Skrok, buurt en strjitte


Skrok, buurt en strjitte
©: Gelf Dijkstra

Skrok, is in iuwen âlde buorskip mei foaral pleatsen en in pear wenten. De âldste wenning datearre fan 1750. It buorskip heart bij Easterein, mar hat grif ek syn eigen skiednis.
De minsken op it Skrok wiene op elkoar oanwiisd. It lei fier bûten it doarp en dat makke de buorskip hecht.
It docht ek bliken út de houliken. Foarhinne troude men ek " op de buert " Famyljenammen blike mei-inoar besibbe te wêzen. Sa waard ek it besit yn stân hâlden.

Mar der wiene fansels ek ûnienichheden, benammen oer it ûnderhâld en it gebrûk fan de ûnferhurde ried. Winterdeis wie de berikberens dreech. Mar de nije tiid brocht ferbettering, en by de ruilferkaveling waard de buorskip ûntsletten mei in betondyk.
De krante waard der byhelle en de artikels binne bewarre bleaun en binne no opslein yn dit argyf.
It Folksliet fan Skrok, is miskien it iennige buertfolksliet yn Easterein.
It is skreaun yn 1955 troch Pyt Idzinga. It liet is te finen yn dit finster ûnder dokuminten.
Nije wenten; oan it begjin fan it Skrok binne twa nije wenten boud.
Kadastraal binne der 15 adressen oan it Skrok.
Neist de nije wenten hawwe ek parten fan in pleats (lisboksstâl bgl.) in oantsjutting mei in aparte nûmering.

Colofon

Archief Doarpsbelang, Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Gelf Dijkstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten