswoningen bestaande, ter wederzyden van den ouden dijk en de vaart naar Oude-Bildtzijl. Te midden daarvan staat het nieuwe en groote schoolgebouw van het dorp Finkum, waartoe dit gedeelte, ter zuidzijde der vaart behoort.”
Aldeleie hat nea in tsjerke hân en likemin binne der eleminten dy’t it frij beskieden doarpssilhûet ferrykje. Oan de Leijster Hegedyk stiet in wenhûs mei jiertalankers, dy’t fertelle dat it yn 1765 boud is. Oan Oan’e Slink stean twa âlde monumintale buorkerijen, nûmer 1 datearret fan 1769 en nûmer 6 út 1804. It yn it suden steande haltegebou fan de lokaalspoarwei heart offisjeel ek by Aldeleie, mar wurdt hjir besprutsen by Froubuorren.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel