Omjouwing Bakkefean
Tusken wêr’t de Boarn en de Tsjonger har begjin fine - twa rivierkes dy`t it wetter fan it Drintske Plato nei it westen ta ôffiere - leit in ôfwikseljend lânskip mei bosk, heide, sânferstowings, puollen en feanûntginnings. It is it grinsgebiet fan de trije noardlike provinsjes. Allardseach is it ’trije-provinsje-punt’. Dêr leit de ’Landweer’, in ferdigeningswâl út de lette midsieuwen mei greppels oan wjerskanten, dy`t oanlein waard tsjin mooglike oanfallen fan Drinten en Grinslanners. Dit is it earste natuergebiet dat de provinsjale feriening foar natuerbeskerming, It Fryske Gea, krek nei it oprjochtsjen yn 1930, yn besit krige. Hjoed de dei is it in part fan it Mandefjild-Bakkefean, in skitterjend, ôfwikseljend natuergebiet fan 261 hektare, mei fyts- en kuierpaden en in rolstoelfreonlik paad.
De neiste omkriten fan Bakkefean hawwe fanâlds in soad oanlûkingskrêft foar gewoane toeristen en deitoeristen. Attraksjes yn it gebiet binne ûnder mear in iepenloftswimbad, in doalhôfpaad en in moderne ’belvedère’ (útsichttoer). Noardeastlik fan it doarp leit De Slotplaats, in bûtenpleats dy`t oarspronklik fan 1668 is. It eardere bûtenferbliuw is no in restaurant, teehûs en gearkomsteplak, mei in klassike tún mei slotgrêft deromhinne. De bûtenpleats yn syn gehiel is ien fan de gruttere boskgebieten fan Fryslân. Hiel bysûnder is de stjerfoarmige (oefen)skâns dy`t om 1995 hinne yn de bosk ûntdutsen waard en begjin dizze ieu restaurearre is.
Fuort súdlik fan de bûtenpleats ’De Slotplaats’ leit de Duerswâldster Heide. Dat natuergebiet hat syn namme ûntliend oan it doarp Duerswâld, dat yn 1973 mei it oanbuorjende Weinterp en Weinterpstreek gearfoege waard ta Wynjewâld. It is mei in oerflakte fan 145 hektare it grutste oaniensletten heidegebiet yn Fryslân en hat oan twa kanten bosk. It gebiet is bysûnder om in tal lytsere en gruttere, rûne puollen. Foar in part giet it dêrby om saneamde ’pingoruïnes’: restanten fan iisheuvels út de lêste ’lytse’ iistiid: yn dy tiid lei Nederlân net ûnder in iiskap, mar it wie wol sa kâld dat de ûndergrûn permanint beferzen wie (permafrost). De iisheuvels ûntstienen trochdat yn ferhâlding waarm grûnwetter troch swakke plakken yn de beferzen grûn omheech sipele, krekt ûnder de oerflakte befrear en de dêr boppe lizzende grûn omheech treau. Troch de kontinue oanfier fan grûnwetter groeide de iiskearn hieltyd fierder en glied de laach grûn op in beskaat stuit nei ûnderen. doe`t de temperatuer omheech gie, teide it iis en bleau in gat fol mei wetter oer, mei in ringwâl deromhinne: de pingoruïne.
In oar bysûnder gebiet is de saneamde Blauwe Bosk, dat tusken Waskemar, De Haule en Haulerwyk leit en dat sa hjit om de blaueftige spjirren dy`t der groeiden. Tagelyk mei nuddelbosk is der ek leafbosk, greide, wetter en heide. Koartsein: in tige ferskaat gebiet. It hiele stik is frij tagonklik en lient him o sa om it rinnend, op it hynder of mei de fyts te ferkennen.
Troch it mei opsetsin neamen fan boppeneamde gebieten wurde de oare parten fan dizze streek eins tekoart dien. De bosk- en heidegebieten lizze middenmank grutte feanûntginnings, dy`t lânskiplik en kultuerhistoarysk ek tige de muoite weardich binne. En wêr’t op guon plakken boppedat ek noch ris wichtige natuerwearden oanwêzich binne, lykas yn de Haulerpolder, súdlik fan De Haule. De ûntginningsskiednis is te sjen oan it tige regelmjttige lânskip. Dy regelmaat komt fan de meast kearsrjochte ’wiken’. Dat binne sleatten dy`t mei sin groeven binne en wichtich wienen foar de ôfwettering en dy`t tsjinnen foar de ôffier fan de turf. De fierdere ôfset dêrfan fûn plak oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Dy farferbining is tsjintwurdich in part fan (de grutte) Turfrûte, in 230 kilometer lange farrûte troch Fryslân, Drinte en Oerisel.
Al mei al binne it net de losse, bysûndere gebieten dy`t dizze streek sa oantreklik meitsje, mar giet it just om de unike kombinaasje fan oan de iene kant de ferskillende soarten lânskippen en oan de oare kant de natuerlike en kultuerhistoaryske wearden.
Colofon
FrieslandWonderland