Wynserdyk


Wynserdyk
©: Jan Hiemstra

Earst nei de twadde wrâldoarloch waard de dyk oer de kliuw nei Snits in `tarre` dyk. Yn dy tiid stie yn de Boalserter krante (Het Boldswards Nieuwsblad it berjocht `De walsen naderen ons dorp`. De púnlaach waard stevich yninoar walst en dêr kaam in laach asfalt oerhinne mei split. De dyk sil yn beide bermen grif ek wat breder wurden wêze want yn de nei-oarlochske tiid kamen der grutter (fracht)auto `s en lânboutrekkers mei oanhang op `e dyk. Lâns de Hidaarderdyk dy `t letter Wynserdyk neamd waard binne de huzen, de grifformearde tsjerke en de iepenbiere skoalle fanút Easterein sjoen oan de linkerkant earst ein 19e iuw en begjin 20ste iuw setten en dy oan de rjochterkant oant Wynserdyk 10 yn it begjin fan de 20e iuw. De wenten dy `t nei nr 10 komme binne foar it grutste part fan nei de oarloch. Guon binne setten op it plak der `t ien fan de grutste pleatsen fan Easterein, de pleats fan de De Gavere `s stie. De Wyndyk begjint yn it doarp by de ôfslach nei de Griene Leane en einiget by de Gouden Engel (de ôfslach nei de Slachte nei Wommels). 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten

1957
Merk van der Meulen (l) en Andries Smeding oan it kuierjen op de Wynserdyk strj

Disclaimer
Ansichtkaart út 1939
Kaart aan Anneke Rienstra mei rjochts it hûs der 't se wenne der op.

Disclaimer
It likehofke 1970
Rjochts fan de beplanting wie it likehofke.

Disclaimer
De Grifformearde tsjerke rûn 1920
De Wynserdyk wie noch ûnferhurde.

Disclaimer
De Kliuw
De Kliuw fanút it suden; linksôf rjohting Hartwert en Boalsert, rjochtsôf rjo

Disclaimer
Nije wenten oan de Wynserdyk 1970
Dúdlik op de foargrûn is it betonbrechje nei de nrs 14 en 18. Op it stikje tú

Disclaimer
De skuorre rûn 1986
Yn 1959 hat Ruerd Posthuma (* 1915) mei syn frou Hinke Tiemstra de skilder saak

Disclaimer
Durk van Houten
Jan van Houten en 'Mimeltsje'Jacoba Dijkstra stiene geregeld mei harren 'wenwein

Disclaimer
Easterein wurdt grutter
It komboerd skout hyltiid fierder op rjochting 'Hidaard'. Hinnaarderadiel waard

Disclaimer
Grifformearde tsjerke 1910
De Grifformearde tsjerke styt der noch net sa lang (1904). De stien mei derop '

Disclaimer
Hidaarderdyk 1914
De Hidaarderdyk fanút it súdwesten. It stik foar de pleats fan De Gavere is no

Disclaimer
Hidaarderdyk 1935
Foar de oarloch is in foto noch wat bysûnders en wolle minsken graach op de fot

Disclaimer
Homeiepeallen
De Gaverepleats is ôfbrutsen. De betonnen peal stiet noch as oerbliuwsel fan wa

Disclaimer
Kaartsje oan Anneke
De famylje Rienstra wenne yn it hûs rjochts op de foarkant fan de aansichtkaart

Disclaimer
Ut 1947
De Hidaarderdyk waard hyltied 'foller'. It hûs links fan de grifformeade tsjerk

Disclaimer
Fanôf de Wynserdyk
De earste húzen oan de Hôfsleane binne boud.

Disclaimer
Fan ôf Hidaerd
Wynserdyk foar 1935. De elektrisiteitspeallen bepale it byld.

Disclaimer
Winter op 'e Wynserdyk
Dit tsjok pak snie foel begjin maart 2005!

Disclaimer
Wynserdyk
De Iepenbiere skoalle waard yn 1882 mei it skoalhûs as earste gebou fan it do

Disclaimer
Wynserdyk 1
Foto fan de eardere timmerloads fan ôf de Grieneleane ôf nommen.

Disclaimer

0 | 1 | 2

|