Omjouwing Langwarder Wielen
Om de Langwarder Wielen hinne
De streek om de Langwarder Wielen hinne is in unyk stikje Fryslân. Nearne yn de provinsje sjocht men yn sa`n lyts gebiet sokke grutte lânskiplike ferskillen: de widens en iepenens fan it feangreidegebiet mei de Wielen en De Kûfurd en dêrfoaroer de yntimiteit en beslettenens fan de bosken by Sint-Nyk. It ferline is hjir noch dúdlik te fernimmen en te sjen en de streek azemet sûnder mear de nedige 'grandeur': it skildereftige, wat sjike Langwar; de bosken mei har steatige leanen en monumintale lânhuzen; it deftige De Jouwer; mar ek it grutte tal monumintale pleatsen yn it bûtengebiet.
Syn alluere hat de streek te tankjen oan it ferline. Tanksij de geunstige lizzing oan it wetter ûntjoech Langwar him om 1600 hinne ta merk- en havenplak mei in waach, in 'regtshuys' en ferskate lúkse wenhuzen foar de begoedige boargerij, dêrûnder Osingastate. In ferliking tusken de moaie âlde foto's út it boek 'Trije Swannen yn folle Flecht' en de hjoeddeiske situaasje leart dat it doarp syn histoaryske karakter foar in grut part beholden hat. Neffens in soad minsken is De Buorren de moaiste doarpsstrjitte fan Fryslân. Om syn sjarme, yn kombinaasje mei de prachtige omjouwing en de wettersportmooglikheden, mei it doarp hjoed de dei ek noch ferskillende notabelen en bekende Nederlanners ta syn ynwenners en geregelde gasten rekkenje.
Men kin it jin tsjintwurdich hast net mear yntinke, mar De Jouwer wie yn it ferline ek in wichtich havenplak: dêrút wei waard sels op Ingelân en Skandinavië fearn. Neist de hannel ûntstie ek it nedige ambachtswurk en de nedige yndustry, lykas skipswerven, meubelmakkerijen, koperjitterijen, klokkemakkerijen en fansels de kofjebrânerij fan Douwe Egberts. It doarp ûntjoech him ta in saneamde 'vlecke', in plak dat tusken in doarp en in stêd yn sit. De stedske trekjes en it rike ferline jouwe De Jouwer in hiel eigen oansjoch.
Yn de skadige bosken by Sint Nyk steane ferskillende steatlike wenhuzen. De Vegelinbosken binne neamd nei de man dy`t se yn de achttjinde ieu oanplantsje liet, Johan Vegelin van Claerbergen. Dy man, waans neiteam de bosken noch altyd yn besit hat en beheart, wie ek de driuwende krêft efter it ynpolderjen fan de leechlizzende lannen yn de streek. Wilhelminaoord, in kuierbosk, waard healwei de njoggentjinde ieu oanlein. De bosken wienen en (binne noch altyd) in attraksje foar deitoeristen út de wide omkriten. By herberch 'Huis ter Heide' waard in kolfbaan oanlein. Beide binne ûnderwilens ferdwûn. Folle letter kaam in eintsje fierderop de hjoeddeiske 18-holes golfbaan.
De streek is fansels yn it foarste plak in walhalla foar de wettersporter. Langwar is in wettersportdoarp mei styl en tradysje. De pleatslike sylklup waard al yn 1859 oprjochte en is dêrmei ien fan de âldste fan Nederlân. De Langwarder Wielen steane yn streekrjochte ferbining mei it fierdere grutte Fryske Marregebiet. Hja binne alle jierren it dekor foar ferskillende sylwedstriden, dêrûnder it ferneamde skûtsjesilen.
As jo séls silen leare wolle dan kinne jo terjochte by sylskoalle Neptunus yn Jiskenhuzen, it berteplak fan Egbert Douwes, grûnlizzer fan Douwe Egberts. Bliuwe jo dochs mar leaver op it lân? Gjin probleem: mei de fyts, op de motor, rinnend of op skeelers lit de streek him ek hiel goed ûntdekke. Nim bygelyks ris de 'pontsjerûte' (sjoch op Route Zuidwest Friesland.nl by Langwar). Of stippelje op dy site in eigen rûte út mei help fan it útsochte systeem fan (fyts)knooppunten.
Op De Jouwer is safolle te sjen en te dwaan dat jo der maklik in hiele dei foar útlûke kinne. Kombinearje bygelyks in lyts moarnsskoft winkeljen mei in besite oan Museum Joure, dat yn in prachtich yndustrieel kompleks sit út de ein fan de njoggentjinde ieu. It yn 2008 iepene, unike Puzelmuseum is ek in lytse besite mear as wurdich. Of doch it Jouster Kuierke, in kultuerhistoaryske kuier troch it doarp, ûnder lieding fan in gids. Keunstleafhawwers hawwe de kar út meardere galeryen.
In pear kear it jier, by in tal grutte, spektakulêre eveneminten, is it yn it doarp ekstra gesellich: de Boerebrulloft, de Ballonfeesten(beide ein july) en de Jouster Merke (ein septimber). Benammen yn de simmermoannen wurde ek noch tal fan oare, lytsere aktiviteiten organisearre. Wolle jo séls in hiel bysûndere aktiviteit dwaan, dan rekommandearje wy in kursus fierljeppen by de pleatslike fierljeppersferiening fan herten oan.
Colofon
FrieslandWonderland