Skiednis Easterein
Skiednis fan Easterein
Troch Karin Everhardus
Easterein
Iuwenlang wie Easterein it grutste en oansjenlikste doarp fan de gritenij dêr 't ta it hearde, Hennaarderadeel. In gritenij wie yn it ferline de namme dy 't yn gebrûk wie foar in plattelânsgemeente. Pas yn de rin fan de 19e iuw waard Easterein yn grutte en wichtichheid oerfleugele troch it doarp Wommels.
Beskriuwing út 1788
In beskriuwing út 1788 joech in skildereftich doarpsbyld: In Oosterend, een groot en aanzienlijk dorp, placht een spitse toren te zijn die geheel van steen was. Dêrfan hie de spits in hichte fan '60 fuotten (goed 18 meter ). Mar neidat yn it jier 1672 - op in ' bid ' dei - troch in hurde tongerslach de spits der ôfslein waard, kaam der yn 1685 in houten spits fan '30 fuotten ' (9 meter) heech. De tsjerke waard sjoen as ien fan de fraaiste ûnder de Lântsjerken.
De kertieren om Easterein hinne
Neist de saneamde Kerkbuurt (it sintrum om de tsjerke hinne) dy 't aardich grut wie, bestie it doarp út fjouwer ' fjouwerendeelen ' of wol kwartieren. De wichtichste wie it ' Meylehuister vierendeel ' wêryn 't fjouwer steaten (in state is in lânhûs of pleats fan oansjen, soms adellik) leine. Dit wiene grut en lyts Meilahûs, Jellema en Sjaarda. Yn it ' Slypster vierendeel ' leine de Slyp, de ' Saunlsester ' huzen en de steaten Bonga en Koyfenne. It ' Wynser fjouwerdiel ' befette it buertsje Wyns mei de steaten Donia, lyts en grut Hoekens, en Rispens. Ta beslút noch it ' Eeskwerder vierendeel ', hjirta hearden de buortsjes en huzen Stittens, Eeskwerd, Syons én de âlde steaten Reduzum en Sibada. Spitigernôch binne al dizze steaten geandewei ferdwûn....
Sibede
Ut it doarp wei, foarby de lêstneamde buertsjes en staten, rûn nei it noarden in Opfeart, ek wol Sibada of Sibede neamd, dy 't op de ' Bolswerder ' jaachfeart útkaam. Yn it súdeasten rûn fan Easterein ôf noch in feart, nei de Hydaarder feart en dêrwei nei de Snitser feart op Frjentsjer.
Ek rûn fan it doarp ôf in ' Rijdweg ', nei it noarden ta nei Frjentsjer, en súdlik nei Snits en Boalsert. Dêrmei befûn Oosterend him ûnder de ' wolgelegen ' doarpen. Dit doarp wie fan súd nei noard, wol in hiel oere ' rinnen ' lang (!) Historie bliuwt fuortbestean. Mar in pear opfallende en typearjende wurden foar dy tiid binne stean bleaun, fette tusken. oanhalingstekens.
Colofon
Ut de Doarpskrante