|

Omjouwing Sleatmer Mar


Omjouwing Sleatmer Mar
©: FrieslandWonderland

De Sleattemer Mar sprekt op de ien of deoare wize ta de ferbylding. It is ien fan de grutste Fryske marren, dy’t in stikmannich kear yn ’t jier it dekor is foar it spektakulêre skûtsjesilen en in unyk ûnderdiel is fan de Alvestêdetocht. De mar hat syn namme te tankjen oan it lytste en meast karakteristike stedsje fan de Fryske alve stêden en is de skeakel tusken it marregebiet en Gaasterlân.

De Sleattemer Mar is fansels mei plakken as Wâldsein, Sleat en Balk yn ‘t foarste plak in paradys foar de wettersporter. Mar ek op ’e wâl is der yn dit gebiet in soad te genietsjen. Ryd, fyts of kuierje de mar ris om en ûnderfyn it sels: rêst, romte, prachtige fiergesichten, natuer, kultuerhistoarje, ferstille doarpkes, twa gesellige wettersportdoarpen en it unike stedsje Sleat.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen