|

Poppenwier


Poppenwier
©: FrieslandWonderland

It terpdoarp Poppenwier is it noardlikste doarp fan de Legean en heart ta de fierste it lân yn lizzende terpdoarpen fan Fryslân. Yn de lette Midsieuwen hat it lytse kleaster Engwerd by Poppenwier stien. Noardlik fan de doarpskom stiet in buorkerij op it eardere kleasterhiem.

Oant yn de twadde helte fan de 19e ieu wie Poppenwier net oer lân mei Raerd en Tersoal ferbûn, in ferbining dy’t hjoeddei sa fanselssprekkend liket. De ferbiningen oer it wetter wienen wol goed. Krekt súdwestlik fan it doarp lei de Poppenwierster Mar, in marke dat droechlein is en dêr’t de kop-hals-romppleats Marsherne, earder kleaster- en letter weeshûsbesit, noch in oantinken oan is. It terpdoarp is rjochthoekich. De rjochte roailine is sichtber by de Bûtenbuorren dêr’t efter de wat oprinnende foartunen de huzen kreas yn in rjochthoekige rige stean. Poppenwier is in geef foarbyld fan in terp mei in blokferkaveling yn in lânskip mei sa’n selde karakter. Yn ‘e midden leit it gebiet fan tsjerkhôf mei de tsjerke.

Yn 1860 is de âlde tsjerke (Sint-Nicolaas) troch de hjoeddeiske ferfongen, wêrby’t de oriïntaasje ek fuortendaliks feroare is. It tsjerkeskip fan brune bakstien wurdt troch grutte rûnbôgefinsters ferljochte. De houten toer mei ynsnuorre spits is op de súdgevel pleatst. Westlik stiet in flinke pleats. De súdlike buert fan meast lytse huzen is op de feart rjochte. Oan de foarkant fan de huzen leit in paad mei oertunen. Der kaam in lytse flapbrêge dy’t it skildereftige karakter fersterke.

De hiemen by it plein yn de Binnenbuorren wurde mei rigen stekken ôffredige. It eastlik part fan de terp is kompakt beboud: oan beide kanten fan de Binnenbuorren stean de huzen ticht op elkoar. De huzeparade wurdt iepene mei in breed 18e-ieusk pân. De efterterreinen binne troch de Fiskerssteech en Skoalsteech berikber. Oan de lêste stege leit de 18e-ieuske fermanje. Even fierderop stiet de eardere herberch, it ienichste âlde bouwurk fan twa boulagen. Tsjin it doarp oan stiet in tal flinke boerepleatsen om de oergang fan it kompakte terpdoarp nei it iepen lân te begelieden.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s


0 | 1