Leden middenstân 1995 en earder


Leden  middenstân 1995 en earder
©: Bauke de Boer

Der wienen in protte winkeltsjes yn Easterein. Dat al dy winkeltsjes klandyzje hiene, kaam trochdat de lju eartiids net folle bûten it doarp kamen. Yn de tritiger jierren dûkten in hiele bulte fan dy lytse winkeltsjes op, om’t hast elkenien mei negoasje begûn. Troch it regear waard der yn 1937 it near op lein troch de ‘vestigingswet op het kleinbedrijf’. Elkenien dy’t in winkeltsje begjinne woe moast in:

- Fakdiploma,

- in middenstânsdiploma,

- in startkapitaal fan fl. 2000,- ha.

Doe romme it tal nearingdwaanden aardich op en bleau der in beheind tal winkels yn Easterein oer.

Ien fan dy winkeltsjes wie fan Rinske Hingst (foto)

Yn 1911 wie har heit Anne Hingst (1895- 1966) trout mei Janke Visser (1883- 1938) in touhannel begûn. Hingst gong mei syn hannel de boer op. Yn 1918 ferhuze er nei de Griene Leane 13. Yn de winkel koe men  by Anne en letter Rinske winkelguod (iten) keapje en de touhannel gong ek troch. By it stee hearde ek in apelhôf. De rispinge oan apels en parren waard yn de hjerst ferkocht yn de winkel.

>>>>‘It stikje lân dêrby neamden wy ‘de Kamp’, skriuwt Pieter Hoekstra, ‘dêr rûn in sleat omhinne, dat bûtenwetter wie. By’t winter hawwe hiel wat Eastereinders eartiids dêr it reedriden leard’. 

Yn 1964 is op ‘de Kamp’de nije beukerskoalle boud, no Vrijburg nr 1.

Rinske Hingst (1912) hat har winkeltsje oant 1993 iepen hâlden. De lêste jierren waard der foaral snobbersguod helle troch de bern en fansels koe men der noch tou keapje.

Anekdote Renske Hingst 1974

troch Bauke Tj. de Boer

Myn mem, Gerrie de boer- Velzen stjoerde my op in sneontemoarn nei it winkeltsje op de Grieneleane fan Rinske Hingst om splitearten te heljen. Doe mem se yn it wetter die en op it fjoer sette wie it ienenal skom op de earten. Wat bard hjirr??Der kaam út de panne in sjippegeur. Ik waard der wer op út sjtoerd om nije earten. Rinske gong de boel bedél. En wat bliek, boppe de earten stienen de doazen mei poeiersjippe. Ien dêrfan wie op de kop fallen en de sjippe wie yn de yn de bak mei losse earten rûgele. Dat wie dus de oarsaak fan it skom op de earten.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Bauke de Boer
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s

Joustra Branje
Oan de Skoallestritte: Baukje Joustra- Brinksma, Jurjen Joustra, Willem Rienstra

Disclaimer

Kleanwinkel fan Bergstra
Joke Dijkstra

Disclaimer

Kniplokaeltsje
Talitha Jagersma oan it wurk yn har kappersaak op it Skiplein 1, (âlde skoalle)

Disclaimer

Leanbedriuw Okkema
Oan de Wynserdyk: f.l.n.r. André Leffertsma, Gerben Terpstra, Gerrit Faber, Jel

Disclaimer

Meiwurkers Bakkerij fan der Brug foar de winkel
Oan de Van Eysingaleane. Steand f.l.n.r: Hendrik van der Brug, Monique Vellinga-

Disclaimer

Molkhannel Nauta
It bedriuw mei opslach stie oan de Griene leane. Meinte Nauta reisge mei syn Cit

Disclaimer

Posthuma skildersbedriuw
Oan de Wynserdyk: Renske Forsten- Dijkstra, Marieke Posthuma- v.d. Laan, Sjoerd

Disclaimer

Posthuma, De skuorre- winkel-, luxe en huish.art.
Frou Posthuma yn de winkel oan de Wynserdyk. Dizze winkel mei wenning is boud op

Disclaimer

Postkantoar
Margje Houtsma wie de behearder fan it postkantoar, op de hoek fan de Grienelean

Disclaimer

Rabobank
Oan de Van Eysingaleane: f.l.n.r. Anja van Riemsdijk, Willem Twijnstra (directeu

Disclaimer

Rinske Hingst
Oan de Grieneleane: De lêste winkel út in tiidrek fan de 20e iuw. Rinske sels

Disclaimer

Slachterij Bouma
De winkel stie oan de Tsjerkebuorren. Greet Bouma- de Jong en Loke Bouma yn de w

Disclaimer

Slachterij Bouma
Oan de Tsjerkebuorren, Sjoerd Bouma, de slachter, hat de ko en de baarch kreas h

Disclaimer

Spar
Jan de Jong helpt in jonge klant, Robert Sybesma.

Disclaimer

Spar Supermarkt
De Streek: Frou de Jong efter de kassa fan de Spar.

Disclaimer

Spar supermarkt
Dizze Spar winkel stie oan de Streek. Hendrik de Jong oan it wurk op it plak fan

Disclaimer

Sporthalkantine de Greidhoeke
Stittenserleane: Titus Bergsma en Richt Bergsma- Dijkstra. Sy ha fan 7 oktober 1

Disclaimer

Transport- en Feefoer bedriuw Vellinga
Oan de Sibadawei: Rients Vellinga, Jan Vellinga, Folkert Vellinga, Jan Spannenb

Disclaimer

Veenstra Boubedriuw
Oan de Van Eysingaleane. f.l.n.r. Gerrit Veenstra, Aukje Veenstra- Kaastra, Andr

Disclaimer

Veenstra Boubedriuw
Oan it wurk op it bedriuw oan de Van Eysingaleane. Links op de foto Johannes de

Disclaimer


0 | 1

|