Wynserdyk 26a


Wynserdyk 26a
©: Jetske Santema

Nij Oppersteed

De pleats is boud yn 1989. Yn it ramt fan de ruilferkaveling Hennaarderadiel waard dit plak frijmakke foar in saneamd " ferpleatsingsbedriuw ". Dêrmei waard op oare plakken yn de ruilferkaveling romte makke foar in bettere tadieling. Dit plak liende him dêr goed foar om 't ûnder oare it bedriuw Wynserdyk 26 beëinige waard.

Sa binne Douwe Yntema mei syn frou Sieuwke van der Wal op dit bedriuw kaam. Sy leveren it bedriuw yn Tsjom yn. De pleats krige de namme Nij Oppersteed. In ferwizing nei de namme fan de pleats yn Tsjom. Bysûnder is dat de namme fan de pleats ek op it dak te sjen is yn de sinnepanielen.

Colofon

kadaster

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s