Wynserdyk 55


Wynserdyk 55
©: Jetske Santema

Romsicht

De pleats is boud yn 1921 yn opdracht fan Johannes (Wiebrens) Santema Gehuwd mei Trijntje Rienstra. De pleats is in kopy fan de pleats op de Streek 13. Dizze pleats op de Streek wie destiids yn eigendom by de Herfoarme Tsjerke fan Easterein. Wiebren (Johannes) Santema hierde dizze pleats. Syn soan Johannes (Wiebrens) Santema waard troch de tsjerkeried lykwols net ‘ swier' genôch befûn om de hier oer te nimmen fan syn heit. Dêrom kocht syn heit in perseel greide oan de Wynserdyk, dêr 't Romsicht op boud is. De grûn kaam út de boelferkeap fan lân fan Wynserdyk 26. Al gau folgen de krisisjierren en der hearske oeral earmoed. De molke levere mar in ' botsen ' (2,5 sint) de liter op. Johannes hat de fûneminten foar de bou fan de pleats sels groeven. Yn de fette knipklaai wie dat in hiele put. Om jild te fertsjinjen wurke er ek foar oare boeren. Nachts om fjouwer oere sette er ôf om te meanen. Hy bûn lapen om de hoeven fan it hynder, sadat de minsken út it doarp it net hearden. Fan in pachtbedriuw nei in eigen bedriuw die bliken yn de krisisjierren in swiere ûndernimming te wêzen. Syn iennichst bern, soan Wiebren, kaam meiwurkjen op 'e pleats en folge him yn 1954 op. Wiebren en Johanna krigen 6 bern. De tredde soan Berend Jan Santema folge him op. Fan 1980 ôf is it bedriuw as njonkenbedriuw fuortset. De melkkij waarden ferfongen troch jongfee opfok, en letter troch skiep. Yn 2021, doe 't de pleats 100 jier âld wie, is in folgjende generaasje Santema op de pleats kaam. Jehannes Wiebren Santema is de 4e generaasje dy 't op Romsicht wennet.

Groanologyske folchoarder:

It lân is kocht troch: Wiebren (Johannes) Santema (*1856-1927 ) troud yn 1890 mei Wiepkje (Jacobs) Riegstra (*1866-1935) Se wennen op de Streek 13.  Se krigen twa bern dêr 't de earste Johannes nei 9 moanne fan stjêrt. De twadde Johannes bliuwt yn libben en bout Romsicht. Yn 'e berteakte fan Jehannes stiet dat er koemelker is.

De pleats is boud yn1921 troch:Johannes (Wiebrens) Santema (*1896- 1962)  troud in 1921 mei Trijntje (Johannes) Rienstra (*1895-1947) Se krije mar ien soan, Wiebren. 

Opvolging yn 1954: Wiebren (Johannes) Santema (*1922-1995) troud yn 1946 mei Johanna Hogeboom (*1922-2002 )

Opvolging yn 1980 troch: Berend Jan (Wiebrens) Santema (*1950 Easterein) troud yn 1974 mei Jetske Jacoba Tijsma (*1956 te Easterein)

Opvolging yn 2021 troch: Jehannes Wiebren Santema (*1977 Easterein) troud mei Petra Zijlstra (*1977) Se krije trije soanen, Berend Jehannes (*2006) Hessel Meindert (*2007) en Thymen Jetse 2010. 

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s