Wynserdyk53


Wynserdyk53
©: Jetske Santema

De buorkerij Wyns. De pleats Wyns draacht deselde namme as de terp dêr 't er yn 1780 op boud is. It hjoeddeistige adres is Wynserdyk 53. Ek de Wynserdyk is neamd nei de terp Wyns. De famylje Heeg is de earste eigener fan de buorkerij. Dy famylje hat yn dy tiid meardere pleatsen yn besit, dy 't troch fererving yn de famylje bliuwe. Dêr heart ek Wynserdyk 26 by en ek op Skrok 6 wennet in famylje Heeg. It is in famylje fan oansjen en ek bestjoerlik hat sy har ynfloed jilde litten. Nei 4 generaasjes Heeg is de pleats Wyns yn 1969 oernaam troch de famylje U. Bouma. Hjirûnder de bewenners yn kaart brocht.

De earste bewenners binne:

1. Jan (Jansen) Heeg (* 16 dek. 1760 ), troud op 19 okt. 1784 mei Trijntje (Johannes) Bootsma. Dizze Jan Heeg is lyts fan stik en hy draacht hast altyd in hege hoed. Dêrfandinne syn bynamme Jan Heechhoed. Hy is yn dy tiid in hiele goede keatser. Der binne noch sulveren keatsballen yn de famylje bewarre bleaun. It pear krijt 11 bern wêrfan 't de 8e soan op de pleats Wyns boer wurdt. De 7e soan wurdt boer op de pleats Wynserdyk 26.

2. Ymte (Jansen) Heeg (* 5 dek. 1799) troud op 20 nov 1841 mei Jeltje (Gerbens) Wiersma Harren soan Jan Ymtes trout mei Mensonia (Hotzes) Koster. Sy buorkje yn Hidaard, Kûbaard en Wommels. Harren soan Ymte Jan Heeg wurdt wer boer op de pleats Wyns

3. Ymte (Jans) Heeg (* 30 sein .1868) troud op 11 maaie 1895 mei Hiltsje (Sybrens) Kingma (* 20 jan. 1871). Ymte Heeg is mei-oprjochter fan it molkfabryk yn Wommels yn 1894. Harren soan Jan Ymtes Heeg, is de opfolger op de pleats Wyns.

4. Jan (Ymtes) Heeg (* 11 maaie 1897) troud op 11 maaie 1922 mei Ymkje Rienks. Jan Ymtes Heeg is in grut keatstalint. Foar Easterein skriuwt hy de oerwinning fan de Freule op it boerd, en ek de PC. It pear krijt 2 bern dy 't beiden gjin ambysje hawwe om it bedriuw troch te setten. En dêrmei komt der in ein oan it buorkjen fan de famylje Heeg op de buorkerij Wyns.

Uiltje Aizes Bouma (* 7 juny 1945) troud mei Pietje de Vries (* 17 nov 1947) Yn 1969 wurdt de pleats Wyns oernaam. Soan Symen folget harren op.

6. Symen Bouma troud mei Grietsje Jukema. Yn 2005 komme sy op de pleats te wenjen.

Colofon

Boek Easterein en familie

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s

De buorkerij yn 2023

Disclaimer

De buorkerij wurdt ôfbrutsen
Yn febrewaris 2024 is it momint dat de âlde pleats tsjin de flakte giet. Nei in

Disclaimer

De buorkerij yn 1995

Disclaimer

Pleats op de terp Wyns
De pleats Wyns, bout op de terp Wyns. Meardere generaasjes Heeg ha der op buorke

Disclaimer

De ôfbraak
Fan de Wynserdyk ôf liket de pleats noch hiel wat. De earste foto's litte sjen

Disclaimer

De lizboksstallen en wurktúgberging

Disclaimer

De beammewâl oan de westkant

Disclaimer

De kij rinne bûten

Disclaimer

De Leechjes ûnder wetter
Yn 1965 is de pleats noch yn oarspronklike steat. It ôfgraven fan de terpgrûn

Disclaimer

De lizboksstal op de foargrûn
De ferhâlding fan pleats en stâl is yn de rin fan de jierren gans feroare

Disclaimer

De betonreed nei de pleats
In betonreed ferbynt ûntslút de pleats nei de Wynserdyk. Eartiids in sintelree

Disclaimer

De oerbliuwsels

Disclaimer

De stallen op de eftergrûn
Oan de súdkant fan de pleats steane op it hiem in tal grutte beammen.

Disclaimer

De Wynserfeart
Byld fanút Easterein yn it ferlingde fan de wynserfeart. Eartiids de belangryks

Disclaimer

Kaart Eekhoff 1850
De terp Wyns yn't midden

Disclaimer

Littenseradiel
Op Wyns kin je noch sjen dat it yn de gemeente Littenseradiel lein hat. Yntusken

Disclaimer

Foto fanút de loft yn 2000

Disclaimer

Untmantelje
Mei kranen en grut oar materiaal is de pleats yn in pear dagen mei de grûn gely

Disclaimer


Der rûn in rinpaad fanôf it hiem fan de pleats nei Easterein. Der siet in oers

Disclaimer

Loftfoto 2018
De skaalfergrutting is goed te sjen as je de foto fan 1965 en 2000 der neist liz

Disclaimer


0 | 1



|