Skoalleseize De


Skoalleseize De
©: Andries Veenstra

De Skoalseize 

Dizze kear gjin stikje oer (âld)-SDS-ers, mar oer it fjild wêrop sawat sûnt de oprjochting spile is. SDS waard yn 1947 oprjochte, mar de klup hie gjin fjild. Der waard spile op in stikje greide by de Van der Valk-pleats (earst pleats rjochts oan de dyk nei Itens en op it Dobbelân). 

In fuotbalklup sûnder fjild kin net. Der wie yn dy tiid mar ien ynstânsje dy ’t soks feroarje koene: de tsjerkfâden fan de herfoarme tsjerke yn Easterein. Dat wiene de behearders fan huzen, pleatsen en landerijen. Soks docht ek bliken út de oantekens fan de tsjerkfâdijgearkomste fan 1947: ‘Verschillende dorpsvereenigingen vragen voor sportterrein af te staan het stuk land in huur bij H.F. Kuiper (it pleatske oan de Skippersbuorren) ter grootte van 6 pdm opgenomen in het uitbreidingsplan der gemeente en in de tweede plaats bij toestemming dit terrein voor rekening van de kerkvoogden in orde te brengen.

Huurder Kuiper zou zeer gedupeerd zijn. Wanneer de gemeente te eenigertijd het land opeischt, valt er niets tegen te doen, maar het gaat thans om een besluit der kerkvoogden tot deze daad t.o. een klein landgebr. Algemeen afgewezen.’

Sportvereniging Oosterend en omstreken

Om sterker te stean wurdt yn 1948 de Sportvereniging Oosterend en omstreken oprjochte. Dit is in koepelorganisaasje fan gymnastykferiening ODI, ruterklup De Donia ‘s, fuotbalferiening VVO (letter SDS!) en keatsferiening Easterein. It ûnferwachte barde! Der kaam tastimming fan de tsjerkfâden. Boer Kuiper krige it stik der ’t no de sporthal stiet en ek sa ’n seis pûnsmiet grut is. De seize bleau eigendom fan de tsjerke mar koe no pachte wurde troch de Sportvereniging Oosterend en omstreken. It soe  wolris sa wêze kinne dat it fjild der ’t SDS op spilet noch altyd ien fan it lytse tal fjilden is dat net ferhierd wurd troch in gemeente, mar in tsjerke.

Fan greide nei sportterrein

De seize wie in bysûnder stikje lân. De opbringsten wiene oarspronklik bestimd foar de koster dy ’t ek skoalmaster wie. Dêrom hat it sportpark letter de namme De Skoalseize krigen. 

Op de foto hjirfoar is it haadfjild fan SDS noch greide. It sil wol dúdlik wêze dat de hynder en wein sa ’n bytsje steane foar wat no de dug-out is. It sleatsje rjochts rint noch altyd tusken beamwâl en parkearplak. Foar de oarloch wie der al in hoekje grûn fan de seize ôfsnobbe foar de grientetún fan it skoalhaad (it stikje dat no tusken de dyk en de klaairomte leit). Yn de oarloch barde dit noch in kear. Foar it gebou rjochts fan it midden waard foar de beukerskoalle in betegele pleintsje mei in sânbak oanlein.  

It maneezje en fuotbalfjild

It sportfjild bestie út in maneezje en in fuotbalfjild. De maneezje (foar Elba) waard útgroeven en moast fol sân. Mei de grûn ut de maneezje waarden de greppels ticht- en it fjild flakmakke. Dêrnei gong de wals fan de gemeente Hinnaarderadiel der noch in kear oerhinne en it fjild wie sa sa glêd as in spegel en der koe fuotballe wurde! Der wie lykwols wol in grut probleem ûntstien: troch de kombinaasje knipklaai en it gewicht fan de wals waard de boppelaach wetterticht. Dit probleem is earst letter yn fazen troch drainage en in bettere boppelaach oplost.

De tagong

It wie net sa maklik op it fjild te kommen. It offisjele paad gong oer der reed, no de Stittenserleane. Dy reed rûn om Elba hinne en nei it passearjen fan in fiif hikken kamen je op it fjild. Op de foto hjirboppe is te sjen wer ’t de reed it fjild opkomt. (Dit is no noch op ûngefear itselde plak.) De hynders fan de Donia ’s moasten hjir lâns, mar foar de fuotballers wie der it slûppaadsje, no it trottoir foar de huzen fan ‘t Heechhiem 1 – 7 lâns.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: vertaling Jetske Santema © Foto voorblad: Andries Veenstra
Lês mear