Grieneleane


Grieneleane
©: Jan Hiemstra

Tusken de Wynserdyk (de brêge en eartiids de flapbrêge) en de Tsjerkebuorren (nei de brêge en eartiids ek in flapbrêge) leit de Griene Leane. No is it in fluorre strjitte, mar oant 1895 ta wie it in paad troch it lân lâns de feart. De kij koene noch út de feart drinke.It wie in moai plak om te wenjen en dus kamen der ek in rijtsje kreaze wenten te stean. Salang de brêgen flapbrêgen wiene, waard der in protte gebrûk fan de feart makke troch bygelyks de modderskippers dy 't mei terpgrûn foeren. Yn 1895 is it beskieden paad lâns de feart befluorre en yn de rin fan de jierren ferbrede ta in folwoeksen dyk mei in betonnen walbeskoeiing. Foar de feilichheid is der yn de fyftiger jierren in izeren buis as ekstra kearing op de betonnen râne fan de walbeskoieiing setten tsjin it yn de feart glydzjen.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s