Skrok


Skrok
©: Berend Santema

Skrok leit it meast noardlik fan Easterein. It is ek it âldst bewenne part fan it doarpsgebiet fan Easterein. Dat is te tankjen  oan in hege rech fan knipklei, dy`t net fuortspielt is troch it wetter fan de Middelsee. De bewenning giet werom oant foar ús jiertelling. De skeletten dy`t yn de terplagen fûn binne toane dit oan. Ek is in part fan in mealstien fûn, om koarn mei te meallen. Inkele saken wurde bewarre yn it Frysk museum.Op it Skrok binne ferskate buorkerijen mei moaie nammen, Ansquert, Esquert, Schrok, Gerlwe, Zyon, Roerdema en Sibada. Inkele buorkerijen binne yntusken wenbuorkerijen wurden. Yn 1995 is in pleats Skrok 11 oankocht troch Nutuurmonumenten, en is it lân fûgelsjelân wurden. Hjir wurdt besocht om de greidefûgels yn stân te hâlden. De Namme Skrok is ôfkomstich fan de drege en droechtegefoelige knipklei grûn. 

© Foto voorblad: Berend Santema
Lês mear