Meilahúzen


Meilahúzen
©: Berend Santema

Op Meilahúzen stienen earder fjouwer pleatsen. It leit tusken de Snitser- en Frentsjerterfeart, de Eastereinder Opfeart, de Itenserfeart en it grûngebied fan Itens. It ûnderhald fan de draai oer de Itenserfeart foel neffens âlde keapakten, dan yn fjouweren. Sa wie de ûntslúting oer lân nei Easterein. It is bekind dat op it âlde Meilahúzen 3 yn it jier 1511 in Pier Meylema buorke. In ûnderdiel fan Meilahúzen is Pôle of Âlde Pôle. Dat is wer`t letter it Kleine Paradijs kommen is. It gebied rûn Meilehúzen is goed ûntslúten troch kuier en fytspaden. Je kinne genietsje fan de romte sûnder ferkearsoerlêst.

© Foto voorblad: Berend Santema
Lês mear