Schnitzelbank


Schnitzelbank
©: Jan Hiemstra

Op 2 july 1947 stapten de 27 - jierrige Cornelis (Cees) Joustra en 27 - jierrige Bouk de Boer yn it houliksboatsje. Dit fierden sy mei famylje en freonen yn kafee Bergsma yn Easterein. Spesjaal foar it bysûndere barren makken freonen fan Cees in saneamde ' schnitzelbank '. It dokumint is 76 jier letter noch yn goede steat en is dit jier skonken oan Tresoar. As ien fan de pear argiven fan Nederlân is Tresoar no yn it besit fan in schnitzelbank!

In schnitzelbank – ek wol snijdersbank of snijbank neamd – is in foardracht yn ’e foarm fan in steapelliet, dêr ’t gebrûk by makke wurdt fan tapaslike tekeningen op in grutte stripe papier. Dizze foardrachten wiene eartiids tige populêr op feesten, lykas in brulloft, omdat it in wize is om in ûnderwerp of ferhaal op ferrassende wize mei it publyk te dielen. De rymjende teksten by de tekeningen befetsje faak de nedige humor en binne meastal skreaun op muzyk. De tekeningen wurde op in prominint plak ophongen en dêrnei draacht immen de teksten foar.  

Colofon

De media. 

© Tekst: Tresoar © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten