Tsjerke binnenkant nei restauraasje


Tsjerke binnenkant nei restauraasje
©: Jan Hiemstra

De Martini tsjerke is yn de rin fan de tiid ferskate kearen restaurearre. Yn de 19e ieu is de tsjerke yn't gehiel ommitsele, en binne der steunbearen oan de súdkant pleatst. Ek is it ynterieur doe fernijd en oanpast.

De tsjerke wie doe sa yn ferfal dat der grúte waard dat ôfbrekken miskien wol better wêze soe. Mar gelokkich is it sa fier net kommen. Earst yn 1862 is it gehiel op 'e nij yngreven restaurearre en dat wie ek wol nedich, want de kalk foel fan it plafond. Yn dyselde tiid hat it oargel ek in opknapbeurt hân. De lêste yngrypende restauraasje waard ôfsletten yn 1985, nei't der foar sa'n 1,5 miljoen gûne oan bestege wie. Yn dit finster steane ek in protte foto's fan it ynterieur. Mei de restauraasje is dat botte feroare. It belied rûnom de sitplakken fan eartiids is folslein net mear fan dizze tiid, en dat is yn it ynterieur goed te sjen. 

De sitplakken yn Tsjerke

Hjoed de dei wurdt der net mear sa swier tilt oan fêste en reservearre sitplakken. Eartiids (foar de restauraasje) wie der in systeem fan om in part plakken foar funksjonarissen, ferhierde plakken en frije plakken. De funksjonarissen wiene: - de âlderlingen dy't fan it noarden út links ûnder de preekstoel sieten, - de diakens dy't fan it noarden út rjochts ûnder preekstoel sieten, - de tsjerkfâden dy't yn de hege oerkape bank tsjinoer de preekstoel sieten - kamen je fan de toer kant yn tsjerke dan wie links ûnder it oargel de bank foar de notabelen en rjochts de bank foar de froulju fan de bank dy't nei de bank kamen. Graach oanfulling. De lidmaten koene jierliks in fêst plak hiere. Op 'e fêste plakken koe ynskreaun wurde en de heechste ynskriuwer krige in beskaat plak. De frije plakken wiene der foar ' al de oare tsjerkegongers. Mar dy moasten it net weachje om op in plak fan in funksjonaris of in ferhierd plak sitten te gean. En dan hiene de koster en de oare assistinten ek noch yn eigen plak.

Colofon

Boek Easterein, Foto's F.K. Reitsma en Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|